LIMSwiki

St. Paul
Emblemen
          
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Minnesota
County Ramsey County
Sifers
Ynwennertal 290.770 (2012)
Oerflak 145,5 km² (ynkl. wetter)
134,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.117,5 / km²
Stêdekloft 3.422.264 (2012)
Hichte 214 m
Oar
Stifting 1841
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 44°56′39″N 93°05′37″W
Offisjele webside
www.stpaul.gov
Kaart
De lizzing fan St. Paul yn Ramsey County en
de steat Minnesota.

St. Paul of Saint Paul (útspr.: [se:nt pɔ:l], likernôch: "seent pôl"; Frysk: Sint-Paulus) is de haadstêd en de op ien nei grutste stêd (nei Minneapolis) fan 'e noardlike Amerikaanske steat Minnesota. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan it omlizzende Ramsey County. St. Paul leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de Kanadeeske grins, oan 'e eastigge fan 'e rivier de Mississippy. Mei it op 'e westigge leine Minneapolis foarmet St. Paul in dûbelstêd, de agglomeraasje Minneapolis-St. Paul, dy't better bekend is ûnder de oantsjutting the Twin Cities ("de Twillingstêden"). Neffens in offisjele skatting út 2012 hat St. Paul goed 290.000 ynwenners, dy't St. Pauliten neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch St. Paul, Minneapolis en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken.

Skiednis

De oanwêzigens fan grêfheuvels yn 'e omkriten fan St. Paul jout oan dat it gebiet likernôch 2.000 jier lyn bewenne waard troch minsken fan 'e Hopewell-kultuer. Fan 'e iere santjinde iuw oant 1837, doe't hja twongen waarden de krite oer te dragen oan it Amerikaanske regear, wie it plak dêr't St. Paul no leit it wengebiet fan 'e Mdewakanton Dakota, in stamme dy't ta it gruttere folkebûn fan 'e Sioux heart. Hja neamden it I-mni-za ska dan ("lytse wite rots"), nei de bleatleine sânstiennene rivierkliffen.

In Yndiaanske grêfheuvel yn Indian Mounds Park.

Yn 1803 kaam Minnesota mei it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy troch de saneamde Louisiana-oankeap (Louisiana Purchase) by de Feriene Steaten te hearren, en yn 1819 waard deunby Fort Snelling oanlein as in Amerikaanske legerbasis. Nei't de Dakota it gebiet yn 1837 opjaan moatten hiene, setten pelskeaplju, aventuerslju en sindelingen har nei wenjen yn 'e neite fan it fort, foar de feilichheid dy't dat harren bea. De measten fan dizze iere kolonisten wiene Frânsktalige Kanadezen, wêrûnder in pelskeapman en drankstoker dy't fan Pierre Parrant hiet, byneamd "L'Oeil du Cochon" of yn it Ingelsk Pig's Eye ("Barge-each"). De man, dy't de pleatslike autoriteiten in stikel yn 'e foet wie, iepene yn 'e him ûntjaande delsetting in weardshûs dat ek fan L'Oeil du Cochon hiet, en al rillegau stie it plakje dêrnei bekend as Pig's Eye, wat noch wol brûkt wurdt as bynamme foar St. Paul.

Yn 1841 arrivearre de preester Lucian Galtier yn Pig's Eye, dy't stjoerd wie ta geastlike soarch fan 'e roomske Frânsktalige Kanadezen. Hy boude in kapel dy't er neamde nei syn favorite hillige, de apostel Paulus, en bewurkmastere dat it hiele stedsje dy namme oannaam. Sadwaande wurdt 1841 yn 'e regel beskôge as it jier dat St. Paul stifte is. Yn 1849, doe't it territoarium Minnesota foarme waard, waard St. Paul oanwiist as haadplak. Yn 1854 krige it de status fan stêd. Doe't de territoriale folksfertsjintwurdiging yn 1857 besleat om 'e haadstêd te ferpleatsen nei St. Peter, waard it iennichste eksimplaar fan 'e papierrene tekst fan 'e oannommen wet stellen troch it territoriaal parlemintslid Joe Rolette, dy't dermei ûnderdoek, sadat de ferpleatsing fan 'e haadstêd gjin trochgong fine koe.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fungearre St. Paul as de poarte ta de frontier fan Minnesota en ta it Dakota-territoarium, mei't it de lêste stêd oan 'e bopperin fan 'e Mississippy wie dy't de steamboaten noch oandwaan koene (om't de hege rivierkliffen de rivierwâlen streamop ûntagonklik makken). Yn dy snuorje stie de St. Paul ek wol bekend as "De Lêste Stêd fan it Easten". Op 20 augustus 1904 rjochte slim swierwaar, mank geand mei ferskate tornado's, yn 'e binnenstêd fan St. Paul foar $1,8 miljoen (yn hjoeddeisk jild $45,5 miljoen) oan skea oan. Oan 'e ein fan 'e Fjetnamoarloch, mids jierren santich, setten tsientûzenen Hmong-flechtlingen út Fjetnam en Laos (dy't de Amerikanen yn 'e oarloch stipe hiene) harren nei wenjen yn St. Paul. Yn 2004 makken de Hmong 10% fan 'e befolking fan 'e stêd út.

It Steatskapitoal fan Minnesota yn St. Paul.

St. Paul hjoed de dei

Hoewol't Minneapolis nasjonaal en ek ynternasjonaal folle bekender is, binne yn St. Paul njonken it steatsregear ek wichtige organisaasjes en ynstituten fêstige, lykas it Xcel Energy Center (in grut sport- en evenemintesintrum), de iishockeyploech de Minnesota Wild en it Wittenskiplik Museum fan Minnesota. De stêd is fierders ek in wichtich sakesintrum foar it Amerikaanske Midwesten. Tegearre mei Minneapolis stiet St. Paul bekend om syn hege alfabetisearringspersintaazje.

Demografy

Neffens in skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo (op basis fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie St. Paul yn 2012 krapoan 291.000 ynwenners. Dat is in weromgong fan goed 20.000 minsken sûnt 1960, doe't de stêd noch in befolking fan mear as 313.000 minsken hie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan St. Paul 9,0% âlder as 65 jier en 25,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,2% fan 'e húshâldings út ien persoan.

Ferkear op 'e westlike tagongswei ta St. Paul.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 55,9% blanken; 15,7% swarten; 15,0% Aziaten; 9,6% Latino's; 1,1% Yndianen; 2,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Foar de blanke ynwenners binne de grutste oarsprongsgroepen de Dútsers (26,4% fan 'e totale stedsbefolking), Ieren (13,8%), Noaren (8,4%), Sweden (7,0%) en Ingelsen (6,2%). Der wennet ek in opfallend grutte mienskip fan resinte Afrikaanske ymmigranten yn St. Paul, wêrûnder in grutte groep Somaliërs.

It grutste part fan 'e befolking fan St. Paul bestiet út kristenen, mar der wenje ek oansjenlike joadske en islamityske mienskippen yn 'e stêd. Fierders wurdt St. Paul wol 'Paganistan' neamd fanwegen it grutte oantal wikka-oanhingers en oare Westerske heidens.

In iishockeywedstryd yn it Xcel Energy Center.

Berne yn St. Paul

Stoarn yn St. Paul

Klimaat

St. Paul hat in lânklimaat, mei hjitte, neare simmers en tige kâlde en snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –5 °C. St. Paul kriget jiers trochinoar 827,8 mm delslach.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.