LIMSwiki

Altsaksofoan

In saksofoan is in blaasynstrumint mei in koanyske, faak -foarmige buis mei kleppen. De saksofoan wurdt net ta de koperblazers rekkene, mar lykas alle reidblazers ta de houtblazers omdat it reid foar it lûd soarget. Saksofoanen ha in koanyske boarring - se wurde nei de ein ta breder.

Famylje

De saksofoanfamylje bestiet út (ûnder oare) de folgjende leden:

Untjouwing

De saksofoan waard yn 1840 troch de Belgyske ynstrumintemakker Adolphe Sax (1814-1894) makke. Nei him is it ynstrumint ek neamd en op 28 juny 1846 krige er dêr yn Frankryk patint op.

Adolphe Sax de measte koperynstruminten better makke lykas ek ferskate houtblaasynstruminten: de basklarinet sa't wy dy hjoed de dei (2007) kenne is bygelyks in ûntwerp fan Adolphe Sax. Sax woe in ynstrumint meitsje dat de sûplesse fan de striker hie mar ek de dinamyske mooglikheden fan it koper (lûd) en de klankmooglikheden fan it hout. Sax woe in ynstrumint dat alle goede eigenskippen fan de klassike orkestynstruminten yn him hie. De earste saksofoan wie in bassaksofoan, de rest fan de famylje kaam letter. Omdat in bas makliker te bouwen is as it giet oer ferhâldings en kontrôle fan de buis/stimming ensfh. makke er dy earst. Yn de rin fan de jierren boude er de rest fan de famylje (komposysjes mei saksofoanen der yn folgen al gau).

In bekend misbegryp oer de útfining fan de saksofoan is dat Sax in praktyske oplossing fine woe foar de baspartij yn militêre orkesten. Dat kloppet lykwols net. Sax wie in keunstner mei in dúdlik klankbyld yn de holle, tapassings folgen letter.

Berik

De hjoeddeistige saksofoanen ha meast kleppen foar in berik fan twa-twatredde oktaaf, fan leech-Bes oant en mei heech-fis. Op 19e-iuwske saksofoanen wie B de leechste toan en e de heechste, de omfang wie dus in lytse terts minder. Al rillegau is it berik grutter makke, de fis wie dêrby de lêste tafoeging. Op de noch hieltyd in soad frege Selmer Paris Mark VI-saksofoan-modellen út de fyftiger en sechstiger jierren siet gjin hege fis, en ek op goedkeapere hjoeddeiske modellen mist dy klep.

In ôfwikende omfang hat in soad baritonsaksofoanen, dy't nammentlik oant leech A rikke. By de hege saksofoanen sitte de ferskillen tusken de modellen yn de hichte. Sopranino's kinne as heechste klep de hege e ha, mar ek de f of de fis. By sopranen binne f of fis wenst, mar in inkeld topmodel hat boppedat in hege g.

De saksofoan blaast lykas de measte ynstruminten (útsein de klarinet) oer yn it oktaaf, dat wol sizze dat by deselde fingersetting twa toanen produsearre wurde kinne dy't in oktaaf yn toanhichte ferskille. Om it oerblazen makliker te meitsjen sit by de tûme de saneamde oktaaftoets. Oarspronklik wiene dat sels twa, mar alle hjoeddeiske ynstruminten ha in mechanyk dêr't de tommetoets twa ferskillende oerblaasklepkes mei betsjinnet. Oant en mei de g (en de gis) betsjinnet de tûme it lege oktaafklepke, fan de a ôf wurdt automatysk it hegere klepke iepene en it oare tichtdien.

Mar dat is net alles, der is ek noch it altissimoregister. Mei allerhande spesjale grepen kinne toanen makke wurde dy't heger binne as wat de heechste klep taliet. Dêr moat bot foar oefene wurde, mar guon kinne op dy wize it berik oant fjouwer oktaven útwreidzje. It freget ek útsykwurk: grepetabellen foar it altissimoregister hawwe in soad mooglikheden foar ien en deselde toan en it hinget fan it type saksofoan, it brûkte mûlestik en de bou fan de mûle fan de spiler ôf hokker fan dy mooglikheden goed oansprekt - en suver is.

By de altissimotoanen wurdt net yn it oktaaf oerblaasd, mar yn hegere boppetoanen, lykas de duodecime (oktaaf plus in kwint: krekt as de klarinet(, it dûbele oktaaf en sa fierder. De leechste noaten fan dizze wize fan oerblazen behearsket hast elk, de saneamde quick-f, quick-fis en quick-g (dy lêste allinnich as der in klep foar de hege fis is). De folgjende noaten binne in stik dreger en guon krije se der nea goed út. Gelokkich wurde se yn skreaune muzyk foar saksofoan net brûkt, útsein yn moderne komposysjes fan nei sawat 1970. Yn de jazz yn it begjin fan de sechstiger jierren Eric Dolphy al firtuoas yn it altissimoregister en yn de free jazz waard en wurdt fansels alle brûkt dat foar de ekspresje fan pas komme kin.

Gebrûk

De komponist Hector Berlioz wie fuortendaliks wei fan it ynstrumint. Hy skreau der loovjend oer en by konserten fan him wie de saksofoan foar it earst yn it iepenbier te hearren. Dochs fûn de saksofoan gjin yngong yn it tradisjonele symfony-orkest. Wol waard it ynstrumint al gau brûkt yn it militêre harmony-orkest. Ek hjoed de dei wurdt de saksofoan yn in soad blaasorkesten brûkt, lykas it harmony-orkest, de fanfare en de bigband. As solo-ynstrumint kin men de saksofoan rûnom tsjinkomme: yn jazz-, klezmer- en popmuzyk en de klassike muzyk. De saksofoan waard útfûn as klassyk ynstrumint en hat syn eigen ûntjouwing trochmakke yn de klassike muzyk. Hoewol't de saksofoan as regulier orkestynstrumint nea trochkrongen is yn it tradisjonele symfony-orkest (mei troch it kommunikative ûnfermogen fan Adolphe Sax) hat it as solo-ynstrumint en yn de keamermuzyk in wichtige rol spile. Benammen yn de 20e iuw gong dy ûntjouwing hurd. Wichtich inisjatrise fan nij saksofoanrepertoire wie de Amerikaanske mecenas Elisa Hall dy't swierrichheden mei it sykheljen hie. Hja stimulearre André Caplet, Claude Debussy, Vincent d'Indy, Florent Schmitt en in soad oaren om stikken foar har te skriuwen. Oan har minne sûnens tankje wy dus de moaiste saksofoannoaten. Yn de keamermuzyk hat foaral it saksofoankwartet furore makke. Nei in wat hoeden begjin yn de 19e iuw troch komponisten as Singelée en Forio, waard it sjenre troch opswypkjende sjenyen as Marcel Mule en Sigurd Rascher mei faasje ûnder it folk brocht: masterwurken fan Aleksandr Glazoenov, Rivier, Bozza en Iannis Xenakis soenen de muzykskiednis foar altyd feroarje.