LIMSwiki
Ynhâld
Dit is de meidoggerside fan Aliter.
Besite fan in oare webstee
Foar besite dy't fan in oar webstee kaam is:
- Mear oer de Wikipedy stiet op de Haadside.
- Of folje yn it sykfak in mêd yn, klikje op "Side", en kom daalks út op de side oer dat mêd.
- As in side der noch net is, dan kin eltsenien sa begjinne mei ynformaasje ta te foegjen.
Aliter
Aliter is sûnt de ein fan simmer 2003 aktyf op de Wikipedy, om't it in machtich idee is dat wol wat stipe wurde mei. Aliter hat yn it deistich libben fansels in oare namme, mar brûkt dizze namme om dat libben wat ynfâldich te hâlden. Dochs bliuwt it skipperjen om genôch te dwaan foar de Wikipedy, sûnder dat soks te folle ynfloed hat op it libben wei fan it taastboerd.
Somtiden moat Aliter dêrom skoft hâlde. Somtiden docht de kompjûter dat.
Kontakt
- As jo Aliter hjir op de Wikipedy wat sizze wolle, dan kinne jo dat tafoegje ûnderoan de oerlisside: Meidogger oerlis:Aliter.
- As jo wat persoanliks skriuwe wolle dan kinne jo in berjocht skriuwe: Skriuw Aliter.
Behearteksten
Aliter hat ferantwurdlik west foar in grut part fan de behearteksten fan dizze wikipedy, dat foar al wat dêr mis mei is, kinne jo hjir ek op de oerlisside telâne.
Ofstân ta Aldskou
Der is altyd wol wat te skriuwen op Wikipedia:
- Keppelings fan de Haadside ôf ynfolje, of oare nedige siden skriuwe;
- Neisjen fan Dûbelde synonimen en Misse synonimen;
- Nije ôfbylden tafoegje oan besteande siden, of der nije by skriuwe;
- Nije siden oanfolje, of âlde siden ris op 'e nij besjen.
Mar foar tiden mei minder motivaasje ta wichtige oanpassings, hat Aliter dêr noch oan tafoege:
- Siden skriuwe dy't ferbûn binne oan it sintrum fan de ensyklopedy, wat Aliter fêststeld hat op Aldskou. Op it stuit is dat: Siden skriuwe dy't fan Aldskou te berikken binne mei in rûte fan 2 keppelings.