LIMSwiki

Latium
Lazio
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Rome
Oerflakte 17.242 km²
Befolking 5.718 884 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 331,68 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Terminillo: 2216 m
Oantal gemeenten 378
Provinsjes Vrosinone, Latina, Rieti, Rome, Viterbo

Latium (Italjaansk: Lazio) is in regio yn it sintrum fan Itaalje, dy't oprjochte waard yn 1948. De regio wurdt begrinzge troch Toskane, Umbrje, Abruzzen, Molise, Kampaanje en de Tyrreenske See. Haadstêd fan 'e regio is Rome. Njonken de metropolitane stêd Rome bestiet de regio út noch fjouwer provinsjes. De namme komt fan Latium, fan it âlde folk fan 'e Latinen. It is de widze fan 'e Latynske taal, en dêrmei ek fan alle Romaanske talen.

Mei Rome as haadstêd is Lazio in tige wichtich gebiet wat kultuer yn it algemien en skiednis, keunst, arsjitektuer, archeology, religy yn it bysûnder oanbelanget. Ek bûten Rome falt in protte te sjen op dat mêd.

Provinsjes

Gemeentes in de provincies:

kaart provinsje ôfk. haadstêd oantal
Frosinone FR Frosinone 91
Latina LT Latina 33
Rieti RI Rieti 73
Rome* RM Rome 121
Viterbo VT Viterbo 60
  • Rome is gjin provinsje mar hat de status yn Itaalje fan in metropolitane stêd.

Wichtige stêden

Understeande tabel toant de gemeenten yn 'e regio Latium mei in befolking fan mear as 50.000 ynwenners (peildatum 31.08.2023)

# gemeente provinsje ynwennertal
1 Rome Rome 2.745.777
2 Latina Latina 127.252
3 Guidonia Montecelio Rome 89.112
4 Fiumicino Rome 81.980
5 Aprilia Latina 74.267
6 Viterbo Viterbo 65.898
7 Pomezia Rome 64.268
8 Anzio Rome 58.936
9 Tivoli Rome 54.914
10 Velletri Rome 52.543
11 Civitavecchia Rome 51.691

Ofbylden

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lazio fan Wikimedia Commons.