LIMSwiki
Ynhâld
Finnmark Finnmárku | |||
| |||
It wapen fan de provinsje Finnmark | |||
Lân | Noarwegen | ||
Nûmer | NO-20 | ||
Lânsdiel | Nord-Norge | ||
Haadplak | Vadsø | ||
Oerflak | 48.618 km² | ||
- lân | 45.757 km² | ||
- wetter | 2.861 km² | ||
Ynwennertal | 76.149 (01-01-2017) | ||
Befolkingstichtens | 1,6 ynwenners/km² | ||
Tiidsône | UTC+1 | ||
- simmertiid | UTC+2 | ||
Webstee: www.ffk.no |
Finnmark (Noardsamysk: Finnmárku; Kwensk: Finmarku) is in provinsje en tradisjonele regio fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Troms op yn 'e nije fúzjeprovinsje Troms og Finnmark, dy't lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft waard.
Finnmark wie in provinsje (fylke) yn it uterste noardeasten fan Noarwegen. It grinzge yn it westen oan de provinsje Troms, yn it suden oan Finlân, yn it easten oan Ruslân, yn it noardwesten oan de Noarske See en yn it noarden en noardeasten oan de Barentssee. Finnmark wie de tinstbefolke provinsje fan Noarwegen.
De provinsje hiet earder Finmarkens amt of Vardøhus amt. Sûnt 2002 hat hiet it twa offisjele nammen, yn 'e beide offisjele talen fan it gebiet: Finnmark (Noarsk) en Finnmárku (Noardsamysk). Finnmark makket diel út fan Sápmi, it heitelân fan 'e Samen. Der wennet ek in oare minderheid, de Kwennen, dy't in taal sprekke dy't ek wol as dialekt fan it Finsk beskôge wurdt.