LIMSwiki

Keppelings bewurkje

ye-Ītyōṗṗyā Fēdēralāwī Dīmōkrāsīyāwī Rīpeblīk
Flagge fan Etioopje Wapen fan Etioopje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Etioopje
Offisjele taal Amhaarsk
Haadstêd Addis Abeba
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners 102.403.196 (rûsd 2016)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 28 maaie
Lânkoade ETH
Ynternet .et
Tillefoan 251

Etioopje, offisjeel de Federale Demokratyske Republyk Etioopje, is in lân yn it easten fan Afrika. De haadstêd is it sintraal lizzend Addis Abeba. Etioopje waard earst ek wol Abessynje neamd.

Geografy

Lizzing

Etioopje wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Etioopje bestiet foar it grutste part út in útstrekt en relatyf fruchtber heechberchtme, it Etiopysk Heechlân, dat trochsnien wurdt troch de Grutte Slinke.

Etiopysk Heechlân

Yn it wiid fersprate heechlân leit de haadstêd Addis Abeba (2.370 m). Heechste bergen fan it lân binne de Ras Daschan Terara (4.545 m), de Talo (4.413 m), de Guma Terara (4.231 m) en de Guge (4.203 m). It noarden wurdt skaaimerke troch woastyn en drûge savanne, it suden troch reinwâlden.

Yn it Etiopysk Heechlân ûntspringt de Blauwe Nyl (yn de Tanamar), dy't tegearre mei de Wite Nyl en de allyksa yn Etioopje ûntspringende Tekeze-rivier meïnoar de Nyl foarmje.

Nettsjinsteande dat Etioopje flakby de evener leit, hat it yn ferbân mei de hichte fan it lân, meast in evenredich klimaat. Utsein de leger lizzende gebieten, lykas de Danakildepressy en de Ogaden, dy't in hjit en skrok klimaat hawwe.

Skiednis

Fan de eardere skiednis fan Etioopje is net folle bekend. Ut de 1e iuw datearje de earste berjochten oer in ryk fan Aksûm, dêr't ôfstammelingen fan kening Salomo regeare hawwe soene. Yn de 4e iuw waard dat ryk kerstene, mar de opkomst fan de islam yn de 7e iuw isolearre it fan de rest fan de kristlike wrâld. Yn de iuwen dy't dêrop folgen waard hieltyd krigen fierd tsjin de Islamiten en ynfallende Galla.

De Etiopyske kening Durk II brocht healwei de 19e iuw de talleaze fazalfoarsten ûnder ien bewâld en hy wie súksesfol tsjin de Italjanen dy't fanút Eritrea yn Etioopje besochten troch te kringen. Syn opfolger Menelik II brocht de Italjaanske agressor yn 1896 by Adoea in ferneatigjende nederlaach ta dy't foar in skoft in ein makke oan harren aspiraasjes Etioopje te oerweldigen. Nei syn dea waard Meneliks dochter keizerinne, syn efterneef Ras Tafary waard regint. Troch in steatsgreep slagge hy deryn de macht nei him ta te lûken, yn 1930 nei de dea fan de keizerinne lit er him ta keizer Haile Selassie I kroane. Hy skafte de slavernij ôf.

Fan 1935 oant 1941 wie Etioopje beset troch Itaalje, dêrnei krige Haile Selassie it wer foar it sizzen. Yn 1952 kaam de eardere Italjaanske koloanje Eritrea by Etioopje. Yn de rin fan de jierren sechstich naam it oantal fersetaksjes tsjin it bewâld fan de autokratyske keizer hieltyd mear ta. Doe't as gefolch fan lange drûchte slimme hongersneed hearske yn de noardlike provinsjes en troch korrupsje misstannen ûntstienen, kaam it leger begjin 1974 yn opstân. It leger twong it regear ôf te treden, fierde in nije grûnwet yn en beheinde de macht fan de Koptyske tsjerke. Keizer Haile Selassie waard ôfset en in sosjalistyske republyk waard útroppen mei in ienpartijstelsel. Op grutte skaal waard der nasjonalisearre en lânherfoarmings trochfierd.

Demografy

Etioopje hat in tige jonge en hurd waaksende befolking, dy't fan 33,5 miljoen ynwenners yn 1983 tanommen is oant 78 miljoen yn 2008.

De befolking is bysûnder ferskaat. Meast fan de befolking sprekke in Semityske- of Kusityske taal. De Oromo, Amhara, en Tigreans meitsje mear as trije fearn fan de befolking út, mar der binne mear as 80 ferskate etnyske groepen yn Etioopje, dêr't guons fan net mear as 10,000 leden fan hawwe. It Ingelsk is meast sprutsen bûtenlânske taal.

Religy

Op dizze skildering steane Etiopyske prysters dy't drums spilje.

Neffens de folkstelling fan 1994 heart 61% fan de minsken yn Etioopje ta it Kristendom en 33% ta de Islam. It meastepart fan de Kristenen heart ta de Etiopysk-Ortodokse Tsjerke. Om-ende-by 5% fan de befolking hingt in natoerreligy oan. Eartiids wennen ek in protte Joaden (de Beta Israel) yn Etioopje. It grutste part dêrfan is nei Israel emigreare.