LIMSwiki
Ynhâld
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
28 | 29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 novimber | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
<< | Novimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | |
2024 |
4 novimber is de 308e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 309e). Der folgje noch 57 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1576 - Oproerige Spaanske soldaten plonderje Antwerpen. By dit barren, dat bekend komt te stean as de Spaanske Fuery, wurdt in bloedbad ûnder de stedsbewenners oanrjochte.
- 1675 - De fjirde Allerheljenfloed treft de Nederlânske kust.
- 1918 - Yn Dútslân brekt in opstân út dy't mei de Novimberrevolúsje in ein makket oan it keizerryk.
- 1956 - Sovjettroepen tsjogge Hongarije binnen om 'e Hongaarske Opstân, dy't op 23 oktober begûn is, de kop yn te drukken. Tûzenen komme om, mear noch reitsje ferwûne en hast in fearn miljoen minsken ûntflechtsje it lân.
- 1973 - Yn Nederlân wurdt de earste autoleaze snein holden, feroarsake troch de Oaljekrisis. De snelwegen binne útstoarn en wurde allinnich mar brûkt troch fytsers en lju op rôlredens.
- 1995 - De Israelyske premier Yitzhak Rabin rekket slim ferwûne by in moardoanslach troch Yigal Amir, in ekstreem-rjochtse Joad. Hy stjert letter yn it sikehûs op de operaasjetafel.
- 2008 - De Demokraat Barack Obama wurdt as earste swarte keazen ta presidint fan 'e Feriene Steaten, en ferslacht dêrby syn Republikeinske tsjinstanner John McCain.
- 2008 - De filmstudio Hustler Video, fan produsint Larry Flynt, bringt op 'e dei fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings de pornofilm Who's Nailin' Paylin? út, wêryn't fise-presidintskandidate Sarah Palin (spile troch Lisa Ann) parodiëarre wurdt.
Berne
- 1592 - Gerard fan Honthorst, Nederlânsk keunstskilder († 1656)
- 1617 - Johannes Hoornbeeck, Nederlânsk teolooch († 1666)
- 1766 - John Adams, Ingelsk seeman en oproerling op 'e Bounty († 1829)
- 1862 - Jan Hepkes Wouda, Frysk fellekeapman en swetser († 1939)
- 1922 - Jan Frearks van der Bij, Frysk ekspresjonistysk skilder († 2013)
- 1944 - Willem Breuker, Nederlânsk saksofonist en komponist († 2010)
- 1946 - Laura Bush, Amerikaansk presidintsfrou
- 1948 - Amadou Toumani Touré, presidint fan Maly († 2020)
- 1950 - Lodewijk de Waal, Nederlânsk fakbûnslieder
- 1951 - Traian Băsescu, presidint fan Roemeenje
- 1966 - Petra Verkaik, Amerikaansk neakenmodel
- 1967 - Mino Raiola, Italjaansk-Nederlânsk fuotbalmakelder († 2022)
- 1984 - Tim Douwsma, Frysk sjonger en akteur
- 1986 - Florian Skilang Temengil, Palauaansk wrakselder
- 1991 - Adriana Chechik, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1203 - greve Durk VII fan Hollân (* 11??)
- 1698 - Rasmus Bartholin, Deenske natuerkundige en wittenskipper (* 1625)
- 1847 - Felix Mendelssohn Bartholdy, Dútsk komponist (* 1809)
- 1903 - Peter Wilhelm Janssen, Eastfrysk-Nederlânsk keapman en filantroop (* 1821)
- 1919 - Sofia Andrejevna Behrs, Russysk skriuwster (* 1844)
- 1943 - Taeke Schuilenga, Frysk ûndernimmer en oarlochsslachtoffer (* 1878)
- 1958 - Epeus van Humalda van Eysinga, Frysk keunstskilder, tekener en grafikus (* 1878)
- 2010 - Tiny Mulder, Frysk skriuwster, sjoernaliste en fersetsstrider (* 1921)
28 | 29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 novimber | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|