LIMSpec Wiki

Selebes

Selebes (offisjeel Sulawesi) is in eilân fan de republyk Yndoneezje. It hat in oerflak fan 174.600 km² en wenje ûngefear 15 miljoen minsken.

Geografy

Yn it suden fan it eilân leit Makassar (it eardere Ujung Pandang), de haadstêd fan Selebes, dêr't fral Buginezen en Makassaren libje. Makassar wie in wichtige havenplak foar de Nederlânners yn de tiid fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC). In protte fan de speserijen út de Molukken waarden fia dat havenplak nei Jeropa ferfard.

Yn it heuvelige midden fan Selebes leit Toraja-lân, in gebiet dat bekend stiet om syn nijsgjirrige arsjitektuer, syn begraffenisrituelen en syn kofje.

Yn it noarden lizze de omkrite Minahasa en de stêd Manado. Dat gebiet jildt as ien fan de pear gebieten yn Yndoneezje dêr't allinnich kristenen wenje. De taal dy't dêr sprutsen wurdt, is trochspekt mei Nederlânske wurden. Foar de kust leit it fulkanyske eilân Manado Tua ('Ald Manado') en in dúkersgebiet. Bunaken is ien fan de bekendere eilantsjes yn dat gebiet.

Bestjoerlike yndieling

Selebes is opdield yn seis provinsjes:

Skiednis

De Feriene Eastyndyske Kompanjy boude yn 1655 in fort yn Manado en twong de sultan fan it wichtige hannelssintrum Makasar him net mei dizze kriten te bemoeien. Botsende belangen laten ta ferskate hannelskrigen en ta ûnderdrukking fan de Makasaarske hannel. Selebes waard lang-om-let troch de militêre ekspedysje fan 1905-1906 folslein troch de Nederlanners ûnderwurpen.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard it eilân troch de Japanners beset. Nei 1945 herstelden de Nederlanners harren bestjoer, letter folge troch krêftige suveringsaksjes ûnder de Polisjonele aksjes. As resultaat fan de Nederlânske polityk om de bûtengewesten fan de republyk Yndoneezje ôf te skieden waard yn july 1946 de steat East-Yndoneezje proklamearre. De jierren 1946-1949 ferrûn ûngefear lyk as de sosjale revolúsje op Sumatra. De eallju yn it suden fan it eilân waard útrûge. De steat East-Yndoneezje ferdwûn yn 1950 en gie op yn de ienheidssteat Yndoneezje.