LIMSpec Wiki
Ynhâld
Roan | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Drinte |
Gemeente | Noardenfjild |
Sifers | |
Ynwennertal | 14.620 (2020) |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Webside | noordenveld.nl |
Roan (Nederlânsk: Roden; Drintsk: Roon) is in iesdoarp yn it noarden fan Drinte, sa'n 15 km súdwestlik fan de stêd Grins. Oant 1 jannewaris 1998 wie Roan in selsstannige gemeente. By de lêste gemeentlike weryndieling fan Drinte gie de gemeente op yn de gemeente Noardenfjild. Roan hat in sintrumfunksje, mei in soad yndustry en in grut oantal winkels en telt goed 15.000 ynwenners. Cordis wie fan 1968 - 2008 in grutte wurkjouwer yn Roan.
Brink
Hoewol't Roan fanâlds in echt Drintsk brinkdoarp is, is der fan de âlde brink net folle mear oer. Hast hielendal bestrate wurdt it beseame mei kenmerkende gebouwen wêrfan de tsjerke it meast opfalt. Dizze brink is it plak dêr't meardere kearen jiers in merk hâlden wurdt. Op de brink stiet in stânbyld fan Ot en Sien. Yn 2005/2006 is it winkelsintrum nei in grutte febouwing frijwat feroare.
Roanermerk
Elke fjirde tiisdei fan septimber is de Roanermerk. Dit is fanâlds in fee- en diskemerk, mar troch it weromrinnend oanbod fan fee is it benammen in diskemerk. De merk lûkt in soad besikers út de omjouwing. Om dizze merk wurdt in grut tal eveneminten hâlden, wêrûnder de finale fan de Miss Noard Ferkiezing, in merke, gersbaanraces foar motors (om de Gouden Helm) op snein en in optocht mei fersierde weinen op sneon, de Roanermerkparade. Op woansdei is der in koartebaandraverij op de Norgerwei dy't hjirta bedekt wurdt mei sân.
De Roanermerkparade bestiet út in optocht fan muzykkorpsen en fersierde weinen. Dizze weinen wurde boud troch wykferienings, organisaasjes as de brânwar en skoallen yn Roan en omkriten. De moaiste weinen wurde beleanne mei prizen.
Erfgoed
Lângoed Mensinge
Oan de súdeastkant fan de âlde buorren stiet havezate Mensinge mei grêften en greiden der omhinne. It hûs mei lângoed is sa'n 5,5 hektare grut en sûnt 1985 net mear yn partikulier besit mar eigendom fan de gemeente. It waard stichte yn 1381 en de foarname eigeners hawwwe in foaroansteande rol spile yn de skiednis fan Roan en omkriten. Tsjintwurdich is it diels museum en diels yn gebrûk troch bedriuwen. Op it lângoed sit yn de eardere pleats 'Winsinghhof' in kultureel sintrum. Oan it lângoed grinzet it natoergebiet Mensinge mei frij tagonklike grutte bosken.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Katarinatsjerke (Roan).
Al om it jier 800 wienen omreizgjende muontsen dwaande mei de fersprieding fan it kristendom. Yn Vries stie yn 775 al in kapel. Yn 1139 wie yn Roan in dochtertsjerke fan de Bonifatiustsjerke fan Vries. It oansjen fan de Roaner Brink wurdt bepaald troch de yn de 13e iuw boude Katarinatsjerke, dy't wijd waard oan de hillige Katarina fan Aleksanderje. It âldste diel fan de tsjerke is it skip, dat út de 13e iuw komt. It prysterkoar komt út de 15e iuw. Neffens it testamint fan Maria Catharina Hoppinck út 1776, waarden 10.000 karolusgûnen ta foldwaan jûn foar de bou fan in oargel. It oargel waard boud troch Albertus Antoni Hinsz (1704-1776), in Dútske oargelbouwer.
Koaren en muzykferienings
- De Schola Gregoriana Roan en it Roaner Jongeskoar
- Muzykferiening Noardenfjild, benammen bekend fan Showband Noardenfjild
- Enthousiasmos (jongereinkoar)
Bekende Roaners
- Wim van Beek, * 1930 yn Woerden, waard yn 1956 organist oan de Martinitsjerke yn Grins en wie dosint oan it konservatoarium yn Grins.
- Ellen ten Damme, (*Warnsveld, 1967), aktrise en sjongster, groeide yn Roan op.
- Bouwe Dijkstra, oprjochter en dirigint fan it Roaner Jongeskoar.
- Peter Dijkstra, ynternasjonaal koardirigint, oprjochter fan The Gents.
- Wim Dirriwachter, (*De Bosk, 1937), komponist, 1975-1998 ferbûn oan it konservatoarium yn Grins.
- Cees de Galan, ekonoom oan de Ryksuniversiteit Grins (1932-1987) en prominint PvdA-lid, yn 1981 as ynformateur belutsen by it 'lymjen' fan it kabinet-Van Agt II (1981-1982).
- Menno de Galan, (* 1960), soan fan Cees de Galan, sjoernalist.
- Tette Hofstra, (* 1943, Lytsewierrum, âldgermanist oan de Ryksuniversiteit Grins en meiauteur fan in leksikon fan Germaanske lienwurden yn it Finsk.
- Lammert Huitema, (*Grins, 1961), maratonrider en -trener.
- Tieme Klompe, proffuotballer.
- Bertus van Lier ( Utert 1906 - 1972 Roan ), musikolooch, dirigint en komponist, oan de Ryksuniversiteit Grins.
- Tony Neef (* 29 jannewaris, 1961), musicalartyst, groeide op yn Roan.
- Hindericus Scheepstra (* 17 maart 1859 - 1913), ûnderwizer en skriuwer fan berneboeken. Skreau ferhalen oer Ot en Sien.
- Vasalis (Margaretha Droogleever Fortuyn-Leenmans), (* 1909), wenne fan 1964 oant har dea yn 1998 yn Roan yn it hûs "De Zulthe". Vasalis is in bekend Nederlânsk dichteresse.
- Gerry Velema, auteur.
- Erwin Wiersinga, (* 1962), organist op it Hinszoargel yn de Katarinatsjerke. Hy is oargeldosint oan de Universität der Künste yn Berlyn en oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins.
Sportfoarsjennings
Justjes bûten it doarp, yn de rjochting fan Steenbergen, leit it Baansportsintrum Steenbergerveld. Dit kompleks, geskikt foar ynternasjonale langebaanraces, kaam yn septimber 2003 klear. It hat in gersbaan, in gravelbaan (de meast brûkte baan) en in sândbaan yn de midden. Mooglik komt dêr mei de tiid in speedwaybaan. Roan hat ek in hockeyklup en in golfbaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|