LIMSpec Wiki

In refrein (fan it Frânske refrain, fan it Aldfrânske refraindre, fan it Latynske refringere, dat "werhelje" betsjut) is in diel fan in gedicht of liet dat ferskate kearen werhelle wurdt. De rest fan in gedicht of liet wurdt foarme troch de kûpletten. Ornaris wurdt in refrein eltse kear tusken twa kûpletten yn werhelle, mar it kin ek wêze dat it om 'e twa kûpletten werhelle wurdt. Soms bestiet it refrein mar út ien of twa tekstregels, wylst it by oare gedichten of lieten sa grut is dat de kûpletten amper noch opfalle. It refrein as stylmiddel moat net betize wurde mei it refrein as fersfoarm.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.