LIMSpec Wiki

Keppelings bewurkje
Steat Oregon
State of Oregon
flagge wapen
Alis volat propiis
(Latyn, "Hja fljocht op eigen wjukken")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting OR
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1859)
haadstêd Salem
grutste stêd Portland
offisjele taal gjint (de facto Ingelsk)
sifers
ynwennertal 4.013.845 (2015)
befolkingstichtens 15,7 / km²
oerflak 255.026 km² (2,4% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Beaver State
tiidsône UTC –8 (of –7)
simmertiid UTC –7 (of –6)
webside www.oregon.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Oregon. Foar oare betsjuttings, sjoch: Oregon (betsjuttingsside).

Oregon (útspr.: ['ɔrɨɡən], likernôch "or-ruh-g'n"), offisjeel de Steat Oregon (Ingelsk: State of Oregon), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Oregon, byneamd de Beaver State (de "Beversteat"), leit yn it westen fan 'e legere 48 Amerikaanske steaten, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten. De haadstêd is Salem, mar de grutste stêd is Portland. Neffens in skatting út 2015 hie de steat doe 4 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 26e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Oregon mei goed 255.000 km² de 9e steat. Oregon stiet bekend om syn grutte lânskipsferskaat en om 'e stêd Portland mei syn sterke subkultueren.

Etymology

It ierste gebrûk fan 'e namme 'Oregon' datearret teminsten fan 1765, doe't it noch stavere waard as Ouragon, en ferwiisde nei de yn dy tiid mytyske "Rivier fan it Westen" (de Kolumbia). De ierst bekende fermelding wie yn in ferslach fan 'e Britske majoar Robert Rogers, dy't yn 1765 skreau: "De rûte [...] rint fan 'e Grutte Marren nei de bopperin fan 'e Mississippy, en dêrwei nei de rivier dy't de Yndianen de Ouragon neame." Tsjin 1778 dominearre de hjoeddeistige stavering. Neffens ien teory soe de namme weromgean op it Frânske wurd ouragan ("orkaan"), dat sels wer fia it Spaansk út 'e taal fan 'e Taïno-Yndianen fan Porto Riko komt. Dêrmei soe ferwiisd wêze kinne nei de krêftige Chinookwinen oan 'e ûnderrin fan 'e Kolumbia.

De woastyn yn súdeastlik Oregon.

Yn 1904 brocht Joaquin Miller lykwols in oare teory op 't aljemint. Neffens him wie 'Oregon', mooglik fia de tuskenfoarm Oragua, in ferbastering fan it Portegeeske aure il agua ("hear de wetters"). Hy stelde dat de namme wierskynlik oan 'e rivier de Kolumbia taparte wie troch in iere Portegeeske ûntdekkingsreizger, dy't dermei ferwiisde nei de streamfersnellings yn 'e rivier. Wer in oare teory giet derfan út dat it oarspronklik om in staveringsflater gie, mei't op in Frânske lânkaart út 'e iere achttjinde iuw de rivier de Wiskonsin (doe stavere as Ouisconsink) misstavere wie as Ouaricon-sint, wêrby't de namme ôfbrutsen wie mei -sint ûnder Ouaricon skreaun, sadat it liek as streamde der út 'e krite fan 'e Grutte Marren in rivier nei it westen ta dy't de Ouaricon hiet.

Geografy

Oregon hat in oerflak fan 255.026 km², wêrfan't 2,4% út wetter bestiet. De steat is rûchwei rjochthoekich, en mjit 580 km fan noard nei súd, en 640 km fan east nei west. It meastepart fan Oregon leit yn 'e Pasifyske Tiidsône (UTC –8, simmertiid –7), mar in grut diel fan it eastlike Malheur County makket diel út fan 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). Oregon grinzget yn it suden oan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn it súdeasten oan Nevada, yn it easten oan Idaho en yn it noarden oan Washington. Yn it westen leit it oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. It heechste punt fan 'e steat is de berch de Mount Hood, wêrfan't de top op 3.429 m boppe seenivo leit, wylst it leechste punt it strân oan 'e Stille Oseaan is, op seenivo.

De kust fan Oregon, op it suden útsjend fanút it Steatspark Ecola.

Oregon wurdt fierhinne behearske troch in stikmannich berchtmen, wêrfan't de Cascades, dy't de skieding tusken westlik en eastlik Oregon foarmje, it heechst binne. Dêr lizze de Mount Hood en ferskate oare promininte bergen, lykas de Mount Jefferson, de Trije Susters en de Mount Thielsen, dy't allegear yn in fier ferline foarme waarden troch fukanyske aktiviteit. Fierder nei it westen ta strekt it legere Kustberchtme him út by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns. It Klamath-berchtme leit yn it súdwesten, op 'e grins mei Kalifornje, wylst de Blauwe Bergen de noardeasthoeke fan Oregon behearskje. Tusken de Cascades en it Kustberchtme yn leit de tichtbefolke Delling fan de Willamette. Fierders heart it uterste easten fan 'e steat ta it Kolumbiaplato, wylst de woastinige súdeasthoeke ûnderdiel útmakket fan 'e Grutte Dobbe. Ta dy lêste kriten heart ek de Grutte Sânwoastyn. De eastlike helte fan Oregon leit yn it reinskaad fan it Cascades-berchtme, en is dêrom tige drûch. Bewesten de bergen falt krekt in oerstjalpjende protte rein, mei as gefolch dat der yn en deunby it Kustberchtme in wier reinwâld groeit.

De Mount Hood, de heechste berch fan Oregon.

De grutste rivier fan Oregon is de Kolumbia, dy't foar in grut part de noardgrins mei Washington foarmet. De Kolumbia en de Klamath, dy't yn it súdlike part fan 'e steat streamt, binne de iennichste rivieren dy't dwers troch de Cascades snije om út te mûnjen yn 'e Stille Oseaan. Oare wichtige rivieren binne de Snake, dy't yn it noardeasten de grins mei Idaho foarmet, en de Willamette, dy't troch it tichtstbefolke diel fan Oregon streamt. De rivier de D soe neffens it regear fan Oregon de koartste rivier fan 'e wrâld wêze, mar it regear fan Montana beweart itselde oer de rivier de Roe. De Kratermar, dy't sa'n seistûzen jier lyn út 'e krater fan 'e fulkaan de Mount Mazama ûntstie, is mei in djipte fan 592 m de djipste mar fan 'e Feriene Steaten. It omlizzende Nasjonaal Park de Kratermar is it iennichste nasjonaal park yn Oregon. Oare gruttere marren yn 'e steat binne de Malheurmar en Boppe-klamathmar.

It gebiet by de rivier de John Day lâns is ien fan 'e wichtichste fynplakken fan fossilen op 'e wrâld. Yn it Nasjonaal Wâld Malheur, yn eastlik Oregon, waard yn 2003 in sombere hunichswam (Armillaria solidipes) ûntdutsen mei in ûndergrûnsk trieddestelsel dat 8,9 km² besloech. Dêrmei wurdt dy poddestoel beskôge as it grutste libbene organisme fan 'e wrâld. Oregon hat ek it lytste park fan 'e wrâld, it Mill Ends Park yn Portland, dat mar 0,29 m² beslacht. Fierders binne der yn Oregon 10 Yndianereservaten:

Yndianereservaten yn Oregon.

Skiednis

It grûngebiet fan Oregon wurdt al teminsten 15.000 jier lang troch minsken bewenne. Tsjin 8000 f.Kr. wiene der troch de hiele steat al delsettings, wêrby't de befolking benammen konsintrearre wie oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Kolumbia, yn 'e westlike dellings fan 'e Cascades en by de kust lâns. Tsjin 'e tiid dat Oregon yn 'e sechstjinde iuw foar it earst oandien waard troch Jeropeänen, waard it gebiet bewenne troch in grut ferskaat oan Yndiaanske folken en stammen, wêrûnder de Bannok (Bannock), Kokiil (Coquille), Kalapûja (Kalapuya), Klamat (Klamath), Molala (Molala), Nez Persé (Nez Perce), Sjasta (Chasta), Sjinnûk (Chinook), Sjuslou (Siuslaw), Takelma (Takelma), Tillamûk (Tillamook) en Umpkwa (Umpqua).

In kaart fan it Oregon-territoarium, dat tusken 1818 en 1846 ûnder mienskiplik bestjoer stie fan Grut-Brittanje en de Feriene Steaten.

De earste Jeropeaan dy't oant yn Oregon trochkrong, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo, dy't yn 1543 de kust fan 'e steat besocht. Yn 1579 die de Ingelske seefarder Francis Drake de Nehalembaai oan, dêr't er fiif wiken trochbrocht om reparaasjes oan syn skip te meitsjen en fan 'e gelegenheid gebrûk makke om 'e kust formeel yn besit te nimmen foar de Ingelske Kroan. Yn 1774 ferkende Juan José Pérez Hernández de kust fan Oregon, en yn 1778 die de Britske ûntdekkingsreizger James Cook itselde. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw arrivearren de earste blanken nei lange oerlânske reizen yn it eastlike part fan wat no Oregon is. Dat wiene Frânsk-Kanadeeske pelsjagers en keaplju, mei ûnder harren ek inkele roomske misjonarissen. Guon fan harren setten har dêr foargoed nei wenjen, wêrûnder in Étienne Lussier, wêrfan't men hawwe wol dat er de earste blanke boer yn Oregon wie. De Frânsk-Kanadezen lieten it bewiis fan harren oanwêzigens efter yn toponimen as de Malheur-mar, de rivieren de Malheur, Grande Ronde en Deschutes, en de stêd La Grande.

Yn 1805 en 1806 reizge de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark troch noardlik Oregon ûnderweis nei en fan de westkust fan Noard-Amearika. Hja oerwinteren yn Fort Clatsop, deunby de mûning fan 'e rivier de Kolumbia. Yn 1811 waard de Britske ûntdekkingsreizger David Thompson de earste blanke dy't de Kolumbia fan syn boarne oant de mûning ôffear. Hy wie ek dejinge dy't hiel Oregon formeel yn besit naam foar Grut-Brittanje en de Noardwestlike Kompanjy. Werom yn Montreal makke er de oerfloed oan pelsdieren yn Oregon buorkundich, dêr't de steat syn bynamme, as de Beaver State, oan tanket. Underwilens finansierde de New Yorkster sakeman John Jacob Astor yn 1811 de stifting fan Fort Astoria oan 'e mûning fan 'e Kolumbia, as in westlike foarpost fan 'e Amerikaanske Pasifyske Pelzekompanjy. Dat wie de earste permanint blanke delsetting yn Oregon.

Utsjoch oer Portland yn 1890.

Under de Oarloch fan 1812 feroveren de Britten alle hannelsposten fan 'e Pasifyske Pelzekompanjy, en ferdreaune dêrmei de Amerikanen út Oregon. Yn it Ferdrach fan 1818 waard lykwols fêstlein dat Grut-Brittanje en de Feriene Steaten it bestjoer oer en de fruchten fan it saneamde Oregon-territoarium diele soene. Ta dat gebiet hearde net inkeld de hjoeddeistige steat Oregon, mar ek de steaten Washington en Idaho en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Nettsjinsteande it mienskiplike bestjoer waard Oregon yn 'e 1820-er en 1830-er jierren dominearre troch de Britske Hudsonbaaikompanjy, dêr't de Noardwestlike Kompanjy tsjin dy tiid yn opgien wie. Fan likernôch 1842 ôf brocht it ferneamde Oregon Trail, in rûte oer de prêrjes en troch de bergen en woastinen yn it binnenlân fan Noard-Amearika, in oanhâldende tafloed fan kolonisten út it eastlike part fan 'e Feriene Steaten nei Oregon, dy't har dêr fêstigen.

Underwilens wiene Grut-Brittanje en de Feriene Steaten wer deilis rekke oer it ferrin fan 'e grins yn it Oregon-territoarium, en ferskate jierrenlang hie it der alles fan wei dat it op in nije oarloch útdraaie soe. Mar úteinlings wist men it skeel dochs mei diplomasy op te lossen, dat yn 1846 waard it Ferdrach fan Oregon sletten, wêrby't fêststeld waard dat Grut-Brittanje it diel fan it Oregon-territoarium benoarden de 49e breedtegraad (Britsk-Kolumbia) krige, wylst it part besuden dêrfan (Oregon, Washington en Idaho) by de Feriene Steaten kaam as it nije Territoarium Oregon. Dat waard yn 1848 formeel stifte en krige doe syn earste eigen regear. Doe't fan 1850 ôf de Yndiaanske befolking fan Oregon ûnder twang nei foar dat doel stifte Yndianereservaten deportearre waard, kaam der mear lân frij foar kolonisaasje troch de blanken, en naam de tastream fan kolonisten út it Easten wei navenant ta.

Eugene, de trêde stêd fan Oregon.

Op 14 febrewaris 1859 waard Oregon as de 33e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. Dêrby hie it gebiet syn hjoeddeistige grinzen, mei't Washington en Idaho al earder selsstannige territoaria wurden wiene. Mei't men it skeel oer de slavernij bûtendoar hâlde woe, omfieme de oarspronklike steatsgrûnwet in bepaling dêr't yn fêstlein wie dat inkeld blanken har yn Oregon fêstigjen mochten (en dat dy dus gjin negerslaven meibringe mochten). Doe't de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbriek waarden alle geregelde Amerikaanske troepen út Oregon weromlutsen om yn it Easten yn 'e oarloch ynset te wurden. Yn harren plak kamen ôfdielings frijwillige kavalery dy't yn Kalifornje rekrutearre wiene, en dy't yn Oregon de oarder hanthavenje moasten. It 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Oregon tsjinne oant juny 1865 yn it Easten yn 'e striid tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika.

Fan 'e 1880-er jierren ôf berikten de earste spoarwegen Oregon, wat de befolkingsgroei oanfitere om't it de reis foar ymmigranten út it Easten wei folle makliker makke. Dêrnjonken die dizze ûntjouwing ek tige fertuten foar de ekonomy fan Oregon, mei't it timmerhout en de lânbouprodukten troch ferfier oer it spoar in folle gruttere ôfsetmerk krigen. Yn 1902 yntrodusearre Oregon in foarm fan direkte demokrasy fia boargerinisjativen en referinda, dat bekend kaam te stean as it Oregon-systeem. Nei't yn 1933-1937 de Bonneville-daam yn 'e rivier de Kolumbia oanlein wie, sette de troch goedkeape wetterkrêftelektrisiteit mooglik makke yndustrialisaasje fan Oregon útein. Under de Twadde Wrâldoarloch kamen op 5 maaie 1945 seis minsken om troch in Japanske bom dy't ûntplofte op Gearhart Mountain, yn 'e neite fan Bly. Dat foarfal is noch altyd de iennichste deadlike oanfal op 'e legere 48 Amerikaanske steaten troch in soevereine naasje sûnt de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848).

It Steatskapitoal fan Oregon, yn Salem.

Bestjoer

Oregon bestiet bestjoerlik út 36 countys. De steatshaadstêd, Salem, leit yn Marion County, yn it noardwestlike part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Oregon bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Wetjaande Assimblee fan Oregon, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 30 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 60 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Oregon, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Oregon 5 sitten.

It politike lânskip fan Oregon wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige beheinde rol. Yn polityk opsjoch bestiet Oregon út in progressyf, yn hege mjitte Demokratysk stimmend diel bewesten de Cascades, en in konservatyf diel oan 'e eastkant fan dy bergen, dat sterk op 'e hân fan 'e Republikeinen is. Om't westlik Oregon in folle gruttere befolking hat as it easten, slacht de Demokratyske Partij yn 'e steat meastal foar master op. Sûnt 1988 hat Oregon by Amerikaanske presidintsferkiezings sûnder útsûndering op 'e Demokratyske kandidaat stimd.

In loftfoto fan 'e Kratermar, de djipste mar fan 'e Feriene Steaten.

Dy oerhearsking fan konservatyf East-Oregon troch progressyf West-Oregon hat makke dat der yn it easten fan 'e steat in ôfskiedingsbeweging ûntstien is, dy't East-Oregon, mooglik mei East-Washington, dat fierhinne yn deselde posysje ferkeart, as in selsstannige steat opnimme litte wol yn 'e Amerikaanske Uny. Oregon wie yn 1994 de earste Amerikaanske steat dy't eutanasy legalisearre, en yn 2014 waard yn Oregon by in referindum it rekreätyf gebrûk fan marihûana legalisearre.

Ekonomy

It bruto steatsprodukt fan Oregon bedroech yn 2013 $219,6 miljard, en it BSP per lid fan 'e befolking wie datselde jiers $39.848. Op it mêd fan 'e yndustry produsearret Oregon papier, houtprodukten (lykas meubulêr), software, biotechnologyske produkten en klean en fuotark. It haadkantoar fan it skuonmerk Nike stiet yn Beaverton, wylst it Amerikaanske haadkertier fan Adidas yn Portland fêstige is.

Utsjoch oer Portland, de grutste stêd fan Oregon.

De agraryske sektor is foar de ekonomy fan Oregon noch fan grut belang. Benammen de Delling fan 'e Willamette is in wichtich lânbougebiet. De steat foarmet ien fan 'e fjouwer wichtichtste hazzenútprodusinten fan 'e wrâld en 95% fan alle Amerikaanske hazzenuten komt út Oregon. Wynproduksje begûn yn Oregon al foàr de Drûchlizzing, mar it waard foar it earst in sektor fan belang yn 'e 1970-er jierren. Oare lânbouprodukten dy't út Oregon útfierd wurde, binne cranberrys, weet, fleiskij, skiep suvel, aaien en plomfee. Oan 'e kust fan Oregon bestiet in libbene fiskerijsektor en dêr wurdt boppedat op grutskalige wize oan fiskkwekerij dien, benammen fan salm.

Histoarysk wie Oregon ien fan wichtichste leveransiers fan timmerhout- en papier yn 'e Feriene Steaten. Boskbrânen, oerkapjen en rjochtsaken oer de rjochte wize fan behear fan 'e útstrutsen federale wâlden yn Oregon hawwe lykwols de hoemannichte hout dy't yn 'e steat kappe waard tusken 1989 en 2011 mei 90% omleech brocht. It toerisme is tsjintwurdich ek tige wichtich foar Oregon. Fakânsjegongers besykje de steat benammen om syn natoerskientme: bergen, wâlden, wetterfallen, strannen en marren. Wichtige trekpleisters binne it Nasjonaal Park de Kratermar, de westlike útein fan it Oregon Trail, de stêd Portland en it Oregon Shakespeare Festival yn Ashland.

Befolkingstichtens yn Oregon.

Demografy

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Oregon yn 2015 4.013.845 ynwenners, wat in groei fan 3,63% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 15,7 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Portland, mei krapoan 610.000 ynwenners yn 2013. Oare gruttere stêden binne: de steatshaadstêd Salem (161.000), Eugene (159.000), Gresham (109.000), Hillsboro (97.000), Beaverton (94.000), Bend (81.000), Medford (78.000), Springfield (60.000) en Corvallis (55.000).

Etnisiteit

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Oregon doe sa: 78,5% blanken; 11,7% Latino's; 3,6% Aziaten; 1,7% swarten; 1,1% Yndianen; 0,3% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 3,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Blanke Oregonezen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske en Skandinavyske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (22,5% fan 'e totale steatsbefolking), Ingelsen (14,0%), Ieren (13,2%), Angelsaksyske Amerikanen (5,0%), Noaren (4,1%), Frânsen (3,9%), Italjanen (3,7%), Skotten (3,6%), Sweden (3,1%), Ulstersen oftewol protestantske Noardieren (2,7%), Nederlanners (2,6%), Poalen (1,9%), Russen (1,4%), Denen (1,2%) en Welsen (1,1%).

Befolking yn Oregon per county (2012).
De countys fan Oregon werjûn nei befolkingsgrutte.

Oregon omfiemet 10 federaal erkende Yndianestammen:

Dizze stammen hawwe allegearre har eigen reservaat. Der binne yn Oregon gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

Taal

Oregon hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar yn 'e praktyk wurdt dy funksje ferfolle troch it Ingelsk. Dat is ek de memmetaal fan de oergrutte mearderheid fan 'e befolking fan Oregon. It twadde plak wurdt datoangeande ynnommen troch it Spaansk.

Godstsjinst

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2014 61% fan 'e befolking fan Oregon út kristenen, wêrûnder 58% protestanten, 12% roomsen en 1% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen mei 148.000 leden en de Assimbleeën fan God FSA mei krapoan 46.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2014 31% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene it joadendom (2%); de islaam (1%); it hindoeïsme (0,5%); en it boedisme (0,5%). De oanhingers fan alle oare religyen mei-inoar makken 4% fan 'e befolking út.

De Trillium-mar mei op 'e eftergrûn de Mount Hood.

Klimaat

Oregon bewesten de Cascades hat in myld seeklimaat mei waarme simmers en koele winters en (in protte) delslach frijwol it hiele jier rûn, dat nei it suden ta, justjes benoarden de grins mei Kalifornje, oergiet yn in Mediterraan klimaat mei drûgere en sinnigere winters en hjittere simmers. Eastlik fan 'e bergen hat de noardeasthoeke fan 'e steat in drûch steppeklimaat, dat mear nei it suden ta oergiet yn in noch drûger woastynklimaat. Alle lân beëasten de Cascades hat kâlde, snieïge winters en hjitte en tige drûge simmers.

Krektlyk as West-Jeropa wurdt it Amerikaanske Noardwesten, dêr't Oregon ta heart, beskôge as waarm foar syn frij noardlike lizzing, en Oregon hat dan ek in folle mylder klimaat as gebieten yn 'e Feriene Steaten dy't op gelikense hichte lizze, lykas Nij-Ingelân of de krite fan 'e Grutte Marren. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 48 °C, op 10 augustus 1898 yn Pendleton, en –48 °C op 10 febrewaris 1933 te Seneca.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.