LIMSpec Wiki
Ynhâld
Kinsjasa Kinshasa (Frânsk) Kinsasa (Kikongo) | ||
Kinsjasa mei de Kongo op de eftergrûn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Demokratyske Republyk Kongo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.076.099 (2009, stedsprovinsje) | |
Oerflak | 9.965 km² | |
Befolkingsticht. | 1.011,1/km² | |
Hichte | 240 m | |
Oar | ||
Stifting | 1881 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee fan Kinsjasa |
Kinsjasa of Kinshasa (offisjeel: Kinshasa, earder Leopoldstêd; Lingala: Kinsásá) is de haadstêd en grutste stêd fan de Demokratyske Republyk Kongo en ien fan de grutste stêden fan Afrika besuden de Sahara. It is in stêd fan grutte kontrasten mei sjike wenwiken, kommersjele wiken, twa universiteiten en syn útwreidzjende krottewiken neist elkoar. Kinsjasa leit oan de súdigge fan de rivier de Kongo, fuort foar Brazzaville oer, haadstêd fan de Republyk Kongo.
Skiednis
De stêd waard yn 1881 stifte troch Henry Morton Stanley as hannelspost en waard troch him Léopoldville (Leopoldstêd) neamd as earbetoan oan kening Leopold II, dy't it enoarme gebiet bestjoerde dat no de Demokratyske Republyk Kongo is. De post bloeide; it wie de lêste befarbere haven oan de Kongo foar de Livingstonewetterfallen. Yn it earstoan moast alle hannelsguod dat yn Leopoldstêd oankaam troch dragers nei de haven fan Matadi oan de Atlantyske kust brocht wurde. It foltôgjen fan in spoarline yn 1898 makke dêr in ein oan en soarge foar in gaadlike menear fan ferfier de rakken streamôf by del en stimulearre de ûntjouwing fan Kinsjasa. Yn 1920 waard Kinsjasa haadstêd fan Belgysk Kongo, en ferfong dêrmei it stedsje Boma, dat oan see lei.
Yn 1965 naam Mobutu Sese Seko mei syn twadde steatsgreep de macht yn Kongo. Hy sette útein mei in polityk fan "Afrikanisearring" mei it doel de nammen fan persoanen en plakken te ferfangen troch Afrikaanske nammen. Yn 1966 waard de namme Léopoldville wizige yn Kinshasa, nei in doarpke dat ea op dat plak lei. De stêd woeks hurd ûnder Mobutu en luts minsken út it hiele lân oan, dy't har lok sochten yn de stêd of dy't oan etnyske striderij ûntkaam wienen. Dit brocht grutte feroaringen yn de etnyske en linguïstyske gearstalling fan de befolking fan Kinsjasa. Hoewol't de stêd yn it gebiet fan de Bakongo leit, is de lingua franca net it Kikongo, mar it Lingala.
Kinsjasa hat slim te lijen hân fan Mobutu's eksessen en de Kongoleeske Boargeroarloch dy't ta syn delfal late. Dochs koe Kinshasa in grut kultureel en yntellektueel sintrum bliuwe mei in bloeiende mienskip fan musisy en artysten. De stêd is ek it grutte yndustriële sintrum fan it lân en ferwurket in soad natuerlike produkten dy't út it binnenlân oanfierd wurde. De stêd moast har yn 2003 warre tsjin opstannige soldaten, dy't protestearren tsjin it regear dat har soldij net betelje koe.
Stedebân
Berne yn Kinsjasa
- Joseph Malula (17 desimber 1917), kardinaal-aartsbiskop fan Kinsjasa
- Cyrille Adoula (13 septimber 1921), Kongoleesk politikus
- Walter Geerts (1929-2011), Belgysk telefyzjesjoernalist by de BRT
- Hugo Sigal (10 novimber 1947), sjonger, lid fan het duo Nicole & Hugo
- Sabine de Bethune (16 july 1958), Flaamsk politika
- Thomas van Luyn (2 maart 1968), akteur, kabaretier, skriuwer
- Kiki Musampa (20 july 1977), Nederlânsk fuotballer
- Leki (Karoline Kamosi) (28 jannewaris 1978), Belgysk sjongster en presintatrise
- Gary Kikaya (4 febrewaris 1980), atleet
- Nathalie Makoma (24 febrewaris 1982), Nederlânske sjongster
- Loya Ghandy (16 oktober 1990, Nederlânske rapper
Keppelings om utens
Kaarten
- Sekuere kaart fan Kinsjasa (PDF fan 7.5 MB)
- MSN kaart