LIMSpec Wiki

Lytse en grutte hosty

It wurd hosty komt fan it Latynske Se Hostia dat slachtoffer betsjut. Hosty en it eucharisty bloed yn de mistsjelk wurde neffensde katolike opfetting yn de misse offere. Yn de Katolike tsjerke brekt de preester yn de Mis de Hosty yn stikken, lykas Jezus Kristus ek syn lichem dielde (om oan syn apostels te jaan), en dielt dizze út oan de parochianen by de kommuny. Katoliken leauwe dat nei de epiklese en de konsekraasje de hosty echt feroare is yn it lichem fan Jezus. De hosty wurdt ek oanbidden en kultysk brûkt, dit omdat nei de ferrizenis fan Jezus syn lichem net mear skieden wurde kin fan bloed, siel en godheid. (transsubstansjaasje)

De hosty wurdt yn Nederlân en Belgje en in pear oare lannen troch de parochiaan oanpakt en nei de mûle ta brocht, mar yn froegere tiden mochten de parochianen de hosty net oanreitsje. De preester en somtiden de diaken lei de hosty op de tonge fan de parochiaan. Yn de measte lannen is dit noch altyd sa.
De eastlike katolike tsjerken en de Ortodokse tsjerken leauwe itselde as de katoliken, mar sy brûke krekt as de protestanten gewoane bôle dat yn stikjes op in kostber pateen lein wurdt. De easterske tsjerken jouwe de hosty ek wol mei in leppeltsje. Sy stopje de bôle earst yn de tsjelk en dogge it dan op de tonge fan de parochiaan.

Yn de protestantske tsjerken wurdt net leaud dat de bôle in feroaring ûndergiet fan bôle nei it lichem fan Kristus. Men brekt de bôle gewoan by it jûnsmiel. De leauwigen krije de bôle op de hân. Sy brûke de term hosty net foar de bôle.