LIMSpec Wiki
Ynhâld
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 maaie | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
<< | Maaie | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 |
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 |
20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 |
27 | 28 | 29 | 30 | 31 | ||
2024 |
6 maaie is de 126e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 127e). Der folgje noch 239 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1840 - Yn it Feriene Keninkryk en Ierlân ferskine de earste postsegels fan de wrâld.
- 1889 - Offisjele iepening fan de Eiffeltoer.
- 1937 - de ramp mei it loftskip de Hindenburg.
- 1941 - Vjatsjeslav Molotov wurdt as foarsitter fan de Rie fan Folkskommissarissen (premier) fan de Sovjet-Uny ferfongen troch Jozef Stalin.
- 1945 - Dútslân ûndertekent de kapitulaasje yn Nederlân.
- 1955 - De Dútske Bûnsrepublyk wurdt lid fan de NAVO.
- 1970 - Feyenoord wint as earste Nederlânske fuotbalklub de Europa Cup I.
- 1987 - De Frysktalige punkband Strawelte jout syn earste optreden.
- 1994 - De Frânske presidint François Mitterrand en Britske keninginne Elizabeth II iepenje offisjeel de kanaaltunnel tusken Frankryk en Ingelân.
- 2002 - De Nederlânske populistyske politikus Pim Fortuyn wurdt yn Hilversum fermoarde troch Volkert van der Geest.
- 2007 - Nicolas Sarkozy is keazen as presidint fan Frankryk, mei 53 % fan de stimmen wûn er it fan Ségolène Royal.
Berne
- 1405 - Skanderbeg, Albaneesk opstanneling († 1468)
- 1758 - Maximilien de Robespierre, Frânsk revolúsjonêr en politikus († 1794)
- 1824 - Tsjibbe Gearts van der Meulen, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1906)
- 1856 - Sigmund Freud, Eastenryksk psycholooch en psychiater († 1939)
- 1859 - Willem Kloos, Nederlânsk dichter († 1938)
- 1868 - tsaar Nikolaas II fan Ruslân († 1918)
- 1872 - Willem de Sitter, Frysk wiskundige, astronoom en natuerkundige († 1934)
- 1884 - Anne Veenbaas, feearts († 1939)
- 1885 - Herman Wirth, Nederlânsk-Dútsk filolooch, histoarikus en musikolooch († 1981)
- 1915 - Sjoerdtsje Faber, Frysk langeôfstânshurdrydster († 1998)
- 1923 - Josep Seguer, Spaansk fuotballer († 2014)
- 1933 - Rudi Falkenhagen, Nederlânsk akteur († 2005)
- 1944 - Riemkje Pitstra, Frysk skriuwster en pedagooch
- 1945 - Bob Seger, Amerikaansk sjonger
- 1947 - Alan Dale, Nijseelânsk akteur
- 1952 - Gerrit Zalm, Nederlânsk politikus en bankier
- 1953 - Tony Blair, premier fan it Feriene Keninkryk
- 1960 - Jean-Guy Talamoni, Korsikaansk nasjonalist
- 1971 - Chris Shiflett, Amerikaansk gitarist
- 1979 - Eva Karera, Waalsk pornoaktrise
- 1992 - Victoria June, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 988 - greve Durk II fan Hollân (* 932)
- 1583 - Zacharias Ursinus, Dútsk teolooch (* 1534)
- 1638 - Cornelius Jansenius, Flaamsk biskop en teolooch (* 1585)
- 1793 - Jean-Michel Huon de Kermadec, Bretonsk ûntdekkingsreizger (* 1748)
- 1877 - Johan Ludvig Runeberg, Finsk skriuwer (* 1804)
- 1910 - kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk (* 1853)
- 1924 - Carel Steven Adama van Scheltema, Nederlânsk dichter (* 1877)
- 1950 - Clarence Addison Dykstra, Amerikaansk heechlearaar, politikus en ûnderwiisbestjoerder (* 1883)
- 1952 - Maria Montessori, Italjaansk ûnderwiiskundige (* 1870)
- 1961 - Pieter Boeles, Nederlânsk jurist en skiedkundige (* 1873)
- 1966 - Janke Spanninga-Posthuma, Frysk skriuwster en modiste (* 1882)
- 1968 - Hindrik Kloosterman, Frysk wiskundige (* 1900)
- 1975 - Ludolf Rasterhoff, Frysk fersetsman en boargemaster (* 1905)
- 1978 - Piet Muijselaar, Nederlânsk revu-artyst en komyk (* 1899)
- 1992 - Roelofje Akkerman-Huisman, Aldste persoan fan Fryslân (* 1884)
- 1992 - Marlene Dietrich, Dútsk-Amerikaansk aktrise en sjongster (* 1901)
- 2002 - Pim Fortuyn, Nederlânsk politikus (* 1948)
- 2002 - Sem Dresden, Nederlânsk literatuerwittenskipper (* 1914)
- 2002 - Meinte Walta, Frysk byldzjend keunstner (* 1920)
- 2014 - Willem Albeda, Nederlânsk -politikus (* 1925)
29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 maaie | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|