LIMSpec Wiki
Ynhâld
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2010 MMX |
Ab urbe condita | 2763 |
Armeenske kalinder | 1459 ԹՎ ՌՆԾԹ |
Etiopyske kalinder | 2002 – 2003 |
Hebriuwske kalinder | 5770 – 5771 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2065 – 2066 |
- Shaka Samvat | 1932 – 1933 |
- Kali Yuga | 5111 – 5112 |
Iraanske kalinder | 1388 – 1389 |
Islamityske kalinder | 1431 – 1431 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4706 – 4707 丙丑 – 丁寅 |
2010 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 2010.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.
Foarfallen
- jannewaris
- 1 - De Amerikaanske steat Nij-Hampshire fiert it homohoulik yn.
- 2 - Yn Denemark besiket in 27-jierrige Somaaljer cartoonist Kurt Westergaard te fermoardzjen, dy't ferantwurdlik wie foar de Mohammed-cartoons yn 'e krante Jylland-Posten.
- 4 - De Boerdj Chalifa, in hotel yn Dûbai, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, wurdt iepene. It is mei 828 m de heechste wolkekliuwer yn 'e wrâld.
- 8 - By in oanslach op it Togoleeske nasjonale fuotbalalvetal komme yn Angoala 3 minsken om en reitsje 9 oaren ferwûne as de spilersbus yn 'e eksklave Kabinda ûnder fjoer nommen wurdt troch Kabindeeske separatisten.
- 10 - Foar de fjirde kear op rige wurdt Sven Kramer Jeropeesk kampioen reedriden oer alles.
- 12 - By in swiere ierdbeving fan 7,0 op 'e skaal fan Richter komme yn Haïty likernôch 160.000 minsken om. Miljoenen Haïtianen reitsje dakleas.
- 14 - Yn it ramt fan 'e opstân fan al-Qaida yn Jemen kundiget it Jemenityske regear in iepen oarloch ôf tsjin 'e terreurbeweging.
- 15 - De Tsjadyske Boargeroarloch wurdt beëinige.
- 19 - Op It Hearrenfean wurdt in man delsketten as er mei in mês by in skoalle stiet te swaaien.[1]
- 25 - It ferkearsfleantúch Ethiopian Airlines-flecht 409 stoart del yn 'e Middellânske See koart nei't it opstige is fan 'e lofthaven fan 'e Libaneeske haadstêd Beirût. Dêrby komme alle 90 ynsittenden om.
- febrewaris
- 12-28 - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Vancouver, yn Kanada.
- 13 - By in bomoanslach yn it Yndiaaske plak Pune komme 17 minsken om en reitsje 54 oaren ferwûne.
- 15 - By de treinramp fan Halle, by it Belgyske Halle, komme 19 minsken om en reitsje 171 oaren ferwûne.
- 18 - By in steatgreep yn Niger wurdt presidint Mamadou Tandja ôfset en in militêre diktatuer ynsteld ûnder lieidng fan Salou Djibo.
- 20 - Yn Nederlân falt it Kabinet-Balkenende IV oer de kwestje fan it wol of net ferlingjen fan 'e Nederlânske missy yn Afganistan.
- 27 - By in ierdbeving fan 8,8 op 'e skaal fan Richter, folge troch in tsûnamy, komme yn Sily 525 minsken om. It episintrum leit op likernôch 115 km fan Concepción.
- maart
- 3 - It Amerikaanske federaal distrikt Washington, D.C. fiert it homohoulik yn.
- 3 - By gemeenteriedsferkiezings yn Nederlân winne D66, de VVD en de lokale partijen.
- 3 - It Meksikaanske Federaal Distrikt fiert it homohoulik yn.
- 12-21 maart - De Paralympyske Winterspullen wurde holden yn Vancouver, yn Kanada.
- 16 - De Tomben fan Kasubi, dy't it iennichste Wrâlderfgoed yn Oeganda binne, wurde by in brân ferwuostge.
- 20-23 juny - Op Iislân barst oanhâldend de fulkaan de Eyjafjallajökull út. Dêrby wurdt sa'n soad fulkanyske jiske yn 'e atmosfear fan Noard-Jeropa en it Arktysk Gebiet pompt, dat de loftfeart yn dy regio der sterk troch fersteurd wurdt.
- 23 - De Amerikaanske presidint Barack Obama ûndertekenet de Patient Protection and Affordable Care Act, better bekend as 'Obamacare'. Dêrtroch krije tsientallen miljoenen Amerikanen foar it earst in syktekostefersekering.
- 26 - In Súdkoreaansk marineskip, de ROKS Cheonan, sinkt foar de Koreaanske westkust, wêrby't 46 fan 104 opfarrenden omkomme. (In offisjeel ûndersyk komt yn maaie 2010 ta de konklúzje dat it skip sonken is nei't it rekke waard troch in Noardkoreaanske torpedo. Noard-Koreä ûntstriidt eltse belutsenheid.)
- 29 - By in bomoanslach yn 'e metro fan 'e Russyske haadstêd Moskou komme 40 minsken om en reitsje 102 oaren ferwûne.
- april
- 4 - By in ierdbeving fan 7,2 op 'e skaal fan Richter komme op it Kalifornyske Skiereilân yn Meksiko 3 minsken om en reitsje mear as 200 ferwûne.
- 7 - By de Kirgizyske Revolúsje wurdt, nei ferheftige demonstraasjes dy't útrinne op in opskuor, presidint Koermanbek Bakijev ôfset, dy't de wyk nimt nei it bûtenlân.
- 10 - By it delstoarten fan in Poalsk regearingsfleantúch by de Russyske stêd Smolensk komme alle 96 ynsittenden om, ûnder wa de Poalske presidint Lech Kaczyński.
- 13 - By in ierdbeving fan 6,9 op 'e skaal fan Richter komme yn Sina teminsten 2.200 minsken om en reitsje mear as 12.000 oaren ferwûne.
- 14 - Fulkanyske jiske yn 'e atmosfear, ôfkomstich fan 'e útbarsting fan 'e fulkaan de Eyjafjallajökull, op Iislân, begjint yn noardlik en westlik Jeropa it loftferkear te fersteuren.
- 15 - Op It Hearrenfean wurdt it Frysk Sportgala holden, organisearre troch de Gemeente It Hearrenfean, Topsportstipepunt Noard, De Friesland Zorgverzekeraar en Sport Fryslân.[2]
- 20 - Op it boarplatfoarm de Deepwater Horizon, yn 'e Golf fan Meksiko, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana, docht him in grutte ûntploffing foar, wêrby't 11 fan 'e 126 opfarrenden de dea fine en 17 oaren ferwûne reitsje. De Deepwater Horizon sinkt nei oardel etmiel yn 'e brân stien te hawwen. De ûntploffing liedt ta de grutste oaljeramp út 'e Amerikaanske skiednis, wêrby't 780.000 m³ rouwe oalje yn see streamt.
- maaie
- 2 - De lannen fan 'e eurosône en it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF) wurde it yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis iens oer in finansjeel helppakket oan Grikelân ter wearde fan €110 miljard. Yn ruil dêrfoar moat it Grykske regear strange en pynlike besunigings trochfiere.
- 6 - De parlemintsferkiezings yn it Feriene Keninkryk smite foar it earst sûnt 1974 in hung parliament op, dêr't gjin inkele partij de mearderheid yn hat. Fan gefolgen is de Konservative premier David Cameron twongen om in koälysjeregear te foarmjen mei de Liberaal-Demokraten fan Nick Clegg.
- 7 - Sily wurdt as 31e lân lid fan 'e Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OECD).
- 12 - It ferkearsfleantúch Afriqiyah Airways-flecht 771 stoart del by de Libyske haadstêd Tripoly. Dêrby komme alle 104 ynsittenden om, op ien jonkje nei. Under de deaden binne in soad Nederlânske toeristen.
- 19 - De protesten yn Tailân wurde yn 'e haadstêd Bangkok troch it leger bloedich de kop yndrukt, mei 91 deaden en mear as 2.100 ferwûnen as gefolch.
- 22 - It ferkearsfleantúch Air India Express-flecht 812 sjit fan 'e lâningsbaan yn 'e Yndiaaske stêd Mangalore, wêrby't 158 minsken omkomme.
- 28 - By oanslaggen op achmadija-moskeeën yn Pakistan (fan 'e achmadija's, in ôfwikende streaming binnen de islaam) komme 87 minsken om en reitsje mear as 120 oaren ferwûne.
- 28-30 - It Friezendroapen hat plak op Hilgelân.
- 30 - It Reidingpark yn Drachten wurdt offisjeel weriepene.
- 31 - As in ynternasjonale float fan skippen dy't folladen binne mei helpguod de Blokkade fan 'e Gaza-stripe besiket te trochbrekken, fiert it Israelyske leger by nacht in bloedige oerfal út op 'e float, wêrby't 9 freedsume aktivisten fermoarde wurde. Om't de measte slachtoffers Turken binne, liedt dit bloedbad ta in djippe diplomatike krisis tusken Israel en Turkije.
- juny
- 5 - Portegal fiert it homohoulik yn.
- 10-14 - By in opskuor tusken etnyske Kirgizen en leden fan 'e Oezbeekske minderheid yn Kirgyzje falle yn it suden fan Kirgyzje hûnderten deaden.
- 11-11 july - Yn Súd-Afrika wurdt it Wrâldkampioenskip fuotbal 2010 holden.
- 19 - Yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm wurdt ûnder oerweldigjende publike belangstelling de brulloft fan kroanprinsesse Fiktoaria fan Sweden en Daniel Westling fierd.
- 24 - Julia Gillard wurdt de earste froulike premier fan Austraalje.
- 27 - Iislân fiert it homohoulik yn.
- 29 - De koarte film It Skaad fan Bonifatius, dêr't Aldfrysk yn sprutsen wurdt, giet yn premiêre.
- july
- 8 - De Haadbrêge fan Easterwâlde wurdt oplevere.
- 11 - It Nederlânske alvetal ferliest de finale fan it WK fuotbal yn Súd-Afrika yn 'e ferlinging mei 1-0. Spanje wurdt wrâldkampioen.
- 21 - Sloveenje wurdt as 32e lân lid fan 'e Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OECD).
- 22 - Argentynje fiert it homohoulik yn.
- 25 - WikiLeaks publisearret mear as 90.000 lekte dokuminten fan 'e Amerikaanske oerheid oer de Oarloch yn Afganistan. Dêryn wurdt út 'e doeken dien hoe't de Amerikanen de lieders fan 'e Taliban fermoardzje sûnder foar fan proses, almar mear op ôfstân oanfallen mei drones útfiere, en bewiismateriaal ferdwine litte oangeande û.m. de dea fan boargers by oanfallen fan Amerikaanske troepen.
- 25 - In trein sjit jûns let by it stasjon Starum troch de stjitblokken, riidt dwers troch in wettersportwinkel en stoppet 100 m fierder, op in plein. Twa ûnderhâldslju reitsje ferwûne.
- 28 - It ferkearsfleantúch Airblue-flecht 202 stoart del yn 'e Mangalla-heuvels by de Pakistaanske haadstêd Islamabad, wêrby't alle 152 ynsittenden omkomme.
- 29 - By wettersneed yn noardwestlik Pakistan nei de swierste moessonrein sûnt de registraasje begûn, komme teminsten 1.600 en miskien wol 3.000 minsken om. Miljoenen reitsje dakleas.
- augustus
- 4 - De Noardfryske Wikipedy set útein.
- 5-13 oktober - By it mynûngelok fan Copiapó komme 33 Sileenske mynwurkers 700 m ûnder de grûn fêst te sitten. Pas nei 69 dagen kinne se befrijd wurde.
- 7-12 - Yn Snits wurdt de 75e Snitswike holden.
- 10 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ferklearret de pandemy fan 'e bargegryp offisjeel foar betwongen. Dizze sykte hat yn 214 lannen en territoaria it libben kostje oan teminsten 18.138 minsken.
- septimber
- hiele moanne - It is de Moanne fan it Fryske Boek.
- 4 - By in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter yn Christchurch, op it Sudereilân fan Nij-Seelân, wurdt grutte skea oanrjochte, mar falle gjin deaden. Dit is de earste fan rige ierdbevings dy't de stêd oant en mei 2012 treffe sille.
- 7 - Israel wurdt as 33e lân lid fan 'e Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OECD).
- oktober
- 10 - De Nederlânske Antillen hâlde op te bestean. Kurasau en Sint-Marten wurde ôfhinklike lannen binnen it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mei deselde status as Arûba, wylst Bonêre, Sint-Eustasius en Saba bysûndere gemeenten fan Nederlân wurde en Karibysk Nederlân komme te foarmjen.
- 10 - Dizze dei is "10-10-10".
- 14 - Yn Nederlân foarmje VVD en CDA in minderheidskabinet mei gedoochstipe fan 'e PVV.
- 18 - De tyfoan Megi (yn 'e Filipinen bekend as Juan) feroarsaket yn 'e Filipinen teminsten 69 deaden en rjochtet foar $709 miljoen oan skea oan.
- 22 - WikiLeaks publisearret krapoan 392.000 lekte dokuminten fan 'e Amerikaanske oerheid oer de Irakoarloch. Dêrút blykt hoe't de Amerikanen marteling, ferkrêfting en oare mishannelings fan finzenen yn 'e dôfpot stopje, krektlyk as hoe't hûnderten boargers troch Amerikaanske soldaten deasketten wurde by kontrôleposten. Ek docht bliken dat de Amerikaanske oerheid mei opsetsin foutive ynformaasje ferspriedt oer it tal slachtoffers fan 'e oarloch.
- 25 - In ierdbeving foar de kust fan it Yndonezyske eilân Sumatra feroarsaket in tsûnamy dêr't mear as 400 minsken by omkomme.
- 26-30 novimber - By oanhâldende útbarstings fan 'e fulkaan de Merapi, op it Yndonezyske eilân Java, komme troch delslach fan fulkanyske jiske en troch pyroklastyske streamen 353 minsken om en moatte hûnderttûzenen lju hûs en hurd ferlitte. Fanwegen alle jiske yn 'e atmosfear wurdt ek de loftfeart yn it gebiet stillein.
- novimber
- 4 - It ferkearsfleantúch Aero Caribbean-flecht 883 stoart del yn sintraal Kuba, wêrby't alle 68 ynsittenden omkomme.
- 7 - Yn Birma wurde ferkiezings holden ûnder tafersjoch fan 'e militêre gûnta. Thein Sein wurdt de earste net-militêre presidint fan Birma sûnt 1962. Nettsjinsteande dat behâldt it leger fierhinne de macht yn it lân.
- 13 - De Birmeeske opposysjeliedster Aung San Suu Kyi wurdt frijlitten út hûsarrest, nei't se sûnt 1989 oanhâldend yn in foarm fan finzenskip trochbrocht hat.
- 23 - Noard-Koreä fiert in bombardemint út fan it Súdkoreaanske eilân Yeonpyeong. Dêrby falle 4 deaden: 2 militêren en 2 boargers. Troch it ynsidint boazje de spannings op it Koreaanske Skiereilân sterk oan.
- desimber
- 9 - Estlân wurdt as 34e lân lid fan 'e Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OECD).
- 17 - It besykjen ta selsmoard fan Mohammed Bûazizi, in Tunezyske strjitferkeaper, jout oanlieding ta de Tunezyske Revolúsje en de Arabyske Maityd yn 'e hiele Arabyske wrâld.
Berne
Ferstoarn
- jannewaris
- 1 - Jaap de Vries, Frysk yllustrator en skriuwer (* 1961)
- 3 - Lous Haasdijk, Nederlânsk presintatrise (* 1938)
- 4 - Johan Ferrier, presidint fan Suriname (* 1910)
- 5 - Sander Simons, Nederlânsk nijslêzer en sjoernalist (* 1962)
- 11 - Miep Gies, Nederlânsk fersetsfrou, freondinne fan Anne Frank (* 1909)
- 11 - Hugo Roepel, Frysk masseur en sportfersoarger (* 1936)
- 14 - Henk Neuman, Frysk sjoernalist en bestjoerder (* 1926)
- 19 - Meindert van der Weerd, Frysk keatser (* 1923)
- 27 - J.D. Salinger, Amerikaansk skriuwer (* 1919)
- 27 - Zelda Rubinstein, Amerikaansk aktrise (* 1933)
- 31 - Adriaan van der Velde, Frysk ûndernimmer en boekhannelsman (* 1942)
- febrewaris
- 6 - Lieuwe Brink, Frysk sportbestjoerder (* 1943)
- 14 - Jan Pen, Frysk ekonoom (* 1921)
- 19 - Hendrik "Bull" Verweij, Nederlânsk ûndernimmer, mei-oprjochter Veronica (* 1909)
- maart
- 11 - Hans van Mierlo, Nederlânsk politikus (* 1931)
- 27 - J.J. Peereboom, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer (* 1924)
- april
- 2 - Tjitse Smeding, Frysk trener-pikeur (* 1954)
- 7 - Feite Faber, Frysk boargemaster (* 1923)
- 8 - Teddy Scholten, Nederlânsk sjongster en presintatriste (* 1926)
- 9 - Minnie Two Shoes, Amerikaansk sjoernaliste en aktiviste (* 1950)
- 14 - Peter Steele, Amerikaansk bassist en sjonger (* 1962)
- 19 - Guru, Amerikaansk rapper en akteur (* 1961)
- 24 - Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip, Nederlânske jonkfrou en skriuwster (* 1907)
- maaie
- 7 - Noor van de Wetering, Frysk politika (* 1920)
- 9 - Lena Horne, Amerikaansk aktrise en sjongster (* 1917)
- 9 - Hans Dijkstal, Nederlânsk politikus (* 1943)
- 12 - Jo van Nunen, Nederlânsk yngenieur en heechlearaar logistyk (* 1945)
- 15 - John Shepherd-Barron, Skotsk útfiner fan de pinautomaat (* 1925)
- 16 - Ronnie James Dio, Amerikaansk sjonger (* 1942)
- 21 - Driek van Wissen, Nederlânsk dichter (* 1943)
- 29 - Aad de Koning, Nederlânsk reedrider (* 1928)
- juny
- 2 - Dorothy DeBorba, Amerikaansk aktrise (* 1925)
- july
- 4 - Bram van der Werf, Frysk politikus (* 1943)
- 6 - Jan Blokker, Nederlânsk sjoernalist, kollumnist en senarioskriuwer (* 1927)
- 8 - Frans Mallan, Nederlânsk predikant (* 1925)
- 13 - Pieter Tjeerdsma, Frysk boargemaster (* 1916)
- 17 - Henk Smit, Frysk operasjonger (* 1932)
- 22 - Hanny Alders, Nederlânsk skriuwster (* 1946)
- 23 - Willem Breuker, Nederlânsk muzikant en komponist (* 1944)
- 24 - Theo Albrecht, Dútsk ûndernimmer, mei-oprjochter Aldi (* 1922)
- 25 - Henk Vonhoff, Nederlânsk politikus (* 1931)
- augustus
- 7 - Manon Alving, Frysk aktrise (* 1923)
- 22 - Conny Stuart (Cornelia van Meijgaard), Nederlânsk sjongster, aktrise, kabaretiêre en musicalstjer (* 1913)
- 22 - Hyke Koopmans, Frysk keunstner (* 1924)
- 22 - Michel Montignac, Frânsk dieetgoeroe (* 1944)
- 23 - Sipke Oppedijk, Frysk akteur en kabaretier (* 1935)
- 26 - Ton van Duinhoven, Nederlânsk sjoernalist, akteur en tekstskriuwer (* 1921)
- 27 - Anton Geesink, Nederlânsk judoka en sportbestjoerder (* 1934)
- 28 - Hette Uilkema, Frysk skriuwer en kritebestjoerder (* 1929)
- 29 - André Bralts, Grinslânsk muzikant en publisist (* 1945)
- 29 - Appie Baantjer, Nederlânsk plysjeman en skriuwer (* 1923)
- 31 - Laurent Fignon, Frânsk hurdfytser (* 1960)
- septimber
- 1 - Jean Nelissen, Nederlânsk sportsjoernalist (* 1936)
- 5 - Corneille, Waalsk keunstskilder (* 1922)
- 7 - Frans Helfrich, Frysk keatser (* 1920)
- 23 - Henk Heising, Nederlânsk sporttrener (* 1943)
- oktober
- 1 - Harmen Wind, Frysk dichter en skriuwer (* 1945)
- 6 - Antonie Kamerling, Nederlânsk akteur (* 1966)
- 13 - Ien van den Heuvel, Nederlânsk politikus (* 1927)
- 14 - Minne Dijkstra, Frysk ûndernimmer, direkteur Koopmans Moalfabriken, en sportbestjoerder (* 1955)
- 20 - Max Kohnstamm, Nederlânsk skiedkundige en diplomaat (* 1914)
- 30 - Harry Mulisch, Nederlânsk skriuwer (* 1927)
- novimber
- 4 - Tiny Mulder, Frysk skriuwster, sjoernaliste en fersetsstrider (* 1921)
- 10 - Wijtske van Dijk-Meindertsma, âldste persoan fan Nederlân (* 1902)
- 12 - Henryk Górecki, Poalsk komponist (* 1933)
- 19 - Gauke Nijholt, Frysk reedriderstrener (* 1937)
- 25 - Wim Bors, Frysk fotograaf, skilder en inisjatyfnimmer Media Art Festival Fryslân (* 1939)
- 28 - Leslie Nielsen, Amerikaansk-Kanadeesk akteur (* 1926)
- desimber
- 11 - Jack Frölich, Frysk muzikant, dirigint en muzykresinsint (* 1948)
- 15 - Jaap Sjoerdsma, Frysk politikus en orkestbestjoerder (* 1937)
- 24 - Frans de Munck (byneamd 'de Swarte Panter'), Nederlânsk fuotballer (* 1922)
- 27 - Riekele Borger, Frysk-Dútsk assyriolooch (* 1929)
- 27 - Grant McCune, Amerikaansk special effects-technikus (* 1943)
- 31 - Hans de Jong, Frysk waarman (* 1921)
- 31 - Vergil Dykstra, Amerikaanske filosoof en ûnderwiisbestjoerder (* 1925)
Films
Literatuer
- romans
- Jim Butcher, Changes
- Paul Kearney, Corvus
- Lois McMaster Bujold, CryoBurn
- C.J. Cherryh, Deceiver
- Kody Keplinger, The DUFF
- Juliet Marillier, Seer of Sevenwaters
- Patricia Briggs, Silver Borne
- Tanya Huff, The Truth of Valor
- novelles
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, AAAA Wizardry
- Jim Butcher, Even Hand
- Jim Butcher, Love Hurts
- ferhalebondels
- Kevin J. Anderson (red.), Blood Lite II: Overbite
- P.N. Elrod (red.), Dark and Stormy Knights
- Jim Butcher, Side Jobs
- George R.R. Martin en Gardner Dozois (red.), Songs of Love and Death
Jierren: | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|