LabLynx Wiki
Ynhâld
-
Begjin
-
1 Oarsprong fan religy
-
2 Aspekten fan religy
-
3 Yndieling fan religyen
-
3.1 Wrâldreligyen en besibbe religyen
-
3.2 Lânseigen religyen
-
3.3 Nije religieuze bewegings
-
3.3.1 Nije religyen fan Japan
-
3.3.2 Nije religieuze bewegings op boedistyske grûnslach
-
3.3.3 Nije religieuze bewegings op hindoeïstyske grûnslach
-
3.3.4 Modern heidendom
-
3.3.5 Westerske mystyk
-
3.3.6 Afrikaanske synkretistyske religyen fan 'e Amearika's
-
3.3.7 Yndiaanske synkretistyske religyen fan 'e Amearika's
-
3.3.8 Frachtreligyen
-
3.3.9 UFO-religyen
-
-
3.4 Oare religyen
-
3.5 Oare libbensbeskôglike filosofyen
-
-
4 Religy en maatskippij
-
5 Wittenskip
-
6 Sjoch ek
-
7 Boarnen, noaten en referinsjes
In religy (fan it Latynske religio) is in kultureel systeem fan minsklik tinken en hâlden en dragen dat yn ferbân stiet mei it boppenatuerlike of it transendinte (bûtennatuerlike). Ta sa'n systeem hearre libbensbeskôging, hillige plakken, etyk en faak ek teksten en organisaasjes. Dêrby nimt it leauwen yn ien of mear hillige boppeminsklike wêzens (goaden) en/of yn in libben nei de dea almeast in sintraal plak yn. Oare ûnderdielen kinne seremoanjes en rituëlen wêze, ferearing, inisjaasjes, offers, hjeldagen, betinkings, trouwerijen, útfearten, meditaasje, gebed, muzyk, sjongen, dûns en keunst. Religy kin fêstlein wêze yn hillige teksten of trochjûn wurde fia mûnlinge oerlevering. Yn sokke boarnen kin in inkele god (of God) beskreaun wurde, mar ek in wiidfiemjende mytology fan in grut panteön of ynstee inkeld de etyk fan 'e religy.
Synonimen foar religy binne (de) godstsjinst ("it tsjinjen fan in god of goaden") en (it) leauwe. De oanstriid ta religy wurdt religiositeit neamd. Sûnt de Ferljochting fan 'e achttjinde iuw bestiet der in streaming, it ateïsme, dy't eltse foarm fan religy ôfwiisd. Hoewol't oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw benammen yn West-Jeropa religiositeit oan terrein ferliest, hinget noch altyd in grutte mearderheid fan de wrâldbefolking, sa'n 87,2%, de iene of oare religy oan. Der besteane wrâldwiid nei skatting sa'n 10.000 ûnderskate religyen, dy't troch godstsjinstûndersikers opdield wurde yn trije haadgroepen: wrâldreligyen, lânseigen religyen en nije religieuze bewegings. Fan 'e wrâldbefolking hong anno 2010 78% ien fan 'e fjouwer grutste wrâldreligyen oan: it kristendom, de islaam, it hindoeïsme en it boedisme. Der binne sterke oanwizings om derfan út te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minske oanberne is. It net hawwen fan in religy hjit yrreligy. De wichtichste foarmen dêrfan binne ateïsme en agnostisisme. It proses fan it loslitten fan religy hjit sekularisaasje. De tûken fan 'e wittenskip dy't ûndersyk dogge nei it ferskynsel 'religy' binne de teology en de ferlykjende godstsjinstwittenskip.
Oarsprong fan religy
- De Wikipedy hat ek in side oarsprong fan religy.
Der binne sterke oanwizings om derfan út te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minske oanberne is. Dat betsjut dat it yn begjinsel net wat is dat harren troch foarsten of preesters oplein of oanpraat is, mar dat út 'e minsken sels komt, en dêrmei fan alle tiden is en yn alle maatskippijen bestean sil. Los fan 'e fraach oft sokke leauwensoertsjûgings op wierheid berêste, mei oare wurden, oft der wier goaden of in hjirneimels besteane (eat dat de wittenskip bewize noch ûntkrêftsje kin), lykje de measte minsken religy nedich te hawwen om te besykjen útdrukking te jaan oan 'e sin en de mystearjes fan it libben. Religiositeit wurdt dêrom wol beskôge as in wichtige skiedsline tusken minske en bist. Beiden ite, drinke, sliepe, kommunisearje en plantsje har fuort, mar allinne minsken soenen de geastlike fermogens en it selsbewustwêzen hawwe om nei te tinken oer wêr't se wei komme, wêr't se hinne geane en wat de sin fan it libben is.
Aspekten fan religy
Leauwen en fertrouwen
Mei't religy útgiet fan it boppenatuerlike, is de wierheid derfan ynherint ûnbewiisber. It wichtichste ûnderdiel fan religy is dêrom leauwen yn 'e letterlike sin fan it wurd. Oanhingers fan in religy moatte leauwe yn 'e dingen dêr't sa'n religy foar stiet, mei't dy dingen wittenskiplik sjoen net te bewizen of te ûntkrêftsjen binne. Sokke oanhingers wurde dêrom 'leauwenden' neamd. Leauwen giet yn it ramt fan religy mank mei in flinke poarsje fertrouwen: leauwenden hawwe sels gjin ynfloed op it wier wêzen (of net) fan harren religy, en moatte der dêrom fertrouwen yn hawwe dat de útkomst (bgl. it bestean fan in hegere macht of in libben nei de dea) wêze sil sa't se ferwachtsje.
Libbensbeskôging
Religyen omfetsje faak in skiednis, in boadskip en in mytology dy't fêstlein binne yn in hillige tekst. Oare aspekten kinne symboalen en/of hillige plakken wêze, en útlis oer de oarsprong fan it libben, it doel fan it libben en wat der nei it libben komt.
Goaden
- De Wikipedy hat ek in side god.
Yn 'e measte religyen spilet it leauwen yn it bestean fan ien of mear hypotetyske boppeminsklike wêzens in grutte rol. Sa'n wêzen wurdt yn 'e regel in god of godheid neamd, of goadinne as it in froulik wêzen oanbelanget. Sokke wêzens wurde beskôge as hillich en boppe of bûten de natoer steand. Goaden wurde karakterisearre trochdat se machtiger binne as minsken, ynteraksje hawwe mei minsken (yn positive of negative sin) en minsken ta hegere nivo's fan bewustwêzen bringe kinne.
Yn teïstyske religyen nimme goaden in wichtich plak yn. Polyteïstyske religyen geane út fan it bestean fan ferskate, soms sels ûntelbere, goaden, wylst monoteïstyske religyen úthâlde dat der mar ien God (skreaun mei in haadletter) bestiet. Monolatry is in tuskenfoarm wêrby't de leauwende wol it bestean fan mear goaden erkend, mar net mear as ien inkele god tsjinnet. Henoteïsme is in praktyk wêrby't men alle goaden as ekwivalinte represintaasjes fan ien inkele God beskôget.
Non-teïstyske religyen lizze de klam op oare dingen en beskôgje de ferearing fan goaden fierhinne as yrrelevant, hoewol net direkt problematysk. In groep goaden út ien beskate polyteïstsyske religy is in panteön. De leden fan in panteön hawwe ornaris allegearre harren eigen domein; sa besteane in protte panteöns fierhinne út personifiëarre natoerferskynsels (lykas tonger en wjerljocht, sinne, moanne, wyn en see), maatskiplike fenomenen (lykas oarloch, jacht, lânbou en keningskip) en minsklike emoasjes en fermogens (lykas leafde, kennis en wiisheid).
Mytology
- De Wikipedy hat ek in side mytology.
In mytology is in stelsel fan ûnderling ferbânhâldende ferhalen (myten) oer de goaden fan in beskate religy. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt benammen it wurd 'myte' faak brûkt foar in fantastyske of ûnbewiisber achte fertelling of bewearing, dêr't men op delsjocht. Net-religieuze lju kinne bgl. it hiele ferskynsel 'religy' as myte weisette, of lju dy't in beskate godstsjinst oanhingje, kinne de religieuze fertellings fan in oare godstsjinst weisette as myten. Dêrmei wurdt bedoeld dat sokke ferhalen minder echt of wier binne as jins eigen. Mytology wurdt sadwaande gauris opfetten as "de religy fan in oar". Yn 'e wittenskip hawwe de termen 'mytology' en 'myte' lykwols neutrale semantyske ladings, dêr't neat delbûgends oan is. In myte is yn 'e wittenskiplike kontekst in ferhaal dat wichtich is foar in beskate leauwensgroep. Oft it wier of bewiisber is, docht wat dat oangiet net ta de saak.
Religieuze praktiken
De praktiken fan in religy besteane hast altyd út beskate rituelen en seremoanjes. De wichtichsten dêrfan omfetsje almeast de ferearing fan ien of mear goaden, lykas earetsjinst, offers, preken, gebedens, hjeldagen, sjongen, musisearjen, dûnsjen, of it meitsjen fan keunst (bgl. ikoanen of hilligebylden). Oare rituelen en seremoanjes tsjinje om 'e religy mei it deistich libben fan 'e leauwenden te ferbinen, lykas meditaasje, inisjaasjeriten (doop, besnijenis), trouwerijen, deaderituelen (begraffenis, kremaasje).
Sosjale organisaasje
Religyen hawwe faak ek in basis yn 'e maatskippij troch in beskate klasse fan lju dy't him by útstek op 'e religy taleit en út dy hoedanichheid wei oaren bystiet. Men kin dan tinke oan in sjamaan, medisynman, dûmny, pastoar, rabbyn, imaam, ensfh. By sterker en mear sintraal organisearre religyen tsjut men sokke lju as groep faak oan as geastlikheid. Dêr bestiet faak ek it godshûs, in gebou of romte dêr't de leauwenden gearkomme om mei-inoar de earetsjinst te fieren. Sa'n godshûs hjit yn it kristendom de tsjerke, yn it joadendom de synagoge, yn 'e islaam de moskee, yn it hindoeïsme de timpel en yn it boedisme de stoepa.
Yndieling fan religyen
Der besteane wrâldwiid nei skatting sa'n 10.000 ûnderskate religyen. Ornaris wurde dy yn 'e godstsjinstwittenskippen yndield yn trije grutte kategoryen:
- wrâldreligyen (en lytsere, dêroan besibbe religyen)
- lânseigen religyen
- nije religieuze bewegings
Oare mooglike yndielings fan religyen binne yn universele religyen, dy't yn prinsipe yn alle kultueren oanhing hawwe kinne, en etnyske religyen, dy't kultuerespesifyk binne, of yn 'e Westerske religyen fan 'e Westerske wrâld en de Easterske religyen fan Súd- en East-Aazje.
Wrâldreligyen en besibbe religyen
Wrâldreligyen binne (meastal) gruttere religyen dy't (meastal) universeel binne, oftewol ynternasjonaal en transkultureel. D.w.s. dat de leauwenden út ferskillende lannen en kultueren komme. Se wurde ûnderferdield yn fjouwer geografysk ûnderskate groepen fan godstsjinsten dy't út deselde oarsprong komme of om kulturele redens dingen gemien hawwe. Dêrby giet it om:
Abrahamityske religyen
- De Wikipedy hat ek in side abrahamityske religyen.
De abrahamityske religyen binne de Westerske monoteïstyske godstsjinsten wêrfan't troch har leauwenden oannommen wurdt dat se úteinlik weromgeane op it leauwe fan 'e bibelske aartsfaar Abraham. Ta dizze groep hearre de beide grutste religyen fan 'e wrâld, it kristendom en de islaam.
Joadendom
- De Wikipedy hat ek in side joadendom.
It joadendom is de âldste fan 'e abrahamityske religyen. It ûntjoech him nei alle gedachten net sasear út it leauwe fan 'e aartsfaar Abraham, as wol út in foarm fan monolatry dy't de profeet Mozes nei de Uttocht út Egypte mank de âlde Israeliten yntrodusearre. Dy iere foarm fan it joadendom wurdt it jahwisme neamd, nei de god Jahweh. Dyselde naam meitiid nammentlik in hieltyd promininter plak yn, oant it jahwisme him, wierskynlik ûnder de Babyloanyske Ballingskip yn 'e sechsde iuw f.Kr., ta in monoteïstyske religy ûntjoech. De Torah, dy't de wichtichste joadske hillige teksten omfettet, wie doe al skreaun, mar de Tenach (de Joadske Bibel) as gehiel moast noch foltôge wurde. Letter waard de joadske religieuze literatuer noch oanfolle mei bykommende teksten as de Midrash en de Talmoed.
Under de Romeinske Tiid ûntstie it moderne rabbinale joadendom út 'e maatskiplike opskuor dy't it gefolch wie fan 'e ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim yn 70 n.Kr. en de ferdriuwing fan 'e Joaden út Jeruzalim yn 136. Anno 2015 wiene der wrâldwiid 14,3 miljoen joaden (de oanhingers fan 'e religy; net te betiizjen mei Joaden, in etnyske groep). Dêrfan wenne doe 43% yn Israel en nochris 43% yn 'e Feriene Steaten en Kanada, wylst de rest yn Jeropa en oare dielen fan 'e wrâld tahold. Der binne ferskate streamings binnen it joadendom, wêrfan't it otterdokse joadendom, it konservative joadendom en it reformjoadendom de wichtichsten binne.
Kristendom
- De Wikipedy hat ek in side kristendom.
It kristendom is in út it joadendom fuortkommen religy dy't basearre is op it libben en de lear fan 'e earste-iuwske profeet Jezus fan Nazaret, fan wa't de kristenen leauwe dat er as Jezus Kristus de Soan fan God en de messias wie. Dyselde soe as God de Soan mei God de Heit en de Hillige Geast diel útmeitsje fan 'e Trije-ienheid, ien ûndielde god besteande út trije persoanen. As de religy fan it Byzantynske Ryk en it Frankyske Ryk yn it earste milennium en fan Jeropa yn 'e tiid fan it kolonialisme is it kristendom oer de hiele wrâld ferspraat rekke. Yn 2010 wie it mei 2,2 miljard oanhingers (kristenen) de grutste godstsjinst fan 'e wrâld.
De wichtichste streamings binnen it kristendom binne:
- Westersk kristendom
- katolisisme
- Roomsk-Katolike Tsjerke: de grutste tsjerke fan 'e wrâld dy't ûnder lieding stiet fan 'e paus fan Rome
- Eastersk-katolike tsjerken: 23 katolike tsjerken (lykas de Koptysk-Katolike Tsjerke, de Syrysk-Katolike Tsjerke en de Maronityske Tsjerke) dy't eins ta it Easterske kristendom hearre, mar dy't mei de Roomsk-Katolike Tsjerke feriene binne yn 'e Katolike Tsjerke
- ferskate lytsere, selsstannige katolike tsjerken (lykas de Ald-Katolike Tsjerke en de Frij-Katolike Tsjerke)
- protestantisme: skaat fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke troch de Reformaasje fan 'e sechstjinde iuw en opspjalten yn tûzenen denominaasjes. Wichtige protestantske streamings binne it anglikanisme, kalvinisme, lutheranisme, baptisme, metodisme en it evangelysk kristendom. Lytsere groepen mei soms sterk ôfwikende ideeën binne bgl. Christian Science, de Jehova's Tsjûgen en it mormonisme (mei as wichtichste fertsjintwurdiger de Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen)
- katolisisme
- Eastersk kristendom
- Eastersk-otterdoksy: ferskate tsjerken mei riten dy't fuortkommen binne út 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan it Byzantynske Ryk, faak op nasjonale grûnslach staljûn, lykas de Tsjerke fan Grikelân, de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke, de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke en de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke
- Oriïntaalsk-otterdoksy: ferskate tsjerken dy't har ier fan 'e Byzantynske tsjerke ôfspjalten, ek faak wer op nasjonale basis staljûn, lykas de Koptysk-Otterdokse Tsjerke (fan Egypte), de Syrysk-Otterdokse Tsjerke, de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de Armeenske Apostoalyske Tsjerke
- nestorianisme: ferskate tsjerken dy't fuortkomme út 'e Tsjerke fan it Easten, dy't him as earste, yn 431, fan 'e kristlike ienheidstsjerke ôfspjalte
Islaam
- De Wikipedy hat ek in side islaam.
De islaam is in abrahamityske religy dy't him yn 'e earste helte fan 'e sânde iuw ûntjoech ûnder ynfloed fan ideeën út sawol it joadendom as it kristendom. De oanhingers fan 'e islaam, dy't moslims neamd wurde, leauwe dat de Koraan, de hillige tekst dy't de grûnslach fan harren leauwe foarmet, troch in ingel fan God streekrjocht oan 'e profeet Mohammed iepenbiere waard. De islaam wreide him nei de dea fan Mohammed tige fluch út oer it Midden-Easten, Noard-Afrika, dielen fan 'e Hoarn fan Afrika, Sintraal-Aazje, Súd-Aazje en dielen fan Súdeast-Aazje. Anno 2010 wiene der wrâldwiid 1,6 miljard moslims, wat de islaam yn grutte ta de twadde godstsjinst fan 'e wrâld makket.
Der binne ferskate streamings binnen de islaam:
- soennisme: de oanhingers, de soenniten, folgje net inkeld de Koraan, mar ek de hadith, de sammele lear fan islamityske teologen dy't nei Mohammed libben. It soennisme is fierwei de grutste islamityske streaming. It omfiemet ferskate ideeën oer hoe't de lear fan 'e islaam yn 'e praktyk brocht wurde moat, de saneamde 'rjochtsskoallen': hanifisme, malikisme, sjafiïsme en hanbalisme. Dêrnjonken binne der ek fernijingsbewegings dy't weromwolle nei de oarsprong fan 'e islaam, lykas it salafisme en it wahabisme.
- sjiïsme: de oanhingers, de sjiïten, leauwe dat de profeet Mohammed opfolge waard troch in rige erflike imaams begjinnend mei syn skoansoan Ali ibn Abi Talyb. It is de op ien nei grutste streaming binnen de islaam en it is ferdield yn in tal dúdlik ûnderskate substreamings:
- imamisme of tolvetalsjiïsme: leaut yn in rige fan tolve imaams. Imamiten libje benammen yn Iraan, Azerbeidzjan, súdlik Irak en dielen fan Libanon, Afganistan en Pakistan.
- ismaelisme of sântalsjiïsme: leaut yn in rige fan sân imaams. Ismaeliten falle útinoar yn ferskate streamings:
- mûstalisme: de mûstaliten binne de meast tradisjonele ismaelityske subgroep. Konsintrearre yn Yndia en Pakistan en yn Manatsja yn Jemen.
- nizarisme: de nizariten binne de folgelingen fan 'e Aga Khan-dynasty. Konsintrearre yn Yndia, Pakistan en Syrje.
- alawisme: de alewiten leauwe dat Mohammed en de sân imaams ynkarnaasjes fan God wiene. Konsintrearre yn noardwestlik Syrje.
- druzysk leauwe: de druzen hâlde harren religy fierhinne geheim, mar wol is bekend dat se yn reynkarnaasje leauwe en gjin wearde hechtsje oan 'e Fiif Pylders fan 'e Islaam. Harren religy wurdt dêrom ek wol as in selsstannige godstsjinst sjoen ynstee fan as ûnderdiel fan 'e islaam. Konsintrearre yn Libanon, Syrje en Israel.
- saïdisme of fiiftalsjiïsme: leaut yn in rige fan fiif imaams. Konsintrearre yn it noarden fan Jemen.
- ibadisme: de trêde haadstreaming fan 'e islaam. De ibaditen folgje in puriteinske foarm fan 'e religy en wiisden histoarysk sawol it soennisme as it sjiïsme ôf. Benammen konsintrearre yn Omaan en ûnder beskate Berberske folken yn 'e Magreb (benammen Algerije).
Wêr't it alevisme (net te betiizjen mei it alawisme) ditoangeande teplak brocht wurde moat, is ûndúdlik; guon saakkundigen diele it yn by it sjiïsme, wylst it neffens oaren in selsstannige tûke fan 'e islaam is. Der binne noch ferskate oare streamings, lykas it sûfisme (de islamityske mystyk), hoewol't dat ornaris binnen de soennityske of de sjiïtyske kontekst pleatst wurde kin, en ôfwikende groepen as de Nation of Islam yn 'e Feriene Steaten en de achmadija's yn Súd- en Súdeast-Aazje.
Bahaïsme
- De Wikipedy hat ek in side bahaïsme.
It bahaïsme is in abrahamityske religy dy't yn 1863 yn Perzje fanút de islaam stifte waard troch de profeet Bahá'u'lláh. It ûntwikkele him út it eardere babisme, dat mids njoggentjinde iuw preke waard troch de Báb, dy't yn kristlike termen as in soarte fan "Jehannes de Doper" fan Bahá'u'lláh sjoen wurde kin. It bahaïsme giet út fan trije begjinsels: de ienheid fan God, de ienheid fan religy en de ienheid fan 'e minskheid.
De ienheid fan God wiist op in strang monoteïsme. De ienheid fan religy komt ta utering yn 'e bahaïstyske oertsjûging dat God út en troch syn wil iepenbieret fia minsklike boadskippers dy't de profeten binne. Oant de komst fan Bahá'u'lláh hiene dy boadskippers harren iepenbiering lykwols altyd ûnfolslein begrepen, wat late ta it ûntstean fan ûnfolsleine foarmen fan religy. Yn it bahaïsme sels komt einlings de folsleine iepenbiering fan Gods wil ta utering. It bahaïsme wiist dêrom oare godstsjinsten net ôf, mar sjocht se as gebrekkige paden dy't úteinlik nei itselde doel liede. It akseptearret dêrom ek alle profeten út it joadendom, it kristendom en de islaam. De ienheid fan 'e minskheid wol sizze dat it bahaïsme alle foarmen fan rasisme, diskriminaasje, nasjonalisme, kasten, maatskiplike klassen en hierargy basearre op geslacht ôfwiist en as keunstmjittige behinderings sjocht. Anno 2010 wiene der wrâldwiid 7,3 miljoen bahaïsten.
Mandeïsme
- De Wikipedy hat ek in side mandeïsme.
It mandeïsme is in monoteïstyske godstsjinst mei dualistyske skaaimerken, dy't dêrom ek wol ta de Iraanske religyen rekkene wurdt. It is de godstsjinst fan 'e Mandeeërs, in lytse etnyske groep út súdlik Irak, dy't wol "de lêste gnostisy" neamd wurde. Hja leauwe dat harren religy basearre is op 'e lear fan Jehannes de Doper, dy't harren wichtichste profeet is. Yn 2007 waard it tal leauwenden fan it mandeïsme rûsd op 60.000 oant 70.000 minsken wrâldwiid.
Messiasbelidende joadendom
- De Wikipedy hat ek in side messiasbelidende joadendom.
It messiasbelidende joadendom is in moderne synkretistyske, monoteïstyske godstsjinst, dy't de religieuze tradysjes fan it joadendom kombinearret mei eleminten fan it kristendom. Dêrby giet it yn it bysûnder om it leauwen dat Jezus Kristus de joadske messias is. Fierders omfettet de lear fan it messiasbelidende joadendom ek de Trije-ienheid fan God (sa't dy yn it kristendom foarkomt), de erkenning fan sawol de Tenach (de joadske Bibel) as it kristlike Nije Testamint as gesachhawwende hillige teksten, en it dogma dat ferlossing inkeld berikt wurde kin troch it akseptearjen fan Jezus as jins ferlosser. Dêrnjonken hâldt dizze religy de joadske libbens- en dieetregels yn acht, lykas de jongesbesnijenis, it taboe op it iten fan bargefleis en de regeljouwing oangeande kosjere fieding.
It messiasbelidende joadendom kaam yn 'e 1960-er jierren en de 1970-er jierren foar it earst op. De leauwenden binne oer it algemien etnyske Joaden, hoewol't ek bekearlingen, ornaris út it kristendom, talitten wurde. Messiasbelidende joaden sjogge harrensels as joaden en harren religy as in streaming binnen it joadendom. Joadske religieuze en sekuliere autoriteiten wolle dêr neat fan witte, en hawwe it messiasbelidende joadendom oanmurken foar in foarm fan it kristendom, mear spesifyk fan it protestantisme. It Heechgerjochtshôf fan Israel hat messiasbelidende joaden it Rjocht op Weromkear (nei Israel) ûntsein. Yn 2012 wiene der wrâldwiid sa'n 350.000 messiasbelidende joaden, fan wa't 175.000 oant 250.000 yn 'e Feriene Steaten libben.
Noächisme
- De Wikipedy hat ek in side noächisme.
It noächisme is in monoteïstyske religy op joadske grûnslach, dy't útgiet fan in folsleine hanthavening fan 'e sân wetten fan 'e bibelske profeet Noäch en de tradisjonele ynterpretaasjes dêrfan yn it otterdokse joadendom. Neffens de joadske wet binne net-joaden net ferplichte om harren te bekearen ta it joadendom, mar wol om harren oan 'e Sân Wetten fan Noäch te hâlden as se harsels bewissigje wolle fan talitting ta de Kommende Wrâld (Olam ha-Ba), wat neffens de joadske lear de beleanning foar de rjochtfeardigen is.
Histoarysk waarden alle net-joaden yn it Hebriuwsk oantsjut as בני נח, bnei Noach, "bern fan Noäch", om't neffens it ferhaal oer de Sûndfloed yn it bibelboek Genesis alle minsken fan Noäch ôfstamje. Tsjintwurdich is dy namme lykwols foarbeholden oan dejingen dy't harren hâlde oan dit noächitysk ferbûn. It noächisme waard yn 'e 1990-er jierren stifte troch otterdoks-joadske rabbinen út Israel, ta rêding fan 'e rjochtfeardigen ûnder de net-joaden dy't harren net ta it joadendom bekeare woene of koene. Anno 2018 wiene der wrâldwiid mear as 20.000 noächiten, de measten fan harren yn 'e Filipinen.
Rastafarianisme
- De Wikipedy hat ek in side rastafarianisme.
It rastafarianisme is in monoteïstyske abrahamityske religy dy't ek sjoen wurde kin as in nije religieuze beweging. It kaam yn 'e 1930-er jierren op Jamaika ta ûntwikkeling mank de sosjale ûnderklasse fan negroïde ôfstammelingen fan plantaazjeslaven. De oanhingers, dy't rastafarianen, rastafary of koartwei rasta's neamd wurde, leauwe yn in spesifike ynterpretaasje fan 'e kristlike Bibel en yn ien inkele God dy't se oantsjutte as Jah. Dy God libbet yn eltse persoan en foarmet in yntegraal ûnderdiel fan alle minsken. It rastafarianisme ken in sintrale rol ta oan Haile Selassie, dy't fan 1930 oant 1974 keizer fan Etioopje wie. In soad oanhingers fan 'e godstsjinst sjogge him as de Weromkearde Kristus en dêrmei as in ynkarnaasje fan God, wylst oaren him beskôgje as in profeet.
It rastafarianisme is tige afrosintrysk, en skinkt bot oandacht oan 'e Afrikaanske diaspora, dy't yn 'e Westerske wrâld ('Babylon') yn ballingskip ferkeare en ûnderdrukt wurde soe. In protte rastafarianen roppe op ta de weromkear fan 'e diaspora nei Afrika, dat beskôge wurdt as it Unthjitten Lân of 'Sion'. Guon leauwenden wreidzje dêrop út ta in swart anty-blank rasisme. It smoken fan kannabis wurdt yn it rastafarianisme beskôge as in hillich sakramint. Oare ûnderdielen fan it leauwe binne ital (in dieet), it dragen fan it hier yn dreadlocks, en patriargale maatskiplike geslachtsrollen. It rastafarianisme ken gjin sintraal gesach, en omfettet ferskate denominaasjes of mansions of Rastafari, wêrfan't de wichtichsten de Nyahbinghi, de Bobo Ashanti en de Twelve Tribes of Israel binne. Yn 2012 wiene der wrâldwiid nei skatting 700.000 oant 1 miljoen rastafarianen.
Samaritanisme
- De Wikipedy hat ek in side samaritanisme.
It samaritanisme is de nasjonale religy fan 'e Samaritanen, dat ûnder de Assyryske Ballingskip yn 'e achtste iuw f.Kr. út it iere joadendom fuortkommen is. De Samaritanen libje neffens de foarskriften fan 'e Samaritaanske Pentateûch, dy't sysels beskôgje as de oarspronklike, ûnferoare Torah. Neffens harren is de bekendere Torah fan 'e joaden nammentlik in troch de tiid ferbastere ferzje fan 'e orizjinele tekst. It samaritanisme wurdt dêrom troch de eigen leauwenden sjoen as it echte, rjochtsinnige joadendom, dat weromgiet op 'e iepenbiering fan 'e profeet Mozes op 'e berch Sinaï, en dat dêrnei milennia ûnferoare fan âlder op âlder trochjûn is. Yn 2017 telde it samaritanisme noch krapoan 800 leauwenden, dy't yn it Westjordaanlân en Israel libje en etnysk sjoen as subgroep fan 'e Palestinen beskôge wurde.
Sjabakisme
- De Wikipedy hat ek in side sjabakisme.
It sjabakisme is it leauwe fan 'e Sjabakken fan noardlik Irak, in etnyske groep dy't ta it gruttere fermidden fan 'e Koerden heart. It befettet eleminten fan it sûfisme, de islamityske mystyk, kombinearre mei ûn-islamityske eleminten. De measte Sjabakken identifisearje harrensels as sjiïtyske moslims, mar harren religy wykt tige sterk fan 'e islaam ôf. Der binne 90.000 oant 350.000 oanhingers fan it sjabakisme.
Oare abrahamityske religyen
Fierders wurdt ek it jazdânisme wol ta de abrahamityske religyen rekkene, dat in koepelnamme is foar de ûnderskate Koerdyske religyen. Yn dit oersjoch binne dy lykwols ûnderbrocht by de Iraanske religyen (sjoch: hjirre).
Iraanske religyen
- De Wikipedy hat ek in side Iraanske religyen.
De Iraanske religyen binne de godstsjinsten dy't yn 'e pre-islamityske tiid ta ûntwikkeling kamen yn it Perzyske Ryk en mank de Iraansktalige folken dêrbûten. Iraanske religyen wurde oer it algemien karakterisearre troch in sterk dualistyske ynslach. Ynstee fan polyteïsme, dat it leauwen yn ferskate goaden omfiemet, en monoteïsme, dat it bestean fan mar ien God erkent, giet it dualisme út fan twa rûchwei like sterke machten (goaden), dy't faak as tsjinstelden foarinoaroer steane yn 'e foarm fan goed en kwea, ljocht en tsjuster, ensfh.
Soroästrisme
- De Wikipedy hat ek in side soroästrisme.
De wichtichste Iraanske religy is it soroästrisme, dat basearre is op 'e lear út 'e Spiltiid fan 'e profeet Soroäster (of Saratûstra), dy't libbe yn 'e sechsde iuw f.Kr. It soroästrisme leart dat de wrâld skepen waard troch Ahoera Mazda, en dat dyselde iennichste god is dy't fereare wurde moat. It wurdt dêrom faak klassifisearre as in foarm fan monoteïsme. Lykwols is Ahoera Mazda net almachtich, om't syn kweadaardige wjergader en broer Angra Mainjû hast like machtich is as hy. Hoewol't it iens in tige grutte godstsjinst wie, is de oanhing fan it soroästrisme sûnt de opkomst fan 'e islaam sterk belune. Anno 2015 wiene der wrâldwiid op syn heechst sa'n 275.000 soroästrianen, dy't fral op it Yndysk subkontinint ek wol 'parsy' of 'parsys' (ôflaat fan 'Perzen') neamd wurde.
Jazdânisme
- De Wikipedy hat ek in side jazdânisme.
It jazdânisme is in koepelnamme foar wat faak sjoen wurdt as de pre-islamityske godstsjinsten fan 'e Koerden (dy't in Iraansktalich folk foarmje). Under it jazdânisme wurde trije besibbe religyen beflapt: jezidisme, jarsanisme en isjikisme. Dy religyen wurde ek wol by de abrahamityske religyen klassifisearre, om't se in synkretisme fertsjintwurdigje fan abrahamityske eleminten mei in Iraanske grûnslach.
De bekendste foarm fan it jazdânisme is it jezidisme, dat beliden wurdt troch de Jezidys fan noardlik Irak. Hja leauwe yn ien God, dy't de wrâld skoep en dêrnei tabetroude oan sân ingels ûnder lieding fan Tawûsê Melek (yn Westerske publikaasjes faak "Melek Taûs" neamd), de 'Pau-Ingel'. Dyselde wurdt troch de Jezidys sjoen as in soarte fan steedhâlder fan God, dy't assistearre troch de oare seis ingels de wrâld regearret. Troch kristenen en moslims wurdt Tawûsê Melek faak lykslein mei Satan, de duvel. Fûnemintalistyske moslims sjogge de Jezidys sadwaande as duveloanbidders, wat ta in protte leauwensferfolging laat hat, lykas de Jezidyske Genoside fan 2014. Jezidys leauwe lykwols net dat Tawûsê Melek de boarne fan it kwea is en beskôgje him as in lieder fan 'e aartsingels ynstee fan as in fallen ingel. Der binne wrâldwiid tusken de 850.000 en 1,4 miljoen Jezidys.
It jarsanisme, wêrfan't de oanhingers ek wol ahl-e-haqq neamd wurde, is in synkretistyske religy dy't yn 'e twadde helte fan 'e fjirtjinde iuw mank de Koerden fan westlik Iraan stifte waard troch Sûltan Sahak. It is in esotearyske godstsjinst wêrfan't de details foar it meastepart geheim holden wurde. Anno 2019 wiene der nei skatting 2 oant 3 miljoen jarsanisten.
It isjikisme is in nije esotearyske godstsjinst dy't yn 2004 út it alevisme (in islamityske streaming) ûntstie troch it boek Aleviliğin Gizli Tarihi ("De Geheime Skiednis fan it Alevisme") fan Erdoğan Çınar. Dêryn ferbûn er it hjoeddeistige alevisme mei de religy fan 'e Lûwjers út 'e iere Aldheid, in folk út Anatoalje dat besibbe wie oan 'e Hettiten. It isjikisme is benammen beheind ta Koerden yn Turkije en hat nei skatting net mear as inkele tûzenen oanhingers.
Oare Iraanske religyen
It mandeïsme (sjoch hjirre yn dit oersjoch) wurdt ek wol as in Iraanske religy beskôge. Foar de rest wurde de Iraanske religyen tsjintwurdich net mear beliden. Histoaryske foarmen fan dizze godstsjinsten binne:
- it soervanisme, in monistysk dualistyske religy dy't him ûntwikkele yn 'e fjirde iuw f.Kr. en bestie oant de twadde helte fan it earste milennium;
- it mitraïsme, in mystearjereligy om 'e pre-soroästryske Perzyske god Mitra of Mitras hinne, dy't fan 'e earste oant de fjirde iuw in relatyf grutte oanhing yn it Romeinske Ryk hie;
- it manigeïsme, in trêde-iuwske dualistyske foarm fan gnostisisme preke troch de profeet Many, mooglik beynfloede troch it mandeïsme;
- it mazdakisme, in proto-sosjalistyske foarm fan gnostisisme dy't oan 'e ein fan 'e fyfde en it begjin fan 'e sechsde iuw besocht en skaf priveebesit ôf;
- it behafaridisme, in achtste-iuwske kultus om 'e profeet Behafarid hinne mei woartels yn it soroästrisme;
- it goerramisme, in njoggende-iuwske religieuze beweging ûnder lieding fan 'e profeet Sûnpad, dy't in synkretisme fan it soroästrisme en it sjiïsme en de ôfskaffing fan priveebesit en de islaam foarstie.
Yndyske religyen
- De Wikipedy hat ek in side Yndyske religyen.
De Yndyske religyen waarden stifte op it Yndysk subkontinint. Se wurde soms oantsjut as de dharmyske religyen, om't se allegear as in wichtich ûnderdiel de dharma hawwe, de spesifike wet fan 'e reäliteit en de religieus-maatskiplike plichten dy't dêrmei ferbûn binne.
Hindoeïsme
- De Wikipedy hat ek in side hindoeïsme.
It hindoeïsme is in koepelbeneaming foar in grut tal foarmen fan religy dy't út deselde grûnslach ûntstien binne. It is as sadanich in net-dogmatyske godstsjinst, wêryn't tsjinstelde opfettings fan polyteïsme, panteïsme, panenteïsme, monolatry, henoteïsme, monoteïsme en monisme njonken inoar bestean kinne. Dy ûnderskate libbensbeskôgings wurde feriene troch mienskiplike konsepten, lykas karma, dharma, it kastestelsel, reynkarnaasje, mantra's, ensfh. De wichtichste goaden yn it hindoeïsme binne Wisjnû (mei syn ynkarnaasjes Rama en Krisjna), Sjiva, Doerga (mei har ynkarnaasjes Parvati, Kali en Sjakti), Ganesja, Laksjmi, Soerja, Brachma, Sarasvati, Kama en Hanûman. De wichtichste streamings binnen it hindoeïsme binne it waisjnavisme, de ferearing fan Wisjnû; it sjaivisme, de ferearing fan Sjiva; en it sjaktisme, de ferearing fan Sjakti.
It hindoeïsme is ien fan 'e âldsten fan 'e wrâldreligyen, dy't tebek giet oant fier yn 'e prehistoarje. Behalven op it Yndyske subkontinint (benammen yn Yndia en Nepal) wie it lange tiid ek de dominante godstsjinst yn Súdeast-Aazje, dêr't it op it fêstelân letter wike moast foar it besibbe boedisme, en yn 'e Yndyske Arsjipel en op it skiereilân Malakka foar de ekspânsje fan 'e islaam. Inkeld op it Yndonezyske eilân Baly en mank de Tenggerezen, in lytse etnyske minderheid yn it easten fan Java, is it hindoeïsme bewarre bleaun. De foarm fan 'e godstsjinst dy't dêr beliden wurdt, it Balineesk hindoeïsme, wykt lykwols sterk ôf fan it hindoeïsme fan it Yndysk subkontinint. Yn totaal wie it hindoeïsme yn 2010 wrâldwiid de godstsjinst fan likernôch 1 miljard minsken.
Boedisme
- De Wikipedy hat ek in side boedisme.
It boedisme waard yn 'e Spiltiid yn 'e sechsde iuw f.Kr., yn wat no noardlik Yndia is, stifte troch de Boeda, oftewol prins Siddharta Gautama. De religy draait fierhinne om 'e ferlossing fan 'e sielen fan alle selsbewuste wêzens fan 'e oanhâldende reynkarnaasjesyklus fan libben, dea en werberte (saṃsāra). Dêrta moatte se de ferljochting oftewol it nirvana (nirvāṇa) berikke troch it wiere aard fan alle dingen te begripen om sa in ein te meitsjen oan harren lijen (duḥkha). It boedisme is in non-teïstyske religy, yn 'e sin dat it leauwen yn it bestean fan goaden net nedich achte wurdt en alhiel los stiet fan wêr't it om giet: de ferlossing fan 'e siel, dêr't gjin god oan te pas komt. Nettsjinsteande dat spilet it leauwen yn goaden yn 'e deistige religieuze praktyk fan 'e measte boedisten dochs in wichtige rol, al wie it mar om't de Boeda sels fergoade is. Neffens sifers út 2013 wiene der doe wrâldwiid 535 miljoen minsken dy't it boedisme oanhongen. Dizze religy omfettet trije grutte streamings.
It teravadaboedisme (theravāda betsjut: "de wei fan 'e âldsten") of hinayana (hīnayāna betsjut: "it lytse fiertúch"), ek wol oantsjut as súdlik boedisme, is de dominante godstsjinst yn Sry Lanka, Birma, Tailân, Kambodja en Laos. It is basearre op in grutte samling hillige teksten dy't de Paly-kanon neamd wurde, en it wurdt troch syn oanhingers beskôge as de otterdokse, rjochtsinnige foarm fan it boedisme. De kearn fan 'e lear fan it teravadaboedisme is dat men inkeld troch de foarskriften fan 'e Boeda te folgjen, it nirvana berikke kin. Boppedat is dat útslutend in saak fan jinssels; nimmen kin jin dêrby helpe of tsjinwurkje (dêrfandinne "it lytse fiertúch", dat oarspronklik in soarte fan skelnamme wie).
It mahayanaboedisme (mahāyāna betsjut: it "grutte fiertúch") is de foarm fan it boedisme dy't beliden wurdt yn Sina, Fjetnam, Taiwan, Hongkong, Makau, Koreä en Japan. It wurdt ek wol oantsjut as it eastlik boedisme. It is folle minder in ienheid as it teravadaboedisme, en falt útinoar yn myriaden learen en streamings, dêr't zen, tendai en nichiren guon fan 'e bekendsten fan binne. It is dizze foarm fan it boedisme dy't ornaris troch Westerlingen oanhongen wurdt dy't har ta boedisme bekeard hawwe. It wichtichste skeel fan it mahayanaboedisme mei it teravadaboedisme is de manear dêr't de leauwenden it nirvana op berikke tinke te sillen. Mahayanaboedisten hoopje ntl. nei talleaze libbens weromkeare te sillen as in bodhisattva, dy't op 'e drompel fan it nirvana (en dus fan it eigen sieleheil) hohâldt om oaren te helpen by it berikken fan harren sieleheil. Sa'n bodhisattva offeret dus de eigen ferlossing op foar dy fan 'e wrâld (dêrfandinne "it grutte fiertúch").
In trêde haadstreaming fan it boedisme is it vajrayanaboedisme (vajrayāna betsjut: "it Diamanten Fiertúch"). De namme ferwiist nei de vajra, de diamanten, wjerljochtstjoerende skepter fan 'e (hindoeïstyske) tongergod Indra, dy't sels ûnbrekber is, mar fierders alles brekke kin. Yn oerdrachtlike sin kin de oantsjutting ek ferwize nei in fallus. It vajrayanaboedisme komt fuort út it mahayanaboedisme, mar is fier fan dy oarsprong ôf rekke. It is de dominante foarm fan it boedisme yn Tibet, Bûtan, Mongoalje en de Himalayaregio, hoewol't it ek yn Sina en Japan foarkomt. It wurdt ek wol oantsjut as it noardlik boedisme. It vajrayanaboedisme falt ek wer útinoar yn in grut tal streamings, mar de bekendsten binne it boedistysk tantrisme en it lamaïsme of Tibetaansk boedisme, dat foar master opslacht yn Tibet, Bûtan en Mongoalje. Vajrayanaboedisten hingje itselde leauwen yn 'it grutte fiertúch' oan as mahayanaboedisten, mar se binne derfan oertsjûge dat harren metoaden om it nirvana te berikken folle effisjinter binne, sadat de sielsferlossing binnen ien minskelibben berikt wurde kin.
In oare, nijere streaming binnen it boedisme, dy't (fierhinne) los stiet fan 'e trije haadstreamings, is it navayana (navayāna betsjut: "it nije fiertúch"). Dat is in foarm fan boedisme dy't yn 'e tweintichste iuw yn Yndia ûntstie ûnder de dalits, de kasteleaze hindoes, dy't harren massaal ta it boedisme bekearden út protest tsjin 'e oanhâldende diskriminaasje fan harren as paria's.
Jaïnisme
- De Wikipedy hat ek in side jaïnisme.
It jaïnisme is in Spiltiidreligy dy't mar justjes jonger is as it boedisme en fan 'e ein fan 'e sechsde iuw f.Kr. datearret. It is basearre op 'e lear fan 'e profeet Mahavira (Mahāvīra, "Grutte Held"), dy't trije grûnprinsipes omfettet: ahiṃsā (geweldleazens), anekantavāda (non-absolutisme) en aparigraha (it net-hechtsjen oan materiële dingen). It wurdt ek yn hege mjitte karakterisearre troch asketisisme. Oanhingers fan it jaïnisme binne jaïna's, in namme dy't etymologysk fuortkomt út it Sanskrityske wurd jina (útspr.: "dzjina"), dat "oerwinner" betsjut en ferwiist nei "it paad fan 'e oerwinning", ntl. it jaïnisme. Jaïna's moatte fiif grutte eden swarre: ahiṃsā (geweldleazens), satya (wierheid), asteya (rjochtskepenens, letterlik: "net-stellen"), brahmacharya (keinens of selibaat of alteast it bedimjen fan seksuele oandriuw) en aparigraha (ôfsjen fan it opgarjen fan rykdommen). Dy útgongspunten hawwe in grutte ynfloed op 'e libbensstyl fan 'e jaïna's, dy't bgl. foar it meastepart fegetarysk is om bisten en harren libbenssykly gjin kwea te dwaan. It biedwurd fan it jaïnisme is Parasparopagraho Jivanam: "de funksje fan sielen is om inoar te helpen". Der wiene yn 2010 wrâldwiid 4 oant 5 miljoen jaïna's.
Sikhisme
- De Wikipedy hat ek in side sikhisme.
It sikhisme is in panenteïstyske monoteïstyske religy dy't yn 'e fyftjinde iuw yn 'e Pûndjaab, yn it it noardwesten fan it Yndysk subkontinint, stifte waard op basis fan in synkretisme fan hindoeïstyske en islamityske leauwenseleminten. De stifter wie goeroe Nānak, dy't as lieder fan 'e sikhistyske religieuze mienskip opfolge waard troch in rige fan njoggen oare goeroes. Fan in yn 't earstoan iepene en fierhinne pasifistyske leauwensmienskip radikalisearren de sikhs troch de leauwensferfolging, dêr't se troch de Mogol-keizers oan bleatsteld waarden, ta in nei binnen ta kearde, kriichshaftige nije oarder, dy't altyd ree is om himsels mei de wapens te ferdigenjen.
Sikhs wurde achte om 'e kwaliteiten fan in sant-sipāhī, in hillige soldaat, te belichemjen, om selsbehearsking te hawwe oer harren ynderlike ûndeugden, en om allegeduerigen ree te wêzen om ûnderdompele te wurden yn 'e deugden dy't beskreaun steane yn harren hillige tekst, de Granth Sāhib. De wichtichste begjinsels fan 'e sikhistyske godstsjinst binne it leauwe yn 'e yn alles trochwurkjende God (Waheguru), dat symbolisearre wurdt troch de útspraak ik ōaṅkār, dat "ien God" betsjut, en tagelyk ek yn in religieuze praktyk wêrby't sikhs oanfitere wurde om maatskiplike herfoarming nei te stribjen troch har yn te setten foar rjochtfeardichheid foar eltsenien. Anno 2012 wiene der wrâldwiid likernôch 30 miljoen sikhs.
Oare Yndyske religyen
Ferskate oare religyen, dy't ek ta de nije religieuze bewegings rekkene wurde, kinne foar Yndyske religyen oanmurken wurde. Men kin dan tinke oan ayyavazhi, eckankar, it rajneeshisme (de religy fan 'e Bhagwan) en transendinte meditaasje.
Eastaziatyske religyen
- De Wikipedy hat ek in side Eastaziatyske religyen.
De Eastaziatyske religyen ûntstiene yn East-Aazje, benammen yn Sina en Japan. Se ferskille bot fan 'e Yndyske religyen, hoewol't beide groepen faak op ien bulte smiten wurde as de Easterske religyen.
Sineesk universalisme
- De Wikipedy hat ek in side Sineesk universalisme.
It Sineesk universalisme, ek wol bekend as it Sineeske folksleauwe, is de âldste, lânseigen religy fan 'e Sinezen as etnyske groep, en foarmet de grûnslach fan it Sineeske tinken. It is dreech om te sizzen oft it in polyteïstyske foarm fan it heidendom is, in rasjonalistyske natoerwet of in tige komplekse natoerreligy, mei't it fan al dy kategoryen eleminten omfettet. De heechste doelstelling fan it Sineesk universalisme is it oarderjen en yn lykwicht bringen fan 'e beide oerkrêften yin en yang, om sa harmony te skeppen en te behâlden yn natoer, maatskippij en persoan.
It Sineesk universalisme is in organysk woeksen en evoluëarre leauwe, sûnder oanwiisbere grûnlizzer, dat teminsten like âld is as it hindoeïsme. It hat him ûntjûn út 'e natoerreligy fan 'e âlde Sinezen, dy't nei alle gedachten tige liek op 'e hjoeddeistige natoerreligyen dy't noch altyd troch oare folken yn East-Aazje beliden wurde, wêrûnder in grut tal etnyske minderheden yn Sina. Troch de iuwen hinne hat it him ûntwikkele ta in tige yngewikkeld systeem fan leauwensoertsjûgings, dat net alinne selsstannich foarkomt, mar ek as grûnslach fungearret foar in synkretisme mei it taoïsme, it konfusianisme en it boedisme sa't dat yn Sina beliden wurdt.
Wichtige ûnderdielen fan it Sineesk universalisme binne:
- in panteön dat hielendal net liket op 'e panteöns fan âlde Mediterrane foarmen fan polyteïsme;
- foarâldenferearing;
- in foarm fan sjamanisme dy't bekend stiet as wûisme;
- tige ferfine deaderituelen;
- in kosmology mei û.o. fiif eleminten (hout, fjoer, metaal, wetter en ierde);
- geomantyk, wêrfan't de Sineeske foarm bekend stiet as feng shui;
- in astrology op basis fan 'e Sineeske Diereriem mei tolve stjerrebylden (rôt, okse, tiger, knyn, draak, slange, hynder, geit, aap, hoanne, hûn en baarch);
- en jadeferearing.
As religieuze tekst hat it Sineesk universalisme it orakelboek de I Ching. Der wiene yn 2010 950 miljoen oanhingers fan it Sineesk universalisme, hoewol't dêr in oansjenlike oerlaping by sit fan lju dy't ek oanhinger wiene fan it taoïsme, it konfusianisme en/of it boedisme.
Konfusianisme
- De Wikipedy hat ek in side konfusianisme.
It konfusianisme is de non-teïstyske lear fan 'e Sineeske filosoof Konfusius, datearjend út 'e Spiltiid, fan omtrint 500 f.Kr. It is hast mear in filosofy as in religy, en as it al foar in godstsjinst oanmurken wurde kin, is it in tige humanistyske en rasjonalistysken-ien. De moderne foarm fan it konfusianisme is eins it neo-konfusianisme, dat him yn 'e twadde helte fan it earste milennium ûntjoech yn reäksje op 'e groeiende ynfloed fan it boedisme en taoïsme yn Sina. Yn 2015 waard yn Sina de Hillige Konfusiaanske Tsjerke oprjochte om alle ûnderskate konfusiaanske organisaasjes te ferienjen. Der wiene yn 2020 wrâldwiid likernôch 6 miljoen konfusianen.
It konfusianisme leit de klam op famyljeferplichtings en maatskiplike harmony, ynstee fan op in boarne fan spirituele noarmen en wearden dy't ôfkomstich wêze soe fan in hegere macht. It leart dat de gewoane, aldendeiske aktiviteiten yn in minskelibben, en yn it bysûnder oangeande ynterpersoanlike relaasjes, in manifestaasje fan it hillige foarmje, om't se útdrukking jouwe oan it morele aard (xìng) fan 'e minskheid, dat in transendinte ferankering yn 'e Himel (Tiān) hat. Hoewol't it konfusiaanske begryp 'Himel' in beskate oerlaping hat mei it konsept 'godheid' yn oare religyen, is it yn earste ynstânsje in ympersoanlik absolút prinsipe, lykas de Tao yn it taoïsme of it brachman yn it hindoeïsme. De bemuoienis fan it konfusianisme mei dizze wrâld stipet op it útgongspunt dat minsken fûneminteel goed binne en boppedat ûnderwiisber en ferbetterber sadat se perfeksjonearre wurde kinne troch persoanlike en mienskiplike metoaden, benammen selskultivearring en selsskepping. It idee is om jinsels ta deugdsumens te bringen yn in moreel organisearre wrâld.
Taoïsme
- De Wikipedy hat ek in side taoïsme.
It taoïsme, soms ek transliterearre as daoïsme, is in Spiltiidreligy út Sina dy't yn 'e fjirde iuw f.Kr. stifte wêze soe troch de wiisgear Laozi (ek transliterearre as Lao-Tze). Oan dyselde wurdt de Tao Te Ching (of Dao De Jing) taskreaun, de hillige tekst fan it taoïsme. Dizze religy leit de klam op it libjen yn harmony mei de Tao (of Dào), dat "de Wei" betsjut. Yn it taoïsme ferwiist dy term nei de boarne, it patroan en de subsânsje fan alles dat bestiet. It taoïsme ferskilt fan it konfusianisme yn 'e sin dat it syn leauwenden gjin rigide rituelen en maatskiplike oarder opleit, mar dochs fertoant it der in protte oerienkomsten mei om't beide in lear binne dy't de lju manearen bybringe wol om 'pefeksje' te berikken troch ien te wurden mei it ritme fan it hielal. De etyk fan it taoïsme fariëarret al neigeraden de streaming, mar draait yn alle gefallen fierhinne om wu wei ("die sûnder bedoeling"), "natuerlikens", ienfâld, spontaniteit en de saneamde Trije Skatten: begrutsjen, sunigens en nederichheid. Yn 2010 hie it taoïsme yn Sina, Taiwan, Hongkong, Makau en Singapoer nei skatting 195 miljoen leauwenden.
Sjintoïsme
- De Wikipedy hat ek in side sjintoïsme.
It sjintoïsme (fan shindō, "de wei fan 'e goaden") is de tradisjonele godstsjinst fan Japan, dy't him rjochtet op it iverich en soarchfâldich útfieren fan rituelen om in bân te fêstigjen tusken de hjoeddeistige tiid en it fiere ferline. It omfettet in eigen mytology en in grut tal iepenbier tagonklike hillichdommen dy't tawijd binne oan 'e ferearing fan myriaden goaden (kami). Sokke kami libje net yn in eigen, himelske wrâld, mar diele dizze wrâld mei de minsken. Om't kami yn it Japansk sawol inkeltal as meartal wêze kin, wurdt mei itselde wurd ek ferwiisd nei in ûnpersoanlike, hillige krêft, dy't himsels manifestearje kin yn 'e foarm fan stiennen, beammen, rivieren, plakken, bisten en sels minsken. It sjintoïsme komt ta útdrukking troch standerdisearre klaaiïng en religieuze seremoanjes, dy't weromgeane oant de perioade fan 'e achtste oant de tolfde iuw. De ierste oerlevering fan it wurd shindō datearret fan 'e sechsde iuw. Wol 80% fan 'e Japanske befolking nimt út en troch diel oan sjintoïstyske rituelen of oare praktiken, mar net mear as 3 oant 4% identifisearret him- of harsels as sjintoïst, wat delkomt op sa'n 4 miljoen minsken.
Oare Eastaziatyske religyen
Oare godstsjinsten dy't wol ta de Eastaziatyske religyen rekkene wurde, binne it Koreaansk sjamanisme (of mûisme), it Fjetnameeske folksleauwe, it Taisk-Laotiaanske folksleauwe en de Rjûkjûaanske religy fan 'e Rjûkjû-eilannen, dy't allegear ek wol ta de natoerreligyen rekkene wurde. Fierders binne der noch de nije religieuze bewegings dy't út 'e Eastaziatyske religyen fuortkommen binnen, lykas shugendō en de nije religyen fan Japan, chen tao, falun gong en yiguando yn Sina, tsjondoïsme en jeung san do yn Koreä en cao đài en hòa hảo yn Fjetnam.
Lânseigen religyen
Lânseigen religyen foarmje in brede kategory fan lytsere, tradisjonele, kultuerspesifike, almeast etnysk bepaalde godstsjinsten, dy't útinoar falt yn twa grutte kloften:
● heidenske religyen
● natoerreligyen
Heidendom
- De Wikipedy hat ek in side heidendom.
Heidenske religyen binne de godstsjinsten dy't beliden waarden yn Jeropa, it Midden-Easten en Noard-Afrika foar't dy gebieten dominearre rekken troch de abrahamityske religyen, benammen it kristendom en de islaam. Sokke prekristlike en pre-islamityske godstsjinsten binne tsjintwurdich benammen bekend as mytologyen. Wichtige foarmen fan it heidendom yn it Midden-Easten en Noard-Afrika wiene it Egyptyske heidendom, it Berberske heidendom, it Sûmearyske heidendom, it Assyro-Babyloanyske heidendom, it Kanaänityske heidendom, it Arabyske heidendom, it Aldiraanske heidendom, it Hettityske heidendom, it Hoerrityske heidendom, it Armeenske heidendom en it Turkske heidendom. Wichtige foarmen fan it heidendom yn Jeropa wiene: it Grykske heidendom, it Skytyske heidendom, it Romeinske heidendom, it Keltyske heidendom, it Germaanske heidendom (wêrûnder it Fryske heidendom en mei as lette foarm it Noardske heidendom), it Baltyske heidendom, it Slavyske heidendom, it Baskyske heidendom, it Finske heidendom en it Hongaarske heidendom.
Soms wurdt de term 'heidendom' ek brûkt foar heechûntwikkele natoerreligyen fan bûten Jeropa en it Midden-Easten, lykas de Maya-religy en it leauwe fan 'e Azteken fan Meso-Amearika. Ornaris wurdt dat lykwols net dien, om't mei de term 'heidendom' ferwiisd wurdt nei in foarm fan godstsjinst dy't net mear beliden wurdt. Nettsjinsteande dat binne yn 'e tweintichste iuw nije foarmen fan frijwol alle heidenske religyen ûntstien. Dy wurde yn 'e mande mei guon nije religieuze bewegings dy't net kultuerspesifyk binne, beflapt ûnder de term modern heidendom.
Natoerreligyen
- De Wikipedy hat ek in side natoerreligyen.
Natoerreligyen binne de godstsjinsten dy't beliden wurde en waarden troch natoerfolken yn Afrika, Sibearje, noardlik Jeropeesk-Ruslân, noardlik Skandinaavje, Súd-, Súdeast- en East-Aazje, Austraalje, Oseaanje en Noard- en Súd-Amearika. It binne de âldste religyen fan 'e wrâld, dy't oer it algemien karakterisearre wurde troch sjamanisme, animisme en/of foarâldenferearing. Sokke godstsjinsten hawwe gjin stifter, gjin profeten, gjin hillige tekst, en gjin fêste lear útsein ferhalen (myten) dy't fan âlder op âlder mûnling oerlevere wurde. Natoerreligyen geane werom op it religieuze yn 'e minske sels, syn ferlet om troch godstsjinst betsjutting te jaan oan it bestean yn it algemien en oan syn eigen libben yn it bysûnder.
Der binne wrâldwiid likernôch 2.500 ûnderskate natoerreligyen, dy't omtrint it jier 2000 beliden waarden troch teminsten 325 miljoen minsken. De nije synkretistyske religyen fan 'e ôfstammelingen fan Afrikaanske negerslaven yn 'e Amearika's, wêryn't Afrikaanske natoerreligyen fermongen binne mei eleminten fan it roomsk-katolisisme, wurde soms ta de natoerreligyen rekkene, mar teminsten likefaak ta de nije religieuze bewegings (sjoch hjirre).
Nije religieuze bewegings
Nije religieuze bewegings binne almeast lytsere religyen dy't resint (rûchwei sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw) ûntstien binne. Se komme foar yn in breed ferskaat oan foarmen. Guon hawwe har ûntwikkele út of ôfspjalten fan wrâldreligyen, wylst oaren hielendal op eigen manneboet ûntstien binne.
Nije religyen fan Japan
- De Wikipedy hat ek in side nije religyen fan Japan.
De nije religyen fan Japan binne ek bekend ûnder de oantsjutting shinshūkyō. Dizze religyen binne fan 'e njoggentjinde iuw ôf stifte en hawwe faak as grûnslach in synkretisme fan sjintoïsme en boedisme, of fan boedisme en taoïsme en/of Sineesk universalisme, of fan boedisme of sjintoïsme en it kristendom. Der binne hûnderten fan sokke groepen, dy't neat gemien hawwe útsein dat se allegearre út Japan komme en dêrom yn 'e Japanske kultuer woartele binne. Guon hawwe har ek bûten Japan ferspraat. Fierwei de grutste is sōka gakkai, dat mear as 12 miljoen leauwenden yn 192 lannen hat.
Oare wichtige nije religyen fan Japan binne rissho kosei-kai (3,2 miljoen oanhingers), reiyū-kai (1,4 miljoen), bussho gonenkai kyōdan (1,3 miljoen), tenrikyō (1,2 miljoen), de Tsjerke fan it Wrâldmessianisme (800.000), seichō-no-ie (620.000) en konkōkyō (450.000). Shugendō is in nuvere ein yn 't byt om't it al yn sânde iuw ûntstie út in ferraning fan it sjintoïsme en it boedisme. Bekende healwize lytse rânegroepearrings binne bgl. Happy Science, de kultus dy't yn 2020 yn it nijs kaam troch de bewearing dat se besmetting mei it koroanafirus COVID-19 genêze koene, en aum shinrikyō, de sekte dy't yn 1995 ferantwurdlik wie foar de gifgasoanfal op 'e metro fan Tokio, dêr't 12 minsken by omkamen.
Nije religieuze bewegings op boedistyske grûnslach
Nije religieuze bewegings op boedistyske grûnslach komme behalven yn Japan ek yn oare dielen fan East-Aazje foar. Ien fan 'e grutsten is yiguando, dat út Sina komt. It hat ek oanhing yn Taiwan, Hongkong, Makau, Singapoer, Tailân, Súd-Koreä en Japan. Der binne teminsten 13 miljoen leauwenden. Oare nije religyen út Sina binne û.o. chen tao, dat behalven út it boedisme benammen ek eleminten út it taoïsme helle hat; t'ai chi chuan, dat weromgrypt op t'ai chi, it âlde Sineeske systeem fan lichemsoefening; en falun gong, in religy dy't yn 'e 2000-er jierren yn 'e Folksrepublyk Sina jierrenlang bleatstie oan slimme leauwensferfolgings.
Yn Koreä is it tsjondoïsme (cheondogyo) in synkretistyske religy dy't eleminten út it Koreaansk sjamanisme fermingt mei eleminten út it boedisme en taoïsme. Yn Súd-Koreä hat dizze godstsjinst 65.000 leauwenden, mar yn Noard-Koreä, dêr't it tsjondoïsme nei't it skynt dulde wurdt, soene der 2,8 miljoen oanhingers wêze. In oare wichtige nije religy út Súd-Koreä is jeung san do, dat stifte waard yn 1974. Yn Fjetnam besteane twa grutte nije religyen: it kwasy-boedistyske hòa hảo, mei 1,5 miljoen oanhingers, en cao đài, in synkretistyske monoteïstyske religy, mei nei skatting sa'n 2,5 oant 6 miljoen leauwenden.
Nije religieuze bewegings op hindoeïstyske grûnslach
Benammen op it Yndysk subkontinint, mar ek yn 'e Westerske wrâld, komme ferskate nije religieuze bewegings op hindoeïstyske grûnslach foar. Dêrûnder binne hindoeïstyske herfoarmingsbewegings, lykas ayyavazhi, it swaminarayan-leauwe en ananda marga. Oare foarbylden binne transendinte meditaasje; Auroville, dat opset is op basis fan 'e filosofy fan Sri Aurobindo Ghose; it rajneeshisme, de religy fan 'e Bhagwan; en eckankar, in panteïstyske religy dy't himsels ta doel stelt om God ta in aldendeiske reäliteit te meitsjen yn it libben fan 'e leauwenden.
Modern heidendom
- De Wikipedy hat ek in side modern heidendom.
Modern heidendom of Westersk heidendom, ek wol neopaganisme neamd, is in oerkoepeljende term foar alle ûnderskate hjoeddeistige godstsjinsten yn 'e Westerske wrâld dy't weromgripe (of sizze werom te gripen) op 'e prekristlike, heidenske leauwensoertsjûgings fan Jeropa, it Heine Easten en in grut part fan 'e eardere Sovjet-Uny. Dy religyen foarmje in grut ferskaat en komme inkeld yn 'e meast algemiene sin mei-inoar oerien. It modern heidendom is wol omskreaun as "in synteze fan histoaryske ynspiraasje en hjoeddeistige kreätiviteit", en de oanhingers fan 'e religyen dy't derta rekkene wurde, stypje yn ferskillende mjitte op prekristlike folkloristyske en etnografyske boarnen. Der wiene yn 2015 wrâldwiid sa'n 5,4 miljoen minsken dy't in foarm fan it moderne heidendom oanhongen.
Moderne heidenske religyen falle útinoar yn twa groepen: etnyske religyen, dy't kultuerspesifyk binne, en universele religyen, dy't net oan kultueren of etnyske groepen bûn binne. Foarbylden fan kultuerspesifike moderne heidenske religyen binne it modern Arabysk heidendom, modern Armeensk heidendom (of hetanisme), modern Baltysk heidendom, modern Baskysk heidendom, modern polyteïstysk Egyptysk heidendom (of kemetisme), modern monoteïstysk Egyptysk heidendom (of atenisme), modern Estysk heidendom (of taaraïsme), modern Finsk heidendom (of sûomenisme), modern Germaansk heidendom, modern Gryksk heidendom (of hellenisme), modern Hongaarsk heidendom, modern Italo-Romeinsk heidendom, modern Kanaänitysk heidendom (of natib qadish), modern Keltysk heidendom, modern Ossetysk heidendom (of ætsæg din), en modern Slavysk heidendom (of rodnovery). Under dizze kategory falle ek it boerchanisme en it tengrisme, twa foarmen fan it modern Turksk heidendom.
Foarbylden fan universele modern heidenske religyen binne it adonisme, de goadinnebeweging, it neodruïdisme, thelema en wicca.
Adonisme
- De Wikipedy hat ek in side adonisme.
It adonisme is in anty-kristlike polyteïstyske religy dy't draait om it leauwen yn fiif grutte goaden, dêr't Adonis de wichtichste fan is. Hy is in goedaardich figuer, dat troch Franz Sättler, de stifter fan it adonisme, lykslein waard mei Satan út 'e kristlike mytology. Yn tsjinstelling dêrta is Molchos, dy't lykslein wurdt mei de kristlike God, tige kweadaardich en ferantwurdlik foar it ta slaaf meitsjen fan 'e minskheid troch it oplizzen fan monoteïstyske godstsjinsten lykas it joadendom, it kristendom en de islaam.
Goadinnebeweging
- De Wikipedy hat ek in side goadinnebeweging.
De goadinnebeweging is in koepelbeneaming foar nije religieuze bewegings yn 'e Westerske wrâld dy't weromgripe op 'e heidenske tradysjes om utering te jaan oan it froulike godlike. Sokke religyen ûntstiene ûnder de Twadde Feministyske Weach yn 'e 1960-er jierren yn reäksje op 'e dominante posysje fan it kristendom yn it Westen, in religy dy't it leauwen yn in monoteïstyske manlike God ferkundige. It idee dat God "fansels" manlik wie, kaam neffens feministen fuort út 'e patriargale maatskippij dêr't men yn it Westen yn libbe. De goadinnebeweging stelde dêrfoaroer in Goadinne en in matriargale maatskippij. In bekende foarm fan 'e goadinnebeweging is it dianisme, dat oer it algemien beskôge wurdt as in fariant fan wicca.
Neodruïdisme
- De Wikipedy hat ek in side neo-druïdisme.
Neo-druïdisme, of koartwei druïdisme, is in foarm fan spiritualiteit of religy dy't harmony en ferbûnens mei en ferearing fan 'e natoergeasten foarstiet. Dy line wurdt ornaris trochlutsen nei respekt foar alle libbenen wêzens, de wrâld sels ynbegrepen. It neo-druïdisme grypt dêrfoar werom op 'e (ûnderstelde) religy fan 'e Keltyske druïden (of natoerpreesters). In protte foarmen fan it moderne druïdisme hearre ta it moderne heidendom, hoewol't oaren filosofyen binne dy't net foar religy oanmurken wurde kinne. It neo-druïdisme kaam yn 'e achttjinde iuw yn Grut-Brittanje op en wie oarspronklik in kulturele beweging, dy't geandewei de njoggentjinde iuw religieuze konnotaasjes krige.
Thelema
- De Wikipedy hat ek in side thelema.
Thelema is in okkulte religy of filosofy dy't yn 'e 1900-er jierren ûntwikkele waard troch de Ingelske skriuwer en mystikus Aleister Crowley. Dyselde beskôge himsels as in profeet fan in nij tiidrek, de Eon fan Hoarus, basearre op in spirituele ûnderfining dy't hy en syn frou Rose Edith Kelly yn 1904 yn Egypte hiene. Dêrby soe neffens Crowley in mooglik non-korporeel wêzen dat himsels Aiwass neamde, kontakt mei him opnommen hawwe fia Kelly, om 'e tekst te diktearjen fan The Book of the Law ("It Boek fan 'e Wet"), dêr't de grûnbegjinsels fan 'e thelema yn fêstlein waarden. De namme 'thelema' komt fan it Grykske wurd θέλημα, dat "wil" betsjut. De kearn fan 'e thelema is de útspraak "doch wat jo wolle", wêrmei't bedoeld wurdt dat thelemisten it paad yn it libben sykje moatte dêr't se foar foarbestimd binne, en har dêr net troch oare omtinkens of praktyske beswieren fan ôfbringe litte moatte.
Wicca
- De Wikipedy hat ek in side wicca.
Wicca is de wichtichste foarm fan 'e saneamde moderne hekserij (oare farianten binne û.m. cochranisme, de feri-tradysje, hagehekserij en stregheria). De namme komt fan it Aldingelske wicca, dat "heks" betsjutte. Wicca kaam ta ûntwikkeling yn Ingelân yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't dêr noch in wetlik ferbod op hekserij bestie, dat pas yn 1951 opheft waard. Neitiid waard wicca yn 1954 iepenbier makke troch de publikaasje fan it boek Witchcraft Today, dat skreaun wie troch Gerald Gardner, in pinsjonearre amtner.
As religy bringt wicca tige ferskate eleminten gear út it âlde heidendom en de tweintichste-iuwske esotery. It is in dualistyske godstsjinst dy't útgiet fan it bestean fan twa goaden: de Trijefâld Goadinne (Faam, Mem, Aldwiif) en de Hoarnde God, dy't tegearre de seksuele polariteit fan it manlike en it froulike begjinsel belichemje, de saneamde logos en eros, dy't ek yn guon oare godstsjinsten foarkomme (bygelyks yn it Sineeske universalisme as de yin-yang-symbolyk). Wicca falt útinoar yn in grut tal ûnderskate streamings dy't 'tradysjes' neamt wurde. De wichtichsten dêrfan binne de gardneriaanske wicca, de aleksandryske wicca, de Britske tradisjonele wicca en de georgiaanske wicca. Neffens in skatting út 2012 wiene der doe wrâldwiid 800.000 wicca-oanhingers.
Westerske mystyk
De Westerske mystyk is in oerkoepeljende beneaming foar in grut tal mystike bewegings, filosofyen en religyen dy't har yn 'e Westerske wrâld as oanfolling op of ferfanging fan it kristendom ûntwikkele hawwe. Dêrby giet it om 'e frijmitselderij en besibbe streamings lykas de odd fellows, de roazekrusers en de Oarder fan 'e Stjer yn it Easten, en fierders om teosofy, antroposofy, de graalsbeweging, de wite bruorskip en de Association for Research and Enlightenment (ARE).
Afrikaanske synkretistyske religyen fan 'e Amearika's
Afrikaansk synkretisme yn 'e Amearika's omfiemet de religyen fan 'e ôfstammelingen fan 'e negerslaven dy't fan 'e sechstjinde oant en mei de njoggentjinde iuw út Afrika wei nei Noard- en Súd-Amearika brocht waarden om op 'e plantaazjes te wurkjen. Dy lju namen harren eigen natoerreligyen út West-Afrika en de westkust fan Súdlik Afrika mei. Yn Amearika rekke harren leauwe synkretisearre mei eleminten út it kristendom, benammen út it roomsk-katolisisme. Om akseptabel te wêzen foar harren blanke eigners waarden bgl. de goaden dy't de slaven oanbeaen identifisearre mei kristlike hilligen.
Foarbylden fan Afrikaanske synkretistyske religyen yn 'e Amearika's binne: candomblé en umbanda yn Brazylje; santería en vodú op Kuba; voodoo (of vodou) yn Haïty; vudú yn 'e Dominikaanske Republyk; Louisiaansk voodoo yn New Orleans; hoodoo yn it Djippe Suden fan 'e Feriene Steaten; convince, kromanti, kumina, myal en obeah op Jamaika; winti yn Suriname; de kultus fan María Lionza yn Fenezuëla; shango yn Trinidad en Tobago; kélé op Sint-Lusia en de big drum dance-religy op Carriacou yn Sint-Finsint en de Grenadinen. De grutsten fan dizze godstsjinsten binne Haïtiaansk voodoo (teminsten 6 miljoen leauwenden), candombé (2 miljoen), santería (minimaal 900.000) en umbanda (400.000).
Yndiaanske synkretistyske religyen fan 'e Amearika's
De Yndiaanske synkretistyske religyen hawwe op deselde wize harren foarâlderlike godstsjinsten, dat natoerreligyen wiene, synkretisearre mei it kristendom. Foarbylden fan sokke religyen binne de kultus fan 'e Faam fan Guadalupe Hidalgo yn Meksiko, de kultus fan 'e Faam fan Coromoto yn Fenezuëla, de ûnderskate Andeaanske berchkulten yn Perû, en de peyote-kultus (feriene yn 'e Native American Church), de geastedûnsreligy en de langhûsreligy yn 'e Feriene Steaten.
Frachtreligyen
Frachtreligyen of frachtkulten (Ingelsk: cargo cults) binne religyen dy't har ûntjûn hawwe yn ferhâldingsgewiis ûnûntwikkele gebieten fan 'e wrâld, wêrby't de leauwenden rituelen útfiere yn 'e hope dat soks liede sil ta de oankomst fan fracht út in technologysk heger ûntwikkele maatskippij, besteande út modern gebrûksguod. Sokke religyen binne benammen bekend út Melaneezje, dêr't se oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw ûntstiene nei de earste kontakten mei de Westerske wrâld. Leauwenden leine bgl. lâningsbanen op harren eilannen oan om 'e lâning fan fleantugen mei fracht mooglik te meitsjen, ek al hiene se gjin inkele logysk ûnderboude reden om te ferwachtsjen dat sokke fleantugen komme soene. De Twadde Wrâldoarloch, wêryn't sawol de Alliëarden as de Japanners ta befoarrieding fan harren troepen ûnbidige hoemannichten guod nei eilannen yn 'e Stille Súdsee oerbrochten, spile in wichtige rol yn 'e ûntwikkeling fan 'e frachtreligyen.
Benammen it eilân Tanna, yn Fanûatû, is tige fruchtbere grûn bleken foar frachtreligyen. Ek hjoed de dei noch binne dêr teminsten trije fan sokke religyen aktyf, wêrûnder de John Frum-kultus, de bekendste en langst besteande fan alle frachtkulten. De oare beide binne de Tom Navy-kultus en de prins Philip-beweging. De John Frum-kultus en de Tom Navy-kultus ferearje in net neier oantsjutte blanke Westerling (John Frum, resp. Tom Navy) as god. De prins Philip-beweging hat prins Philip, hartoch fan Edinburgh, de man fan 'e Britske keninginne Elizabeth II fergoade.
UFO-religyen
UFO-religyen binne godstsjinsten mei in leauwensstelsel wêryn't it bestean fan bûtenierdske wêzens in rol spilet, dy't ûnidentifisearre fleanende objekten (UFO's) bestjoere soene. Ornaris leauwe de oanhingers fan sokke religyen dat de oanbelangjende bûtenierdske wêzens begien binne mei it wolwêzen fan 'e minskheid, dy't al diel útmakket fan in ynterstellêre beskaving of dêr letter yn opnommen wurde sil. It komt ek foar dat bûtenierdske wêzens yn in mear boppenatuerlike libbensbeskôging opnommen wurde, wêrby't oan harren de skaaimerken fan ingels takend wurde. Ek kin it wêze dat it ûnderskie tusken dy beide foarmen fan UFO-religy ferdizene rekket. UFO-religyen komme fuort út science fiction-literatuer, út ufology en de subkultuer fan UFO-waarnimmings, en út ferhalen oer ûntfierings troch bûtenierdske wêzens.
Raëlisme
- De Wikipedy hat ek in side raëlisme.
Ien fan 'e bekendste en wierskynlik ek de grutste UFO-religy is it raëlisme, dat yn 1974 stifte waard troch de Frânske sjoernalist Claude Vorilhon, dy't himsels neitiid Raël neamde. Mei dyselde soe yn desimber 1973 kontakt opnommen wêze troch in besiker fan in oare planeet, dy't him in rige boadskippen tabetroude oer de oarsprong fan it libben op 'e Ierde, en him frege om in Ierdske ambassade foar syn folk te bouwen. It raëlisme telde yn 2018 likernôch 100.000 oanhingers.
Scientology
- De Wikipedy hat ek in side scientology.
In noch bekendere UFO-religy is it omstriden scientology, dat syn oanhingers leart dat se ûnstjerlike wêzens binne dy't harren wiere aard fergetten binne. It stiet bot yn 'e belangstelling om't ferskate ferneamde akteurs út 'e filmyndustry fan Hollywood derta hearre, ûnder wa John Travolta en Tom Cruise. Scientology wurdt yn ferskate lannen lykwols net sjoen as in religy, mar as in kweadaardige sekte. Yn bgl. Frankryk en Dútslân is it ek as sadanich wetlik klassifisearre. Yn guon oare lannen wurdt it ynstee fan as in religy sjoen as in bedriuw mei winsteachmerk. Scientology beweart wrâldwiid wol 8 oant 15 miljoen leden te hawwen, mar reälistysker skattings hâlde it op 40.000 oant 80.000.
Oare UFO-religyen
Foarbylden fan oare UFO-religyen binne it Aetherius Genoatskip, de Tsjerke fan it SubSjeny en de Universele Yndustriële Tsjerke fan de Nije Wrâldtreaster.
Oare religyen
Der binne noch ferskate oare religyen dy't net by ien fan 'e boppesteande kategoryen ûnderbrocht wurde kinne.
Mazdaznan
- De Wikipedy hat ek in side mazdaznan.
Mazdaznan is in synkretistyske, neo-soroästryske religy op mazdakistyske grûnslach, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw stifte waard troch Otoman Zar-Adusht Ha'nish (berne Otto Hanisch). Mazdaznan leart dat fan 'e Ierde wer in Hôf fan Eden makke wurde moat, dêr't de minske gearwurkje en petearje kin mei God. Oanhingers folgje in fegetarysk dieet en dogge sykhellingsoefenings.
Kedjawèn
- De Wikipedy hat ek in side kedjawèn.
Kedjawèn, ek wol javanisme of de Javaanske religy neamd, is in Javaanske foarm fan synkretisme dy't bestiet út in ferraning fan animistyske, boedistyske, hindoeïstyske en islamityske eleminten en teosofy, dat yn 'e koloniale tiid troch de Nederlânske oerhearskers nei Java brocht waard. De godstsjinst hat syn woartels yn 'e skiednis en tradisjonele religiositeit fan Java, en omfettet it leauwen yn it bestean fan geasten, goaden en magy. Oanhingers fiere by wichtige foarfallen, lykas berten, stjergefallen of it ynheljen fan 'e rispinge, komplekse rituelen út. Kedjawèn wurdt op delsjoen troch de islaam, dy't yn Yndoneezje in dominante posysje ynnimt, mar op it plattelân fan Java hat it noch altyd miljoenen folgelingen.
Subud
- De Wikipedy hat ek in side subud.
Subud, in ôfkoarting fan susila buddhi dharma (Yndonezysk foar "korrekt geastlik hâlden en dragen") is in monoteïstyske religy dy't fuortkommen is út it kedjawèn. De stifter wie de profeet Muhammad Subuh Sumohadiwidjojo, dy't nei eigen sizzen al fan bern ôf oan heldersjend west hawwe soe. Subud ûntstie yn 1924, doe't Sumohadiwidjojo in religieuze iepenbiering krige, dy't er neitiid begûn út te dragen. It jier 1947 wurdt faak oanholden foar de stifting fan subud om't it yn dat jier yn Yndoneezje wetlik registrearre waard. It doel fan subud is om 'e leauwenden troch just hâlden en dragen en geregelde godstsjinstige oefenings ta godlike ferljochting te bringen. Yn 1999 wiene der wrâldwiid nei skatting 10.000 oant 15.000 oanhingers.
Satanisme
- De Wikipedy hat ek in side satanisme.
It satanisme is in oerkoepeljende beneaming foar alle religieuze, ideologyske en filosofyske ideeën dy't basearre binne op of útgeane fan Satan, dy't yn 'e kristlike mytology sjoen wurdt as in fallen ingel dy't de duvel wurden is, de ferpersoanliking fan it kwea. Histoarysk wie satanisme, yn 'e sin fan de oanbidding fan Satan, in beskuldiging dy't troch de kristlike autoriteiten, benammen de Roomsk-Katolike Tsjerke, utere waard tsjin hast eltse groep dy't net om sizzen jaan woe, lykas de timpeliers, de kataren, de protestanten en de foarstanners fan 'e Frânske Revolúsje. It wie ornaris ek ien fan 'e wichtichste beskuldigings tsjin heksen ûnder de troch de tsjerklike autoriteiten orkestrearre hekseferfolgings. Oarsom sjogge beskate strange protestanten de Roomsk-Katolike Tsjerke as in satanistyske organisaasje en de paus fan Rome as de Antykrist.
It hjoeddeistige religieus satanisme omfiemet in breed skala oan leauwensoertsjûgings, wêrby't bgl. Satan as in god fereare wurdt (teïstysk satanisme) of Satan brûkt wurdt as symboal foar lichaamlikheid en ierdske wearden (laveyaansk satanisme). Sok religieus satanisme is benammentlik in Amerikaansk ferskynsel, hoewol't de ideeën troch globalisearring en de opkomst fan it ynternet fan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ôf nei oare dielen fan 'e wrâld ferspraat binne. Sa berikte it satanisme yn 'e 1990-er jierren East-Jeropa, dêr't it fruchtbere grûn fûn yn strang roomsk-katolike lannen as Poalen en Litouwen. Moderne satanisten binne yn oerweldigjende mearderheid jonge manlju.
Spiritisme
- De Wikipedy hat ek in side spiritisme.
It spiritisme is in leauwe, benammen yn 'e Westerske wrâld, dat stelt dat de minske nei syn ferstjerren as geast fuortbestiet, en dan by steat is om mei oare, noch libbene minsken te kommunisearjen as dêrta troch de libbenen de juste rituelen útfierd wurde. Soks fynt almeast plak troch tuskenkomst fan in medium, bgl. by in seânse. It spiritisme giet derfan út dat de dea gjin wêzentlike feroaring yn 'e geast fan 'e minske feroarsaket. Troch it ferstjerren skiede de wegen fan lichem en geast, mar wylst it lichem efterbliuwt en neitiid troch ferrotting weiwurdt, libbet de geast fierder. De grûnlizzer fan it spiritisme wie de njoggentjinde-iuwske Frânske ûnderwizer Hippolyte Léon Denizard Rivail, dy't ûnder it pseudonym Allan Kardec ferskate tige ynfloedrike boeken oer dit ûnderwerp skreau. It spiritisme is oer it algemien net sasear in religy op himsels, mar faker in oanfolling op it kristendom, hoewol't it net rjocht oanslút by de kristlike opfettings oer wat der nei it ferstjerren mei de geast fan 'e ferstoarne bart. It hie de measte oanhing yn 'e perioade fan 'e 1890-er jierren oant en mei de 1930-er jierren.
Unifikaasjebeweging
- De Wikipedy hat ek in side unifikaasjebeweging.
De unifikaasjebeweging, ek bekend as de Unifikaasjetsjerke, is in nije religieuze beweging dy't yn 1954 yn Seoel, yn Súd-Koreä, op kristlike grûnslach stifte waard troch Sun Myung Moon. De leden fan 'e beweging wurde nei de stifter ek wol "moonies" neamd, en de beweging sels stiet benammen bekend om syn massahouliksseremoanjes. De oanhingers fan 'e unifikaasjebeweging leauwe, oars as kristenen, dat de krusiging fan Jezus ûntidich wie, en foarkaam dat Jezus Kristus in gesin stiftsje koe. Dat wie nedich foar him om as messias it nije gesinshaad fan it minsklik ras te wurden, sadat er de minsken ferlosse koe. Om't er syn rol troch de krusiging net ferfolje koe, stjoerde God neitiid in nije messias yn 'e persoan fan Moon.
In oar ferskil mei it kristendom is de yntroduksje, yn 'e teology fan 'e unifikaasjebeweging, fan it begryp "skeafergoeding"; de fallen minskheid moat in beskate skea oan God fergoedzje ear't God him ta syn âlde, ûnfallen steat werombringe kin. Oare ûnderdielen fan 'e lear fan 'e unifikaasjebeweging binne in útsprutsen antykommunisme en stipe oan 'e weriening fan Koreä. Troch guon bûtensteanders wurdt de unifikaasjebeweging beskôge as in gefaarlike sekte. Der binne wrâldwiid 1 oant 2 miljoen leden.
Unitarysk universalisme
- De Wikipedy hat ek in side unitarysk universalisme.
It unitarysk universalisme is in frijsinnige religy dy't karakterisearre wurdt troch in frije en ferantwurdlike syktocht nei wierheid en de betsjutting fan it libben. De oanhingers hingje gjin dogmatyske lear oan, mar kinne der ynstee ateïstyske, agnostyske, humanistyske, eatistyske, panteïstyske, panenteïstyske, deïstyske, polyteïstyske, monoteïstyske, synkretistyske of omnistyske tinkbylden op nei hâlde. Unitaryske universalisten wurde inkeld feriene troch harren sykjen nei en krewearjen foar spirituele ûntwikkeling, wêrby't se har liede litte troch in dynamyske 'libbene tradysje'. Dy is fêstlein yn 'e Seis Boarnen en Sân Begjinsels fan it unitarysk universalisme, dy't troch alle gemeenten ûnderskreaun wurde moatte. De oantsjutting 'libben' wol dêrby sizze dat de tekst fan dy dokuminten sa nedich altyd feroare of oanfolle wurde kin.
It unitarysk universalisme ûntstie yn 'e tweintichste iuw yn 'e Feriene Steaten út it frijsinnich kristendom, spesifyk it unitarisme, dat de Trije-ienheid fan God net erkent, en it kristlik universalisme, dat leart dat troch Jezus Kristus alle minsken ferlost wurde sille, ek as se ûnleauwich binne of in oare godstsjinst as it kristendom oanhingje. Neffens unitaryske universalisten hawwe se út dy beide tradysjes in djippe earbied foar yntellektuele frijheid en ynklusive leafde oernommen. Gemeenten en yndividuele leden stiet it sadwaande frij om ynspiraasje te sykjen by oare religyen, lykas kristendom, joadendom, islaam, bahaïsme, hindoeïsme, sikhisme, boedisme, taoïsme, modern heidendom, ensfh. Yn 2013 wiene der wrâldwiid 800.000 unitaryske universalisten.
Westerske astrology
- De Wikipedy hat ek in side astrology.
Astrology is in pseudowittenskip dy't beweart dat godlike ynformaasje oer minsklike saken en ierdske foarfallen ôflaat wurde kin út 'e stân fan himellichems, mei't it hielal in manifestaasje fan 'e godlike wil wêze soe. Yn oare dielen fan 'e wrâld makket astrology almeast diel út fan in religy; sa is de Sineeske astrology in yntegraal ûnderdiel fan it Sineesk universalisme. Yn 'e Westerske wrâld stiet it lykwols folslein los fan it kristendom, dat tsjintwurdich oer it algemien (hoewol histoarysk net altyd) in tige ôfwizende opstelling hat foar wat yn 'e Bibel "stjerrewikkerij" neamd wurdt. Westerske astrology is sadwaande in lossteand leauwensstelsel wurden, dat troch yndividuën as oanfolling op it kristendom of in oare godstsjinst oannommen wurde kin, hoewol't it ek njonken it ateïsme foarkomt. Foar beskate minsken nimt astrology in sintraal plak yn it libben yn, benammen troch it lêzen en/of eigenhannich gearstallen fan horoskopen (foarsizzings oer persoanlike saken op 'e koarte termyn).
Oare libbensbeskôglike filosofyen
Ateïsme
- De Wikipedy hat ek in side ateïsme.
Ateïsme is, yn 'e breedste sin, yrreligy, oftewol de ôfwizing fan eltse foarm fan religy. Yn ingere sin is it eins de ôfwizing fan it bestean fan goaden. It is it tsjinstelde fan teïsme, dat it leauwen yn it bestean fan teminsten ien god omfettet. Hoewol't de oantsjutting 'ateïst' al sûnt de Aldheid bestiet en yn it ferline ornaris brûkt waard as in delbûgende term fan otterdokse teïsten foar alle lju dy't harren spesifike religieuze ideeën net dielden, ûntstie it begryp 'ateïsme' yn 'e moderne sin fan it wurd pas yn 'e achttjinde iuw, ûnder de Ferljochting. In protte ateïsten jouwe de foarkar oan 'e term 'frijtinkers' (d.w.s. frij fan 'e bannen fan religy), en oan harren libbensbeskôging as 'frijtinkerij'.
Ateïsten riddenearje yn 'e regel dat eltsenien as ateïst berne wurdt, en dat dêrom de bewiislêst foar de wearde fan religy oan oanhingers fan religyen is. Dêrmei geane se lykwols foarby oan 'e oanberne religiositeit dy't in útgongspunt is yn it tinkproses fan 'e measte teïsten. Mei't de efterlizzende wierheid fan eltse religy ûnbewiisber mar ek ûnûntkrêftber is, jildt datselde winliken foar ateïsme. De ûntkenning fan religy hat dêrom foar it meastepart deselde skaaimerken as religy sels, en in soad ateïsten lykje it ateïsme op deselde wize te beliden as dat teïsten mei harren religy dogge.
Arguminten dy't faak oandroegen wurde foar ateïstyske stânpunten binne it gebrek oan empirysk (d.w.s. proefûnderfynlik) bewiis foar religy, it fraachstik fan it kwea (as God de almachtige skepper is, wêrom is der dan kwea yn 'e wrâld?), it argumint útgeande fan ynkonsistinte iepenbierings (religyen sprekke inoar tsjin), de ûntkenning dat beskate religieuze konsepten net ferfalske wurde kinne, en it argumint útgeande fan ûnleauwe (as God bestiet en almachtich is, hoe kin it dan dat der minsken besteane dy't net yn him leauwe?).
Neffens in ynternasjonale opinypeiling fan Gallup International út 2015 soe sa'n 11% fan 'e wrâldbefolking út ateïsten bestean. Yn absolute sifers kaam dat dat jiers del op krapoan 812 miljoen minsken. De alve lannen mei it heechste persintaazje ateïsten yn 'e befolking wiene neffens dat ûndersyk: Sina (47%), Japan (31%), Tsjechje (30%), Frankryk (29%), Dútslân en Súd-Koreä (beide 15%), Nederlân (14%), Austraalje, Eastenryk, Ierlân en Iislân (allegearre 10%). In Jeropeeske opinypeiling út 2010 fan Eurobarometer stelde lykwols hegere persintaazjes fêst: Frankryk 40%, Tsjechje 37%, Sweden 34%, Nederlân 30%, Estlân 29%, Dútslân en Belgje beide 27% en it Feriene Keninkryk 25%. Ek rekkene de opinypeiling fan Gallup International Noard-Koreä (71%) net mei.
Agnostisisme
- De Wikipedy hat ek in side agnostisisme.
Agnostisisme is in filosofyske posysje dy't befêstigjende noch ûntkennende útspraken docht oer it bestean fan God, goaden of oare boppenatuerlike ferskynsels, en dêrmei ek net oer de efterlizzende wierheid fan religy. De term 'agnostisisme', dy't yn 1869 betocht waard troch de Ingelske biolooch Thomas Henry Huxley, komt fan it Grykske wurd γνώσης, gnosis, "kennis", mei it foarheaksel a- ("net" of "ûn-"), dus de betsjutting is letterlik "ûnkunde". In oanhinger fan it agnostisisme is in agnost: ien dy't seit gjin kennis te hawwen oer goaden of religy. In protte fan sokke agnosten beklamje de ûnmooglikheid om ideeën oer religy en it bestean fan goaden te bewizen of ûntkrêftsjen mei empirysk (proefûnderfynlik) wittenskiplik ûndersyk. Dat makket sokke ideeën neffens harren ûnbekend of ûnwitber. Yn ferhâlding ta it ateïsme, dat sels ûnbewiisbere bewearings makket, is it agnostisisme in folle rasjonelere en wittenskiplik mear ferantwurde libbensbeskôging.
Underskate foarmen fan agnostisme binne:
● apateïsme, it leauwen dat de fraach oft goaden besteane of oft religy op wierheid berêst ûnynteressant of yrrelevant is;
● eatisme, it leauwen dat der 'eat' wêze moat (wêrby't mei 'eat' doeld wurdt op in hegere macht), mar wêrby't it ûnmooglik achte wurdt te witten wat dat 'eat' krekt is.
Neffens in ûndersyk út 2010, dat publisearre waard yn 'e renommearre Encyclopædia Brittannica, soe 9,6% fan 'e wrâldbefolking (oftewol krapoan 668 miljoen minsken) út agnosten bestean.
Humanisme
- De Wikipedy hat ek in side humanisme.
Humanisme is in filosofyske posysje dy't de wearde en frije wil fan 'e minske beklammet, sawol yndividueel as kollektyf. De betsjutting fan 'e term 'humanisme' (ôflaat fan it Latynske humanitas, "minsklike natuer") is troch de iuwen hinne ferskood mei de opinoar folgjende yntellektuele bewegings dy't harrensels dermei identifisearre hawwe. Oer it algemien, lykwols, is mei 'humanisme' altyd ferwiisd nei in perspektyf dat it idee fan minsklike frijheid en foarútgong befêstiget. Dêrby wurde minsken sjoen as de iennichsten dy't ferantwurdlik binne foar harren ûntwikkeling as yndividuën of as mienskip, en teffens wurdt dêrby de soarch fan en foar minsken yn ferhâlding ta harren natuerlik fermidden beklamme.
Foarhinne, bgl. yn 'e Renêssânse, doe't it humanisme mei figueren as Erasmus en Thomas More heechtijdagen belibbe, wie it in filosofy dy't oansleat op it kristendom. Tsjintwurdich is humanisme ornaris in sekuliere (d.w.s. yrreligieuze of alteast non-teïstyske) libbensbeskôging, dy't om 'e wrâld te begripen útgiet fan 'e wittenskip ynstee fan in iepenbiering út in boppenatuerlike boarne.
Religy en maatskippij
Religy en etyk
In protte religyen omfetsje in ramtwurk fan noarmen en wearden dêr't harren oanhingers har oan hearre te hâlden. Sokke ramtwurken binne yn earste ynstânsje bedoeld om 'e leauwenden te helpen by it meitsjen fan ûnderskie tusken goed en kwea. Foarbylden fan sokke ramtwurken binne de Tsien Geboaden fan it joadendom en it kristendom, de halacha fan it joadendom, de Kanonnike Wet fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de sharia fan 'e islaam, de Trijefâld Juwiellen fan it jaïnisme, it Achtfâld Paad fan it boedisme en it konsept fan goede tinzen, goede wurden en goede dieden yn it soroästrisme.
Sokke ramtwurken fan noarmen en wearden binne basearre op 'e ynterne etyk fan in religy. Etyk en religy binne lykwols net synonym, mei't etyk gjin religy nedich is om te bestean. Religieuze noarmen en wearden komme ornaris alteast foar in part oerien mei maatskiplike noarmen en wearden dy't yn 'e wrâld rûnom erkend wurde. Sa ferbiede de measte godstsjinsten harren oanhingers om in oare minske te deadzjen, of it moat wêze dat soks út selsferdigening dien wurdt of om in oar te ferdigenjen. Ek oare misdriuwen, lykas ferkrêfting, ûntfiering en dieverij, wurdt yn 'e regel fanút religy it near op lein. It gearfallen fan religieuze en maatskiplike noarmen en wearden wurdt twifelich as it giet om ambifalinte sosjale ferskynsels, lykas oerhoer. Noch mear problematysk wurdt it, as it giet om saken as dronkenskip, gokken, it besjen fan pornografyske ôfbyldings of films, masturbaasje, seks foar it houlik, ûntroud gearwenjen, homoseksualiteit, abortus en eutanasy. In protte religyen wize alle of in diel fan 'e neamde saken ôf, ek yn lannen dêr't soks maatskiplik sjoen frij algemien akseptearre is.
Behalven ferboaden omfetsje religieuze ramtwurken fan noarmen en wearden ornaris ek geboaden. Men kin dan tinke oan it jaan fan jelmissen oan minderbedielden, mar ek oan itensfoarskriften (kosjer, halal), it regelmjittich besykjen fan godshuzen om diel te nimmen oan 'e earetsjinst of it bidden fan in ritueel gebed (bgl. it islamitysk gebed).
Religy en polityk
Religy hat yn in protte lannen en territoaria in oansjenlike ynfloed op 'e polityk, benammen as ien beskate religy de steatsgodstsjinst is. Dat betsjut dat de steat dy iene religy ûnderstipet, en derfan útgiet dat alteast de mearderheid fan 'e befolking út oanhingers fan dy iene religy bestiet. Foarbylden fan lannen dêr't ien religy de steatsgodstsjinst is, binne Iraan (sjiïtyske islaam), Afganistan, Maleizje, Mauretaanje, Pakistan en Saûdy-Araabje (soennityske islaam), Israel (joadendom), Ingelân, Grikelân, Monako, Denemark en Noarwegen (kristendom), Bûtan en Kambodja (boedisme). Soks hoecht net problematysk te wêzen, mar dat wurdt it wol as de noarmen en wearden fan 'e steatsgodstsjinst troch de oerheid ek oan 'e leauwenden fan oare godstsjinsten oplein wurde. Soks kin ta leauwensferfolging fan religieuze minderheden liede. Ofskaffing fan 'e steatsgodstsjinst, in ferskynsel dat skieding fan tsjerke en steat neamd wurdt (ek as it om in oare religy as it kristendom giet), is dêrom ien fan 'e wichtichste betingsten foar in demokratysk steatsbestel. Sûnder in skieding tusken tsjerke en steat kin in lân nea in wiere demokrasy wêze.
Ek yn lannen dy't gjin steatsgodstsjinst hawwe, oefenet it ferskynsel religy grutte ynfloed út op it politike systeem. Yn in protte Jeropeeske lannen, wêrûnder Nederlân, komme bgl. politike partijen foar dy't harrensels definiëarje op basis fan religy; men sprekt dan fan in partij 'op konfesjonele grûnslach'. Meastal is dy religy it kristendom, en sokke partijen foarmje de kristen-demokrasy, in religieus oanstjoerde foarm fan konservatisme. Yn Nederlân binne it CDA, de KristenUny en de SGP partijen dy't har yn harren politike stânpunten yn hegere of mindere mjitte liede litte troch kristlike noarmen en wearden; yn Dútslân is sa'n partij de CDU en yn Flaanderen CD&V. Nettsjinsteande dat is de ynfloed fan it kristendom op 'e Jeropeeske polityk yn 'e measte lannen beheind, om't sekuliere partijen mei-inoar mear oanhing hawwe as de kristen-demokratyske partijen, en ek om't de ferskillende kristen-demokratyske partijen it op guon punten ûnderling ûniens binne.
Yn 'e Feriene Steaten, dêr't yn begjinsel net sokke konfesjonele partijen besteane, binne de beide grutte politike partijen, de Republikeinske en de Demokratyske Partij, winliken konservativer en kristliker as in protte Jeropeeske kristen-demokratyske partijen. Dat komt fuort út it feit dat de Feriene Steaten in tige religieus lân foarmje, mei in befolking dy't tige konservatyf en yn grutte mearderheid kristlik is. Neffens in ûndersyk út 2016 achte fan 'e Amerikaanske kiezers 51% it minder wierskynlik dat se op in presidintskandidaat stimme soene dy't net yn God leaude, wylst mar 6% it wierskynliker achte. Anno 2019 bestie fan 'e leden fan it Amerikaanske Kongres 92% út kristenen (ferlike mei 71% fan 'e Amerikaanske befolking yn 2014), wylst mar ien Kongreslid (0,2%), Kyrsten Sinema, in Demokraat út Arizona, iepentlik sei dat se gjin religy hie.
Yn oare dielen fan 'e wrâld fariëarret de ynfloed fan religy op polityk. Yndia is bgl. ien fan 'e meast religieuze lannen fan 'e wrâld. De BJP, in hindoe-nasjonalistyske partij dy't yn 2014 oan 'e macht kaam, wol fan Yndia in hindoeïstysk lân meitsje, dêr't gjin romte is foar religieuze minderheden. De oerheid fan Yndia hat dêrom sûnt in ferskaat oan maatregels nommen dy't bedoeld binne om moslims en kristenen te treffen. Yn beskate oare Aziatyske lannen, lykas Sina, Fjetnam en Japan, spilet religy yn 'e polityk amper in rol om't dy lannen fierhinne sekulier binne.
Religy en ekonomy
Religy hat ek ynfloed op ekonomy, alteast op lokaal nivo, bgl. troch pylgers dy't op beafeart geane, lykas roomsen nei Lourdes en Rome, kristenen nei plakken yn Israel, moslims yn it ramt fan 'e hadj nei Mekka, en hindoes yn it ramt fan 'e kumbh mela nei Allahabad, Nasik, Ujjain en Haridwar.
Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat der op lanlik nivo yn 'e wrâld in omkeard negatyf ferbân bestiet tusken religiositeit en rykdom. Oars sein: wat riker in lân is, wat leger de kâns dat in ynwenner fan dat lân religieus is. Neffens in ûndersyk út 2015 besieten doe kristenen 55% fan alle rykdom yn 'e wrâld, moslims 5,8%, hindoes 3,3% en joaden, nettsjinsteande it feit dat it joadendom in godstsjinst is mei folle, folle minder oanhingers, 1,1%. Net-religieuze lju soene neffens itselde ûndersyk 34,8% fan alle rykdom yn 'e wrâld yn besit hawwe.
De Dútske sosjolooch en polityk ekonoom Max Weber hat riddenearre dat lannen mei in foar it meastepart protestantske befolking riker binne fanwegen it protestantske arbeidsetos.
Religy en sûnens
Ferskate wittenskiplike ûndersiken hawwe oantoand dat der in ferbân bestiet tusken belutsenens by religy en spiritualiteit oan 'e iene kant en sûnens op lichaamlik en geastlik mêd en de algemiene kwaliteit fan it libben oan 'e oare kant. Lju dy't in religy oanhingje en/of aktyf dwaande binne mei spiritualiteit binne oer it algemien sûner, libje langer, kinne better omgean mei tsjinslaggen yn it libben, betterje faker en flugger op fan slimme sykten en swiere ferwûnings, hawwe minder faak te krijen mei klinyske depresjes en dogge minder faak selsmoard. In ûndersyk út 2006 dat basearre wie op in analyze fan gegevens út 'e Feriene Steaten ûnderskreau dy konklúzjes fierhinne, mar tekene dêrby oan dat sokke útkomsten fan religy ta religy ferskille kinne en dat de útkomsten net folslein itselde binne foar manlju en froulju.
Religy en geweld
Religieus geweld
Religieus geweld is geweld dat brûkt wurdt troch oanhingers fan in beskate religy tsjin oanhingers fan in oare religy of oare religyen mei as doel om 'e eigen religy dominant te meitsjen of oarstinkenden te ûnderdrukken. Soks komt oer it algemien fuort út fûnemintalisme, in ynboude yntolerânsje dy't benammen foarkomt yn monoteïstyske godstsjinsten, hoewol ek wol dêrbûten. Fûnemintalisme betsjut letterlik: it weromkearen nei it fûnemint fan 'e oangeande religy. It is in ynherint eksklusive tinkwize, dy't eltsenien útslút dy't der net persiis deselde tinkbylden op neihâldt.
It iroanyske is dat soks krekt anty-monoteïstysk en sels idolatrysk is, om't dêrby net mear God sintraal stiet, mar fergoade tinkbylden, lykas it Hillige Lân (by joadsk fûnemintalisme), de Bibel en "gesinswearden" (by kristlik fûnemintalisme), de histoaryske islaam (by islamitysk fûnemintalisme) of de Gouden Timpel fan Amritsar (by sikh-fûnemintalisme). Sok fûnemintalisme kin liede ta misdieden tsjin 'e minsklikheid, lykas yn it gefal fan 'e genoside wêrmei't de bibelske ynbesitname fan it lân Kanaän troch de âlde Israeliten mei mank gie, de Krústochten wêrmei't de kristenen yn 'e Midsiuwen it Hillige Lân besochten te 'befrijen', en 9/11 en oare terroristyske oanslaggen wêrmei't ekstremistyske islamisten fan 'e 1990-er jierren ôf besocht hawwe om 'e Westerske ynfloeden op 'e islaam tsjin te kearen.
Neffens kritisy fan religy, lykas Hector Avalos, Regina Schwartz, Christopher Hitchens en Richard Dawkins, binne religyen ynherint gewelddiedich en dêrom skealik foar de minsklike maatskippij, om't se geweld brûke om 'e eigen doelen te berikken op manearen dy't troch religieuze lieders oanfitere en foar eigen gewin brûkt wurde. Antropolooch Jack David Eller hat dêr tsjinynlein dat hoewol't religy en geweld oerdúdlik feriene wurde kinne, de beide konsepten net identyk binne. Neffens him is geweld noch wichtich foar religy, noch wurdt it eksklusyf troch religyen brûkt. Boppedat hat nei syn miening frijwol eltse foarm fan religieus geweld net-religieuze bybedoelings.
Bloedoffers
Foar it dwaan fan offerrituelen, wêrby't op rituele wize in offer brocht wurdt oan God of oan in god of ferskate goaden, meitsje guon (mar net alle) religyen gebrûk fan biste-offers. In offer is eins it dwaan fan in jefte oan 'e godheid mei as doel om 'e ferhâldings tusken minske en godheid fêst te lizzen en úteinlik de selshanthavening fan 'e minske foar de godheid oer te beävensearjen. It offer, yn it gefal fan in biste-offer it bist, foarmet dêrby godstsjinstwittenskiplik sjoen de pleatsferfanger foar de bringer fan it offer sels. Nau mei it bringen fan biste-offers besibbe is it ritueel slachtsjen fan in bist, sa't dat yn beskate religyen (lykas it joadendom en de islaam) ta de geboaden heart.
Yn 'e Westerske wrâld wurde selden noch biste-offers brocht en ek ritueel slachtsjen stiet tige ûnder druk fanwegen noed oer it bistewolwêzen. Yn Yndia is it bringen fan biste-offers ferbean. Yn grutte dielen fan Afrika en ek by oanhingers fan 'e Afrikaanske synkretistyske religyen yn Amearika is it lykwols noch hiel normaal.
Histoarysk sjoen waarden njonken of ynstee fan biste-offers ek wol minske-offers brocht. Benammen beskate prekolumbiaanske beskavings yn Meso-Amearika (de Maya's en de Azteken) en yn Súd-Amearika (de Inka's) stiene derom bekend, mar it kaam ienris ek rûnom foar yn oare dielen fan 'e wrâld.
Religy en byleauwe
Byleauwe is it leauwen yn oarsaaklike ferbannen dy't net besteane; dingen dy't men sjocht wurde dêrby troch lju dy't der gjin ferstân fan hawwe op in foar harsels logysk lykjende wize ferklearre, dy't lykwols wittenskiplik sjoen bewiisber ûnwier is. Yn dat lêste punt leit him it ferskil tusken byleauwe en religy: fan byleauwe kin de wittenskip bewize dat it op ûnwierheid berêst, wylst it dat by religy net kin. Religy is nammers yngewikkelder, wiidfiemjender en mear organisearre as byleauwe, en boppedat foarsjoen fan in eigen stelsel fan etyk dat byleauwe net hat. Nettsjinsteande dat wurdt eltse foarm fan religy troch rjochtsinnige ateïsten soms weiset as byleauwe, wylst oare religieuze opfettings as har eigen soms troch oanhingers fan in religy foar byleauwe holden wurde. Foar it meastepart tinkt men by it begyp 'byleauwe' lykwols oan dingen as dat it ûngelok bringe soe om in strjitte skean oer te stekken of ûnder in ljedder troch te rinnen of dat in swarte kat jins paad krúst. Yn 'e lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt byleauwe as sûndich beskôge om't it in utering wêze soe fan in gebrek yn fertrouwen yn 'e godlike foarsjennichheid fan God.
Religy en wittenskip
Wittenskip riddenearret fanút de rede en proefûnderfynlike eksperimintaasje en it dêrút fuortkommende bewiis, wylst religyen harren basearje op iepenbiering, leauwen en hilligens, en dêrby ek filosofyske en metafysyske útlis oer it hielal en de wurking dêrfan akseptearje. Net ien fan beiden binne wittenskip en religy monolitysk (d.w.s. sûnder ynterne tsjinspraak), tiidleas of statysk, want allebeide binne it komplekse sosjale en kulturele ferskynsels dy't harren meitiid oan nije ûntwikkelings oanpasse.
De wittenskip feroaret op metodike wize troch it testen fan hypotezes om teoryen te ûntwikkeljen sadat nije kennis opdien wurde kin troch it waarnimmen fan feiten. Wittenskip is dêrom inkeld sinfol foar fragen oer it hielal wêrfan't de antwurden waarnommen en metten wurde kinne. Teoryen binne wittenskiplike riddenearrings dy't gearstald wurde op basis fan 'e feiten om it bêste oerien te kommen mei it bewiismateriaal. Wittenskiplike teoryen dy't in oerweldigjende ûnderbouwing mei geunstich bewiis hawwe, wurde yn it spraakgebrûk fan leken oer it algemien oannommen foar de facto fêststelde wierheden. Foarbylden binne de evolúsjeteory en de algemiene relativiteitsteory. Alle wittenskiplike kennis stiet lykwols bleat oan lettere ferfining, feroaring of sels ôfwizing as dêr nij bewiis ta fûn wurdt. Religy as ferskynsel hat gjin fêststelde metoade, om't religyen har ûntwikkelje sûnder dat dêr in sintraal tafersjoch op bestiet.
Yn 'e Westerske wrâld en it kristendom, en ek, sij it yn mindere mjitte, yn it joadendom, wurde wittenskip en religy as polêre tsjinstelden sjoen, dy't net mei-inoar te ferienjen binne. Dat idee bestiet histoarysk sjoen noch mar frij koart, mei't wittenskip yn 'e Westerske wrâld iuwenlang op 'e grûnslach fan religy (d.w.s. it kristendom) bedreaun waard. Pas yn 'e Ferljochting, yn 'e achttjinde iuw, waard foar it earst in skiedsline lutsen tusken wittenskip en religy. Yn oare religyen bestiet sa'n skiedsline faak net. Sa wurdt wittenskip yn 'e islaam as in essinsjeel ûnderdiel fan religy beskôge. Wylst yn it kristendom de kosmologyske oerknalteory oer it ûntstean fan it hielal faak rjocht foar it skeppingsferhaal fan Genesis oer steld wurdt as net mei-inoar te fersoenjen stânpunten, sjocht men de oerknal yn oare religyen faak as in ûntdekking yn it ramt fan 'e fysike wurking efter de symbolyk fan in skeppingsferhaal. Mei oare wurden: de oerknal wurdt dan de metoade dy't God of in god brûkt hat om it hielal te skeppen.
Sekularisaasje
- De Wikipedy hat ek in side sekularisaasje.
Sekularisaasje is in maatskiplik proses wêrby't religy yn it algemien en religieuze ynstellings yn it bysûnder harren gryp op it deistich libben stadichoan ferlieze. De fokus fan 'e maatskippij ferskoot dêrby yn 'e rjochting fan sekularisme, nei in stelsel fan noarmen en wearden en ynstellings dy't net religieus binne. Sekularisaasje is in proses dat sûnt de iere tweintichste iuw geande is, fral yn 'e Westerske wrâld en benammen yn West-Jeropa en lannen as Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, mar ek yn Tsjechje, Hongarije, Estlân, Israel, Sina, Japan en Fjetnam. Yn 'e Feriene Steaten, de Arabyske wrâld, Yndia, de Filipinen en de measte oare ûntwikkelingslannen is de maatskippij noch altyd yn hege mjitte religieus. Datselde jildt foar beskate lannen yn East-Jeropa, lykas Poalen, Litouwen en Kroaasje, wylst yn beskate oare lannen yn dat diel fan 'e wrâld, lykas Roemeenje en Ruslân, sûnt de ein fan 'e Kâlde Oarloch krekt in oplibbing fan religy spilet, dy't de sekularisaasje weromkringt.
Ynterreligieuze dialooch
Oerlis tusken fertsjintwurdigers fan ferskillende religyen oer mienskiplike belangen en doelen of om neier ta-inoar te kommen, wurdt ynterreligieuze dialooch neamt. As soks plakfynt tusken de ûnderskate denominaasjes fan it kristendom, sprekt men ynstee fan oekumene. Ynterreligieuze dialooch is faak rjochte op it mooglik meitsjen of fuortsterkjen fan fredesinisjativen. De earste grutte ynterreligieuze dialooch wie it Parlemint fan Wrâlds Religyen, dat yn 1893 holden waard yn it ramt fan 'e wrâldtentoanstelling yn Chicago. Op dy gearkomste waarden 'universele wearden' bekrêftige en ûntstie erkenning foar de diversiteit fan 'e ûnderskate religieuze praktiken fan 'e ferskillende kultueren yn 'e wrâld.
Wittenskip
Bestudearring fan religy
It ferskynsel religy wurdt bestudearre troch in stikmannich wittenskiplike dissiplines: teology, ferlykjende godstsjinstwittenskip, godstsjinstskiednis, antropology, sosjology, en psychology. Teology of godgelearheid is de tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk docht nei God, it godlike en de godstsjinst, dêrby stypjend op 'e ynformaasje krigen út religieuze iepenbiering. Yn 'e Nederlânske kontekst giet it dêrby ornaris om it kristendom en/of it joadendom. De ferlykjende godstsjinstwittenskip is in breder fakmêd, dat him dwaande hâldt mei de systematyske ferliking fan 'e learen en praktiken fan alle religyen fan 'e wrâld. Sok ûndersyk kin liede ta net inkeld mear kennis oer religy as ferskynsel, mar teffens ta djipper ynsjoch oangeande fûnemintele filosofyske ûnderdielen fan religy, lykas etyk, metafysika en de sosjology fan ûnderskate maatskippijen en kultueren.
Wittenkiplike ynterpretaasje
De wittenskiplike ynterpretaasje fan religy is dat in protte fan 'e wrâldreligyen úteinset binne as refitalisearringsbewegings, almeast yn 'e foarm fan in iepenbiering fan in garismatyske profeet, dy't mei syn boadskip ta de ferbylding spriek fan minsken dy't op 'e siik wiene nei in mear alomfetsjend antwurd foar de swierrichheden dêr't se yn it deistich libben mei te krijen hiene as dat harren bean waard troch it leauwenssysteem dat se op dat stuit al hiene. Hoewol't der yn 'e skiednis fan 'e minskheid withoefolle fan sokke profeten west hawwe, liket it saakkundigen ta dat it súkses fan harren boadskip minder te krijen hat mei harren eigen garisma as mei de fraach oft it har slagget om harren beweging te ynstitúsjonalisearjen, d.w.s. der in organisaasje foar op te setten, dy't fuortbestiet nei harren eigen ferstjerren.
De ûntwikkeling fan religy hat yn in protte ûnderskate kultueren in protte ûnderskate foarmen oannommen. Guon religyen lizze de klam op it leauwen, oaren op it útfieren fan religieuze praktiken. Guon religyen lizze har ta op 'e subjektive ûnderfining fan it yndividu, oaren beskôgje de aktiviteiten fan 'e religieuze mienskip as gehiel as it wichtichst. Guon religyen beweare universeel te wêzen, mei regels en in kosmology dy't foar eltsenien jilde soe, sawol leauwenden as net-leauwenden, wylst oaren har fier hâlde fan sokke bewearings en inkeld bedoeld en gaadlik binne om praktisearre te wurden troch in dúdlik beheinde kloft lju, lykas in etnyske groep.
Neffens antropologen John Monoghan en Peter Just liket it ûntsjinsisber dat religy de leauwenden helpt en gean om mei swierrichheden yn it deistich libben dy't ynfloedryk, oanhâldend en ûnferdraachlik binne, lykas sykte, sinleas geweld, oarloch, hongersneed, leafdesfertriet en rou. Trochdat religyen harren leauwenden in stelsel fan ideeën biede oer hoe't de wrâld wurket en wêrom't dat sa is, kinne leauwenden harren frustraasjes, eangst en fertriet in plak jaan en omgean mei ûnheil.
Sjoch ek
Tema:Religy – Oersjoch fan 'e Wikipedy-artikels oer dit ûnderwerp
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Sources en Further Reading, op dizze side. |