LabLynx Wiki
Ynhâld
In opstân of rebûlje is in wegering om hearrich te wêzen oan 'e fêstige oarder. Soks kin in hiel skala oan foarmen oannimme, dy't der lykwols allegear op rjochte binne om in beskaat gesach (lykas in regear, presidint, monargy, finansjeel ynstitút of baas) te ferneatigjen of oer te nimmen. De metoaden dêrta kinne freedsum wêze, lykas boargerlike oerhearrigens, boargerlik ferset en ferset sûnder geweld, mar se kinne ek gewelddiedige foarmen oannimme, lykas sabotaazje, terrorisme of guerrilla-oarloch. Persoanen dy't dielnimme oan in opstân wurde opstannelingen of rebellen neamd. In pleatslike opstân wurdt ek wol oantsjut as in opskuor, wylst in grutskalige opstân faak in oarloch neamd wurdt. Fierders is in muiterij in opstân op in skip of yn it leger.
Foarbylden
Yn 'e minsklike skiednis hawwe der withoefolle opstannen west, faak fan legere maatskiplike klassen tsjin 'e hegerein, lykas slave-opstannen en boere-opstannen. Yn súdwestlik Frankryk diene har bgl. tusken 1590 en 1715 mear as 450 boere-opstannen foar. Guon fan 'e meast ferneamde opstannen út 'e skiednis wiene:
- de Tredde Slave-oarloch (73-71 f.Kr.), in opstân fan slaven ûnder lieding fan Spartakus tsjin it Romeinske Ryk;
- de Nederlânske Opstân (1568-1581), fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen tsjin it Spaanske bewâld;
- de Jakobityske Opstân fan 1745, fan 'e Skotske jakobiten tsjin it Hûs fan Hannover;
- de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1776-1783), fan 'e Amerikaanske kolonisten tsjin it Britske regear;
- de Bokseropstân, wêrby't opstannelingen yn Sina yn 1900 in sterker regear besochten yn te stellen, dat in fûst meitsje koe tsjin 'e Jeropeeske grutmachten dy't Sina útrûpelen;
- de Hongaarske Opstân fan 1956, wêrby't anty-kommunisten yn Hongarije yn 1957 in ein besochten te meitsjen oan 'e oerhearsking troch de Sovjet-Uny;
- de Praachske Maityd, wêrby't anty-kommunisten yn Tsjechoslowakije yn 1968 in ein besochten te meitsjen oan 'e oerhearsking troch de Sovjet-Uny;
- de Anjerrevolúsje, dy't yn 1974 in ein makke oan it faksistyske bewâld yn Portegal;
- de Arabyske Maityd, in rige opstannen yn 'e Arabyske wrâld, wêrmei't de dielnimmers fanôf 2010 op ferskate manearen politike feroarings yn harren respektivelike lannen besochten troch te fieren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |