LabLynx Wiki
Ynhâld
Kartûm | ||
Kartûm by nacht | ||
Bestjoer | ||
Lân | Sûdan | |
Steat | Kartûm | |
Boargemaster | Abdûl Halim al Mutafi (gûverneur) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.431.323 (2010) | |
Oerflak | km² | |
Befolkingsticht. | km² | |
Stêdekloft | 10.082.702 (Steat Kartûm)(2010) | |
Hichte | 382 m | |
Oar | ||
Stifting | 1823 | |
Tiidsône | (UTC+3) | |
Koördinaten |
|
Kartûm (Arabysk al-Khartûm: الخرطوم, betsjut "oaljefanteslurf") is de haadstêd fan Sûdan. Kartûm leit op it plak dêr't de Blauwe Nyl, út Etioopje, en de Wite Nyl, fanút Uganda byinoarkomme. As Nyl rint de rivier dan fierder troch Egypte nei de Middellânske See.
Kartûm hat goed 2 miljoen ynwenners en foarmet mei Kartûm-Noard (al-Khartûm Bahrî) en Omdurman (Umm Durmân) in metropoal dy't mear as 10 miljoen ynwenners inwoners telt. De stêd hat in ynternasjonale lofthaven (Lofthaven Kartûm).
Ut de skiednis
Kartûm waard troch de Egyptenaren yn 1823 stifte en waard yn 1830 útroppen ta haadstêd fan Egyptysk Sûdan. De delsetting tsjinne yn it earstoan as bûtenpost foar it Egyptyske leger, mar groeide rillegau út ta in regionaal hannelssintrum en ek in sintrum foar de slavehannel.
Yn 1956 waard Kartûm haadstêd fan it nije ûnôfhinklike Sûdan.
De earste oaljepiipline tusken Kartûm en Port Sudan wie klear yn 1977.
Yndustry
De yndustry levert produkten sa as tekstyl, keunstdong, metaalguod, sementprodukten en fiedings- en genietmiddelen.
Partnerstêden
- Sint-Petersburch, Ruslân
- Asmara, Eritrea
- Amman, Jordaanje
- Kaïro, Egypte
- Istanbûl, Turkije
- Ankara, Turkije
- Wuhan, Folksrepublyk Sina
Demografy
Jier | Ynwennertal | |
---|---|---|
Stêd | Agglomeraasje | |
1956 | 93.100 | 245.800 |
1973 | 333.906 | 748.300 |
1983 | 476.218 | 1.340.646 |
1993 | 947.483 | 2.919.773 |
2007 | 2.207.794 | 8.363.915 |
Berne yn kartûm
- Mohammed Naguib (20 febrewaris 1901), presidint fan Egypte († 1984)