LabLynx Wiki

Keppelings bewurkje
Dizze side giet oer it boukundich ûnderdiel. Foar it tydskrift, sjoch: Doar (tydskrift).
In foardoar.
Doar

In doar is in beweechber boukundich ûnderdiel ta ôfsluting en tagong fan in romte yn in gebou of in fiertúch. Doarren fan fiertugen wurde ek wol portiers neamd. Yn in gebou bestiet in doar ornaris út in paniel dat oan ien kant mei hingen fêstsit op harren en dêrtroch iepen en ticht swongen wurde kin, of in paniel dat fan boppen mei tsjiltsjes op in rail hinget en dêrtroch hinne en wer (iepen en ticht) skood wurde kin. In doar dy't iepen en ticht skood wurdt, hjit in skodoar. Yn Nederlân binne de hichte en breedte fan doarren yn it Boubeslút fêstlein. Bêdtagonklike doarren yn sikehuzen en oare soarchynstellings moatte teminsten 120 sm breed wêze; foar doarren yn partikuliere wenten kin it mei in breedte fan 80 sm ta. De âldst bekende doar yn Nederlân is yn 2002 by argeologyske opgravings yn Alfen oan de Ryn fûn en datearret út 'e earste iuw. De âldste doar fan 'e wrâld is yn Switserlân fûn en is likernôch 5.000 jier âld.

Doel

Doarren wurde brûkt om 'e tagong ta in fysike romte te behearskjen en minsken, bisten, siging en/of kjeld, waarmte, ljocht en smoargens bûten (of krekt yn) dy romte te hâlden. Se kinne bedoeld wêze as barriêre tsjin lawaai of befeiliging tsjin (fersprieding fan) brân (de brândoar), mar ek poer foar privacy brûkt wurde. Ofhinklik fan 'e sitewaasje is it faak fatsoenlik om op in doar oan te klopjen ear't men in romte binnengiet dy't yn gebrûk is, of sels om dan te wachtsjen oant de persoan(en) yn dy keamer jin deryn nûgje (bgl. by sliepkeamers, klaaikeamers of romten dêr't formele gearkomsten holden wurde). Doarren hawwe ek in estetyske rol troch it skeppen fan in yndruk fan wat derefter leit. Se kinne ek fan symboalyske wearde wêze, wêrby't it bewekjen of oerdragen fan 'e kaaien (fan it slot) fan in doar in bysûndere betsjutting hawwe kin. Yn it ferlingde dêrfan wurdt de metafoar fan in doar yn 'e literatuer faak brûkt as in foarteken foar feroaring.

In âlde bûtendoar yn Georgje.

Underdielen fan doarren

De hingen fan in doar wurde ek wol de doarbannen neamd. De hingen binne op 'e harren heakke, dy't fêstsitte yn it doarskezyn, in houtene beklaaiïng fan 'e râne fan it gat yn 'e muorre of wand dat de doar ôfslút. Hingen en harren mei-inoar wurde ek wol de knieren fan in doar neamd. De boppebalke fan it kezyn wurdt de boppedrompel of latei neamd, en de sydbalken binne de doarposten of doarsstilen. De iepening sels is it doarsgat. Doarren wurde iepene mei de doarskruk, dy't likernôch healwei de hichte fan 'e doar sit, oan 'e kant dy't iepen- en tichtswongen wurdt. By âlde doarren en fral ek yn pleatsen sjocht faak noch in oar iepeningsmeganisme, de doarsklink of koartwei klink, besteande út 'e doarsring oan 'e binnenkant, en de doarskram en de doarsnoas oan 'e bûtenkant.

Guon doarsgatten hawwe oan 'e boppekant gjin boppedrompel, mar in strek, in stiennene bôge mei in horizontale wulfline. Underoan it doarsgat sit faak in drompel (ek doarsdrompel of ûnderdrompel), in lege houtene planke of balke dy't bedoeld is om te helpen by it ôfsluten fan it doarsgat en om fersprieding fan smoargens tsjin te gean. Yn sikehuzen en oare soarchynstellings en teffens yn partikuliere wenten fan lju dy't yn in rolstoel sitte, ûntbrekke sokke drompels om 'e tagong foar rolstuollen en ridende bêden makliker te meitsjen.

It komt foar dat doarren in mei in glêzen rút tichtmakke finster hawwe (meast yn 'e boppeste helte), dat it doarsrút hjit. By in foardoar, de normale tagongsdoar dy't oan 'e foarside fan 'e wente nei bûten liedt, sitte oer in doarsrút faak dieve-izers: izeren steaven dy't ynbrekkers tsjinhâlde moatte. Fierders hawwe foardoarren oan 'e bûtenkant faak in opstapke, de stoepe. Teffens is der by in foardoar op it bûtenkezyn meastal in doarbel of doarskille oanbrocht, wêrmei't besikers de bewenner witte litte kinne dat der immen oan 'e doar is. Doarren, en fral bûtendoarren, kinne ornaris ôfsletten wurde mei in slot, in skoattel en/of in waarle.

De (healwiis grutte) dûbele doarren fan it National Archives Building yn Washington, D.C.

Soarten doarren

Sprekwurden

  • foar de tadoar komme = in ûnfreonlik wegering ûntfange
  • foar of oan de winige doar komme = ûnfreonlik of ûnfatsoenlik behannele wurde

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.