LabLynx Wiki

Lizzing Devon yn Ingelân
Katedraal fan Exeter
Ilfracombe, oan de noardkust fan Devon

Devon (earder ek wol Devonshire neamd) is in greefskip yn de Ingelske regio Súdwest-Ingelân, dat nei alle gedachten yn 'e earste helte fan 'e tsiende iuw oprjochte is. Mei Devon kin sawol it histoaryske- en seremoniële greefskip bedoeld wurde as ek it bestjoerlike greefskip. Yn it lêste gefal hearre de unitairy authorities fan Plymouth en Torbay net by Devon: sy foarmje twa selsstannige bestjoerlike ienheden.

It gebiet omfiemet sa’n 6700 km2 (it administrative greefskip is in bytsje lytser) en hat goed in miljoen ynwenners, dêr't 704.493 fan yn it administrative greefskip wenje. De haadstêd is Exeter.

Koarte skiednis

Nei de lêste iistiid, wie Devon ien fan de earste kontreien dêr’t minsken har nei wenjen setten. Archeologen hawwe in soad oerbliuwsels fan prehistoaryske delsettingen fûn. Sa binne bygelyks frijwat ruïnen fan gebouwen op Dartmoor (no in Nasjonaal Park) fûn.
Devon hat syn namme krigen fan de Dumnonii, in Romeinske oantsjutting fan it Keltyske folk út dy kontrei. De Romeinen besetten Devon om it jier 50 hinne. De namme Dumnonii kin betsjutte 'persoan dy’t yn in djippe delling wennet' of 'oanbidders fan de god Dumnonos'. It Romeinske leger hâlde sa’n 350 jier yn Devon ta. De stêd Exeter wie harren militêr haadkertier

Dêrnei hat it lang duorre ear’t Devon wer frjemde folken sjoen hat. De Saksen kamen yn de 7e iuw, en de kening fan Wesseks hat nei alle gedachten yn 614 in oanfal dien. It skeel tusken Devon en Wesseks hat sa'n 200 jier oanholden. Guon histoarisy wolle hawwe dat Wesseks de oerhân yn it konflikt krige yn 715, mar oaren miene dat dêr net fan sprutsen wurde kin foar teminsten 936. Lang om let rekken de keningen fan Devon lykwols ûnder oerhearsking fan Wesseks.

Tiidgenoat William fan Malmesbury skriuwt dat Britten en Saksen lykweardich wiene yn it Exeter fan 927, mar dat kening Athelstan fan Wesseks doe de Britten út Exeter ferdreaun hat. De rivier Tamar waard de grins mei Cornwall yn 936. Ofgeande op plaknammen en tsjerkeynwijingen liket it derop dat de Britten net fier fuort ferdreaun binne en letter ek weromkaam binne, want in skoftke letter hie Exeter in stedsdiel mei de namme "Britayne" dat oant koartlyn ta bestien hat.

In protte plaknammen yn Devon befetsje it wurd "combe" (b.g. Ilfracombe). Dat wurd komt út de Brittoanske (Keltysk) taal en betsjut itselse as it Welske wurd "cwm". Ek typysk foar Devon is it wurd "tor", ek út it Brittoansk, en te fergelykjen mei it Welske "twr". Beide wurden wurde ek fûn yn oanswettende greefskippen, mar net sa faak. Oare plaknammen komme fan it Aldingelsk en in stikmannich ek út it Noarsk. Devon syn plaknammen hawwe in soad fan dy yn west Somerset en eastlik Cornwall dy't beide part wiene fan it âlde kenynkryk "Dumnonia".

Yn de 9e iuw besochten groepen Wytsingen Devon yn te nimmen. Dat gie sa troch oant de Normandyske Ferovering fan Ingelân (1066). De namme fan it eilân Lundy komt ek fan in Wytsingetaal, it saneamde Norse. Fierders wiene de Wytsingen ferantwurdlik foar it ferpleatsen fan de katedraal fan Crediton nei Exeter.

Devon hat belutsen west by in soad konflikten yn it Ingelân fan nei 1066:

Devon hat fan âlds tin, koper en oare metalen levere.

Toerisme

Fjilden fan súd- Devon yn’e snie.

De measte ynkomsten fan Devon komme út it toerisme, it leverjen fan klaai foar de nasjonale ierdewurkyndustry en swiere yndustry dy’t foar it grutste part konsintrearre is om de grutte stêden Plymouth en Exeter hinne. It súdwesten fan Ingelân lûkt benammen toeristen troch it betreklik sêfte klimaat, dat sels subtropyske plantegroei hat, de moaie autentike doarpen, it lânskip dat in soad minsken oanlûkt en de oanwêzigens fan in protte prehistoaryske oerbliuwsels.

Distrikten

Distrikten Detailkaart
  1. Exeter
  2. East Devon
  3. Midden Devon
  4. Noard Devon
  5. Torridge
  6. West Devon
  7. Súd Hams
  8. Teignbridge
  9. Plymouth (Unitary authority)
  10. Torbay (Unitary authority)

Plakken

De haadstêd is Exeter.

Oare plakken binne: Plymouth, Dawlish, Exmouth, Sidmouth, Ilfracombe, Woolacombe, Lynmouth, Torquay, Paignton, Brixham, Axminster, Barnstaple, Bideford, Honiton, Newton Abbot, Okehampton, Childe's Tomb, Tavistock, Tiverton en Chudleigh

Ferneamde persoanen út Devon

Galery