LabLynx Wiki
Ynhâld
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2012 MMXII |
Ab urbe condita | 2765 |
Armeenske kalinder | 1461 ԹՎ ՌՆԿԱ |
Etiopyske kalinder | 2004 – 2005 |
Hebriuwske kalinder | 5772 – 5773 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2067 – 2068 |
- Shaka Samvat | 1934 – 1935 |
- Kali Yuga | 5113 – 5114 |
Iraanske kalinder | 1390 – 1391 |
Islamityske kalinder | 1433 – 1433 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4708 – 4709 戊卯 – 己辰 |
2012 is in skrikkeljier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 2012.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.
Foarfallen
- jannewaris
- 3-7 - Heech wetter troch in noardwesterstoarm soarget foar in protte wetteroerlêst yn Nederlân, benammen yn Fryslân en Grinslân.
- 6 - De Brazyljaanske steat Alagoas fiert it homohoulik yn.
- 7 - In hjitteloftballon stoart del by Carterton, yn Nij-Seelân, wêrby't alle 11 minsken oan board omkomme.
- 10 - By in bomoanslach yn 'e Pakistaanske provinsje Khyber-Pachtûnchwa komme teminsten 30 minsken om en reitsje 78 oaren ferwûne.
- 12 - Yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest fine gewelddiedige botsings plak tusken demonstranten en de plysje by in massale demonstraasje tsjin 'e besunigings fan presidint Traian Băsescu.
- 13 - Troch de dryste en ûnferantwurdlike aksjes fan kaptein Francesco Schettino rint it cruiseskip de Costa Concordia foar de kust fan Isola del Giglio, yn Itaalje, op in rif en kapseist. Dêrby komme 32 minsken om.
- 16 - Yn it noarden fan Maly brekt in opstân út mank de etnyske Tûareks.
- 20 - Yn Nederlân wint de Fryske artyste Iris Kroes de talintejacht The Voice of Holland.
- 23 - De Jeropeeske Uny stelt in hannelsembargo yn tsjin Iraan om dat lân te twingen en hâld op it ferrykjen fan uranium.
- febrewaris
- 6 - De Britske keninginne Elizabeth II fiert har diamanten jubileum (60 jier) as monarch.
- 8 - Foarsitter Wiebe Wieling fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden, fertelt yn Ljouwert oan 'e mei man en macht opkommen media dat de Alvestêdetocht fan 't jier net trochgiet.
- 17 - De Nederlânske prins Johan Friso rekket op wintersport yn Eastenryk ûnder it skyen bûten de pyste bedobbe troch in lawine. Hy wurdt yn kritike tastân nei it sikehûs fan Innsbruck brocht, dêr't de dokters syn libben rêde. De prins komt lykwols net mear by út syn koma.
- 19 - Iraan leit de útfier fan ierdoalje nei it Feriene Keninkryk en Frankryk stil, yn reäksje op 'e ekonomyske sanksjes dy't dy lannen yn jannewaris tsjin Iraan ynsteld hawwe.
- 21 - Yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis berikke de ministers fan Finânsjes fan 'e ûnderskate lannen fan 'e eurosône oerienstimming oer in twadde helppakket oan Grikelân, ter wearde fan €130 miljard.
- maart
- 10 - It earste ljipaai fan Fryslân wurdt troch Jan Harmen Oosterman út Aldehaske fûn by eigen doarp.
- 11-22 - By oanslaggen yn Toulouse en Montauban, yn it suden fan Frankryk, troch in islamistyske terrorist, komme 8 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 5 oaren ferwûne.
- 22 - By in steatgreep yn Maly wurdt presidint Amadou Toumani Touré ôfset troch opstannige militêren.
- april
- 6 - De etnyske Tûarek-rebellen fan 'e MNLA roppe yn noardlik Maly in eigen steat út, Azawad.
- 12 - By in steatgreep yn Guinee-Bissau wurde midden yn in ferkiezingskampanje interim-presidint Raimundo Pereira en presidintskandidaat Carlos Gomes jr. arrestearre en finzen set troch opstannige militêren.
- 13 - De Kwangmyŏngsŏng-3, in Noardkoreaanske spionaazjesatellyt, ûntploft koart nei de lansearring. De Feriene Steaten en oare Westerske lannen beskôgje de lansearring as in oantaasting fan 'e easken dy't de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes oan Noard-Koreä dien hat.
- 15 - It is persiis hûndert jier lyn dat it passazjiersskip de Titanic sonk. De dei wurdt oeral op 'e wrâld betocht.
- 22 - By presidintsferkiezings yn Frankryk komt de sosjalist François Hollande oan 'e macht.
- 26 - De eardere Liberiaanske presidint Charles Taylor wurdt troch it Ynternasjonaal Strafhof yn 11 gefallen skuldich befûn oan mandéligens oan 'e oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid ûnder de de boargeroarloch yn buorlân Sierra Leöane.
- maaie
- 3 - De Meksikaanske steat Quintana Roo fiert it homohoulik yn.
- 12-12 augustus - De wrâldtentoanstelling Expo 2012 wurdt holden yn Yeosu, yn Súd-Koreä.
- 22 - Tokyo Skytree, de heechste frijsteande toer fan 'e wrâld, mei in hichte fan 634 m, wurdt iepene foar it publyk.
- juny
- 3 - It ferkearsfleantúch Dana Air-flecht 992 stoart del yn 'e Nigeriaanske stêd Lagos, wêrby't alle 153 ynsittenden en 10 minsken op 'e grûn omkomme.
- 8 - De Fryske Wikipedy berikt it oantal fan 25.000 siden.
- 8-1 july - It EK Fuotbal wurdt holden yn Poalen en de Oekraïne.
- 15 - Denemark fiert it homohoulik yn.
- 16 - Yn Fryslân wurdt foar de fjirde kear de Slachtemaraton holden.
- 24 - Yn it Nasjonaal Park De Galapagoseilannen yn Ekwador giet Lonesome George, de lêste Pinta-eilânske reuzeskylpod, dea. Dêrmei stjert dy ûndersoarte fan 'e Galapagosreuzeskylpod út.
- 30 - By frije en demokratyske ferkiezings yn Egypte wurdt Mohammed Morsi, de kandidaat fan 'e islamistyske Moslimbruorskip, keazen ta presidint.
- july
- 1 - Spanje wint mei 4-0 de finale fan Itaalje op it EK Fuotbal en wurdt dêrmei de nije Jeropeeske kampioen.
- 15 - De Brazyljaanske steat Sergipe fiert it homohoulik yn.
- 20 - By it Bloedbad fan Aurora sjit de geastlik steurde James Holmes yn in bioskoop yn Aurora, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado, 12 minsken dea. Ek ferwûnet er 58 oaren. Holmes wurdt by de bioskoop troch de plysje arrestearre.
- 27-12 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn 'e Britske haadstêd Londen.
- 30-31 - By de Yndiaaske blackout, de meast wiidfiemjende útfal fan elektrisiteit yn 'e skiednis fan 'e wrâld, komme yn Yndia 620 miljoen minsken yn it tsjuster te sitten.
- augustus
- 5 - By in oanslach op in Sikh-timpel yn Oak Creek, yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, komme 6 minsken om en reitsje nochris 4 lju ferwûne. De dieder, Wade Michael Page, dy't selsmoard docht, is in neo-nazy dy't út rasistyske motiven hannelet.
- 15 - De Brazyljaanske steat Espírito Santo fiert it homohoulik yn.
- 26-31 - Yn 'e Fryske stêd Frjentsjer wurdt it Wrâldkampioenskip keatsen 2012 holden.
- 29-9 septimber - De Paralympyske Simmerspullen wurde holden yn 'e Britske haadstêd Londen.
- 31 - Armeenje ferbrekt de diplomatike relaasjes mei Hongarije, nei't dat lân Ramil Safarov útleveret oan syn heitelân Azerbeidzjan, dêr't er fuort nei oankomst graasje kriget. (Safarov wie feroardiele foar de moard op in Armeenske soldaat yn Hongarije yn 2004.)
- septimber
- 4 - Pauline Marois, dy't krekt ta premier fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek keazen is, ûntsnapt ûnder har oerwinningstaspraak yn it poppoadium Metropolis yn Montreal oan 'e dea as in Richard Henry Bain dêr it fjoer op har iepenet. By dy oanslach komt ien persoan om en rekket in oaren libbensgefaarlik ferwûne.
- 10-4 oktober - De swiere orkaan Nadine, dy't him yn 'e midden fan 'e Atlantyske Oseaan foarmet, raast dêr hast in moanne lang hinne en wer, mar mist op wûnderbaarlike wize alle lânmassa's.
- 11-12 - By in oanslach op it Amerikaanske konsulaat en CIA-kantoar yn 'e Libyske stêd Bengazi komme 4 Amerikanen om, ûnder wa J. Christopher Stevens, de Amerikaanske ambassadeur yn Lybje.
- 12 - By Twadde-Keamerferkiezings yn Nederlân wurdt de liberale VVD de grutste politike partij mei 41 sitten. De sosjaal-demokratyske PvdA wurdt twadde, mei 38 sitten. Yn Fryslân behellet de PvdA de measte stimmen.
- oktober
- 9 - It Pakistaanske skoalfamke Malala Yousafzai, in aktiviste foar frouljusrjochten, wurdt by in moardoanslach troch de Taliban yn 'e holle sketten. Hja oerlibbet har ferwûnings, mar moat mei har âlden yn ballingskip gean yn it Feriene Keninkryk om't it yn Pakistan te gefaarlik foar har bliuwt.
- 10 - Yn Karibysk Nederlân (Bonêre, Saba en Sint-Eustasius) wurdt it homohoulik ynfierd.
- 15 - By in ierdbeving fan 7,2 op 'e skaal fan Richter komme op it Filipynske eilân Bohol mear as 200 minsken om.
- 16 - Yn Nederlân wurde 7 skilderijen, mei in mienskiplike wearde fan $25 miljoen, stellen út 'e Kunsthal yn Rotterdam.
- 24-2 novimber - De orkaan Sandy feroarsaket op Jamaika, Hispanjoala, Porto Riko, Kuba en de Bahama's en yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn totaal 233 deaden (wêrfan 159 yn 'e Feriene Steaten). De materiële skea bedraacht mear as $75 miljard. Benammen de Amerikaanske steaten Nij-Jersey en New York wurde swier troffen.
- novimber
- 6 - By de presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten ferslacht de Demokraat Barack Obama syn Republikeinske tsjinstanner Mitt Romney, en wint dêrmei in twadde termyn as presidint.
- 14-21 - It Israelyske leger fermoardet by in operaasje yn 'e Gaza-stripe Achmed Djabari, in foaroanman fan 'e militante Palestynske Hamasbeweging. Yn 'e wike dy't folget op dy moard komme 140 Palestinen en 5 Israeliërs om by in oanboazjende geweldsspiraal. Uteinlik witte Egypte en de Feriene Steaten troch bemiddeling in sjitferbod te bewurkmasterjen.
- 26 - De Brazyljaanske steat Bahia fiert it homohoulik yn.
- 29 - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes stimt yn mei in foarstel om Palestina de status fan waarnimmer te jaan. Dat liedt ta fûleindige krityk fan 'e kant fan Israel en de Feriene Steaten.
- desimber
- 1 - It Brazyljaanske Federaal Distrikt fiert it homohoulik yn.
- 2 - De tyfoan Bopha (yn 'e Filipinen bekend as Pablo) feroarsaket yn 'e Filipinen teminsten 1.067 deaden (en 838 fermissings) en rjochtet foar miljoenen dollars oan skea oan.
- 6 - De Amerikaanske steat Washington fiert it homohoulik yn.
- 8 - De Konferinsje oangeande Klimaatferoaring yn Katar beslút dat it Kyoto-protokol oant 2020 fan krêft bliuwt.
- 12 - Dizze dei is de dei fan 12-12-12.
- 14 - By it Bloedbad op de Sandy Hook Elementary School komme yn it Amerikaanske plak Newtown (Konettikut) 28 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 2 oaren ferwûne as in geastlik steurde man op in basisskoalle it fjoer iepenet op learlingen en ûnderwizers.
- 15 - De Brazyljaanske steat Piauí fiert it homohoulik yn.
- 16 - Yn in bus fan it iepenbier ferfier yn 'e Yndiaaske stêd Delhi fynt de de groepsferkrêfting fan Jyoti Singh Pandey plak, in 23-jierrige fysioterapystudinte. Seis manlju, wêrûnder de bussjauffeur, dogge mei oan 'e ferkrêfting en oan it yninoar slaan fan Jyoti har (manlike) freon Awindra Pratap Pandey. Jyoti wurdt mei in metalen steaf ynwindich sa tramtearre dat se 13 dagen letter oan har ferwûnings komt te ferstjerren. Dizze misdie bringt yn Yndia in weach fan lulkens tewei, mei massale demonstraasjes dy't it ûnderwerp fan seksueel geweld tsjin froulju yn it lân einlings op 'e aginda set.
- 29 - De Amerikaanske steat Maine fiert it homohoulik yn.
Berne
- 24 jannewaris - Prinsesse Athena fan Denemarken, it twadde bern fan de Deenske prins Joachim fan Denemarken en Marie Cavallier
- 23 febrewaris - Prinsesse Estelle fan Sweden, it earste bern fan de Sweedske kroanprinsesse Victoria fan Sweden en prins Daniel
Ferstoarn
- jannewaris
- 9 - Ger van Norden, Nederlânsk keunstskilder en grafikus (* 1927)
- 17 - Piet Römer, Nederlânsk akteur (* 1928)
- 24 - Alwine de Vos van Steenwijk, Nederlânsk diplomate (* 1921)
- 19 - Rudi van Dantzig, Nederlânsk balletdûnser en koreograaf (* 1933)
- 20 - Etta James, Amerikaansk sjongster (* 1938)
- 29 - Oscar Luigi Scalfaro, presidint fan Itaalje (* 1918)
- 30 - Doeschka Meijsing, Nederlânsk skriuwster (* 1947)
- febrewaris
- 1 - Wisława Szymborska, Poalsk dichteresse (* 1923)
- 3 - Ben Gazzara, Amerikaansk akteur (* 1930)
- 7 - Eelke Scherjon, Frysk klompmakker en fierljeptrener (* 1955)
- 3 - Hessel van der Wal, Frysk kabaretier en lietsjeskriuwer (* 1938).
- 11 - Whitney Houston, Amerikaansk sjongster (* 1963)
- 15 - Gerrit Ybema, Nederlânsk politikus (* 1945)
- 16 - Anil Ramdas, Surinaamsk-Nederlânsk sjoernalist, skriuwer en programmamakker (* 1958)
- 18 - Roald Aas, Noarsk reedrider (* 1928)
- 18 - Gerard van der Weerd, Frysk dirigint (* 1930)
- 19 - Rienk Alberda, Frysk wedstriidsiler (* 1941)
- 21 - Gernot de Vries, Eastfrysk dûmny en skriuwer (* 1925)
- 26 - Durk Beeksma, Frysk âlvestêderider (* 1913)
- maart
- 6 - Jaap Boersma, Nederlânsk politikus (* 1929)
- 10 - Jean Giraud, Frânsk striptekener (* 1938)
- 17 - John Demjanjuk, Oekraynsk oarlochsmisdiediger (* 1920)
- 17 - Shenouda III, paus fan de Koptysk-Otterdokse Tsjerke (* 1923)
- 19 - Abe Gerlsma, Frysk keunstskilder en etser (* 1919)
- 20 - Herman Broekhuizen, Nederlânsk dirigint, programmamakker, skriuwer en komponist (* 1922)
- 26 - Auke Bijlsma, Frysk politikus (* 1946)
- 31 - Jaap Fijnvandraat, Nederlânsk evangelist (* 1925)
- april
- 5 - Ferdinand Alexander Porsche, Dútsk ûntwerper fan lúkse auto's (* 1935)
- 11 - Ahmed Ben Bella, Algerijnsk president (* 1918)
- 13 - Jaap Maris, boargemaster fan Kollumerlân en Dantumadiel (* 1924)
- 16 - Ageeth Scherphuis, Nederlânsk sjoernaliste en programmamakster (* 1933)
- 17 - Jan de Jong, Frysk sjoernalist (* 1932)
- 27 - Antje Aans-Jelsma, âldste ynwenner fan Fryslân (* 1904)
- 29 - Roland Moreno, Frânsk wittenskipper (* 1945)
- maaie
- 5 - George Knobel, Nederlânsk fuotbaltrener (* 1922)
- 7 - Renze de Vries, Nederlânsk sportbestjoerder (* 1930)
- 12 - Jan Bens, Nederlânsk fuotbaltrener (* 1921)
- 17 - Donna Summer, Amerikaansk sjongster (* 1948)
- 26 - Fenno Schouwstra, Frysk publisist, útjouwer en sportredakteur (* 1924)
- juny
- 4 - Alexander Curly, Nederlânsk sjonger en filmmakker (* 1946)
- 11 - Symen Kingma, Frysk sjoernalist (* 1938)
- 18 - Lina Haag, Dútsk fersetsstriidster (* 1907)
- 21 - Piter Bergsma, Frysk dammer (* 1927)
- 28 - Piet Ekel, Nederlânsk akteur (* 1921)
- 27 - Jan Geart Siccama, Nederlânsk kriichskundige (* 1945)
- 29 - Jan de Soet (86), Nederlânsk bestjoerder, topman fan de KLM (* 1925)
- 30 - Lippe Lap, Frysk ûndernimmer (* 1941)
- july
- 5 - Ruud van Hemert, regisseur en programmamakker (* 1938)
- 5 - Gerrit Komrij, Nederlânsk skriuwer (* 1944)
- 11 - Rutger Kopland, Nederlânsk dichter en essayist (* 1934)
- 15 - Louis le Roy, Nederlânsk byldzjend keunstner en skriuwer (* 1924)
- 19 - Hendrik Willem ter Haar, Frysk geriater (âlderein-dokter) (* 1922)
- 24 - Alfons Dölle, Nederlânsk rjochtsgelearde en kollumnist (* 1947)
- 27 - Geoffrey Hughes, Ingelsk akteur (* 1944)
- augustus
- 6 - Robert Hughes Australysk keunstkritikus, skriuwer en dokumintêremakker (* 1938)
- 17 - Willem G. van Maanen, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist (* 1920)
- 18 - Scott McKenzie, Amerikaansk sjonger (* 1939)
- 24 - Eppe Otter, Frysk pionier Feanhoopfestival (* 1930)
- 25 - Neil Armstrong, Amerikaansk astronaut, earste minsk op 'e moanne (* 1930)
- 25 - Wisse Dekker, Nederlânsk sakeman, topman fan Philips (* 1924)
- septimber
- 3 - Sun Myung Moon, Súdkoreaansk sektelieder (* 1920)
- 3 - Michael Clarke Duncan, Amerikaansk akteur (* 1957)
- 4 - Jurjen Bos, Nederlânsk argeolooch (* 1958)
- 9 - Folkert van der Woude, Frysk natuerkundige (* 1933)
- 12 - Willem Poiesz, Frysk ûndernimmer, mei-oprjochter Poieszsupermerken (* 1926)
- 16 - Pier Prins, Frysk ûndernimmer (* 1920)
- 19 - Kitty Janssen, Nederlânsk aktrise (* 1930)
- 19 - Jakob Vellinga, Frysk politikus (* 1920)
- 20 - Jakob Vellenga, Frysk politikus (* 1920)
- 21 - Sjoerd Westra, Frysk komponist, dirigint, en muzykdosint (* 1940)
- 25 - Andy Williams, Amerikaansk sjonger (* 1927)
- 29 - Hebe Camargo, Brazyljaanske presintatrise, aktrise en sjongster (* 1929)
- oktober
- 3 - Rintsje Ritsma, Frysk skûtsjeskipper en brêgewachter (* 1908)
- 5 - Maeike Sijtsma, Frysk sjongster (* 1983)
- 15 - Norodom Sihanouk, kening fan Kambodja (* 1922)
- 17 - Sylvia Kristel, Nederlânsk aktrise (* 1952)
- 21 - George McGovern, Amerikaansk politikus (* 1922)
- 22 - Russell Means, Amerikaansk aktivist en akteur (* 1939)
- 25 - Joop Stokkermans, pianist en komponist (* 1937)
- 25 - Klaas Hoekstra, Frysk oersetter (* 1938)
- 29 - Bernlef, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1937)
- novimber
- 6 - Hetty Blok, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre (* 1920)
- 9 - Wil van Kralingen, Nederlânsk aktrise (* 1951)
- 10 - Nanne Tepper, Nederlânsk skriuwer (* 1962)
- 19 - Hannie Lips, Nederlânsk omropster (* 1924)
- 22 - Jan Bons, Nederlânsk grafysk foarmjouwer keunstner en fersetsman (* 1918)
- 25 - Simeon ten Holt, Nederlânsk komponist (* 1923)
- desimber
- 3 - Jeroen Willems, Nederlânsk akteur en sjonger (* 1962)
- 5 - Dave Brubeck, Amerikaansk jazzpianist en komponist (* 1920)
- 7 - Roelof Kruisinga, Nederlânsk politikus (* 1922)
- 11 - Ravi Skankar, Yndiaask sitarfirtuoas (* 1920)
- 12 - Chris Fokma, Frysk byldhouwer en keramist (* 1927)
- 13 - Otto Ketting, Nederlânsk komponist (* 1935)
- 19 - Piet de Visser, Nederlânsk politikus (* 1931)
- 30 - Arend Langenberg, Nederlânsk radionijslêzer en voice-over-artyst (* 1949)
- datum ûnbekend
- begjin maaie - Sam Xavier, Amerikaansk pornoprodusint en -regisseur (* 1945)
Literatuer
- romans
- Lois McMaster Bujold, Captain Vorpatril's Alliance
- Jim Butcher, Cold Days
- Patricia Briggs, Fair Game
- Juliet Marillier, Flame of Sevenwaters
- Peter F. Hamilton, Great North Road
- C.J. Cherryh, Intruder
- N.K. Jemisin, The Killing Moon
- N.K. Jemisin, The Shadowed Sun
- Paul Kearney, Kings of Morning
- Juliet Marillier, Shadowfell
- Gideon Samson, Zwarte Zwaan (oerset yn it Frysk as Swarte Swan)
- ferhalebondels
- Kevin J. Anderson (red.), Blood Lite III: Aftertaste
- P.N. Elrod (red.), Hex Appeal
- Bruorren Grimm, Mearkes fan Grimm
- Jonathan Strahan (red.), Under My Hat: Tales from the Cauldron
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, B Is for Bigfoot
- Jim Butcher, Bigfoot on Campus
- Jim Butcher, I Was a Teenage Bigfoot
Films
Tillefyzje
Jierren: | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|