LabLynx Wiki
Ynhâld
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1908 MCMVIII |
Ab urbe condita | 2661 |
Armeenske kalinder | 1357 ԹՎ ՌՅԾԷ |
Etiopyske kalinder | 1900 – 1901 |
Hebriuwske kalinder | 5668 – 5669 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1963 – 1964 |
- Shaka Samvat | 1830 – 1831 |
- Kali Yuga | 5009 – 5010 |
Iraanske kalinder | 1286 – 1287 |
Islamityske kalinder | 1326 – 1326 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4604 – 4605 甲未 – 乙申 |
1908 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1908.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
Foarfallen
- 13 jannewaris - De Frânske fleander Henri Farman fêstiget in Jeropeesk rekôr troch by Issy-les-Moulineaux in sirkelfoarmige flecht fan in kilometer lang te meitsjen.
- 24 jannewaris - De Brit Robert Baden-Powell rjochtet formeel de Paadfinerij op.
- 1 febrewaris - By in oanslach wurde kening Karel I fan Portegal en syn soan, kroanprins Loadewyk Filips, yn Lissabon fermoarde.
- 4 febrewaris - De Kommisje-XVII, de Belgyske parlemintêre kommisje dy't oer de anneksaasje fan 'e Kongofrijsteat giet, skoarret syn wurk op om't der gjin oerienstimming berikt wurde kin oer it saneamde Kroandomein, it diel fan 'e koloanje dat kening Leopold II fan Belgje foar himsels hâlde wol.
- 5 maart - It Belgyske regear biedt in wetsfoarstel oer de anneksaasje fan 'e Kongofrijsteat oan it parlemint oan. It plan is no om ek it saneamde Kroandomein, it diel fan 'e koloanje dat kening Leopold II fan Belgje foar himsels hâlde wol, te anneksearjen, en de kening dêrfoar in skeafergoeding te beteljen.
- 25 maart - De Kommisje-XVII, de Belgyske parlemintêre kommisje dy't oer de anneksaasje fan 'e Kongofrijsteat giet, kart de amendearre tekst fan it anneksaasjeferdrach goed.
- 7 april - De regearings fan it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten stelle dat it belestingsysteem yn 'e Kongofrijsteat fan kening Leopold II fan Belgje, wêrby't lju dy't de belesting net opbringe kinne, twangarbeid oplein krije, in foarm fan slavernij is.
- 14 april - Denemark beslút ta de ynfiering fan it algemien manljus- en frouljuskiesrjocht, mar inkeld foar dat diel fan 'e befolking dat belesting betellet.
- 21 april - De Amerikaan Frederick Cook berikt neffens eigen sizzen as earste de Noardpoal.
- 23 april - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt troch de regearings fan Dútslân, Denemark, Noarwegen, Nederlân, Belgje en it Feriene Keninkryk de saneamde Noardseekonvinsje ûndertekene, in ferdrach dat de status-quo en de frije trochfeart yn 'e Noardsee fêstleit.
- 23 april - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch wurdt troch de regearings fan Ruslân, Dútslân, Denemark en Sweden de saneamde Eastseekonvinsje ûndertekene, in ferdrach dat de status-quo en de frije trochfeart yn 'e Eastsee fêstleit.
- 23 april - It regear fan Belgje stelt dat it belestingsysteem yn 'e Kongofrijsteat, dat dêr neffens it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten foar in grut diel fan 'e befolking resultearret yn slavernij, mar stadichoan ôfskaft wurde kinne sil nei de anneksaasje fan it gebiet troch Belgje.
- 21 juny - Yn it Londenske Hyde Park fynt in demonstraasje foar de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn it Feriene Keninkryk plak, dêr't tsientûzenen minsken oan meidogge.
- 30 juny - By de rivier de Podkamennaja Tûngûska, yn Sibearje, fynt it saneamde Tûngûska-foarfal plak, wêrby't 2.000 km² bosk platslein wurdt. Men giet derfan út dat dat feroarsake wurdt troch de ynslach fan in meteoryt.
- 9 july - Yn Nederlân fúzjearje de Kristlik Histoaryske Partij (CHP) en de Fryske Kristlik-Histoaryske Kiesferienings (FCHK) ta de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU).
- 10 july - De Nederlânske natuerkundige Heike Kamerlingh Onnes ûntdekt hoe't men helium floeiber meitsje kin.
- 24 july - Under druk fan 'e binnenlânske politike en revolúsjonêre opskuor, dêr't de saneamde Jong-Turken oan kop en earen ta yn behelle binne, sjocht sultan Abdül Hamid II fan it Osmaanske Ryk himsels twongen om 'e nea fan krêft wurden grûnwet út 1876 út 'e kast te helje en yn te fieren.
- 24 july - Op 'e Olympyske Spullen fan Londen wurdt foar it earst in maraton fan 42,195 km rûn.
- 13 augustus - Op in topmoeting yn it Eastenrykske Bad Ischl besiket de Britske kening Edwert VII om 'e nocht en oertsjûgje keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije fan 'e agressive bedoelings fan Dútslân.
- 16 augustus - Yn it Osmaanske Ryk lansearje de nasjonalistyske Jong-Turken harren maatskiplik herfoarmingsprogramma.
- 20 augustus - It Belgyske parlemint kart it anneksaasjeferdrach goed wêrmei't de Kongofrijsteat, de Afrikaanske priveekoloanje fan kening Leopold II, besit fan 'e Belgyske steat wurdt. It gebiet hjit fan no ôf oan de Belgyske Kongo. De progressive liberalen en de sosjalisten stimme tsjin om't hja fine dat de frijsteat nei de befrijing fan it bewâld fan Leopold oan in ynternasjonaal orgaan tabetroud wurde moat.
- 23 augustus - Yn it Sultanaat Marokko stjit de anty-Jeropeeske Mûlay Abd al-Hafyd syn evenrediger broer Abd al-Azyz fan 'e troan.
- 30 augustus - Dútslân stegeret in Britsk foarstel ôf om 'e oarlochsfloaten fan 'e beide lannen yn te krimpen.
- 9 septimber - Ruslân leit it gebrûk fan 'e Poalske taal yn it ûnderwiis yn Russysk-Poalen fierder oan bannen.
- 1 oktober - De Amerikaanske Ford Motor Company yntrodusearret de T-Ford.
- 5 oktober - Bulgarije ropt de ûnôfhinklikheid út en snijt alle bannen mei it Osmaanske Ryk troch.
- 7 oktober - De keninkriken Servje en Montenegro slute in militêr bûnsgenoatskip dat benammen rjochte is tsjin Eastenryk-Hongarije.
- 8 oktober - De Bosnyske Krisis brekt út as Eastenryk-Hongarije de anneksaasje oankundiget fan Bosnje en Hertsegovina, twa gebieten dy't al sûnt it Ferdrach fan Berlyn fan 1878 ûnder Eastenryksk-Hongaarsk bewâld steane, mar formeel noch altyd diel útmeitsje fan it Osmaanske Ryk. Alle oare Jeropeeske grutmachten meitsje beswier tsjin 'e anneksaasje, en Servje en Montenegro, dy't sels op Bosnje en Hertsegovina longerje, dogge itselde. In skoftke balansearret Jeropa op 'e râne fan in grutte oarloch.
- 28 oktober - Yn in fraachpetear mei de Britske krante de Daily Telegraph skoffearret keizer Willem II fan Dútslân sawol Grut-Brittanje as Ruslân. In weach fan anty-Dútske gefoelens spiele oer it Feriene Keninkryk. Yn Berlyn wurdt dizze Daily Telegraph-affêre beskôge as in earsten foarbyld fan it ûnferantwurde hâlden en dragen fan 'e keizer.
- 7 novimber - Yn reäksje op 'e ferheging fan 'e ynfiertariven troch it regear fan Fenezuëla blokkearret de Nederlânske marine de Fenezolaanske havens en feroveret in diel fan 'e Fenezolaanske float.
- 15 novimber - De keizerinne-dûairiêre fan Sina, Cixi, komt te ferstjerren. Hja hat foar har dea har oerâldmuoikesizzer, de trijejierrige Pu Yi, oanwiisd as nije keizer.
- 17 desimber - Yn it Osmaanske Ryk komt foar it earst in parlemint gear, dat keazen is op basis fan 'e pas koartby ynfierde grûnwet út 1876.
- 23 desimber - Belgje en Frankryk slute in ferdrach dêr't yn fêstlein is dat de eardere ferdraggen dy't Frankryk sletten hat mei de Kongofrijsteat, fan krêft bliuwe no't dat gebiet as de Belgyske Kongo in koloanje fan Belgje wurden is.
- 28 desimber - By in ierdbeving en tsûnamy yn Itaalje wurde de eastlike kust fan Sisylje, wêrûnder de stêd Messina, en de súdkust fan Kalaabrje grutdiels ferwuostge. Der komme likernôch 150.000 minsken om.
- datum ûnbekend - It Kristlik Frysk Selskip wurdt oprjochte ta stimulearring fan it brûken fan it Frysk yn Kristlike fermiddens.
Berne
- jannewaris
- 8 - Fearless Nadia, Yndiaask aktrise († 1996)
- 9 - Simone de Beauvoir, Frânsk skriuwster († 1986)
- febrewaris
- 2 - Lieuwe Hornstra, Frysk dokter en frisiast († 1990)
- 15 - Ypk fan der Fear, Frysk skriuwster († 1983)
- 29 - Dee Brown, Amerikaansk skiedkundige en bibletekaris († 2002)
- maart
- 11 - Jan Eisenga, Frysk ûnderwizer, skriuwer en dichter († 1943)
- 16 - Ruurd Alta, Frysk politikus († 1987)
- 25 - David Lean, Ingelsk regisseur († 1991)
- april
- 5 - Bette Davis, Amerikaansk aktrise († 1989)
- 13 - Dirk van der Duim, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner († 1990)
- 15 - Lita Grey, Amerikaansk aktrise († 1995)
- maaie
- 20 - James Stewart, Amerikaansk akteur († 1997)
- 28 - Ian Fleming, Ingelsk skriuwer († 1964)
- 30 - Mel Blanc, Amerikaanske stimakteur († 1989)
- juny
- 2 - Michael Staksrud, Noarsk reedrider († 1940)
- 13 - Paulus Akkerman, Frysk skriuwer († 1982)
- 28 - Rintsje Ritsma, Frysk skûtsjeskipper en brêgewachter († 2012)
- 30 - Dave Baan, Nederlânsk bokser († 1984)
- july
- 8 - Nelson Rockefeller, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten († 1979)
- 12 - Wilhelmina Bladergroen, Nederlânsk heechlearaar yn de ortopedagogyk († 1983)
- 26 - Salvador Allende, presidint fan Sily († 1973)
- 31 - Piet Oberman (skûlnamme Piet Kramer), Frysk fersetsman, haad fan 'e KP Fryslân († 1972)
- augustus
- 27 - Lyndon B. Johnson, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1973)
- septimber
- 12 - Johannes Wildeboer, Frysk ûnderwizer en fersetsstrider († 1944)
- oktober
- 5 - Mense Ruiter, Nederlânsk oargelbouwer († 1993)
- 16 - Bouke van der Sloot, Frysk keunstner († 1995)
- novimber
- 8 - Martha Gellhorn, Amerikaansk skriuwster († 1998)
- 24 - Ane de Boer, Frysk assuradeur en lânboubestjoerder († 1982)
- 28 - Claude Lévi-Strauss, Frânsk antropolooch († 2009)
- desimber
- 29 - Gerben Sonderman, Frysk piloat en fersetsstrider († 1955)
- 31 - Jan Brandt Corstius, Nederlânsk letterkundige († 1985)
- 31 - Simon Wiesenthal, Joadsk-Eastenryksk nazy-jager († 2005)
- datum ûnbekend
- Lamkje Hof-De Boer, Stellingwerfsk skriuwster en dichteresse († 1991)
Ferstoarn
- 30 jannewaris - Thomas Hill, Ingelsk-Amerikaansk keunstskilder (* 1829)
- 29 febrewaris - Pat Garrett, Amerikaansk plysjeman (* 1850)
- 23 april - J.H.J. van Wageningen thoe Dekema, Frysk heareboer (* 1860)
- 10 juny - John F. Finerty, Iersk-Amerikaansk sjoernalist, politikus en skiedkundige (* 1846)
- 17 septimber - Thomas Selfridge, Amerikaansk militêr, stjert as earste minske yn in fleantúchûngemak (* 1882)
- 28 septimber - kening Karel I fan Portegal (* 1863)
- 25 augustus - Antoine Henri Becquerel, Frânsk natuerkundige (* 1852)
- 16 desimber - Amerikaansk Hynder de Jongere (American Horse), opperhaad fan 'e Lakota (* 1840)
- 19 desimber - Siebe ten Cate, Frysk keunstskilder (* 1858)
- datum ûnbekend
- Steande Bear, opperhaad fan 'e Ponka (* 1839)
Literatuer
- romans
Jierren: | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|