IHE Wiki

XVe Olympiade
Olympyske toarte
Olympyske toarte
holden yn Calgary, Kanada
jier 1988
dielnimmende lannen 57
dielnimmende atleten 1.423
eveneminten 46 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 13 febrewaris
slutingsseremoanje 28 febrewaris
edysjes
foarige 1984 Sarajevo
folgjende 1992 Tignes-Albertville
Temaside  Sport

De Olympyske Winterspullen 1988, ek wol de XVe Olympiade neamd, waarden yn 1988 hâlden yn it Kanadeeske Calgary, yn Alberta, fan 13 oant en mei 28 febrewaris.

Akkommodaasjes

De Olympic Oval yn 2006. Dêr waard it reedriden op de Spullen organisearre. It wie de earste akkommodaasje foar it reedriden dat binnendoar wie

Akkommodaasje Sport (en) Kapasiteit
Canada Olympic Park (befettet baan foar it bobslydzjen en it rodeljen) Bobslydzje, Freestyleskye (demonstraasje), Rodelje, Noardske kombinaasje (skânsspringe), Skânsspringen 25,000 (bobslydzje/rodelje)
35,000 (skânsspringe)
15,000 (freestyle)
Canmore Nordic Centre Provincial Park Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) Net neamd.
Father David Bauer Olympic Arena Iishockey 2,000
Max Bell Centre Curling (demonstraasje), Shorttrack (demonstraasje) 3,200
McMahon Stadium Seremoanjes (iepening/sluting) 38,205
Nakiska Alpineskyen, Skyrinnen (demonstraasje) Net neamd.
Olympic Oval Reedriden 4,000
Scotiabank Saddledome Keunstriden (finale), Iishockey (finale) 16,605
Stampede Corral Keunstriden, Iishockey 6,475

Sporten

Op de Spullen fan 1988 stiene seis sporten op it programma en 46 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.


Medaljes

Medaljespegel

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 11 9 9 29
2 East-Dútslân Flagge fan East-Dútslân GDR 9 10 6 25
3 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 5 5 5 15
4 Finlân Flagge fan Finlân FIN 4 1 2 7
5 Sweden Flagge fan Sweden SWE 4 0 2 6
6 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 3 5 2 10
7 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 3 2 2 7
8 West-Dútslân Flagge fan West-Dútslân FRG 2 4 2 8
9 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 2 1 3 6
10 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 2 1 2 5

Fryske medaljes

Medalje Namme Sport Underdiel
Sulver Jan Ykema Reedriden 500 m

Dielnimmende lannen

In rekordoantal fan 57 lannen die mei oan de Spullen. Dat wiene der njoggen mear as fjouwer jier lyn. Fidzjy, Guam, Gûatemala, Jamaika en de Nederlânske Antillen debutearren. Harren rentree makken Denemark, Filipinnen, Yndia, Lúksemboarch en Portegal. Egypte en Senegal ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige edysje.


Sjoch ek

Keppeling om utens