HL7 Wiki

Keppelings bewurkje
In blok iis.
Dizze side giet oer beferzen wetter. Foar oare betsjuttings, sjoch: iis (betsjuttingsside).

Iis is wetter (H2O) dat beferzen is ta in fêste foarm. Ofhinklik fan 'e oanwêzigens fan ûnsuverheden lykas dieltsjes ierde of bûlen lucht kin it trochsichtich lykje of in blau-witige ûntrochsichtige kleur hawwe. Iis komt foar op 'e Ierde en dêrbûten. Op 'e Ierde is it benammen te finen yn 'e poalstreken en yn heechberchtmen, hoewol't it ek foarkomt as foarm fan delslach. It kin op ferskate manearen ûntstean en wer ferdwine. De minske makket gebrûk fan iis foar û.m. kuolling en wintersporten. Ek de fêste foarmen fan oare stoffen as wetter wurde wol oantsjut as 'iis'.

Bûtenierdsk iis

Yn it Sinnestelsel is iis yn oerfloed oanwêzich en komt it fan natuere foar fan Merkuerius, de planeet dy't it tichtst by de sinne stiet, oant op 'e asteroïden fan 'e Oortwolk, dy't it fierst fan 'e Sinne ferwidere binne en dochs noch ta it Sinnestelsel hearre. Bûten it Sinnestelsel komt iis foar yn 'e foarm fan ynterstellêr iis.

In beferzen wetterfal yn 'e Amerikaanske steat New York.

Iis op 'e Ierde

Op it oerflak fan 'e Ierde is iis benammen te finen yn 'e neite fan 'e Noardpoal en de Súdpoal yn 'e foarm fan it poaliis, dat dêr de iiskappen foarmet. Op lân, lykas yn Grienlân of op Antarktika, sprekt men fan lâniis, en op iepen see fan see-iis. Bûten de poalstreken komt iis it hiele jier rûn foar boppe de sniegrins yn berchtmen.

Sawol by de poalen as yn berchtmen komme gletsjers foar: dat binne hiel stadich bewegende streamen fan iis. De bestudearring dêrfan is de glasiology. Yn 'e poalregio's bewege gletsjers nei see ta; as se dy berikke, brekke der ûnbidige stikken iis ôf dy't neitiid yn see omdriuwe as iisbergen. Lytsere omdriuwende stikken iis binne iisskossen, dy't pakiis foarmje kinne as se troch de seestreaming of de wyn ticht opinoar pakt wurde. Yn berchtmen einigje gletsjers op it punt dêr't it iis raant fanwegen de hegere temperatueren op legere hichten, wêrnei't de gletsjer oergiet yn in beek of in rivier.

By 't winter kin iis, ôfhinklik fan it klimaat, ek foarkomme yn leger leine gebieten dy't net deunby de poalen lizze. Histoarysk wiene der geregeldwei tiden dat de Ierde kâlder is as no, mei as gefolch dat de iiskappen folle gruttere dielen fan 'e wrâld besloegen. Dy perioaden wurde iistiden neamd. Iis komt ek foar as snie en hagel, dat foarmen fan delslach binne, en as oanfriezing fan rein, in ferskynsel dat izel hjit. It spilet dêrmei in rol fan krúsjaal belang yn 'e wettersyklus fan 'e Ierde.

In beripe beam yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts.

Skaaimerken fan iis

Iismolekulen kinne foarkomme yn teminsten achttjin ûnderskate fazen, ôfhinklik fan temperatuer en luchtdruk. Frijwol alle iis op it oerflak fan 'e Ierde hat de foarm fan in heksagonale kristalstruktuer, dy't oantsjut wurdt as iis Ih (útspr. as "iis ien h"), fermongen mei minuskule spoaren fan kubyk iis, dat oantsjut wurdt as iis Ic. De meast foarkommende fazetransysje dy't liedt ta de foarming fan iis Ih fynt plak as floeiber wetter by standertatmosfeardruk ôfkuolle wurdt oant ûnder 0 °C, wat oerienkomt mei 273,15 K en 32 °F. Dat proses hjit befriezing.

Iis Ih kin lykwols ek ûntstean troch it direkt oanfriezen op in fêst oerflak fan wetterdamp, wêrby't it floeistofstadium oerslein wurdt. Oanfriezing fan wetterdamp op beammen en oare natuerlike oerflakken wurdt ryp of rûchfroast neamd. De oare kant út wurdt de fazetransysje fan iis ta wetter yn it algemien ranen neamd en yn 'e spesifike gefallen fan snie en natueriis teien. De transysje fan iis streekrjocht ta wetterdamp hjit sublimaasje.

It 'rispjen' fan iis yn 'e Michiganmar om yn iiskelders opslein te wurden foar kuolling (1905).

Minsklik gebrûk fan iis

De minske makket op in protte ferskillende manearen gebrûk fan iis. Foarhinne waard iis by 't winter wol út 'e binnenwetters hakke en ûndergrûnsk opslein yn saneamde iiskelders. Dêr bleau it dan faak de hiele simmer beferzen en sa koe bedjerlik iten goedholden wurde troch it yn 'e iiskelders op te slaan. Soks waard mei de yntroduksje fan 'e kuolkast oerstallich. Wol wurde iisblokjes noch altyd brûkt om alkohoalyske drankjes te fertinjen en koel te hâlden. Tsjintwurdich is iis benammen wichtich foar wintersporten as hurdriden, keunstriden, iishockey en curling. Dêrfoar waard yn it ferline inkeld natoeriis brûkt, d.w.s. natuerlik foarkommend iis op oerflaktewetters. Fanwegen klimaatferoaring komt dat, alteast yn Nederlân, almar minder foar. Dêrfandinne dat tsjintwurdich foar sokke sporten faker gebrûk makke wurdt fan keunstiis yn in iishal of op in keunstiisbaan. In oare wize fan gebrûk fan iis troch de minske is it meitsjen fan iisskulptueren.

Iis fan oare stoffen

De fêste foarmen fan oare flechtige stoffen wurde faak ek oantsjut as 'iis'. As grins foar it gebrûk fan 'e oantsjutting 'iis' wurdt rûchwei oanholden dat it raanpunt fan 'e stof boppe of omtrint de 100 K lizze moat. De bekendste fan sokke 'iis'-soarten, is drûch iis, de fêste foarm fan koalstofdiokside (CO2). Ek beferzen wetter mei in smaakje, molke of rjemme foar konsumpsje wurdt faak oantsjut as 'iis' (konsumpsje-iis) of dêrfan ôflate oantsjuttings, lykas iisko, wetteriis, rjemme-iis of softiis.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.