HL7 Wiki
Ynhâld
Dize (Nederlânsk: nevel; Ingelsk: mist) is in waarferskynsel wêrby't minuskule wetterdrippen yn 'e bûtenlucht hingje as in soarte fan aerosol, wat it sicht behinderet. Soks kin it hiele jier rûn foarkomme. De wetterdripkes dy't dize feroarsaakje binne likernôch 1 oant 10 mikrometer yn trochsneed, en dêrmei tûzen kear sa lyts as in reindrip.
Dize moat net betize wurde mei mist (Ingelsk: fog) of mei dizigens (Nederlânsk: heiigheid), dat soartgelikense ferskynsels binne. Yn 'e meteorology wurdt fan dize sprutsen as de relative fochtichheid fan 'e lucht tusken de 80% en de 100% bedraacht; as de relative fochtichheid fan 'e lucht heger is 100%, sprekt men lykwols fan mist. It iennichste praktyske ferskil tusken dize en mist is dus dat it sicht by mist noch minder is as by dize. Is it sicht beheind by in relative fochtichheid fan 'e lucht fan minder as 80%, dan is der sprake fan dizigens; soks komt benammen by moai waar simmerdeis wol foar.
Yn 'e meteorology wurde mist en dize yn ferskate kategoryen ûnderferdield nei it tal meters sicht dat der is:
- tige tichte mist: it sicht is minder as 50 meter
- tichte mist: it sicht is minder as 200 meter
- mist: it sicht is minder as 1.000 meter
- dize: it sicht is mear as 1.000 meter
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |