Clinfowiki

Keppelings bewurkje
Hollywood
Hollywood sjoen by it Hollywood Sign wei.
Hollywood sjoen by it Hollywood Sign wei.
Hollywood (Los Angeles)
Hollywood
Lokaasje fan Hollywood yn 'e stêdekloft fan Los Angeles.
polityk
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles Cty
stêd Los Angeles
sifers
ynwennertal 85.489 (2008)
oerflak 5,7 km²
befolkingstichtens 14.998,1 / km²
oar
tiidsône UTC-8
● simmertiid UTC-7
koördinaten 34°06′N 118°20′W
It ferneamde Hollywood Sign op de fang fan Mount Lee.
Hollywood Boulevard, sjoen fan it dak fan it Dolby Theatre ôf.
It Dolby Theatre (foarhinne Kodak Theatre), dêr't de útrikking fan 'e Oscars elts jier plakfynt.

Hollywood is in distrikt fan 'e stêd Los Angeles, yn Los Angeles County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It wie oarspronklik in selsstannige stêd, mar waard yn 1910 aneksearre troch Los Angeles. It is frijwol synonym wurden mei de Amerikaanske filmyndustry. Neffens in offisjele skatting út 2008 hie Hollywood doe goed 85.000 ynwenners. Op in oerflak fan 5,7 km² smyt dat in befolkingstichtheid op fan krapoan 15.000 minsken de km². Dêrmei heart Hollywood ta de top tsien fan 'e tichtstbefolke stedswiken fan 'e Feriene Steaten.

Geografy

Hollywood leit yn sintraal Los Angeles, en wurdt omjûn troch oare Losanzjelynske wiken: yn it noarden Hollywood Hills en Los Feliz, yn it easten East Hollywood, yn it suden Larchmont, Hancock Park en Fairfax, en yn it westen West Hollywood en Hollywood Hills West.

Hollywood sels omfiemet ferskate tige ferskillende buerten, wêrûnder Whitley Heights, Franklin Village, Spaulding Square, Little Armenia en Thai Town. Trochdat Hollywood al ier it sintrum fan 'e tige ynfloedrike Amerikaanske filmyndustry waard, is de namme dêr synonym mei wurden; as men it oer "Hollywood" hat, sil it sadwaande faker oer de filmyndustry gean as oer de eigentlike Losanzjelynske stedswyk dêr't dy yn fêstige is. Tinseltown ("Klettergoudstêd"), de bekende bynamme fan Hollywood, ferwiist nei de glamour en glitter fan 'e filmyndustry.

Skiednis

Hollywood waard yn 1853 stifte, en ûntjoech him meitiid ta in bloeiende agraryske mienskip, dy't fan Nopalera hiet (Spaansk foar "nopalfjild"), neamd nei de nopalkaktus. De namme Hollywood ("hillich wâld") waard betocht troch H.J. Whitley, de "Heit fan Hollywood", dy't de delsetting yn 1887 yn 'e mande mei Harvey H. Wilcox, generaal Harrison Gray Otis en oare rike grûnbesitters omneamde. Fan dy tiid ôf begûn Hollywood oan in stadige groei, oant it tsjin 1900 in eigen postkantoar, krante, hotel en twa merken hie. Hollywood krige yn 1903 de status fan stêd taparte, en it jier dêrop waard der in drûchlizzing ynfierd. Letter waarden, iroanysk genôch, ek bioskopen yn Hollywood ferbean. Yn 1910 stimden de ynwenners foar in fúzje mei it gruttere Los Angeles, sadat se tagong krije koene ta in rommere wetterfoarrie en teffens op it Losanzjelynske rioel oansletten wurde koene. Sa waard Hollywood in wyk fan Los Angeles, en de haadstrjitte, Prospect Avenue, waard doe mei-iens omneamd ta Hollywood Boulevard.

Nestor Studio, Hollywoods earste filmstudio, oprjochte yn 1913.

Om dyselde tiid hinne strieken de earste filmstudio's yn 'e omkriten fan Los Angeles del. Regisseur D.W. Griffith wie yn 1910 de earste dy't in film (de koarte film In Old California) yn Hollywood opnaam. De earste studio dy't him yn Hollywood fêstige, wie de Nestor Motion Picture Company, yn 1911. Al rillegau iepenen ek Paramount, Warner Bros., RKO Pictures en Columbia der studio's. Tsjin 1925 hie Hollywood him ûntjûn ta it abslute sintrum fan 'e mondiale filmyndustry. Tusken 1958 en 1960 waard de Hollywood Walk of Fame oanlein op it trotwaar by Hollywood Boulevard lâns, om 'e akteurs en oare lju fan namme út 'e filmmakkerij te earjen. Yn 'e tachtiger en iere njoggentiger jierren liet men de wichtige besjensweardichheden fan Hollywood, lykas it ferneamd Hollywood Sign op 'e fang fan Mount Lee, sa bot fertutearzje, dat se suver ree wiene foar de sloop. Sûnt binne se lykwols allegear wer opkallefatere.

Yn 2002 waard der yn Hollywood en de San Fernandodelling kampanje fierd foar ôfskieding fan Los Angeles om selsstannige stêden te wurden. Yn juny fan dat jier waard der in offisjeel referindum holden oer de útstellen ta ôfskieding foar beide stedsdielen. Om dertroch te kommen, moast der sawol yn 'e beide stedsdielen as yn 'e rest fan Los Angeles in mearderheid fan mear as 50% fan 'e stimmen helle wurde. Mei't dat yn 'e oare stedswiken by lange nei net helle waard, gie de ôfskieding net troch.

Toerisme

De stjerren fan ferneamde akteurs op 'e Hollywood Walk of Fame.

Besjensweardichheden

Eveneminten

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie de etnyske opbou fan 'e befolking doe sa: 42,2% Latino's; 41,0% blanken; 7,1% Aziaten; 5,2% swarten; 4,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e 53,8% ynwenners dy't net yn 'e Feriene Steaten berne wiene, kamen de grutste groepen út Meksiko (21,34%) en Gûatemala (13,0%). Fierders hat Hollywood guon fan 'e heechste persintaazjes noch nea troude manlju (55,1%), noch nea troude froulju (39,8%) en widdowen (9,6%) fan 'e Feriene Steaten.

Berne yn Hollywood

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.