The US FDA’s proposed rule on laboratory-developed tests: Impacts on clinical laboratory testing
Ynhâld
National Broadcasting Company | |
---|---|
medium | tillefyzje, radio |
nasjonaliteit | Amerikaansk |
taal | Ingelsk |
oprjochte | 1926 |
haadkertier | New York (New York) |
ûntfangstgeb. | Feriene Steaten (ek súdlik Kanada en noardlik Meksiko) |
eigner | NBCUniversal |
webside | nbc.com |
- Dizze side giet oer it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC. Foar oare betsjuttings, sjoch: NBC (betsjuttingsside).
De National Broadcasting Company (Ingelsk foar "Nasjonaal Omrop Bedriuw"), ornaris ôfkoarte ta NBC (útspr.: [ɛnbi:'si:], likernôch: "en-bii-sii) is in Amerikaansk Ingelsktalich nasjonaal en kommersjeel radio- en tillefyzjenetwurk dat útstjoerd fia de eter. It bedriuw waard yn 1926 oprjochte en hat syn studiohaadkantoar yn New York, wylst oare wichtige kantoaren en tillefyzjestudio's fêstige binne yn Universal City (by Los Angeles), Chicago en Philadelphia. NBC, dat omreden fan syn logo de bynamme the Peacock Network ("it Pauwenetwurk") draacht, is ien fan 'e 'Grutte Trije' Amerikaanske tillefyzjenetwurken, yn 'e mande mei ABC en CBS. NBC is in dochterûndernimming fan NBCUniversal, in bedriuw dat eigendom is fan Comcast.
Skiednis
Yn 1925 kocht elektroanikaprodusint Radio Corporation of America (RCA) de radiostjoerder WEAF yn New York fan American Telephone & Telegraph (AT&T). Yn 1926 kundige RCA de oprjochting fan in nije radiodifyzje oan, dêr't WEAF de kearn fan foarme, en dy't de namme National Broadcasting Company (NBC) krige. De dochterûndernimming wie foar 50% eigendom fan RCA, foar 30% fan General Electric (GE), de memme-ûndernimming fan RCA, en foar 20% fan 'e Westinghouse Electric Corporation, in grutoandielhâlder fan RCA. De earste útstjoerings fan NBC begûnen op 15 novimber 1926.
Op 1 jannewaris 1927 spjalte NBC syn radionetwurk offisjeel op yn it 'Reade Netwurk', oftewol NBC Red, en it 'Blauwe Netwurk', oftewol NBC Blue. NBC Red wie it primêre netwurk fan NBC, dat de grutte stêden betsjinne, wylst NBC Blue brûkt waard om nije radioprogramma's út te prebearjen; it wie inkeld te beharkjen yn gebieten dy't fan minder belang wiene (d.w.s. op it plattelân). Yn ferskate beskriuwings fan 'e skiednis fan NBC wurdt suggerearre dat de kleuroantsjuttings fan 'e beide netwurken kamen fan 'e kleuren fan 'e knoppen fan 'e spjelden dy't op it haadkantoar fan NBC brûkt waarden om op in lânkaart fan 'e Feriene Steaten oan te jaan wêr't de ûnderskate radiostjoerders fan 'e beide netwurken fêstige wiene.
Op 5 april 1927 wreide NBC syn wurkgebiet út nei de Amerikaanske westkust mei de oprjochting fan it 'Oranje Netwurk', oftewol NBC Orange, en op 18 oktober 1931 folge de oprjochting, ek oan 'e westkust, fan it 'Gouden Netwurk', oftewol NBC Gold. NBC Orange stjoerde de programmearring fan NBC Red út, wylst NBC Gold in ferlingstik wie fan NBC Blue. Yn 1936 gie NBC Orange op yn NBC Red, en NBC Gold yn NBC Blue. Fierders ûntwikkele NBC yn 'e 1930-er jierren ek noch in netwurk fan radiostasjons dy't útstjoerden op 'e koarteweach, dat NBC White kaam te hjitten.
Yn 1930 waard General Electric oanklage foar oertrêdings fan 'e Amerikaanske antytrustwetjouwing, wat foar it bedriuw oanlieding wie om yn 1932 syn oandiel yn RCA (en NBC) te ferkeapjen. Yn 1934 tsjinne in lytsere konkurrint, it Mutual Broadcasting System (MBS), in klacht yn by de Federal Communications Commission (FCC), de Amerikaanske oerheidsynstânsje dy't oer de radio gie, om't it swierrichheden hie om troch te kringen yn in merk dy't alhielendal tichttimmere wie troch NBC en syn grutte rivaal CBS. De FCC, dy't yn 1938 in ûndersyk ynstelde, kaam ta de konklúzje dat RCA òf NBC Red òf NBC Blue opjaan moast, mei't it bedriuw NBC Blue brûkte om elts begjin fan konkurrinsje de kop yn te drukken.
Om't de FCC gjin sizzenskip oer de netwurken sels hie, waard de regel ynsteld dat der gjin útstjoerfergunnings mear útjûn wurde soene foar radiostasjons dy't ferbûn wiene mei in netwurk fan in bedriuw dat al in oar netwurk yn besit hie. Dêrmei waard it foar RCA ûnmooglik makke om troch te gean mei de eksploitaasje fan sawol NBC Red as NBC Blue. Fan gefolgen besleat RCA yn 1941 en ferkeapje NBC Blue. De beide netwurken waarden dêrta yn jannewaris 1942 ta selsstannige bedriuwen makke, dy't hielendal gjin bannen mear mei-inoar hiene. Yn 1943 ferkocht RCA it NBC Blue foar de priis fan $8 miljoen oan sakeman Edward J. Noble, dy't it Blue Network, sa't it doe hiet, yn 1944 omneamde ta de American Broadcasting Company (ABC). NBC Red waard simpelwei NBC.
Yn 'e 1940-er en 1950-er jierren ûntjoech NBC him ta it radionetwurk dêr't de measte ferneamde Amerikaanske artysten foar wurken, lykas Bing Crosby, Al Jolson, Bob Hope, Frank Sinatra, Milton Berle, Groucho Marx, Louis Armstrong, Douglas Fairbanks jr., Ella Fitzgerald en sa mear. Fan 1939 ôf stjoerde NBC net inkeld mear op 'e radio, mar ek op 'e tillefyzje út. Yn 1956 waard it bekende logo mei de pau ynfierd by wize fan promoasje fan it pionierswurk fan NBC op it mêd kleuretillefyzje. Yn 1979 waard dat it offisjele logo fan it bedriuw. De moderne foarm fan it logo is sa sterk stilearre dat der amper noch in pau yn werom te kennen is, mar as men goed sjocht, ûntdekt men dat de kop en hals fan de fûgel wyt binne en kin men yn it lytse ynkepinkje yn 'e pearze 'fear' de snabbel werkenne. Omreden fan dat logo wurdt NBC ek wol it Peacock Network ("Pauwenetwurk") neamd.
NBC brocht troch de jierren hinne tige súksesfolle programma's op 'e Amerikaanske tillefyzje, dy't ek om utens bekend waarden. Dêrûnder wiene komeedzjesearjes as I Dream of Jeannie, Sanford and Son, Diff'rent Strokes, Cheers, The Cosby Show, Family Ties, The Golden Girls, ALF, A Different World, The Fresh Prince of Bel-Air, Mad About You, Frasier, NewsRadio, Friends, Suddenly Susan, Seinfeld, 3rd Rock from the Sun, Will & Grace, Just Shoot Me!, Joey, My Name Is Earl, The Office, 30 Rock en Community. Under de dramasearjes dy't NBC útstjoerde, wiene plysjesearjes as Ironside, Hill Street Blues, Miami Vice, In the Heat of the Night, Law & Order, Law & Order: Special Victims Unit en The Mysteries of Laura, rjochtbankdrama's as Matlock en L.A. Law, sikehûssearjes as St. Elsewhere en ER, aksjesearjes as The Man from U.N.C.L.E., Knight Rider en The A-Team, westernsearjes as Little House on the Prairie, langrinnende soapsearjes as Days of Our Lives, en fierders û.m. Blossom, The West Wing en Grimm. Oare tige súksesfolle programma's fan NBC wiene de praatprogramma's The Tonight Show Starring Johnny Carson, Late Night with David Letterman, The Jay Leno Show, The Tonight Show Starring Jimmy Fallon en Late Night with Seth Meyers, de tillefyzjekwissen Wheel of Fortune, Jeopardy! en Deal or No Deal, en de realityprogramma's America's Got Talent en Fear Factor.
Yn 1986 naam General Electric (GE) RCA oer foar de priis fan $6,4 miljard. GE begûn daliks alle difyzjes fan RCA los troch te ferkeapjen of op te doeken, mar keas derfoar om NBC te behâlden. Yn 2003 fûn der in fúzje plak fan NBC mei de entertainmentdifyzje fan it Frânske mediabedriuw Vivendi, dêr't NBCUniversal út fuortkaam. Yn 2011 naam it mediaconcern Comcast in mearderheidsoandiel yn NBCUniversal, en yn 2013 kocht Comcast GE út, sadat it folslein eigner fan NBCUniversal waard.
Opbou en wurkwize
It haadkertier fan NBC is húsfêste oan 30 Rockefeller Plaza yn New York. Oare wichtige kantoaren en tillefyzjestudio's binne fêstige yn Universal City by Los Angeles (op 10 Universal City Plaza), yn Chicago (yn 'e NBC Tower) en yn Philadelphia (yn it Comcast Technology Center).
Anno 2020 bestiet it fia de eter útstjoerende tillefyzjenetwurk fan NBC út 13 eigen tillefyzjestasjons en krapoan 200 selsstannige tillefyzjestasjons ferspraat oer de hiele Feriene Steaten, dy't in kontraktueel fêstleine bân mei NBC ûnderhâlde. Sokke selsstannige stasjons hjitte yn it Amerikaanske tillefyzjejargon affiliates ("affiliëarden"). Sadwaande hat NBC in frijwol folslein nasjonaal berik yn 'e Feriene Steaten, en fia affiliates dy't útstjoere deunby de noard- of súdgrins kin de stjoerder ek yn grutte dielen fan súdlik Kanada en noardlik Meksiko ûntfongen wurde.
Op 'e eigen tillefyzjestasjons stjoert ABC 87 oeren yn 'e wike út. Op 'e tillefyzjestjoerders fan syn affiliates stjoert ABC út op primetime, yn 'e iere jûn, trije oeren op moandei oant en mei sneon en fjouwer oeren op snein. Dat komt út op 22 oeren yn 'e wike. Dêrnjonken stiet it de affiliates frij om al of net de ABC-programmearring fan moarns 12.00 oant middeis 15.00 oere út te stjoeren as se dat wolle. Dêrby giet it benammen om praatprogramma's en de soapsearje Days of Our Lives. De rest fan 'e stjoertiid wurdt folle troch de affiliates sels.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |