The US FDA’s proposed rule on laboratory-developed tests: Impacts on clinical laboratory testing
Ynhâld
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1924 MCMXXIV |
Ab urbe condita | 2677 |
Armeenske kalinder | 1373 ԹՎ ՌՅՀԳ |
Etiopyske kalinder | 1916 – 1917 |
Hebriuwske kalinder | 5684 – 5685 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1979 – 1980 |
- Shaka Samvat | 1846 – 1847 |
- Kali Yuga | 5025 – 5026 |
Iraanske kalinder | 1302 – 1303 |
Islamityske kalinder | 1343 – 1343 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4620 – 4621 庚亥 – 辛子 |
1924 is in skrikkeljier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1924.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
- 1 jannewaris - Grikelân giet oer op de Gregoriaanske kalinder.
- 5 jannewaris - It earste Nederlânsk kampioenskip koartebaanreedriden wurdt holden yn Ryptsjerk.
- 14 jannewaris - De Alliëarden beslute om 'e stêd Rijeka (Italjaansk: Fiume), yn Istrje, dochs ta te wizen oan Itaalje. Dêrmei komt in ein oan 'e Frijsteat Fiume.
- 21 jannewaris - Yn Moskou komt de kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin nei in nije oerhaal te ferstjerren.
- 23 jannewaris - Ramsay MacDonald wurdt de earste sosjalistyske premier fan it Feriene Keninkryk.
- 24 jannewaris - De namme fan Petrograd (earder: Sint-Petersburch), yn Ruslân, wurdt feroare yn 'Leningrad', nei de kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin.
- 25 jannewaris-5 febrewaris - Yn Chamonix, yn Frankryk, wurdt de earste edysje fan 'e Olympyske Winterspullen holden.
- 8 febrewaris - Yn 'e Feriene Steaten wurdt foar it earst in deastraf útfierd mei help fan in gaskeamer.
- 24 febrewaris - Mahatma Gandhi, de foaroanman fan it Yndysk Nasjonaal Kongres, wurdt yn Britsk-Ynje frijlitten út Britske finzenskip fanwegen syn swakke sûnens.
- 26 febrewaris - Yn München begjint it proses tsjin Adolf Hitler, Erich Ludendorff en de oare dieders fan 'e mislearre Bierkelderpûtsj.
- 9 maart - Joegoslaavje stimt nei trije jier dwerslizzen yn mei de anneksaasje fan Fiume troch Itaalje. Yn ruil dêrfoar sjocht Itaalje ôf fan alle oare oanspraken op Istrje en Dalmaasje.
- 1 april - De rjochtbank yn München leit de nasjonaal-sosjalistyske foaroanman Adolf Hitler, foar syn oandiel yn 'e saneamde Bierkelderpûtsj, in tige mylde finzenisstraf fan fiif jier op en in jildboete fan 200 goudmark. Syn meistanner, de âld-generaal Erich Ludendorff, tsjin wa't ûnder it proses earnstich belêstend bewiismateriaal boppe wetter kommen wie, wurdt sels hielendal frijsprutsen.
- 6 april - By parlemintsferkiezings yn Itaalje, dy't mank geane mei slimme terreur fan 'e faksisten tsjin al harren tsjinstanners, wint de Nasjonale Faksistyske Partij fan Benito Mussolini 65% fan 'e stimmen.
- 20 april - Turkije kriget ûnder it bewâld fan Mustafa Kemal Atatürk in nije grûnwet.
- 1 maaie - Yn 'e Grykske haadstêd Atene wurdt troch premier Eleftherios Venizelos de Helleenske Republyk útroppen.
- 4 maaie - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferlieze alle demokratyske politike partijen oanhing. Winst wurdt boekt troch de kommunisten en de rjochts-ekstremistyske Deutschvölkische Freiheitspartei (DVFP), dêr't û.m. de nasjonaal-sosjalisten fan 'e eardere NSDAP harren by oansletten hawwe.
- 8 maaie - It Memellân wurdt troch de Alliëarden definityf oan Litouwen tawiisd.
- 14 maaie - Yn noardlik Marokko wurdt de Ynternasjonale Sône fan Tanger oprjochte.
- 23 maaie - Op it partijkongres fan 'e Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wit Josef Stalin syn rivaal Leon Trotski hast hielendal te isolearjen. Trotski wurdt troch Stalin en dy syn trewanten beskuldige fan anty-marxistyske ôfwikings, yllegale fraksjefoarming, mensjevistyske en lytsboargerlike tinkbylden en oare misdriuwen en flaters.
- 10 juny - Yn 'e Italjaanske haadstêd Rome wurdt de sosjalistyske foaroanman Giacomo Matteotti troch faksisten fermoarde.
- 29 augustus - De Dútske Ryksdei stimt yn mei it troch Alliëarden foarleine Dawesplan (in betinksel fan 'e Amerikaanske bankier Charles G. Dawes), dat ekonomyske herfoarmings foarstiet dy't Dútslân by steat stelle moatte om te foldwaan oan 'e ferhelbetellings.
- 17 septimber - It Italjaanske regear seit it yn 1920 mei Joegoslaavje sletten Ferdrach fan Rapallo op. Dat betsjut dat Itaalje wer oanspraak makket op 'e Joegoslavyske dielen fan Dalmaasje.
- 28 septimber - Earste flecht om de wrâld, troch twa fleantugen fan it Amerikaanske Leger.
- 29 septimber - De Dominikaanske Republyk wurdt lid fan it Folkebûn.
- 16 oktober - Hûssein bin Ali, de kening fan 'e Hidjas, docht ôfstân fan 'e troan en giet yn ballingskip op Syprus. Syn soan soan Ali folget him op en set de striid tsjin 'e Nêzjdyske ynfallers fuort.
- 26 novimber - De (kommunistyske) Mongoalske Folksrepublyk wurdt oprjochte.
- 30 novimber - Frankryk makket in begjin mei it weromlûken fan syn troepen út it Ruhrgebiet. Dêrmei komt in ein oan 'e Frânsk-Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 7 desimber - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferlieze de nasjonaal-sosjalistyske NSDAP en de kommunistyske KPD sitten. De grutte winner is de sosjalistyske SPD.
- 20 desimber - It Dútske regear ferlient Adolf Hitler, de eardere lieder fan 'e nasjonaal-sosjalistyske NSDAP, graasje foar syn oandiel yn 'e Bierkelderpûtsj. Hy komt daliks frij. Hy hat al mei al mar twa jier fêstsitten; dy tiid hat er brûkt om it boek Mein Kampf te skriuwen.
- 24 desimber - By in steatsgreep yn Albaanje grypt de eardere premier Ahmed Zogu de macht.
- 27 desimber - De Feriene Steaten beëinigje harren besetting fan 'e Dominikaanske Republyk, dy't al fan 1916 ôf duorret.
Berne
- jannewaris
- 2 - Hendrik Jan Broekstra, Nederlânsk pianist († 2015)
- 7 - Sipke Veenstra, Frysk dichter en skriuwer († 2002)
- 7 - Geoffrey Bayldon, Ingelsk akteur († 2017)
- 7 - Fenno Schouwstra, Frysk publisist, útjouwer en sportredakteur († 2012)
- 10 - Eduardo Chillida, Baskysk byldzjend keunstner († 2002)
- 24 - Leo Brouwer, Frysk boargemaster († 2003)
- febrewaris
- 7 - Johnny Jordaan, Nederlânsk sjonger († 1989)
- 9 - Anton Heyboer, Nederlânsk keunstskilder († 2005)
- 11 - Cristiaan Frederik Jan Antonides, Nederlânsk dûmny en publisist († 2001)
- 21 - Robert Mugabe, Simbabwaansk presidint († 2019)
- maart
- 7 - Jaap Maris, boargemaster fan Kollumerlân en Dantumadiel († 2012)
- 11 - Jaap Maarleveld, Frysk akteur en teaterprodusint († 2021)
- april
- 3 - Marlon Brando, Amerikaansk akteur († 2004)
- 9 - Diet Huber, Frysk berneboekeskriuwster en -yllustratrise († 2008)
- 26 - Wisse Dekker, Nederlânsk sakeman, topman fan Philips († 2012)
- maaie
- 18 - Tjalling Waterbolk, Nederlânsk heechlearaar yn de archeology († 2020)
- 22 - Charles Aznavour, Frânsk-Armeensk sjonger en lieteskriuwer († 2018)
- juny
- 10 - Klaas Dijkstra (Klaes Dykstra), Frysk taalkundige en oersetter († 1997)
- 10 - Wopkje Hutting-Kooistra, Frysk Alvestêdetochtrydster († 2017)
- 12 - George H.W. Bush, presidint fan 'e Feriene Steaten († 2018)
- 19 - Sybren Polet, Nederlânsk dichter († 2015)
- 28 - Hyke Koopmans, Frysk keunstner († 2010)
- july
- 2 - Freark Dam, Frysk sjoernalist, oersetter en dichter († 2002)
- 3 - Loek Caspers, Nederlânsk fersetsstrydster († 2019)
- 16 - Hannie Lips, Nederlânsk omropster († 2012)
- 21 - Don Knotts, Amerikaansk akteur en komyk († 2006)
- 27 - Vincent Canby, Amerikaansk film- en teäterkritikus († 2000)
- augustus
- 3 - Max van der Stoel, Nederlânsk politikus († 2011)
- 2 - Carroll O'Connor, Amerikaansk akteur en komyk († 2001)
- 21 - Klaas Beuker, Frysk politikus, († 2000)
- septimber
- 22 – Rosamunde Pilcher, Ingelsk skriuwster
- 22 - Teun Tolman, Frysk politikus († 2007)
- 30 - Truman Capote, Amerikaansk skriuwer († 1984)
- oktober
- 1 - Jimmy Carter, presidint fan 'e Feriene Steaten
- 29 - Hotze Schuil, Frysk keatser († 2005)
- 31 - Louis le Roy, Nederlânsk byldzjend keunstner en skriuwer († 2012)
- 31 - Geart van der Zwaag, Frysk skriuwer en dichter († 1989)
- novimber
- 5 - Sybe Sybesma, Frysk dichter († 1986)
- 6 - Tsjits Peanstra, Frysk dichteresse († 2014)
- 7 - George Schweigmann, Frysk reedrider († 2017)
- 11 - Harry Kuitert, Nederlânsk teolooch, etikus en predikant († 2017)
- 14 - J.J. Peereboom, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer († 2010)
- 15 - Olga Lowina, Nederlânsk sjongeres († 1994)
- 28 - G.W.S. Barrow, Skotsk skiedkundige († 2013)
- 30 - Pauline Small, Amerikaansk politika en bestjoerster († 2005)
- desimber
- 7 - Mario Soares, presidint fan Portegal († 2017)
- 12 - Ed Koch, boargemaster fan New York († 2013)
- 27 - Frank North, Amerikaansk sporttrainer († 2017)
Ferstoarn
- 21 jannewaris - Vladimir Iljitsj Lenin, Russysk revolusjonêr en lieder fan 'e Sovjet-Uny (* 1870)
- 3 febrewaris - Woodrow Wilson, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1856)
- 3 juny - Franz Kafka, Tsjechysk skriuwer (* 1883)
- 19 july - Sipke Huismans, Frysk predikant en frisiast (* 1873)
- 5 novimber - Anson Mills, Amerikaansk militêr en útfiner (* 1834)
- 22 novimber - Herman Heijermans, Nederlânsk skriuwer (* 1864)
Literatuer
- prizen
- De Poalske skriuwer Wladyslaw Stanislaw Reymont wint de Nobelpriis foar de Literatuer
- romans
- Johan Fabricius, De Scheepsjongens van Bontekoe (oerset yn it Frysk as De Skipsjonges fan Bontekoe)
- Louis Couperus, Het Snoer der Ontferming
- poëzij
- Pablo Neruda, Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada (oerset yn it Frysk as Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop)
- non-fiksje
- André Gide, Corydon
- André Gide, Incidences
Muzyk
- George Gershwin, Rhapsody in Blue
- Jean Sibelius, Symfony nr. 7, opus 105
Byldzjende keunst
-
My son (1924) Chana Orloff, The Lola Beer Ebner Sculpture Garden, Tel Aviv
-
St-Adolf portant des lunettes (1924) Adolf Wölfli Keunstmuseum Bern
Boukeunst
-
Sint-Janstsjerke, Waalwyk Hendrik Willem Valk
-
Façade Basilica di Santa Maria degli Angeli Cesare Bazzani, Assisy (Itaalje)
-
Chilehaus, Hamburch Fritz Höger
-
Amsterdamske Skoalle, Bethlehemtsjerke, Amsterdam (1924) A. Moen
Jierren: | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|