The US FDA’s proposed rule on laboratory-developed tests: Impacts on clinical laboratory testing
Ynhâld
Appearance
Iuwen: | 13e | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e iuw | 19e | 20e | 21e | 22e | 23e |
Jierren: | 1782 | 1783 | 1784 | 1785 | 1786 | 1787 | 1788 | 1789 | 1790 | 1791 | 1792 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1787 MDCCLXXXVII |
Ab urbe condita | 2540 |
Armeenske kalinder | 1236 ԹՎ ՌՄԼԶ |
Etiopyske kalinder | 1779 – 1780 |
Hebriuwske kalinder | 5547 – 5548 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1842 – 1843 |
- Shaka Samvat | 1709 – 1710 |
- Kali Yuga | 4888 – 4889 |
Iraanske kalinder | 1165 – 1166 |
Islamityske kalinder | 1201 – 1201 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 11 dgn. |
Sineeske kalinder | 4483 – 4484 癸午 – 甲未 |
1787 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1787.)
Foarfallen
- begjin maaie - Ut Amersfoart wei wurdt in oanfal dien op it patriottyske bolwurk Utert.
- 28 juny - Prinsesse Wilhelmina besiket fanút Nymwegen De Haach te berikken om stipe te krijen. Hja wurdt by Vlist oanholden troch patriotten en nei Goejanverwelleslûs brocht.
- heal augustus - Hollân freget om stipe út de oare gewesten, omdat Freark Willem II, de kening fan Prusen en de broer fan prinsesse Wilhelmina, driget mei yntervinsje as Hollân net syn ûntskuldigings oanbiedt foar har behanneling. Yn Delft wurdt noch in patriottysk stedsbestjoer ynsteld. In tsiental patriottyske steateleden yn Fryslân wegeret him del te lizzen by de reäksjonêre besluten en lûkt him werom yn Frjentsjer. Yn ferskate stêden wurde definsive maatregels troffen. De spanning rint op.
- 10 septimber - Prusen stelt in ultimatum yn dat oer trije dagen ôfrint.
- 15 septimber - In Prusysk leger tsjocht op tsjin 'e stêd Utert, ferdigene troch Freark III fan Salm-Kyrburg. De patriotten út Utert naaie út nei Amsterdam. Yn Fryslân hâlde de patriotten it noch in wike langer út. As de stimming ûnder de befolking omslein is, wurde ek Frjentsjer en Boalsert opjûn.
- 20 septimber - Prinsesse Wilhelmina giet werom nei De Haach. De steedhâlder Willem V keart trije dagen letter werom.
- hjerst - Troch de yntervinsje fan Prusen is de driigjende boargeroarloch tusken de patriotten en de prinselju smoard. In soad patriotten wurde finzen nommen of pike út nei Frankryk.
- 7 desimber - Delaware wurdt, troch de Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen, de 1e steat fan 'e Feriene Steaten.
- 12 desimber - Pennsylvania wurdt, troch de Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen, de 2e steat fan 'e Feriene Steaten.
- 18 desimber - Nij-Jersey wurdt, troch de Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen, as 3e steat talitten ta de Feriene Steaten.
- sûnder datum - De nôt- en pelmûne Windlust yn Boerum wurdt boud.
Berne
- 7 febrewaris - Oluf Braren, Noardfrysk keunstskilder († 1839)
- 16 maart - Georg Ohm, Dútsk natuerkundige († 1854)
- 24 desimber - Willem fan Hessen-Kassel, Dútsk-Nederlânsk ealman († 1867)
- datum ûnbekend
- Maria Emma Gray, Ingelsk biologe en keunstneresse († 1876)
Ferstoarn
- 5 maart - Karolina fan Oranje-Nassau, Frysk ealfrouwe (* 1743)
Boukeunst
-
Nôtmûne Windlust Boerum (1787)
Jierren: | 1782 | 1783 | 1784 | 1785 | 1786 | 1787 | 1788 | 1789 | 1790 | 1791 | 1792 |
Iuwen: | 13e | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e iuw | 19e | 20e | 21e | 22e | 23e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|