Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Yukon Yukon / Yukon | |
---|---|
flagge | wapen |
gjin offisjeel biedwurd | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | YT |
lân | Kanada |
status (jier) | territoarium (1898) |
haadstêd | Whitehorse |
grutste stêd | Whitehorse |
offisjele taal | Ingelsk, Frânsk |
sifers | |
ynwennertal | 33.897 (2011) |
befolkingstichtens | 0,07 / km² |
oerflak | 482.443 km² (ynkl. wetter) 474.391 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -8 |
webside | www.gov.yk.ca |
De Yukon, oant 2002 offisjeel it Yukonterritoarium (Ingelsk: Yukon Territory; Frânsk: Territoire du Yukon), is ien fan 'e trije territoaria fan Kanada. It leit yn it uterste noardwesten fan it lân, en heart ta de regio fan Noardlik Kanada. Mei 4,8% fan it nasjonaal grûngebiet is it territoarium wat oerflak oanbelanget ien lytsere Kanadeeske gewesten, en fierwei de lytste fan 'e trije territoaria. De haadstêd is Whitehorse. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de Yukon doe krapoan 34.000 ynwenners, wat delkomt op 0,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
It territoarium is ferneamd nei de rivier de Yukon. De namme dêrfan is wer ôflaat fan in ferâldere wurd út 'e taal fan 'e Kûtsjin-Yndianen, dat brûkt waard om in lang of breed wetter oan te tsjutten.
De Yukon hat in oerflak fan 482.443 km², wêrfan't 474.391 km² út lân bestiet en 8.052 km² út wetter. Dêrmei komt it yn folchoarder fan grutte op it njoggende plak fan 'e trettjin Kanadeeske gewesten, nei Manitoba en krekt foar Nijfûnlân en Labrador. It territoarium grinzget yn it easten oan 'e Noardwestlike Territoaria, yn it suden oan 'e provinsje Britsk-Kolumbia en yn it westen oan 'e Amerikaanske steat Alaska. Yn it noarden hat it in koarte kustline oan 'e Beaufortsee, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Noardlike Iissee.
De Yukon hat de foarm fan in trijehoek, mei rjochte siden yn it westen en it suden, en in krinkeljende, diagonale grins yn it easten, dy't taps tarint wat fierder oft men nei it noarden komt. Dy grins folget rûchwei de wetterskieding tusken it bekken fan 'e rivier de Yukon en it streamgebiet fan 'e rivier de Mackenzie, yn 'e Noardwestlike Territoaria. It súdlike part fan 'e Yukon is bespikkele mei in grut tal frij mânske marren, dy't fet wurde troch it teiwetter fan ferskate berchgletsjers. De wichtichsten fan dy marren binne de Teslinmar, de Atlinmar en de Tagishmar. Datselde diel fan it territoarium, it suden dus, is ek foar in grut part begroeid mei spjirrebeammen, al binne dy troch it koarte groeiseizoen faak beknotte yn har ûntwikkeling. It noarden fan it territoarium is in toendragebiet, dêr't troch de permafrost gjin beammen groeie kinne. It heechste punt fan 'e Yukon, en teffens fan hiele Kanada, is de Mount Logan, fan 5.959 m, dy't yn it súdwesten fan it territoarium leit.
Lang foar't de earste Jeropeänen de Yukon oandiene, waard de midden en it noarden fan it gebiet, dat yn 'e lêste iistiid net troch lâniis oerdutsen wie, al bewenne troch Yndiaanske folken. De útbarsting fan 'e Mount Churchill, yn it oanbuorjende Alaska, om it jier 800 hinne, oerdiek it suden fan 'e Yukon mei in laach jiske dy't noch altyd dúdlik werom te kennen is. Dat barren is ek ferivige wurden yn 'e mûnlinge tradysjes fan 'e stammen dy't doe al yn it territoarium taholden.
Pas yn 'e iere njoggentjinde iuw krongen de earste blanken yn it gebiet troch. Dat wiene alderearst keaplju, dy't de útwreiding fan 'e lukrative pelshannel foar eagen hiene. Dy waarden letter folge troch misjonarissen, dy't de lânseigen befolking ta it kristendom bekeare woene, en noch wer letter troch in ekspedysje dy't in tillegraafferbining tusken Russysk Alaska en de rest fan Noard-Amearika ta stân bringe woe. Tsjin 'e 1870-er en 1880-er jierren arrivearren de earste goudsikers yn 'e Yukon, dy't de befolking fan it gebiet sa úttynje lieten, dat it Kanadeeske regear besleat dat der in eigen plysjetsjinst komme moast. Dy waard krekt op 'e tiid oprjochte foar't yn 1897 de ferneamde Goudkoarts fan Klondike begûn. Tsientûzenen lju út hiel Noard-Amearika en út 'e rest fan 'e wrâld kloften doe gear yn 'e Yukon en Alaska, yn 'e hope om dêr harren fortún te meitsjen.
Oant dy tiid wie de Yukon earst lange tiid de facto bestjoerd troch de Hudsonbaaikompanjy, ek al hearde it net ta Rupertslân, dêr't de kompanjy it fan rjochten foar it sizzen hie. Sûnt 1821 makke it diel út fan it Noardwestlike Territoarium, dat yn namme ûnder it bestjoer fan 'e Britske Kroan foel. Doe't yn 1867 de Kanadeeske Konfederaasje oprjochte waard, krige dy de sizzenskip oer it gebiet. Twa jier letter, yn 1869, droech de Hudsonbaaikompanjy syn besittings oer oan Kanada, en waarden it Noardwestlike Territoarium en Rupertslân gearfoege ta de nije Noardwestlike Territoaria. De Yukon as geografyske ienheid ûntstie yn 1895, doe't it de status fan distrikt binnen de Noardwestlike Territoaria krige. Troch de grutte befolkingsgroei dy't him der ûnder de Goudkoarts fan Klondike foardie, besleat it Kanadeeske regear yn 1898 om der in selsstannich territoarium fan te meitsjen.
Dêrnei waard de Yukon goed tachtich jier lang bestjoerd troch in kommissaris, dy't oansteld waard troch de Kanadeeske minister fan Yndiaanske Saken en Noardlike Untwikkeling. De kommissaris hie in rol yn it beneamen fan 'e bestjoersrie fan it territoarium en wie dêr de foarsitter fan en funksjonearre feitlik teffens as de minister-presidint fan it gebiet. De keazen Territoriale Rie hie inkeld in advisearjende rol. Pas yn 1979 krige de Yukon selsbestjoer, yn 'e foarm fan in territoriale assimblee wêrfan't de leden foar it earst keazen waarden yn 1978, en dêr't yn jannewaris 1979 it earste formele regear fan it territoarium út gearstald waard. Under de Yukonwet (Yukon Act), fan april 2003, waard it territoriaal selsbestjoer noch útwreide, sadat de Yukon no hàst (mar net alhiel) deselde rjochten hat as de tsien Kanadeeske provinsjes. Hoewol't der al witwat diskusjes fierd binne oer de fraach oft en sa ja, wannear't de Yukon de alfde provinsje fan Kanada wurde sil, liket it ûnwierskynlik dat soks yn 'e neie takomst plakfine sil, mei't de befolking fan it gebiet gewoan te lyts is.
Op 27 maart 2002 wie ûnderwilens de offisjele namme fan it gebiet feroare fan Yukon Territory yn Yukon. Yn it gewoane spraakgebrûk wurdt lykwols faak de âlde namme noch oanholden, en de offisjele postale ôfkoarting fan it territoarium is noch altyd YT.
De Yukon hat in territoriale assimblee mei 19 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes en territoaria oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt de Yukon yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 1 fan 105 sitten (1,0%), en yn it Legerhûs troch 1 fan 308 sitten (0,3%).
Fan âlds is yn 'e Yukon de mynbou de wichtichste sektor fan 'e ekonomy, mei't der nei lead, sink, sulver, goud, asbest en koper dold wurdt. De ridlik grutte hoemannichten goud dy't der fûn wurde, laten oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ta de Goudkoarts fan Klondike.
De oantinkens oan dy perioade en oan 'e iere dagen fan 'e RCMP (de Kanadeeske plysje, bekend fan 'e reade unifoarmjaskes), en fierders it natuerskientme fan it territoarium, hawwe it toerisme ta de op ien nei wichtichste sektor fan 'e territoriale ekonomy makke. Minsken komme der om rûnlaat te wurden troch goudsikersstedsjes as Dawson City, en om te jeien, angeljen, kanojen en kajakjen, kuierjen, berchbeklimmen, iisklimmen, skyen, snowboarden, sniemobyljen en hûneslydzjen. Der wurde jiers frijwat kultuerfestivals en sporteveneminten yn 'e Yukon organisearre dy't dielnimmers en besikers fan oer de hiele wrâld oanlûke, lykas it Yukon International Storytelling Festival, it Frostbite Music Festival, it Dawson Music Festival en de Yukon Quest.
De yndustry yn 'e Yukon is benammentlik talein op 'e produksje fan houtene meubels en fan klean. De opwekking fan wetterkrêftenerzjy is fan tanimmend belang, mar tradisjonele aktiviteiten, lykas strikkesetten en de fiskerij, reitsje yn it neigean. De territoriale en federale oerheidstsjinsten foarmje fierwei de grutste wurkjouwer yn 'e Yukon, mei 5.000 banen op in totale wurkgelegenheid fan 12.500.
Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie de Yukon doe 33.897 ynwenners, wat 11,6% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 0,07 minsken de km². Fan alle ynwenners fan it territoarium wennen yn 2011 23.276 of 68,7% yn 'e haadstêd Whitehorse. It twadde plak neffens ynwennertal, mei 1.319 minsken, wie Dawson City, dat oant 1952 de haadstêd fan 'e Yukon wie. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw, op it hichtepunt fan 'e Goudkoarts fan Klondike, wennen dêr sa'n 40.000 minsken, mar doe't it goud oprekke, teagen de measte lju wer nei oare oarden.
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 (dy't basearre binne op selsidentifikaasje) bestiet de Yukonneeske befolking foar in grut diel út lju fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes Ingelsen, Skotten, Ieren en Frânsen. De tsjintwurdige Frânsktalige minderheid, de Franko-Yukonnezen, foarmje mei in oantal fan likernôch 1.100 minsken sa'n 3,3% fan 'e befolking.
Alle lânseigen Yndiaanske folken en de Métis mei-inoar wiene yn 2006 goed foar likernôch 25% fan 'e befolking. Yn 1992 waard der tusken it territoriaal regear fan 'e Yukon, de Kanadeeske federale oerheid en 14 ûnderskate "earste naasjes" (sa't de stammen yn Kanada neamd wurde), dy't in befolking fan likernôch 7.000 minsken fertsjintwurdigen, in oerkoepeljende earste oerienkomst oangeande lânrjochten sletten, wêrnei't eltse "earste naasje" op himsels harren spesifike oanspraak op har foarâlderlik grûngebiet útûnderhannelje moast. Yn desimber 2005 hiene alve fan 'e fjirtjin stammen in definitive oerienkomst mei de Kanadeeske oerheden ûndertekene.
De Yukon hie foarhinne ek in Inûyt-delsetting, sitewearre op it eilân Herschel, dat foar de noardkust yn 'e Beaufortsee leit, mar dat doarp waard yn 1987 opheft doe't de bewenners ferfearen nei de oanbuorjende Noardwestlike Territoaria. As resultaat fan 'e definitive oerienkomst oer lânrjochten dy't de Inûvialûyt (de westlike Arktyske Inûyt fan Kanada) mei de Kanadeeske oerheid sletten hawwe, is it eilân in beskerme natoergebiet wurden, mei as namme it Territoriaal Park Qikiqtaruk ("Qikiqtaruk" is de namme fan it eilân yn 'e Inûvialûktûn-taal).
Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens sifers út 2001 58,1% fan 'e befolking fan 'e Yukon út kristenen, wêrfan 36,5% protestanten, 21,0% roomsen, 0,5% eastersk-otterdoksen en 0,1% eastersk-katoliken. De grutste protestantske denominaasjes wiene de anglikanen (13,3%), de feriene protestantske United Church of Canada (7,4%), de baptisten (3,2%), pinksterkristenen (2,1%) en luteranen (2,0%). Ateïsten en agnosten foarmen 37,4% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: it boedisme (0,5%); it sikhisme (0,4%); it Westersk heidendom (0,4%); de islaam (0,2%); en it joadendom (0,1%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,6% fan 'e befolking.
De offisjele talen fan 'e Yukon binne it Ingelsk en it Frânsk, dy't as sadanich by wet fêstlein binne. It Ingelsk is de memmetaal fan in grutte mearderheid fan 'e Yukonneeske befolking, 85,7%. It Frânsk is yn grutte de twadde taal, mei goed 1.100 sprekkers (3,7%). De iennichste oare taal dy't boppe de 1% útkomt, is it Dútsk, mei 2,6%. Under de Taalwet fan Yukon (Language Act of Yukon) genietsje fierders de 8 ûnderskate lânseigen Yndiaanske talen offisjele erkenning, wêrmei't se yn oanmerking komme foar finansjele stipe fan 'e oerheid, mar se kinne net brûkt wurde foar offisjele dokuminten of yn 'e rjochtseal of it territoriaal parlemint. De 8 erkende minderheidstalen yn 'e Yukon binne: it Han (Hän), Kaska, Kûtsjin (Kutchin of Gwich'in), Noardlik Tûtsjoansk (Northern Tutchone), Opper-Tanana (Upper Tanana), Súdlik Tûtsjoansk (Southern Tutchone), Tagis (Tagish) en Tlingit.
It súdlike diel fan 'e Yukon hat in lânklimaat, feroarsake troch de neite fan 'e Stille Oseaan, dy't in bedimjende ynfloed op it klimaat hat. As dy der net wie, soe de súdlike Yukon krekt as it sintrale part fan it territoarium in toendraklimaat hawwe. Yn it uterste noarden fan 'e Yukon, ta ein beslút, hearsket in poalklimaat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |