Knowledge Base Wiki

Search for LIMS content across all our Wiki Knowledge Bases.

Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.

Keppelings bewurkje
Swarte See
geografy
type wetter binnensee
lokaasje tusken East-Jeropa en
   Lyts-Aazje
lân Abgaazje
Bulgarije
Georgje
de Oekraïne
Roemeenje
Ruslân
Turkije
koördinaten 44° N, 35° E
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 1.175 km
maks. breedte 260 km
oerflak 436.402 km²
djiptegemiddelde 1.253 m
djipste punt 2.212 m
wetterfolume 547.000 km³

De Swarte See is in binnensee, dy't ynklamme leit tusken Jeropa en Lyts-Aazje. De Bosporus ferbynt de Swarte See mei de See fan Marmara, dy't op syn beurt fia de Dardanellen yn ferbining stiet mei de Midlânske See. Yn it noarden fan de Swarte See leit it skiereilân De Krim, dat ek grinzet oan de See fan Azov.

De lannen lizzend oan de Swarte See binne Oekraïne, Ruslân, Geörgje, Turkije, Bulgarije en Roemeenje. Yn 'e Swarte See komme fiif grutte rivieren út: de Donau, de Dnjepr, de Dnjestr, de Don en de Kûban.

De namme

De Grykske seefarders út de âldheid tsjutten de Swarte See oan mei Pontos Euxeinos, de Gastfrije See. De Swarte See wie lykwols (wreed)ferneamd om har stoarmen yn de hjerst en winter, dat earder waard de see ek wol Pontos Axeinos neamd, de Ungastfrije See; út benaudens foar de goaden fan de see brûkten de Grykske seelju leaver de eufemistyske namme.

It minne waar yn de kontrei is ek grif de grûnslach fan de Turkske namme Kara Deniz, dêr't de yn de measte moderne talen de gongbere namme "Swarte See" fan ôflaat is.

It oerinnen fan de Swarte See nei de iistiid

Yn de iistiid wie de Swarte See in grut swietwettermar en wie der gjin ferbining mei de Middellânske See. Nei de iistiid ûntstie dizze ferbining. Hoe't dat krekt gien is en wannear, binne ferskate teoryen oer.

Wichtige havenstêden