Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Sorbysk | ||
algemien | ||
eigen namme | Serbšćina | |
lânseigen yn | Dútslân | |
tal sprekkers | 30.000 (2004) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Balto-Slavysk ● Slavysk ● West-Slavysk ● Sorbysk | |
dialekten | Heechsorbysk, Leechsorbysk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Dútslân: ● Brandenboarch ● Saksen | |
erkenning as minderheidstaal |
Dútslân | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | - | |
ISO 639-2 | wen (Taalkloft) hsb (Heechsorbysk) dsb (Leechsorbysk) | |
ISO 639-3 | hsb (Heechsorbysk) dsb (Leechsorbysk) |
It Sorbysk is in West-Slavyske taal, dy’t praat wurdt yn Lausitz (Łužica), in gebiet yn it easten fan Saksen (Sakska) en it súdeasten fan Brandenboarch (Bramborska). De Sorben waarden eartiids, krekt lykas de Karyntyske Slovenen, in oare Slavyske minderheid, ek wol Wenden neamd. Dy âlde namme wurdt hjoed de dei as misledigjend beskôge.
It Sorbysk waard twa ieuwen lyn noch troch 200.000 minsken sprutsen; no troch maksimaal sa'n 20.000, meast âlderein. It wurdt yndield yn twa farianten: Heechsorbysk en Leechsorbysk. It Heechsorbysk, dat de measte (maks. 13.000) sprekkers hat, wurdt praat om de stêd Bautzen (Budyšin) hinne, it Leechsorbysk troch maks. 7.000 minsken om Cottbus (Chośebuz) hinne. De beide stêden binne ek kulturele sintrums foar de Sorben, mar de sprekkers fan it Sorbysk libje yn de doarpen om de stêd hinne en net yn de stêd sels. In sintrum fan Sorbysk-kulturele warberens is it twalingdoarp Panschwitz-Kuckau (Pančyčy-Kukow), fan wêr út it kleaster St. Marienstern fanâlds de katolike minderhyd ûnder de Sorben geastlik fersoarget.
Ferlikingstabel fan talen:
Frysk | Sealterfrysk | Heechsorbysk | Leechsorbysk | Poalsk | Tsjechysk | Russysk |
---|---|---|---|---|---|---|
jûn | Äiwend | wječor | wjacor | wieczór | večer | večer |
Broer | Bruur | bratr | bratš | brat | bratr | brat |
dei | Dai | dźeń | źeń | dzień | den | den |
hûn | Hounde | ruka | ruka | ręka | ruka | ruka |
hjerst | Häärst | nazyma | nazymje | jesień | podzim | osen |
snie | Snee | sněh | sněg | śnieg | sníh | sneg |
simmer | Suumer | lěćo | lěśe | lato | léto | leto |
suster | Suster | sotra | sotša | siostra | sestra | sestra |
fisk | Fisk | ryba | ryba | ryba | ryba | ryba |
fjoer | Fjuur | woheń | wogeń | ogień | oheň | ogon |
wetter | Woater | woda | woda | woda | voda | voda |
wyn | Wiend | wětřik, wětr | wětš | wiatr | vítr | veter |
winter | Winter | zyma | zymje | zima | zima | zima |
De earste skreaune Sorbyske tekst datearret út de 16e iuw. Beide Sorbyske talen hawwe elts in eigen skriuwwize. Sorbysk en Sloveensk binne - tegearre mei it Noard-Frysk - de iennichste Jeropeeske talen, dy it twatal Dual noch njonken it iental en meartal aktyf brûke. It Heechsorbyske is mear allyk it Tsjechysk en it Leechsorbysk hat wat mear fan Poalsk. De Leech-Sorben en de Poalen wenje oars earst sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich ticht byinoar nei't de Dútske provinsje Syleazje (Silezië,Schlesien) troch Poalen anneksearre wurde mocht. Yn 1945 stelden Poalen en ek Tsjechoslowakije foar om ek it Sorbyske gebiet te anneksearjen.
De oerhearskjende taal yn it wengebiet fan de Sorben is hjoed it Dútsk. It Dútsk hat it Sorbysk en oare Slavyske talen al fier werom krongen. Eartiids waarden yn grutte dielen fan it eastlike Dútslân Slavyske talen praat, as foarbyld sels om Lüchow yn Leechsaksen ta. In soad stedsnammen tsjûgje dêr noch fan, as Berlyn, Chemnitz, Leipzig (Lipsk) en Dresden (Drježdźany). Hûnderten doarpsnammen dy't einigje op (w)itz of au en ow hawwe ek in Slavyske oarsrong.
De Sorben binne fanâlds lutheranen mar in lytse katolike minderhyd bleau bestean ûnder beskirming fan de Saksische kening (dy't sels ta dit leauwen weromgong). De katoliken ûnder de Sorben spylje in hieltyd gruttere rol om't de lutheranen harren ferdútsken yn de ôfrûne lêste twa ieuwen.
Yn de tiid fan it nasjonalisme wie it Sorbysk ferspuid en ûnder it nasjonaalsoasjalisme wie it ferbean. Yn de DDR-tiid gauwen de Sorben as teken fan freonskip mei de Slavyske buorsteaten en as foarbyld foar de minderhedefreonlikens fan it Kommunistyske rezjym. Sorbyske kultuermanifestaasjes krigen goede finansjele stipe. Sa hie it lytse Sorbyske selskip in eigen radiostjoerder, kranten en tydskriften yn de eigen taal en guon Sorbysktalige of twatalige skoallen.
As sintrale kulturele organisaasje fungearret de saneamde Domowina. Wylst de Sorbyske taal net folle praat wurdt yn Bautzen, is de Sorbyske taal rûnom wol 'sichtber': op strjitnammebuorden, op winkels en sels yn guon winkels op de priiskaartsjes en kwitânsjes. It Dútske regear hat it Sorbysk amtlik as minderheidstaal erkend en troch it ûnderskriuwen en ratifisearjen fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen de ferplichtings oernommen, it Sorbyske te hoedzjen en te noedzjen.
It Sorbyske WITAJ (wolkom)-bernsoere lûkt bûten Sorbysktalige ek in protte Dútsktalige skoalbern. Nei it folgjen fan in twatalige of in Sorbysktalige basisskoalle, dêr't der in hânfol fan binne, kinne skoalbern nei it Sorbyske Gynasium yn Bautzen of nei de Sorbyske middelskoallen yn Radibor (Radwor) en Bautzen. Der is gjin Sorbysktalige hegeskoalle. It is wol mooglik om yn Leipzig (Lipsk) in universitêre stúdzje Sorbistyk te dwaan.
In oar ding út de DDR-tiid is it brúnkoal winnen, wêrfoar't al ferskate Sorbyske doarpen weiwurde moasten. Troch it útinoarfallen fan de Sorbysktalige mienskip, dy't nei de twongen ferhuzing gauris yn'e gruttere stêden bedarren, koene in soad Sorben harren taal langer net mear brûke en kaam de posysje fan de taal faai te stean. Nei de werieniging fan Dútslân is de brúnkoaldylging gewoan fierder gien. Nettsjinsteande de protesten is om 2000 it doarp Horno oant op it lêste hûs ta sljochte om romte te jaan oan de brúnkoal-yndustry.
De regionale studio fan de MDR 1 RADIO SACHSEN yn Bautzen, is sûnt it oprjochtsjen fan de MDR yn 1992 de wichtichste regionale studio fan de MDR. Dêr wurkje tritich minsken dy't foar de Heechsorbyske taal 21,5 oeren stjoerdtiid hawwe yn 'e wike. Boppedat nimt de studio yn Bautzen ek noch it 6,5 oer duorjende Leechsorbyske program fan de RBB foar syn noed.
Ien kear yn 'e moanne wurdt der in healoere yn it Sorbysk útstjoerd by tillefyzjestjoerder MDR. It program hyt Wuhladko.
Heechsorbysk
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sorbyske ferzje. |
Leechsorbysk
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sorbyske ferzje. |