Knowledge Base Wiki

Search for LIMS content across all our Wiki Knowledge Bases.

Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.

Slayer
band
Slayer yn 2017
Slayer yn 2017
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 19812019
label(s) Metal Blade,
Def Jam,
American,
Nuclear Blast
âld-leden Jeff Hanneman (gitaar) (1981–2013) †
Dave Lombardo (drums) (1981–1992), (2001–2013)
leden
Bas & Sang Tom Araya
Gitaar Kerry King
Gitaar Gary Holt
Drums Paul Bostaph
Kerry King (2014)
Tom Araya (2008)
Jeff Hanneman (2009)
Dave Lombardo (2009)
Paul Bostaph (2019)
Gary Holt (2015)

Slayer wie in ferneamde Amerikaanske trashmetalband, dy't oprjochte waard yn 1981. Yn 2019 stopten hja mei de band. Slayer's flugge en agressive manier fan spyljen makket dat hja yn ien sike wei neamd wurde mei Metallica, Megadeth, en Anthrax

Skiednis

De earste jierren (1981–1983)

Slayer waard oprjochte yn 1981 troch Kerry King, Jeff Hanneman, Dave Lombardo, en Tom Araya yn Huntington. De band starte mei spyljen fan covers van nûmers fan bands lykas Iron Maiden, Black Sabbath, Judas Priest en Venom mar hja begûn al fluch mei it skriuwen fan eigen wurk.
Fan 1983 ôf krige de band mear en mear sukses. Nei in optreden yn in lokale gelegenheid, Woodstock neamd, waarden de bandleden oansprutsen troch in meiwurker fan Metal Blade Records mei it oanbod om in nûmer te leverjen foar in sammelalbum mei de namme Metal Massacre III. De band gie akkoart ûnder de betingst dat dizze meiwurker har ek holp mei de opnamen fan in debútalbum. Yn desimber 1983 kaam it debútalbum "Show No Mercy" út.

De fierdere jierren `80

Yn febrewaris 1984, waard King njonken Slayer ek tydlik gitarist yn de nije band fan Dave Mustaine, Megadeth. De oare bandleden waarden ûngerêst troch King syn beslissing, en tochten dat se op syk moasten nei in oare gitarist. Mustaine woe mar wat graach dat King permanint by Megadeth kaam, mar King gie alwer nei fiif shows fuort, mei de meidieling dat de nije band fan Dave Mustaine him te folle fan syn tiid koste. De breuk tusken King en Mustaine feroarsake in jierrenlange rúzje tusken de twa bands.

Yn 1985 brocht Slayer "Hell Awaits" út, dêrnei tekene Slayer in kontrakt by it label Def Jam. Under dit label waard "Reign in Blood" útbrocht, in album dat útgroeide ta in thrashmetalklassiker.

Ein 1987, dûkte Slayer de studio’s wer yn om harren fjirde studio-album op te nimmen. Mar yn tsjinstelling ta it album "Reign in Blood", besleat de band om yn in wat rêstiger tempo te spyljen en in wat melodieuzere sang te brûken. It album "South of Heaven" waard yn july 1988 útbrocht, en waard troch it oanpaste lûd mei mingde gefoelens ûntfongen troch fans en de parse. Mar it album waard dochs goed ferkocht en behelle in gouden status.

Jierren `90

Yn 1990 brocht Slayer it album "Seasons in the Abyss" út, it album waard in mjuks fan de muzyk op it album "Reign in Blood" en de melody fan "South of Heaven". Drummer Dave Lombardo stapte yn 1992 út de band nei in mieningsferskil mei de oare bandleden. Syn plak waard ynnaam troch de eardere drummer fan Forbidden, Paul Bostaph. Yn nei twa jier op toernee west te hawwen brocht Slayer yn 1994 "Divine Intervention" út, it earste album mei de nije drummer.
Yn 1996 ferliet Bostaph in blaumoandei de band om in eigen projekt op te setten. Hy waard ferfongen troch drummer Jon Dette. Mar al binnen in pear moanne kaam Bostaph werom by Slayer. Twa jier letter yn 1998 kaam it album "Diabolus in Musica" út, wêrnei't de band in modernere koers ynsloech ferlike mei de eardere albums. Wer kaam der krytiek fan de parse dy't fûn dat Slayer te fier ôfwykte fan syn styl, mar in protte fans seagen yn it album in nijer en skerper lûd mei mear útdaagjend spylwurk fan de band.

De jierren nul

Septimber 2001 waard it album “God Hates Us All” útbrocht. It lûd op dit album wie rûger en ekstremer as op de eardere albums. Slayer krige alwer in protte krityk. De band sette troch en de toernee dy’t op it album folge wie in grut sukses. Yn San Francisco waard in live-album opnaam. It optreden op dit album, “War at the Warfield”, bliek foar earst it lêste optreden fan drummer Paul Bostaph mei Slayer. Koart nei de show makke de band bekend dat Bostaph rêst nimme moast fanwegen in blessuere oan syn earmtakke, wêrtroch er muoite hie om de ekstreme styl fan Slayer spyljen te bliuwen. Bostaph waard ferfongen troch âld drummer Lombardo wêrmei ek it album "Christ Illusion" opnaam waard dat yn 2006 ferskynde. Nei Christ Illusion yn 2006 ferskynde yn 2009 it album "World Painted Blood"; it ferhaal gie dat dit harren lêste studio-album wêze soe.

Jeff Hanneman en ôfskiedstoernee (2010 – 2019)

Begjin 2011 rûn gitarist Hanneman in bakteriële ynfeksje op ta gefolch fan in byt fan in spin. Hy wie slim siik en koe hjirtroch net mei op toernee en waard ferfongen troch Gitarist Gary Holt fan Exodus. 23 april, 2011 stie Hanneman wer op it poadium mei Slayer om de lêste twa nûmers fan de show mei te spyljen. Letter die bliken dat dit it lêste live optreden wêze soe mei Hanneman.

Yn 2012 wie Hanneman wer safier opknapt fan de ynfeksje en de gefolgen dêrfan, dat hy koe meidwaan mei it opnimmen fan in nij studio-album. Mar noch foardat it album klear wie kaam Jeff Hanneman op 2 maaie 2013 te ferstjerren, oan de gefolgen fan in alkohol relatearre sykte oan de lever. Hanneman waard no definityf ferfongen troch Gary Holt.

Earder yn 2013 yn Febrewaris fan dat jier waard drummer Lombardo ûntslein nei in saaklik konflikt, hy waard ferfongen troch Bostaph dy’t wer wersteld wie fan syn blessuere oan de earmtakke.

Yn 2014 makke de band bekend in kontrakt tekene te hawwen by it label Nuclear Blast, en dat se op ‘e nij foar harren tolfde studio-album de studio yn geane soene. It album "Repentless" kaam út op 11 septimber 2015.

Op 22 jannewaris 2018 kundige Slayer syn ôfskiedstoernee yn 2018 en 2019 oan. Harren lêste optrêden yn Nederlân yn de IJsselhallen Swolle, wie op 15 novimber 2019.

Muzyk

Slayer is in trashmetalband mar hja spilen ek wol Speedmetal. It Album “Reign in Blood” is it fluchste materiaal wat Slayer útbrocht hat, mei in gemiddelde fan 220 bpm. De dûbbele gitaarsolo's fan King en Hanneman wiene "wyld gaotysk" en "geniaal ferdraaid". Drummer Lombardo spile mei twa bassdrums en net mei in dûbbelt pedaal op in inkelde bassdrum sa as gebrûklik is.

Diskografy

Studio-albums

Album Utbrocht op Label Single(s)
Show No Mercy 3 desimber 1983 Metal Blade Black Magic
Hell Awaits 19 april 1985 Hell Awaits
Reign in Blood 7 oktober 1986 Def Jam Raining Blood,
Angel of Death,
Postmortem,
Necrophobic,
Criminally Insane
South of Heaven 5 july 1988 South of Heaven,
Mandatory Suicide
Seasons in the Abyss 9 oktober 1990 Def American War Ensemble,
Dead Skin Mask,
Spirit in Black,
Seasons in the Abyss
Divine Intervention 27 septimber 1994 American Dittohead,
Serenity in Murder
Undisputed Attitude 28 maaie 1996 I Hate You
Diabolus in Musica 9 juny 1998 Stain of Mind,
Bitter Peace
God Hates Us All 11 septimber 2001 Bloodline,
Disciple,
God Send Death
Christ Illusion 8 augustus 2006 Cult,
Eyes of the Insane,
Jihad
World Painted Blood 3 novimber 2009 Psychopathy Red,
Hate Worldwide,
World Painted Blood
Repentless 11 septimber 2015 Nuclear Blast Implode,
When the Stillness Comes,
Repentless,
You Against You,
Pride in Prejudice

Live-albums

Album Utbrocht op Label
Live Undead 16 novimber 1984 Metal Blade
Decade of Aggression 22 oktober 1992 American
The Big Four:
Live from Sofia, Bulgaria
15 oktober 2010 Universal
The Repentless Killogy 8 novimber 2019 Nuclear Blast