Lofthaven SkipholAmsterdam Airport Schiphol
Algemien
Oprjochte
17 maaie 1920
Type
Publyk
Eigener
Skiphol-Groep
Lokaasje
Haarlimmermar , Nederlân
Hichte
3,35 meter ûnder NAP
Webside
www.schiphol.nl
Startbanen
Baan
Lingte
Materiaal
18R/36L
3.800 m
Asfalt
06/24
3.500 m
Asfalt
09/27
3.450 m
Asfalt
18L/36R
3.400 m
Asfalt
18C/36C
3.300 m
Asfalt
04/22
2.014 m
Asfalt
Lofthaven Skiphol is de grutste lofthaven fan Nederlân . Nei Londen Heathrow , Parys-Charles de Gaulle , Frankfurt am Main en Istanbûl Atatürk is it de fyfde drokste lofthaven fan Jeropa. Skiphol leit yn 'e gemeente Haarlimmermar , sa'n 15 kilometer besúdwesten Amsterdam .
Skiphol is de thúshaven fan 'e Nederlânske loftfeartmaatskippijen Arke , Corendon Dutch , KLM , KLM Cityhopper , Martinair Cargo en Transavia . Fierders is it in hub fan 'e bûtenlânske loftfeartmaatskippijen Delta Air Lines , easyJet en Vueling . De lofthaven leit inkelde meters ûnder seenivo en hat seis start- en lâningsbanen . Op it plak dêr't Skiphol no leit, hat earder it doarp Ryk lein. De namme "Skiphol" wurdt ek brûkt as plaknamme, krekt as Skiphol-East en Skiphol-Ryk .
De lofthaven is eigendom fan 'e Skiphol-Groep (formele namme: "N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders de Nederlânske Steat , gemeente Amsterdam en gemeente Rotterdam .
Tal passazjiers en fleanbewegings
Jier
Passazjiers
2010
45.211.749
2011
49.755.252
2012
51.035.590
2013
52.569.200
Op Skiphol startte en lâne it folgjend tal fleanmasines:[ 2]
Jier
Fleantúchbewegings
2012
423.407
2013
425.565
2014
438.300
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes