Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Romaanske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Latynske talen | |
lokaasje | Súd, Súdwest- en West-Jeropa, de Balkan, Latynsk-Amearika, dielen fan Noard-Amearika en Afrika | |
tal talen | ±28 of ±80 (ôfhinklik fan telling) | |
tal sprekkers | ±885 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk | |
subgroepen | ● Afrikaansk-Romaansk † ● Eastromaanske talen ● Westromaanske talen ● Súdromaanske talen | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | roa |
De Romaanske talen, soms ek wol de Latynske talen neamd, foarmje in taalfamylje fan in ûnbeskaat tal libbene en inkele deade talen, dy't allegear fuortkomme út it Latyn. De wichtichste talen út dy groep binne it Spaansk, Portegeesk, Frânsk, Italjaansk en Roemeensk. De Romaanske talen meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Se wurde fan oarsprong sprutsen yn gebieten dy't earder ta it Romeinske Ryk hearden, dat it Latyn as offisjele taal hie. Dêrby giet it om in grut oaniensletten gebiet yn West-, Súdwest- en Súd-Jeropa, en in mear fersnipele fersprieding op 'e Balkan. Sûnt de sechstjinde iuw hawwe guon fan 'e Romaanske talen, benammen it Spaansk, Portegeesk en Frânsk, har troch kolonisaasje en emigraasje ferspraat nei Latynsk-Amearika en dielen fan Noard-Amearika, Afrika en Aazje.
De ûnderferdieling fan 'e Romaanske talen is dreech, mei't taalkundigen it der net oer iens wurde kinne oft de famylje no útinoar falt yn in Westromaanske, in Eastromaanske en in Súdromaanske groep, of dat er opspjalten wurde moat yn in Italo-Westlike, in Eastromaanske en in Súdromaanske groep. De earste yndieling liket taalkundich sjoen suverder te wêzen en hat dêrom mear oanhingers. Anno 2010 hiene alle Romaanske talen mei-inoar sa'n 885 miljoen memmetaalsprekkers.
De namme 'Romaansk' is útsoarte in ferbastering fan 'Romeinsk'. It komt fan it Fulgêr Latynske eigenskipswurd romanice ("Romaansk"), dat in ferbûging wie fan it haadwurd Romanicus ("Romein"). Romanice waard brûkt om 'e Klassyk Latynske skriuwtaal (latine) te ûnderskieden fan 'e regionale Fulgêr Latynske sprektalen (romanice). Alle oare talen waarden doedestiden oantsjut as barbarice ("barbaarsk"). De Romaanske talen binne dus de talen dy't fan âlds sprutsen waarden yn gebieten dy't ta (de Latynsktalige westlike helte fan) it Romeinske Ryk heard hiene (yn 'e eastlike helte fan it Ryk wie it Gryksk de fiertaal).
De moderne wurden roman, romantyk en românse komme fan deselde woartel as Romaansk. Yn 'e Midsiuwske literatuer fan West-Jeropa wie earnstige non-fiksje ornaris yn it Latyn skreaun, wylst populêre fiksje, dy't faak bestie út leafdesferhalen, yn 'e (Romaanske) sprektaal skreaun waard. Sadwaande waarden meitiid sawol fiksje (roman), as leafde (romantyk, românse) nei it Romaansk ferneamd.
De Romaanske talen foarmje de iennichste noch libbene tûke fan 'e Italyske talen, dat sels in subgroep is fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje. Alle Romaanske talen stamje ôf fan it Latyn, in taal dy't eins ta de Latynsk-Faliskyske kloft fan 'e Italyske talen yndield wurde moat. It Latyn is sadwaande de oertaal fan 'e Romaanske talen, krekt sa't it Proto-Keltysk dat foar de Keltyske talen is en it Oergermaansk foar de Germaanske talen.
It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e Romaanske talen leit yn it suden fan Noardwest-Jeropa (d.w.s. Frankryk, Walloanje en Romanje, it Frânsktalige diel fan Switserlân), op it Ibearysk Skiereilân (Spanje en Portegal), op it Italjaansk Skiereilân mei direkt oanbuorjende gebieten noardlik dêrfan (Itaalje), op 'e eilannen yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See (de Baleären, Korsika, Sardynje en Sisylje), op 'e noardwestlike Balkan (Roemeenje en Moldaavje) en yn mear fersnipele foarm op 'e súdlike Balken (Servje, Masedoanje, Albaanje en noardlik Grikelân). Al dy gebieten, mei útsûndering fan 'e Balkan, dêr't de Eastersk-otterdokse tsjerken dominant binne, hearre ta it kultuergebiet fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. It oaniensletten Romaanske taalgebiet yn West-, Súdwest- en Súd-Jeropa wurdt inkeld ûnderbrutsen troch it Bretonsk, in Keltyske taal, yn Bretanje, en it Baskysk, in pre-Yndo-Jeropeeske isolearre taal yn 'e westlike Pyreneeën en oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje.
Sûnt de sechstjinde iuw binne guon Romaanske talen, benammen it Spaansk, Portegeesk en Frânsk, mar yn folle mindere mjitte en pas fan 'e njoggentjinde iuw ôf ek it Italjaansk, oer oare dielen fan 'e wrâld ferspraat troch kolonialisme en emigraasje. Yn it foarste plak giet it dêrby om Súd-Amearika, dêr't it grutste lân, Brazylje, Portegeesktalich is, wylst yn njoggen fan 'e alve oare lannen dêre Spaansk sprutsen wurdt. Yn Midden-Amearika binne sân fan 'e acht lannen Spaansktalich, en yn it Karibysk Gebiet jildt itselde foar Kuba, de Dominikaanske Republyk en Porto Riko. It Frânsk wurdt bûten Jeropa as memmetaal fral sprutsen yn 'e provinsje Kebek en oare dielen fan Kanada, hoewol't it krekt as it Spaansk ek yn dielen fan 'e Feriene Steaten in protte sprekkers hat. Yn Afrika is it Frânsk yn 19 lannen de iennichste of ien fan 'e offisjele talen en jildt datselde foar it Portegeesk yn 5 lannen en foar it Spaansk yn Ekwatoriaal Guinee, mar yn al dy lannen bestiet mar in tige lyts diel fan 'e befolking út memmetaalsprekkers fan dy talen. Dat is krekt-en-gelyk foar it Portegeesk yn East-Timor en foar it Frânsk yn Haïty. Nettsjinsteande dat libbet anno 2020 sa'n twatrêde part fan alle memmetaalsprekkers fan 'e Romaanske talen bûten Jeropa.
De Romaanske talen foarmje taalkundich sjoen in fuortsetting fan it Latyn, de taal dêr't se út ûntstien binne. Dat wie yn 'e Aldheid de offisjele taal fan 'e Romeinske Republyk en letter fan it Romeinske Ryk, hoewol't it inkeld yn it westlike part fan it ryk de fiertaal en lingua franca wie (yn it easten ferfolle it Gryksk dy funksje). Dêrby moat de kanttekening makke wurde de Romaanske talen net streekrjocht fan it Klassyk Latyn ôfstamje, mar ynstee fan it Fulgêr Latyn (of Folkslatyn). It Klassyk Latyn wie de foarm fan 'e taal sa't dy sprutsen waard troch de Romeinske hegerein yn Rome sels, en dêrom ek de foarm fan 'e taal dêr't fierwei de measte teksten yn skreaun waarden. It Fulgêr Latyn wie de sprektaal fan 'e sljochtwei soldaten, kolonisten en keaplju yn 'e westlike helte fan it Romeinske Ryk, dy't de troch de hegerein beoardere útwreiding fan it ryk winliken útfierden. In grut part fan 'e sprekkers bestie boppedat út leden fan ûnderwurpen folken dy't út har heitelân deportearre wiene nei oare dielen fan it ryk.
Dy oanhâldende ekspânsje fan it Romeinske Ryk, dy't mank gie mei bestjoerlike en edukative beliedspunten, makke it Latyn tusken 350 f.Kr. en 150 n.Kr. ta de dominante taal yn West-Jeropa, de Balkan benoarden de Jireček-line en Noardwest-Afrika. Fan likernôch 350 ôf begûn it Fulgêr Latyn útinoar te fallen yn in kontinuum fan regionaal ûnderskate dialekten. Om't der nei de Fal fan it Westromeinske Ryk en de fragmintaasje fan it grûngebiet dêrfan yn 'e fyfde iuw gjin sintrale autoriteit mear bestie dy't dy dialekten oaninoar bûn, begûnen se sadwaande útinoar te groeien en har ta selsstannige talen te ûntwikkeljen.
Dy ûntjouwing waard noch fierder oanjage troch it Grutte Folkeferfarren dêr't it ynstoarten fan it Westromeinske Ryk mei mank gie. De Balkanromaanske talen ferlearen doe troch de fêstiging fan 'e Súdlike Slaven yn Illyrje, Masedoanje en Traasje it kontakt mei oare Romaanske talen alhiel. Dat proses waard foltôge mei de oankomst fan 'e Hongaren yn 'e Iere Midsiuwen, dy't har nei wenjen setten yn Pannoanje. Yn twa gebieten, de Romeinske provinsjes Brittanje en Afrika, gie de pleatslike foarm fan it Romaansk hielendal ferlern. It Britsk-Romaansk strûpte derûnder troch de Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje, wylst it Afrikaansk-Romaansk útrûge waard troch de Arabyske ferovering fan Noard-Afrika.
Yn 'e rin fan 'e iuwen boazen de ûnderlinge ferskillen tusken de Romaanske talen almar oan en waard de ûnderlinge fersteanberens wat langer wat lytser. Oant de twadde helte fan 'e sânde iuw koene Romaansksprekkers noch neikomme wat der sein waard as der oan harren teksten yn it Klassyk Latyn foarlêzen waarden, mar geandewei de achtste iuw ferlearen se dat fermogen. Tsjin 'e njoggende iuw, doe't de ferskillende Romaanske dialekten Gallo-Romaansk (yn Galje en noardlik Itaalje), Ibearo-Romaansk (op it Ibearysk Skiereilân), Italo-Romaansk (op it Italjaansk Skiereilân) en Balkanromaansk (op 'e Balkan) ek net mear ûnderling fersteanber wiene, koe sprutsen wurde fan selsstannige talen.
De ferskillen tusken de Romaanske talen kinne foar in part ferklearre wurde út ferskillende substraten (talen dy't foarhinne yn itselde gebiet sprutsen waarden, mar dêr't it Latyn foar yn it plak kommen wie) en superstraten (talen dy't letter yn itselde gebiet sprutsen waarden mar wêrfan't de sprekkers úteinlik it Latyn of it Romaansk oernamen). Foar in grut diel fan West-Jeropa en de Balkan wiene de substraten fan Keltyske oarsprong, lykas it Lepontysk fan noardlik Itaalje, it Gallysk fan Frankryk en it Keltibearysk fan it Ibearysk Skiereilân. Op 'e Balkan wie it substraat almeast Dasysk, Trasysk of Illyrysk (ôfhinklik fan 'e presize lokaasje), talen dy't ta de Trasyske en Illyryske taalgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje hearden. Yn sintraal en súdlik Itaalje bestie it substraat út oare Italyske talen as it Latyn (lykas it Oskysk en it Umbrysk), en yn 'e 'Hakke' fan Lears fan Itaalje út it Illyryske Messapysk. Pre-Yndo-Jeropeeske substraten wiene der ek, bgl. it Noeragysk op Sardynje, it Etruskysk yn sintraal Itaalje en it Retysk yn 'e Alpen. Superstraten wiene yn it westen oer it algmien fan Germaanske oarsprong, lykas it Frankysk yn Frankryk, it Goatysk op it Ibearysk Skiereilân en it Longobardysk yn noardlik en sintraal Itaalje. De Balkan koe ferkate lagen superstraten: earst Germaansk (Gepidysk, Skirysk en Bastarnysk) en letter Slavysk.
Nettsjinsteande dy ferskillende ynfloeden lykje de fonology, morfology en de wurdskat fan alle Romaanske talen noch altyd sterk opinoar. Dat komt mooglik om't de measte ferskillen tusken de Romaanske talen en it Klassyk Latyn al ier ta ûntwikkeling kamen en sadwaande troch alle Romaanske talen oernommen binne út it Fulgêr Latyn. Men kin dan tinke oan it frijwol folsleine ferlies fan it namfallestelsel fan it Latyn en de ferfanging dêrfan troch de tafoeging fan foarsetsels, it ferlies fan it ûnsidige grammatikale geslacht fan it Latyn, it ynnovearjende gebrûk fan lidwurden en it begjin fan 'e palatalisearring yn 'e útspraak fan 'e plofklanken [ɡ], [k] en [t].
Fan 'e tsiende iuw ôf waarden de ûnderskate Romaanske talen almar mear brûkt as skriuwtaal, en begûn sadwaande in proses fan iuwen wêrby't se stadichoan it Latyn ferfongen. Yn guon lannen, lykas Portegal, waard dy ûntwikkeling ferflugge trochdat nije wetten ynfierd waarden dy't de eigen taal boppe it Latyn pleatsten, wylst it yn oare gebieten, lykas Itaalje, benammen skriuwers en dichters wiene (yn Itaalje fral Giacomo da Lentini en Dante Alighieri) dy't troch harren brûken fan 'e sprektaal dêroan mear prestiizje joegen en sa de posysje fan it Latyn navenant ûndergroeven. De útfining fan 'e boekdrukparse yn 'e fyftjinde iuw resultearre yn in beweging nei gruttere ienfoarmigens ta, dêr't letter de ûnderskate Romaanske standerttalen út fuortkomme soene. Talen dy't earder tige wichtich west hiene, lykas it Oksitaansk yn 'e Provâns, it Katalaansk yn it easten fan it Ibearysk Skiereilân en it Fenesiaansk yn 'e Republyk Feneesje, ferlearen dêrtroch terrein foar talen oer dy't troch de sintralisearre oerheid útdroegen waarden, lykas it Frânsk, it Spaansk en, yn in mear kultureel sintralisearre sin, ek it Italjaansk.
De Romaanske talen wurde tsjintwurdich wrâldwiid as memmetaal sprutsen troch sa'n 885 miljoen minsken. Dêropta hawwe guon fan dy talen in protte twadde-taalsprekkers fanwegen gebrûk as lingua franca tusken leden fan ûnderskate etnyske groepen dy't ferskillende lânseigen memmetalen sprekke. Dat lêste jildt benammen foar it Frânsk yn grutte dielen fan West- en Sintraal-Afrika en yn mindere mjitte yn 'e Magreb. De meast sprutsen Romaanske talen binne it Spaansk (mei 480 miljoen memmetaalsprekkers), it Portegeesk (220 miljoen), it Frânsk (77 miljoen), it Italjaansk (70 miljoen), it Roemeensk (26 miljoen) en it Katalaansk (7,2 miljoen). Ien Romaanske taal is resint útstoarn: it Dalmatysk, dat sprutsen waard yn 'e Kroätyske kustregio oant it ferstjerren fan 'e lêste sprekker yn 1898. Ferskate hjoeddeistige Romaanske minderheidstalen steane der min foar, lykas it Oksitaansk en it Franko-Provansaalsk yn Frankryk.
De ferdieling yn ûnderskate subgroepen is by de Romaanske talen frijwat dreech, mei't dêrby taalkundige kritearia faak oantaast wurde troch politike omtinkens dy't eins neat mei taalkunde te krijen hawwe. It knyppunt is de status fan it Italjaansk. Hoewol't de Gallo-Italyske talen fan noardlik Itaalje (lykas it Lombardysk en it Piëmonteesk) troch leken ornaris sjoen wurde as dialekten fan it Italjaansk, doocht dy opfetting taalkundich sjoen net.
Dwers troch it Italjaansk Skiereilân rint nammentlik de taalgrins tusken de Eastromaanske talen en de Westromaanske talen, wêrby't de Italjaanske standerttaal, dy't fierhinne op it Toskaansk basearre is, in Eastromaanske taal is dy't histoarysk mear gemien hat mei it Roemeensk as mei it Westromaanske Frânsk, wylst de Gallo-Italyske talen dúdlik by de Westromaanske talen yndield wurde moatte. Om 'e taalienheid fan it Italjaansk te behâlden, binne letter guon taalkundigen op 'e lapen kommen mei de Italo-Westlike talen, wêryn't de eins Eastromaanske Italo-Dalmatyske talen mei de Westromaanske talen op ien bulte smiten wurde. It skeel oer dizze yndieling is frijwat kontroversjeel en taalkundigen binne it der noch net oer iens. Nettsjinsteande dat hat de yndieling yn Westromaansk en Eastromaansk de measte oanhingers.
In trêde groep binnen de Romaanske talen, dy't losstiet fan 'e Westromaanske en de Eastromaanske talen, wurdt foarme troch de Súdromaanske talen of de Eilânromaanske talen. Eins heart dêr mar ien taal ta, it Sardysk fan Sardynje, dat fierwei de meast argayske foarmen beholden hat.
Hjirûnder de ferskillende yndielings yn Romaanske taalgroepen:
|
|
De klassifikaasje fan Romaanske talen yn ûnderskate talen is ynherint problematysk om't it grutste part fan it Romaanske taalgebiet bestiet út in dialektkontinuum. Dat makket it dreech om fêst te stellen wêr't de iene taal ophâldt en de oare begjint. In 'meagere' telling, wêrby't in protte taalfoarmen weiset wurde as dialekten fan gruttere talen, smyt in oantal fan 28 of sels noch minder Romaanske talen op, wylst in folsleine list (lykas hjirûnder jûn wurdt) sa'n 80 talen omfiemet.
Yn 'e tabel hjirûnder in ferliking fan guon wurden yn 'e ûnderskate Romaanske talen.
wurd | Latyn | Sardysk | Roemeensk | Sisyljaansk | Italjaansk | Fenesiaansk | Lombardysk | Retoromaansk | Frânsk | Oksitaansk | Katalaansk | Spaansk | Portegeesk |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
"wetter" | aquam | àbba | apă | acqua | acqua | acua | acqua / agua / ova / eiva | aua | eau /o/ | aiga | aigua | agua | água |
"hynder" | caballum | càdhu | cal | cavaddu | cavallo | cavało | cavâl / caàl | chaval | cheval /ʃ(ǝ)val/ | caval | cavall | caballo | cavalo |
"loft" | caelum | chélu | cer | celu | cielo | çiél | cel / sel | tschiel | ciel /sjɛl/ | cèl | cel | cielo | céu |
"hûn" | canem | cane | câine | cani | cane | can | ca(n) | chaun | chien /ʃjɛ̃/ | can | ca | can | cão |
"tsien" | decem | dèche | zece | deci | dieci | diéxe | des / dis | diesch | dix /dis/ | dètz | deu | diez | dez |
"ik" | ego | (d)ègo | eu | eu / jè / ju | io | [mi] | [mi / mé) | jau | je /ʒǝ/ | ieu / jo | jo | yo | eu |
"soan" | fīlium | fìzu | fiu | figghiu | figlio | fiol | fiö | figl / fegl | fils /fis/ | filh | fill | hijo | filho |
"fjoer" | focum | fócu | foc | focu | fuoco | fogo | fögh | fieu | feu /fø/ | fuòc | foc | fuego | fogo |
"man" | homō / hominem | ómine | om | omu | uomo | om(en)o | om(en) | um | homme /om/ | òme | home | hombre | homem |
"molke" | lactem | làte | lapte | latti | latte | late | lacc / lat | latg | lait /lɛ/ | lach | llet | leche | leite |
"tonge", "taal" | linguam | límba | limbǎ | lingua | lingua | léngua | lengua | lingua | langue /lɔ̃ɡ/ | lenga | llengua | lengua | língua |
"frou" | mulier / mulierem | muzère | muiere | mugghieri | moglie | mojer | miee | muglier | arg. moillier | arg. mólher | muller | mujer | mulher |
"each" | oculum | ócru | ochi | occhiu | occhio | ocio | ögg / oeucc | egl | œil /œj/ | uèlh | ull | ojo | olho |
"fjouwer" | quattuor | bàttor | patru | quattru | quattro | cuatro | quater | quat(t)er | quatre /katʁ/ | quatre | quatre | cuatro | quatro |
"fiif" | quīnque | chímbe | cinci | cincu | cinque | çincue | cinch / si(n)ch | tschintg | cinq /sɛ̃k/ | cinc | cinc | cinco | cinco |
"lân" | terram | tèrra | ţară | terra | terra | tera | tera | terra / tiara | terre /tɛʀ/ | tèrra | terra | tierra | terra |
"trije" | trēs | tres | trei | tri | tre | tre | trii (m) / tre (f) | trais | trois /tʁwa/ | tres | tres | tres | três |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |