Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Petrus- en PauluskatedraalСобор Петра и Павла | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | Starosadski pereûlok 7/10 | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 38' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evangelysk-Lutherske Tsjerke Europeesk Ruslân | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Viktor Kossov; Artur Loleit | |
boujier | 1903-1905 | |
Webside | ||
Lutserske gemeente Moskou | ||
Kaart | ||
De Petrus- en Pauluskatedraal (Russysk: Собор Петра и Павла; Dútsk: Kathedrale St. Peter und Paul]] wie oant 2022 de haadtsjerke fan 'e Evangelysk-Lutherske Tsjerke Europeeske Ruslân fan 'e Russyske haadstêd Moskou.
Yn 'e jierren 1694-1695 waard der foar de Dútske luteranen njonken de Michaeltsjerke, dy't yn 1928 ferneatige waard, in twadde tsjerke foar de lutheranen. Dy tsjerke krige ynearsten de namme 'Nije Tsjerke', mar hiet offisjeel Sint-Petrus en Paulus. Yn 1711, 1737 en 1748 baarnde de tsjerke út, mar jimmeroan folge wer in weropbou. Lang om let gyng de tsjerke yn 1812 mei de brân fan Moskou folslein ferlern.
Yn 1817 ferboude de gemeente in hûs yn 'e Starosadskistege ta in tsjerke, dy't yn 1819 ynwijd waard. Fanwegen de grutte oanwaaks fan 'e luterske gemeente waard dy tsjerke yn 'e jierren 1860-1861 ferboud en yn 1903-1905 ferfongen troch nijbou, de hjoeddeiske tsjerke. De arsjitekt wie Viktor Kossov en nei't dy him werom loek waard de tsjerke ûnder lieding fan Artur Loleit foltôge.
Yn 1938 liet de antyreligieuze oerheid de tsjerke ûnteigenje. De tsjerke die earst tsjinst as konsertseal. Letter waard der in bioskoop yn ûnderbrocht. De doetiidske dûmny fan 'e tsjerke, Aleksander Streck, waard tegearre mei de tsjerkeried troch it ateïstyske bewâld fermoarde. Letter kaam yn it gebou in filmstudio ("Diafilm"). Foar dat doel waard in ekstra ferdjipping yn it gebou oanbrocht. De spits fan 'e toer waard yn 1957 ôfbrutsen.
Sûnt de jierren 1990 krige de gemeente wer stadichoan tagong ta it gebou en koe ynearsten in kapel yn gebrûk nommen wurde. Yn 2004 waard de ynrjochting wer yn oarder makke. Op 'e 1e advintssnein fan it jier 2008 krige it gebou nei santich jier de oarspronklike funksje werom. Ek waard yn dat jier mei de weropbou fan de spits útein set. Yn it ramt fan it 500-jierrich jubileum fan 'e reformaasje waard de tsjerke offisjeel wer oerdroegen. By de weromjefte wiene ek ôffurdigen fan 'e Protestantske Tsjerke yn Dútslân en de Dútske bûnspresidint Frank-Walter Steinmeier oanwêzich. Yn 'e oangrinzgjende gebouwen, dêr't ea de pastorij en in skoalle yn ûnderbrocht wiene, wurde noch jimmeroan troch oerheidsorganisaasjes brûkt.
It oarspronklike Walcker-oargel gyng nei de ûnteigening ferlern. It tsjintwurdige oargel is ôfkomstich út de Michaeltsjerke, dat nei it sluten fan 'e tsjerke yn in begraffenisgebou opslein waard. It oargel waard yn 1898 troch de firma Sauer yn Frankfurt/Oder as Opus 755 boud en yn 2005 troch Orgelbau Reinhard Hüfken restaurearre. It ynstrumint hat 33 registers op 3 manualen en pedaal op pneumatyske kegelladen.
De klokken binne ôfkomstich út de toer fan 'e Friedenskirche yn it Dútske Rheydt, dy't yn 1999 foar de earetsjinst sletten is en omboud waard ta apparteminten. Se datearje út 1957 en binne yn 2005 yn Moskou telâne kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Kathedrale St. Peter und Paul (Moskau). |