Knowledge Base Wiki

Search for LIMS content across all our Wiki Knowledge Bases.

Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.

Kodiak
De lokaasje fan Kodiak yn Alaska.
De lokaasje fan Kodiak yn Alaska.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Alaska
borough Kodiak Island Borough
haadplak Kodiak (Alaska)
grutste plak Kodiak (Alaska)
sifers
ynwennertal ±10.000 (2010)
oerflak 9.311,2 km²
befolkingstichtens 1,1 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 57°28′ N 153°26′ W
offisjele webside
www.kodiak.org

Kodiak (Ingelsk: Kodiak Island; útspr.: ['koʊdiæk 'ailənd], likernôch: "koo-dy-ek ai-lund"; Alûtiik: Qikertaq) is in grut eilân dat by de Amerikaanske steat Alaska heart. It eilân leit yn 'e Golf fan Alaska, foar de kust fan Súdwest-Alaska, en makket ûnderdiel út fan 'e Kodiakarsjipel. Kodiak is it op ien nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten (nei Hawaï). It stiet bekend om syn rûge wyldernis, dêr't it goed jeien en angelfiskjen is. It grutste plak op it eilân hjit ek Kodiak. De Kodiakbear, de grutste ûndersoarte fan 'e brune bear, libbet op Kodiak en oanbuorjende eilannen. De oarspronklike bewenners fan it eilân binne de Alûtiik (Alutiiq), in subgroep fan 'e Eskimo's.

Geografy

Kodiak is in eilân dat diel útmakket fan 'e gruttere Kodiakarsjipel, dy't foar de kust fan Súdwest-Alaska yn 'e Golf fan Alaska leit. It is it grutste eilân fan dy arsjipel, it op ien nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten en it op tachtich nei grutste eilân fan 'e wrâld. Kodiak wurdt fan it fêstelân fan Alaska skaat troch in likernôch 50 km brede seestrjitte, de Shelikofstrjitte. It eilân hat in oerflak fan 9.311,2 km², wêrmei't it justjes grutter is as Syprus. It mjit 160 km fan súdwest nei noardeast en fariëarret yn breedte fan 16 oant 97 km fan súdeast nei noardwest.

In lânkaart fan 'e Kodiakarsjipel.

Kodiak hat in rûge, rotsige kustline dy't oan alle kanten ynkurven is troch djippe fjorden. It eilân is bercheftich en oan 'e noard- en eastkant ticht begroeid mei mingd tuskenbeiden reinwâld, mar oan 'e súdkant binne der suver hielendal gjin beammen. It heechste punt op it eilân is Koniag Peak, mei in hichte fan 1.362 m. It súdwestlike twatrêde part fan Kodiak heart ta it Nasjonaal Natoergebiet Kodiak. Dêr binne hielendal gjin wegen. Op it eilân leit ek it Steatshistoarysk Park Fort Abercrombie. Fierwei it grutste plak op Kodiak is in stedsje dat ek fan Kodiak hjit. Op it eilân is de grutste basis fan 'e Amerikaanske Kustwacht fêstige, dy't bestiet út 'e Kustwachtbasis Kodiak, it Kustwachtloftstasjon Kodiak en ferskate oare fasiliteiten.

Skiednis

De oarspronklike bewenners fan Kodiak, de Sûkpiak, in stamme fan 'e Alûtiik, bestiene fan 'e jacht, de fiskerij en it rispjen fan yn it wyld foarkommende planten. Yn 1741 fear de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering Kodiak foarby ûnder syn Grutte Noardlike Ekspedysje. De earste ûntdekkingsreizger dy't op it eilân oan lân gie, wie de Rus Stepan Glotov yn 1763. Yn 1784 stifte de Russyske pelskeapman Grigory Sjelichov (nei wa't de Shelikofstrjitte neamd is) de earste Russyske delsetting op Kodiak oan 'e Trijehilligebaai, op it plak dêr't no it doarp Old Harbor leit. Datselde jiers slachten Sjelichov en 130 oare pelskeaplju yn it Bloedbad fan Refuge Rock op in rotseilantsje by Sitkalidak, foar de súdkust fan Kodiak, in pear hûndert Sûkpiak-manlju, -froulju en -bern ôf. Foar de Alûtiik is dat sûnt in hillich plak, dat Awa’uq hjit, in namme dy't safolle betsjut as "gefoelleas wurde".

Foarwerpen fan 'e lânseigen befolking fan Kodiak. Gravuere út ±1805 op basis fan in tekening yn in Russysk lochboek.

Yn 1792 waard it sintrum fan 'e Russyske aktiviteiten op Kodiak troch Aleksander Baranov ferpleatst nei in gaadliker plak oan 'e noardeastkust, dêr't timmerhout foarhâns wie. De nije delsetting kaam Pavlovskaja te hjitten en lei op it plak fan 'e tsjintwurdige stêd Kodiak. It jiers dêrop helle Sjelichov, dy't tsjin dy tiid de foaroanman fan 'e Sjelichov-Golikov Kompanjy wurden wie, tweintich ambachtslju en tsien gesinnen fan boeren út 'e omkriten fan Irkûtsk, yn Sibearje, nei Kodiak ta. Yn 1793 krige de Russysk-Otterdokse Tsjerke fan keizerinne Katerina de Grutte ek tastimming om sinding te bedriuwen ûnder de lânseigen befolking fan wat doe de koloanje Russysk-Amearika wie. Sadwaande waard der yn 1794 in earste missypost op Kodiak fêstige troch in groep mûntsen út it Valaam-kleaster by Sint-Petersburch.

De Sûkpiak waarden ûnderwilens troch de Russen ek ynset om harren te helpen, oft se dat no woene of net. Se moasten foar Sjelichov-en-dy jeie, itenswaren preservearje en pelzen preparearje. Dat wurk waard ôftwongen mei bedrigings en geweld of troch famyljeleden yn gizeling te nimmen. De manlju krigen kwota fan otterpelzen en fûgelhûden oplein dy't se oanbringe moasten, wylst de froulju ynset waarden foar de ferwurking. Doe't de see-otters troch de oanhâldende oerbejaging pleatslik begûnen út te stjerren, twongen de Russyske pelskeaplju de Sûkpiak-manlju om hieltyd fierder fuort en almar langer te jeien as dat se wend wiene. Sawol de manlju as harren efterbleaune húshâldings hiene te lijen ûnder dy skieding, en mank de froulju, bern en âlden fan dagen briek hongersneed út om't de manlju der net wiene om harren mei jeien fan iten te foarsjen.

Yn 1837-1839 briek boppedat ûnder de lânseigen befolking fan Russysk-Amearika in grutte epidemy fan 'e pokken út, dêr't nei skatting in trêdepart fan 'e minsken oan kaam te ferstjerren. Tsjin dy tiid hie de Russysk-Amerikaanske Kompanjy yn 'e koloanje it monopoalje op 'e hannel krigen, en de beämten fan 'e kompanjy brochten alle oerlibjende Sûkpiak op Kodiak gear yn sân delsettings, sadat se makliker fan medyske help, mar ek fan ûnderwiis en sinding foarsjoen wurde koene. De epidemy waard úteinlik tsjinkeard troch de lânseigen befolking te faksinearjen. Yn 1867 kaam Kodiak mei de rest fan Russysk-Amearika troch de Oankeap fan Alaska by de Feriene Steaten te hearren. De ierste Amerikaanske kolonisten setten har yn 'e 1880-er jierren op it eilân nei wenjen, dêr't se har ek mei jacht en fiskerij dwaande holden.

De Russyske delsetting Pavlovskaja op it eilân Kodiak yn 1814 (it hjoeddeiske plak Kodiak).

Fan 6 oant en mei 8 juny 1912 fûn der in fulkaanútbarsting plak fan 'e Novarupta, in fulkaan dy't 160 km noardwestlik fan Kodiak op it Alaska-skiereilân leit. Trochdat de fulkanyske jiske op it eilân delkaam, siet Kodiak sechstich oeren lang yn it tsjuster. De minsken en bisten op it eilân koene amper sykhelje en krigen it oan 'e eagen en de longen. Wetter waard ûndrinkber. Radiokommunikaasje waard fersteurd en dakken fan huzen stoarten yn ûnder it gewicht fan 'e jiske dy't der op kaam te lizzen. Oare gebouwen waarden ferwoastge doe't jiskelawines by heuvelskeanten delkamen. Op 9 juny seach men op it eilân foar it earst wer in heldere loft, mar it eilân wie fierhinne ferrinnewearre troch de jiske en de soere rein. Bearen en oare grutte bisten wiene faak blyn rekke en ferhongeren om't lytsere bisten en planten stikt wiene ûnder de tsjûke jiskelaach. Bline fûgels foelen út 'e loft, fisken en oare wetterdieren kamen om yn it troch jiske fertroebele wetter en sels de langpoaten wiene útrûge. De salmfiskerij op Kodiak wie dêrmei ferneatige, en pas nei 1919 klaude dy wer by de wâl op.

Op 27 maart 1964 waard Alaska troffen troch in swiere ierdbeving, dy't letter ek wol bekend kaam te stean as de Goedfreedierdbeving. Hoewol't dêrby 131 minsken yn 'e steat omkamen en der in protte skea oanrjochte waard, foel dat eins noch ta, want mei in krêft fan 9,2 op 'e skaal fan Richter wie it de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is. Op Kodiak waard de measte skea oanrjochte troch de op 'e ierdbeving folgjende tsûnamy, dy't de stêd Kodiak en ferskate doarpen ferwoastge.

De stêd Kodiak foar en nei de tsûnamy dy't folge op 'e Goedfreedierdbeving fan 1964.

Demografy

Op it eilân Kodiak wenje rûchwei 10.000 minsken. De befolkingstichtens bedraacht dêrmei 1,1 persoanen de km². It grutste plak op it eilân is de stêd Kodiak, dy't goed 6.100 ynwenners hat. Lytsere plakken binne Akhiok, Old Harbor, Karluk, Larsen Bay en Port Lions. It eilân Kodiak makket bestjoerlik diel út fan it distrikt Kodiak Island Borough, dat 13.600 ynwenners hat. Ta de borough hearre lykwols ek de oare eilannen fan 'e Kodiakarsjipel en inkele gebieten op it fêstelân fan Alaska.

De oarspronklike bewenners fan Kodiak binne de Sûkpiak (Sugpiaq), in stamme fan it folk fan 'e Alûtiik (Alutiiq). Dy hearre ta it gruttere ferbân fan 'e Jûpik (Yup’ik), dat in folkekloft is dy't ûnder de Eskimo's falt. Behalven blanke Amerikanen wenje op Kodiak fierders ek in protte Filipino's en Latino's.

Ekonomy

De ekonomy fan Kodiak rêst benammen op 'e fiskerij fan Pasifyske salm, Pasifyske heilbot en krab. Benammen de rivier de Karluk is ferneamd om 'e salmrin. Behalven oan fiskerij wurdt op Kodiak ek dien oan houtkap, feehâlderij, ferwurking fan itenswaren (meast it ynblikjen fan salm) en kopermynbou. Ek de toeristyske sektor is wichtich; de toeristen dy't op it eilân komme, binne dêr benammen om te jeien of te angelfiskjen. Sûnt 1968 ûnderhâldt de Universiteit fan Alaska Anchorage (UAA) in njonkenkampus op Kodiak, dy't 3,2 km noardwestlik fan 'e stêd Kodiak leit.

Klimaat

It klimaat op Kodiak is myld foar de mjitstêven fan Alaska. It eilân hat in seeklimaat, mei koele simmers en kâlde winters. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 16 °C, en yn desimber, jannewaris en febrewaris, de kâldste moannen, is dat 2 °C. By útsûndering kinne simmerdeis de temperatueren omheech gean oant 30 °C, wylst se by 't winter omleech gean kinne oant –25 °C. Kodiak kriget jiers trochinoar 1.914 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 182 sm snie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.