Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Facebook is in Amerikaansk bedriuw en sosjaalnetwurkside, oprjochte yn 2004. Sûnt maaie 2008 bestiet er in Nederlânsktalige ferzje. Yn desimber 2008 groeide de site mei 600.000 nije oanmeldingen deis. Yn april 2009 hie Facebook goed 200 miljoen aktive brûkers; fiif moannen letter wienen dat 50 miljoen mear. Yn july 2010 betsjinne Facebook al in heal miljard brûkers, sa'n 7% fan it oantal ierdbewenners.
Facebook bestiet sûnt 4 febrewaris 2004 (doe hjitte it noch "The facebook"). Mark Zuckerberg is de oprjochter en algemien direkteur. It haadkantoar is yn Palo Alto, yn Kalifornje.
It bedriuw jilde ein 2011 sa'n 100 miljard dollar. Novimber 2011 waard bekend dat it bedriuw dêr't belizzers hjit op binne, wierskynlik tusken april en juny 2012 gean soe, sûnder gebrûk te meitsjen fan tsjinsten fan sakebanken.[1] Op 18 maaie 2012 gie Facebook yndie nei de beurs. De earste dei sleat it oandiel fraksjoneel heger yn it plak fan de grutte stiging dy't ferwachte waard.[2] De dei dêrnei sakke de koers in stik ûnder de útjeftepriis[3], sadat de twifels oer de wurdearring fan it bedriuw sterker waarden.
Yn novimber 2014 kaam troch de ynset fan inisjatyfnimmer Wim Benes, taalkundige Hindrik Sijens fan 'e Fryske Akademy en in kloft frijwilligers de Fryske ferzje fan Facebook ôf. Dêr waard doe al fjouwer jier oan wurke, mar yn augustus 2014 wie noch mar 15% fan 'e nedige teksten yn it Frysk oerset. Benes fûn dat der no mar ris dien wurk makke wurde moast, en naam dêrom de foarstap om mei in groep frijwilligers de Frysktalige ferzje te foltôgjen. Yn totaal leveren 450 minsken der in bydrage oan. Meiwurker Daniël Hofstede soarge allinnich al foar de fertaling fan sântûzen sinnen. Sijens hold tafersjoch oer de krektens fan 'e oersettings. Fierders waarden de frijwilligers, dy't foar de lêste "spurt" gearkommen wiene yn Kafee Van Buren, foar it stasjon oer, yn Ljouwert, ûnderstipe troch Julian Muller fan Facebook, dy't yn 'e Ljouwerter Krante útlei dat syn bedriuw soksoarte inisjativen mei gragens ferwolkomme, om't de lju op Facebook ommers neat oars dogge as har eigen identiteit útdrukke, en dêr makket har taal in wichtich diel fan út. Oant 28 novimber 2014 wie de Frysktalige ferzje in ferburgen mooglikheid op Facebook, om't er ûnfolslein wie. Fan 29 novimber ôf is er lykwols foar eltsenien maklik te finen. Op dy datum makken der al sa'n 8.000 minsken gebrûk fan.[4]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Facebook fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|