Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Eindhoven is in stêd yn it súdeasten fan de provinsje Noard-Brabân. De gemeente Eindhoven beslacht 89,36 km² en is mei 238.326 ynwenners (1 jannewaris 2022)[1] de fyfde stêd fan Nederlân en de grutste fan Noard-Brabân. De stêd is it technologysk sintrum fan Nederlân en wurdt wol de Hollânske Ljochtstêd neamd.
Yn it sintrum fan Eindhoven binne net folle histoaryske gebouwen, omdat de stêd pas let ta ûntwikkeling kaam. Monuminten binne benammen fan nei 1900, lykas it Van-Abbemuseum, it stasjon (mei in front yn de foarm fan in radio), it Evoluon en de ljochttoer fan Philips NV.
De elektroanika-yndustry, mei as sintrum Philips N.V., biedt wurk oan in soad minsken en hat yn it ferline foar in soad arbeidsmigraasje nei Eindhoven soarge. Om dy yndustry hinne is en in edukative ynfrastruktuer ûntstien, mei is foarnaamste fertsjintwurdiger de TU Eindhoven, dy't de stêd in relatyf jonge befolking oplevere. Fierders is de stêd fersoargingssintrum foar hiel Súdeast-Brabân en yn mindere mate hiel East-Brabân en Noard-Limburch.
Eindhoven ûntstie as delsetting oan de Dommel en krige yn 1232 stedsrjochten fan greve Hindrik I fan Brabân. De stêd groeide lizzend ûnder der de reek fan Weert en De Bosk net út ta in foarnaam sintrum en yn 1583 waard de wâlmuorre sels ôfbrutsen, hoewol't it stedsje in doarpskarakter hawwe soe oant fier yn de 19e iuw.
Mei de Yndustriële Revolúsje kearde it tij. It bekendst en foarnaamst wie de iepening fan it Philips-lampefabryk yn 1891, mei ek tekstyl- en letter auto-yndustry (DAF) dy't har dêr fêstigen. Yn 1920 wurdt de gemeente útwreide mei de oan Eindhoven fêstgroeide tsjerkedoarpen, wêrmei't de stêd yn ien kear in stêd fan kwizekwânsje wurdt. Nei de Twadde Wrâldoarloch is Eindhoven in yndystrystêd bleaun, al kaam de IT-sektor mear en mear op.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |