24 maaie is de 144e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 145e). Der folgje noch 221 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
1370 - De Frede fan Stralsund makket in ein oan 'e oarloch tusken Denemark en de Hânze .
1571 - De Krimtartaren plonderje Moskou , wêrby't de stêd yn flammen opgiet.
1626 - Peter Minuit keapet Manhattan fan 'e Yndianen .
1639 - De Fryske kommandeur Gale Hamkes , op 'e walfiskfarder Oranjeboom út Harns , rêdt op 78° N.B., by Spitsbergen , de 20 oerlibjende bemanningsleden (fan 'e 86) fan 'e sonken Hoarnske walfiskfarder Spitsbergen .
1844 - It earste tillegram ea wurdt troch Samuel Morse fan Baltimore nei Washington, D.C. ferstjoerd, mei as ynhâld: "What hath God wrought?".
1895 - It passazjiersskip de Lucania , fan 'e rederij Cunard , wint de Blauwe Wimpel foar de fluchste oerfeart oer de Atlantyske Oseaan .
1956 - It earste Eurofyzjesongfestival wurdt holden, mei mar 7 dielnimmende lannen. Switserlân wint.
1960 - De PTT ferrjochtet yn Nederlân de miljoenste tillefoanoansluting .
1991 - Eritreä ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Etioopje .
1993 - Nei in troch de Feriene Naasjes beävensearre referindum wurdt de ûnôfhinklikheid fan Eritreä ynternasjonaal erkend.
2006 - Connexxion kriget it busferfier yn noardlik en súdwestlik Fryslân yn 'e hannen.
Berne
1619 - Philips Wouwerman , Nederlânsk keunstskilder en tekener († 1668 )
1686 - Gabriel Fahrenheit , Dútsk natuerkundige († 1736 )
1819 - keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk († 1901 )
1830 - Aleksej Savrasov , Russysk keunstskilder († 1897 )
1895 - Marcel Janco , Roemeensk Israelysk keunstskilder en arsjitekt († 1984 )
1910 - Jan van Wijhe , Nederlânsk politikus († 1987 )
1920 - Sake van der Ploeg , Frysk fakbûnslieder, politikus en boargemaster († 1985 )
1929 - Riekele Borger , Frysk-Dútsk assyriolooch († 2010 )
1938 - Mathieu Sprengers , Nederlânsk sportbestjoerder († 2008 )
1939 - Gert Schutte , Nederlânsk politikus († 2022 )
1940 - Josef Brodsky , Russysk-Amerikaansk dichter († 1996 )
1941 - Bob Dylan (Robert Allen Zimmerman), Amerikaansk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer
1947 - Sijtze Malda , Nederlânsk keunstner en muzikant
1987 - Déborah François , Waalsk aktrise
Ferstoarn
1153 - kening David I fan Skotlân (* 1084 )
1543 - Nikolaus Copernicus , Poalsk astronoom (* 1473 )
1696 - Albertine Agnes fan Nassau , regintesse fan Fryslân , Grinslân en Drinte (* 1634 )
1850 - Jane Porter , Ingelsk skriuwster (* 1776 )
1904 - Friedrich von Siemens , Dútsk ûndernimmer (* 1826 )
1952 - Jelle Pieters Siebenga , Frysk bestjoerder (* 1868 )
1972 - Asta Nielsen , Deensk aktrise (* 1881 )
2001 - Hylkje Goïnga , Frysk skriuwster (* 1930 )
2003 - Jaap Goeman Borgesius , Nederlânsk politikus (* 1929 )
2014 - Billy Glide , Amerikaansk pornoakteur (* 1970 )
2023 - Tina Turner , Switsersk/Amerikaansk sjongeres (* 1939 )
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: