2004 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2004 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren .
Foarfallen
jannewaris
febrewaris
maart
2 - By in rige bomoanslaggen op sjiïtyske moslims dy't yn 'e Iraakske stêd Karbala de Asjoerabetinking hâlde, komme mear as 140 minsken om.
11 - By inkele bomoanslaggen , troch islamistyske terroristen op in trein yn 'e Spaanske haadstêd Madrid , komme 192 minsken om.
19 - De Kanadeeske provinsje Kebek fiert it homohoulik yn.
22 - Sjeik Achmed Jassin , de oprjochter en geastlik lieder fan 'e militante Palestynske Hamas -beweging, wurdt yn 'e Gaza-stripe fermoarde troch de Israelyske Loftmacht (mei ynset fan in gefjochtshelikopter ).
28 - De orkaan Catarina , de earste tropyske sykloan ea registrearre yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan , komt yn 'e Brazyljaanske steat Santa Catarina oan lân, feroarsaket dêr 11 deaden en rjochtet grutte skea oan.
29 - Estlân , Letlân , Litouwen , Slowakije , Sloveenje , Roemeenje en Bulgarije wurde lid fan 'e NATO .
april
maaie
1 - Estlân , Letlân , Litouwen , Poalen , Tsjechje , Slowakije , Hongarije , Sloveenje , Malta en Syprus wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny .
1 - Yn Nederlân geane de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke , de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn it Keninkryk fan de Nederlannen op yn 'e nije Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN).
10 - De Frjentsjerter Dave Steensma , sersjant by de Nederlânske Loftmobile Brigade, komt om by in oanslach yn Irak .
17 - De Amerikaanske steat Massachusetts fiert it homohoulik yn.
31 - Keatsen : Berltsum wint foar de 4e kear de Bûnspartij foar Senioaren . Troch dizze oerwinning wurdt Auke van der Graaf de 12de keatser dy't it Klaverke Fjouwer wint.
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
14 - Yn Frankryk wurdt it Millau-fiadukt oer de Delling fan 'e Tarn iepene, de heechste brêge fan 'e wrâld.
19 - Sven Kramer fan Aldskoat wurdt yn Thialf Nederlânsk kampioen reedriden oer-alles.
21 - By in bomoanslach op 'e Amerikaanske basis Marez, by de Iraakske stêd Mosûl , komme 22 minsken om.
21 - De Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador fiert it homohoulik yn.
26 - Nei in seebeving fan 9,3 op 'e skaal fan Richter wurde de kusten fan 'e Yndyske Oseaan troffen troch de Aziatyske Tsûnamy . Benammen noardlik Sumatra , yn Yndoneezje , en fierders Tailân , Maleizje , Birma , Sry Lanka , de Maldiven , Yndia en Bangladesj wurde slim troffen, hoewol't sels yn Somaalje noch deaden falle. Yn totaal komme der 230.000 oant 280.000 minsken om yn 14 ferskillende lannen.
30 - By de brân yn de República Cromañón-nachtklub yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires , komme 194 minsken om.
31 - Yn 'e Taiwaneeske haadstêd Taipei wurdt Taipei 101 iepene, de heechste wolkekliuwer fan 'e wrâld, mei in hichte fan 510 m .
Berne
Ferstoarn
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
Literatuer
romans
novelles
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: