2001 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2001 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren .
Foarfallen
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
1 - De moard op de Nepaleeske keninklike famylje wurdt útfierd troch kroanprins Dipendra , dy't mei in mitrailleur it fjoer iepenet op syn eigen famyljeleden en dêrby 10 minsken deadet, ynkl. syn heit , kening Birendra fan Nepal . Dipendra, dy't neitiid de hân oan himsels slacht , stjert trije dagen letter yn it sikehûs oan syn selstabrochte ferwûnings .
1 - In selsmoardoanslachdogger fan 'e militante Palestynske Hamasbeweging bringt 21 minsken om by in bomoanslach op de Dolphinarium-diskoteek yn 'e Israelyske stêd Tel Aviv .
5 -9 - De tropyske stoarm Allison smyt 900 mm rein út oer de Amerikaanske stêd Houston , wêrby't 22 minsken omkomme en foar mear as $ 5 miljard oan skea oanrjochte wurdt.
7 - De Amerikaanske presidint George W. Bush ûndertekenet de Economic Growth and Tax Relief Reconciliation Act of 2001 , de earste yn in rige belestingferlegings dêr't inkeld de riken fan profitearje, de saneamde belestingferlegings fan Bush .
23 - By in swiere ierdbeving yn súdlik Perû , fan 8,4 op 'e skaal fan Richter , folge troch in ferwuostgjende tsûnamy , komme teminsten 75 minsken om en reitsje 2.687 lju ferwûne .
july
augustus
septimber
3 - Yn 'e Noardierske haadstêd Belfast begjinne militante protestanten yn it ramt fan it skeel oer Holy Cross in besingeling fan de roomske Holy Cross-basisskoalle foar famkes . De kommende 11 wiken moatte roomske âldelju harren dochters nei skoalle bringe tusken in dûbele hage fan opskuorplysje troch dy't de hûnderten skellende en flokkende protestantske demontranten op in ôfstân hâldt.
9 - Yn noardlik Afganistan wurdt Achmed Sjah Massûd , de lieder fan 'e Noardlike Alliânsje , dy't tsjin 'e islamistyske diktatuer fan 'e Taliban fjochtet, by in oanslach fermoarde troch terroristen fan al-Qaida dy't harren foardogge as in tillefyzjeploech .
9 - By de metanoltrageedzje fan Pärnu komme yn 'e Estyske provinsje Pärnu 68 minsken om troch metanolfergiftiging .
10 - De Amerikaanske minister fan Definsje Donald Rumsfeld jout in taspraak oer de $ 2,3 biljoen yn 'e begrutting fan syn ministearje dy't weirekke is. Hy wiist de burokrasy fan it Pentagon oan as de grutste bedriging foar de Feriene Steaten .
11 - By de oanslaggen op 11 septimber 2001 brûke islamistyske terroristen yn 'e Feriene Steaten ferkearsfleantugen as wapens troch se te kapen en yn gebouwen te fleanen. American Airlines-flecht 11 en United Airlines-flecht 175 boarje har yn 'e noarder- en sudertoer fan it World Trade Center , in kantoargebou yn New York . Beide wolkekliuwers reitsje dêrby sa slim skansearre dat se net folle letter ynstoarte. American Airlines-flecht 77 boarret him yn it Pentagon , it gebou fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje , yn Washington, D.C. In fjirde fleantúch, United Airlines-flecht 93 , stoart del yn in fjild by Shanksville , yn Pennsylvania , as de passazjiers tsjin de kapers yn opstân komme. Der falle yn totaal 2.996 deaden , ynkl. 19 dieders.
18 -12 oktober - By de myltfjoeroanfallen yn 'e Feriene Steaten , stjoere terroristen brieven mei myltfjoerspoaren oan ferskate mediabedriuwen : ABC , CBS , NBC , de New York Post en de National Enquirer . Der komme 5 minsken om en nochris 17 lju reitsje ynfektearre.
20 - Yn in taspraak foar de beide huzen fan it Amerikaanske Kongres ropt de Amerikaanske presidint George W. Bush de "Oarloch tsjin it Terrorisme " út.
21 - Yn 'e Frânske stêd Toulouse ûntploft it gemyfabryk AZF , wêrby't 29 minsken omkomme en mear as 2.500 lju ferwûne reitsje.
27 - By it Bloedbad fan Zug sjit Friedrich Leibacher yn it Switserske Zug 18 minsken del, fan wa't 14 omkomme, ear't er himsels tekoart docht .
oktober
novimber
desimber
Berne
maart
july
septimber
Bisten
Ferstoarn
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
Literatuer
romans
Films
Tillefyzje
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: