1964 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1964 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren .
Foarfallen
12 jannewaris - By in bloedige steatsgreep yn Sansibar wurdt de lêste sultan , Djamsjyd bin Abdûlla , ôfset. It lân wurdt no de Folksrepublyk Sansibar en Pemba .
29 -9 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Innsbruck , yn Eastenryk .
31 jannewaris - Yn it ûnder tafersjoch fan it regear fan 'e Feriene Steaten publisearre rapport Smoking and Health wurdt foar it earst in ferbân lein tusken smoken en longkanker .
27 maart - By in ierdbeving yn Alaska , ek bekend as de Goedfreedierdbeving, komme 133 minsken om. It is de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is.
31 maart -1 april - By in steatsgreep yn Brazylje wurdt it demokratysk keazen regear fan presidint João Goulart ôfset en komt in militêre diktatuer oan 'e macht, dy't it lân mear as tweintich jier ûnderdrukke sil.
26 april - De Republyk Tanganjika en de Folksrepublyk Sansibar en Pemba ferrane ta in nij lân: de Feriene Republyk Tanzania .
29 april - De Nederlânske prinsesse Irene trout yn Rome mei de roomske Spaanske ealman Karel Hugo fan Boerbon-Parma .
12 juny - Yn Súd-Afrika wurdt de swarte anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela feroardiele ta libbenslange finzenisstraf .
19 juny - De Ljouwerter fuotbalklub SK Cambuur Ljouwert wurdt oprjochte.
21 juny - Yn 'e Amerikaanske steat Mississippy fine de saneamde Frijheidssimmermoarden plak. Derby wurde trije aktivisten fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging , James Chaney , Andrew Goodman en Mickey Schwerner , fermoarde troch de Ku Klux Klan yn gearwurking mei de pleatslike plysje .
2 july - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Boargerrjochtewet fan 1964 , wêrmei't rasseskieding op skoallen , op it wurk en yn iepenbiere romten yllegaal wurdt.
6 july - Malawy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
2 augustus - By it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin wurdt (nei it sizzen fan 'e Amerikanen) in Amerikaansk marineskip yn 'e Golf fan Tonkin , foar de kust fan Noard-Fjetnam , oanfallen troch de Noardfjetnamezen. (Yn 2005 soe út frijjûne dokuminten fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA bliken dwaan dat de oanfal troch de Amerikanen optocht wie as ferlechje om aktive dielname fan Amerikaanske troepen oan 'e Fjetnamoarloch te rjochtfeardigjen.)
7 augustus - It Amerikaanske Kongres nimt de Golf-fan-Tonkinresolúsje oan, wêrmei't as antwurd op ít Ynsidint yn de Golf fan Tonkin frij baan jûn wurdt oan 'e ynset fan Amerikaanske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch .
21 septimber - Malta wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
27 septimber - It rapport fan 'e Kommisje-Warren oer de moard op John F. Kennedy wurdt publisearre. Neffens de kommisje wurke de (ek fermoarde) Lee Harvey Oswald folslein allinnich.
10 -24 oktober - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Tokyo .
15 oktober - Fanwegen syn almar ûnfoarsisberder hâlden en dragen wurdt Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov út al syn funksjes set. As siktaris-generaal wurdt er opfolge troch Leonid Brezjnjev .
16 oktober - De Folksrepublyk Sina bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing.
24 oktober - Sambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
4 novimber - De Iraanske geastlike Rûholla Chomeiny , in skerp kritikus fan 'e sjah , wurdt út syn heitelân ferballe .
24 novimber - Belgyske kommando's befrije yn 'e Demokratyske Republyk Kongo in groep fan 60 Amerikanen en 800 Belgen dy't yn Stanleystad gizele waarden troch rebellen . By de operaasje falle in protte deaden.
sûnder datum - Kees van Kooten en Wim de Bie hawwe har debút as Klisjeemannetjes yn it radio-programma Uitlaat (fan de VARA).
Berne
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
datum ûnbekend
Ferstoarn
jannewaris
febrewaris
juny
augustus
novimber
desimber
Literatuer
prizen
romans
novelles
Tonke Dragt , De Blauwe Boekanier (berneboekewikegeskink)
poëzij
non-fiksje
Films
Muzyk
Beatlemania
albums
The Beatles , A Hard Day's Night
The Beatles, Beatles For Sale
The Rolling Stones , The Rolling Stones
The Rolling Stones, The Rolling Stones: England's Newest Hit Makers
The Rolling Stones, 12 x 5
singles
The Beach Boys , I Get Around
Billy J. Kramer with The Dakotas , Little Children
Bobby Fuller Four , I Fought the Law
Chad & Jeremy , A Summer Song
Chad & Jeremy, Yesterday's Gone
Chubby Checker , Lovely Lovely
Cilla Black , You're My World
Cliff Richard , Constantly
Cliff Richard, I Could Easily Fall in Love
The Dave Clark Five , Bits and Pieces
The Dave Clark Five, Glad All Over
The Supremes , Baby Love
The Supremes, Where Did Our Love Go
Dixie Cups , Chapel of Love
Freddie & the Dreamers , Over You
Gerry & The Pacemakers , Ferry Cross the Mersey
Geschwister Jacob , Träume der Liebe
Herman's Hermits , I'm into Something Good
Imca Marina , Harlekino
Jim Reeves , I Love You Because
Julie Rogers , The Wedding
The Jumping Jewels , Irish Washer Woman
The Jumping Jewels, Jumping Can-Can
The Jumping Jewels, Zambezi
Lucille Starr , Colinda
Lucille Starr, Quand le Soleil Dit Bonjour aux Montagnes (The French Song )
Lulu , Shout
Manfred Mann , Do Wah Diddy Diddy
Marianne Faithfull , As Tears Go By
Martha Reeves & The Vandellas , Dancing in the Street
Mary Wells , My Guy
Millie Small , My Boy Lollipop
Peter & Gordon , True love Ways
Petula Clark , Downtown
The Rolling Stones , It's All Over Now
The Rolling Stones, Little Red Rooster
The Rolling Stones, Tell Me
The Rolling Stones, Time Is on My Side
The Rolling Stones, You Better Move On
Roy Orbison , Pretty Woman
Royal Showband Waterford , Huckle Buck
The Swinging Blue Jeans , Hippy Hippy Shake
The Animals , House of the Rising Sun
The Beatles , A Hard Day's Night
The Beatles, Ain't She Sweet
The Beatles, All My Loving
The Beatles, Can't Buy Me Love
The Beatles, I Feel Fine
The Beatles, I Should Have Known Better
The Drifters , Saturday Night at the Movies
The Fortunes , Caroline
The Hollies , Here I Go Again
The Hollies, Just One Look
The Searchers , Needles and Pins
Trini Lopez , This Land Is Your Land
Willeke Alberti , Mijn Dagboek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: