1955 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1955 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren .
Foarfallen
17 jannewaris - De earste atoomûnderseeër, de Nautilus, fart út.
3 febrewaris - Earste útstjoering op de Nederlânske tillefyzje (troch de KRO ) fan it populêre berneprogramma Dappere Dodo .
5 febrewaris - It Frânske regear fan Pierre Mendès France tsjinnet syn ûntslach yn.
8 febrewaris - Georgy Malenkov tsjinnet syn ûntslach yn as premier fan 'e Sovjet-Uny , en wurdt opfolge troch Nikolaj Bûlganin .
1 april - Yn 'e Britske koloanje Syprus docht de fersetsbeweging EOKA , dy't de enosis (oansluting) fan Syprus by Grikelân foarstiet, ferskate bomoanslaggen op regearingsgebouwen.
5 april - Winston Churchill jout it premierskip fan it Feriene keninkryk oer.
12 april - De Amerikaanske wittenskipper Jonas Salk makket de ûntwikkeling fan in faksên tsjin 'e sykte polio bekend.
18 april - Yn Hongarije wurdt de moderate premier Imre Nagy ûnder fuotten helle troch 'rjochtsinnige' kommunisten ûnder lieding fan Mátyás Rákosi , de foarsitter fan 'e (kommunistyske) Hongaarske Arbeiderspartij .
20 april - De earste ôflevering fan Swiebertje (mei Joop Doderer yn 'e haadrol ) wurdt op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd troch de NCRV .
6 maaie - West-Dútslân wurdt lid fan 'e NATO .
14 maaie - De Sovjet-Uny , Poalen , de DDR , Tsjechoslowakije , Hongarije , Roemeenje , Bulgarije en Albaanje rjochtsje it Warsjaupakt op.
15 maaie - Eastenryk kriget nei in tsienjierrige besetting troch de Alliëarden út 'e Twadde Wrâldoarloch syn soevereiniteit werom. Oars as Dútslân bliuwt it net opdield yn in Westerske en in Eastbloksône . Yn ruil dêrfoar moat it in garânsje ôfjaan dat it in neutrale posysje behâlde sil tusken dy beide bûnsgenoatskippen.
2 juny - Nei sân jier fan bittere ferwiten oer en wer fermoedsoenje Joegoslaavje en de Sovjet-Uny harren, hoewol't Joegoslaavje as iennichste kommunistyske lân in selsstannige koerts fart en net weromkeart yn 'e boezem fan it Warsjaupakt .
19 augustus - De orkaan Diane treft it noardeasten fan 'e Feriene Steaten . Der falle mear as 200 deaden en der wurdt foar mear as $ 1 miljard oan skea oanrjochte.
26 oktober - Súd-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk .
1 novimber - De Fjetnamoarloch of Twadde Yndosineeske Oarloch begjint as in konflikt tusken it kapitalistyske Súd-Fjetnam en it kommunistyske Noard-Fjetnam .
22 novimber - De Sovjet-Uny lit foar it earst, by wize fan proef, in wetterstofbom ûntploffe.
24 novimber - Earste proefflecht fan 'e Fokker Friendship .
1 desimber - By in ferneamd ynsidint wegeret de swarte frou Rosa Parks yn in bus yn Montgomery (Alabama) , yn it suden fan 'e Feriene Steaten , om har plak ôf te stean oan in blanke mei-passazjier as hja dêrta sommearre wurdt troch de bussjauffeur . Dyselde skillet dêrop de plysje , dy't Parks arrestearret .
5 desimber - De Amerikaanske Boargerrjochtebeweging stelt de Busboycot fan Montgomery yn.
Berne
jannewaris
5 - Ella Kalsbeek , Nederlânsk politika
6 - Rowan Atkinson , Ingelsk akteur
7 - Belinda Meuldijk , Nederlânsk skriuwster en lietsjeskriuwster
17 - Hans de Boer , Frysk ûndernimmer en bestjoerder († 2021 )
18 - Kevin Costner , Amerikaansk akteur en regisseur
18 - Hans van Tongeren , Nederlânsk akteur († 1982 )
19 - Simon Rattle , Ingelsk dirigint
19 - Michiel Romeyn , Nederlânsk akteur en programmamakker
26 - Eddie van Halen , Nederlânsk-Amerikaansk muzikant
30 - Wiebe Nijenhuis , Frysk sterke man († 2016 )
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
datum ûnbekend
Ferstoarn
Literatuer
romans
toaniel
Films
Boukeunst
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: