1954 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1954 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren .
Foarfallen
3 febrewaris - De Tsiende Alvestêdetocht wurdt wûn troch Jeen van den Berg yn in tiid fan 7 oeren en 35 minuten .
25 april - Yn Nairobi , de haadstêd fan 'e Britske koloanje Kenia , wurde by in reuseftige razzia 25.000 lju oppakt dy't derfan fertocht wurde dielnimmers of sympatisanten te wêzen fan 'e Mau-Mau-rebûlje .
7 maaie - De swiere Frânske nederlaach yn 'e Slach by Dien Bien Phu betsjut de ein fan 'e Earste Yndosineeske Oarloch en liedt dêrmei ta de ûnôfhinklikheid fan Noard-Fjetnam .
17 maaie - Yn 'e rjochtsaak Brown v. Board of Education leit it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten unanym it near op rasseskieding yn it ûnderwiis .
12 juny - Yn it Diakonessehûs yn Ljouwert wurdt de earste Siameeske twilling fan Fryslân en Nederlân fan inoar skaat.
15 juny - Oprjochting fan 'e UEFA (Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes).
18 -27 juny - By in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA ynstigearre steatsgreep yn Gûatemala wurdt yn dat Middenamerikaanske lân de progressive presidint Jacobo Arbenz Guzmán ôfset en komt foar him yn 't plak in faksistyske militêre diktatuer oan 'e macht.
20 july - Noard-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk .
29 july - It earste diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings -trilogy wurdt publisearre. (It twadde diel sil ferskine op 11 novimber fan dit jier, en it trêde diel op 20 oktober 1955 .)
24 augustus - De Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA) wurdt troch de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower ta yllegale organisaasje ferklearre.
8 septimber - Yn Manilla , de haadstêd fan 'e Filipinen , wurdt de Súdeastaziatyske Ferdrachsorganisaasje (SEATO) oprjochte (in súdlike wjergader fan 'e NATO ), mei as leden de Feriene Steaten , it Feriene Keninkryk , Frankryk , Austraalje , Nij-Seelân , de Filipinen , Tailân en Pakistan . Laos , Kambodja en Súd-Fjetnam wolle wol tekenje mar kinne dat net fanwegen oare ferplichtings. Dy trije lannen falle lykwols al ûnder de garânsjes fan it oprjochtingsferdrach fan 'e SEATO. Yndia , Birma , Sry Lanka en Yndoneezje binne wol frege om lid te wurden, mar wegerje dat.
9 septimber - By in swiere ierdbeving yn Algerije komme 1.200 oant 1.400 minsken om.
29 septimber - Stifting fan it CERN , de ynternasjonale natuerkundige organisaasje yn Switserlân .
5 oktober - Mei de dieling fan Triëst komt in ein oan 'e Triëstkrisis , dy't Itaalje en Joegoslaavje op 'e râne fan oarloch brocht hat. De benammen troch etnyske Italjanen bewenne stêd Triëst komt by Itaalje te hearren, wylst it fral troch etnyske Slovenen bewenne efterlân ûnderdiel fan Joegoslaavje wurdt.
11 oktober - De orkaan Hazel treft Haïty . Der falle 1.000 deaden.
15 oktober - By it Bloedbad fan Kibija rjochtet in spesjale ienheid fan it Israelyske leger , ûnder lieding fan Ariel Sharon , in slachting oan yn it Jordaanske doarp Kibija (of Qibiya). Der wurde 53 ûnwapene boargers fermoarde , wêrûnder in soad froulju en bern .
1 novimber - Yn Algerije brekt de bloedige Algerynske Oarloch út, wêrby't Algerynske frijheidsstriders yn opstân komme tsjin 'e Frânske koloniale oerhearsking.
8 novimber - Oprjochting fan 'e Feriening Ald Harns .
14 novimber - Nei in mislearre moardoanslach op 'e Egyptyske premier Djamal Abd el-Nasser , wurdt presidint Mohammed Nagyb (dy't dêr efter siet) finzen set. Nasser nimt de macht oer en wurdt presidint.
2 desimber - De Feriene Steaten en de Republyk Sina (Taiwan ) slute in militêr bûnsgenoatskip.
Berne
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
datum ûnbekend
Ferstoarn
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
novimber
desimber
Literatuer
romans
poëzij
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: