Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
In ûndersoarte of ras is yn 'e taksonomy de rang dy't fuort ûnder dy fan soarte komt en ta it oangeande soarte heart. In ûndersoarte kin net op himsels bestean: der sille altiten twa of mear ûndersoarten fan in soarte wêze (wêrfan't guon útstoarn wêze kinne), of hielendal gjint, mar nea allinnich mar ien. It kritearium om te sprekken fan ûndersoarten ynstee fan selsstannige soarten, is dat de ûndersoarten fan ien soarte harren mei-inoar fuortplantsje kinne en dêrby fruchtbere jongen produsearje. Om in foarbyld te jaan: minsken fan it blanke ras produsearje seksueel fruchtbere neikommelingen mei minsken fan Aziatysk of Afrikaansk komôf; der kin dus sprutsen wurde fan ien minsklike soarte mei trije of mear ûndersoarten dy't ûnderskaat wurde op grûn fan hûdskleur en oare lichaamlike eigenskippen. Oan 'e oare kant is it sa dat it hynder en de ezel har wol mei-inoar fuortplantsje kinne, mar harren neikommelingen, it mûldier en de mûlezel, binne ûnfruchtber. Dus hynders en ezels foarmje ferskillende bistesoarten. Undersoarten binne faak ûntstien troch geografyske isolaasje fan dielpopulaasjes fan in beskate soarte, bgl. op in eilân of trochdat se fan 'e rest fan 'e populaasje skaat waarden troch in berchtme. Yn 'e moderne tiid hawwe de húsdieren fan 'e minske (hûn, kat, ko, hynder, baarch, skiep, geit) har troch fokkerij ta withoefolle ûndersoarten ûntjûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |