Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Celsius is in temperatoerskaal. Hoewol't tsjintwurdich de temperatoer offisjeel yn de SI-ienheid kelvin útdrukt wurde moat, is graden Celsius (°C) noch altiten in soad brûkte en offisjeel tastiene ienheid. Oan de iene kant omt men de Celsiusienheid wend is en oan de oare kant omdat de deistige temperatoeren mei help fan dizze ienheid yn hânsume getallen útdrukt wurde kin. Yn de Feriene Steaten en Jamaika wurdt meastal de skaal fan Fahrenheit brûkt. Oarspronklik wie de Celsiusskaal definiearre mei twa itichpunten:
It berik hjirtusken wurdt ferdield yn 100 like dielen.
Omdat sawol it friespunt fan wetter as it kôkpunt ôfhinget fan de hearskjende loftdruk ûntstie op termyn ferlet fan in bettere definysje. Sûnttiids is de skaal fan Celsius definiearre troch twa punten:
It tripelpunt is in pûnt dêr't de trije fazes fan wetter (gas, floeistof en fêste stof) by elkoar bestean kinne. It tripelpunt is in fêste kombinaasje fan temperatoer en druk.
Ién graad Celsius temperatoerferskhil is like grut as ien kelvin ferskil. Mar 0,00 °C komt troch boppesteande definysje oerien mei 273,15 K en 100,00 °C mei 373,15 K. In temperatoer yn kelvin wurdt nei graden Celsius omrekkene troch der 273,15 fan ôf te lûken.
De graad Celsius is neamd nei de Sweedske astronoom Anders Celsius (1701-1744), dy't dizze skaal foar it earst foarstelde yn 1742. Oarspronklik hie Celsius foar eagen dat it friespunt fan wetter by 100° lizze soe, en it kôkpunt by 0°. Oaren (mooglik Carolus Linnaeus of Daniel Ekström) seagen dat leaver omkeard.
Celsius | |
Fahrenheit | |
Kelvin | |
Rankine | |
Réaumur | |
Lês de data yn de tabel fertikaal: 0° Celsius komt oerien mei 32° Fahrenheit, 273 Kelvin, 492° Rankine en 0° Réaumur. |