Infrastructure tools to support an effective radiation oncology learning health system

Keppelings bewurkje
Alde boeken
Dizze side giet oer 'boek' yn de sin fan in ynbûn dokumint. Foar oare betsjuttings, sjoch: Boek (betsjuttingsside).

It boek is in soad brûkte wize om ynformaasje fêst te lizzen yn de foarm fan tekst en yllustraasjes en om dy ynformaasje wer te jaan, op te slaan en te fersprieden. It is in dokumint fan gauris net al te lytse omfang.

Omskriuwing en etimology

In boek is yn tradisjonele sin in gearfoege hoemannichte papier mei tekst, ôfbyldings of allebeide. Dêrnjonken wurdt mei de term de oanbelangjende ynformaasje, of in lyksoartige sammeling ynformaasje, oantsjut (‘in boek skriuwe’, ‘in boek downloade’).

It wurd ‘boek’ komt foar’t neist fan it Germaanske wurd foar boek, boche. De omslaggen fan de earste boeken wiene nammentlik makke fan rjochthoekich (boeke)hout. It Grykske wurd ‘’biblia’’ (boeken) is it meartal fan ‘’biblion’’ wat oarspronklik ‘papyruske’ betsjutte, it materiaal dêr’t yn de âldheid meast op skreaun waard, en letter brûkt waard as oantsjutting fan papier, skrift en boek(rôle).

Siednis fan it boek

In boek útsykje yn in bibleteek

Foar’t de hjoeddeistige boekfoarm mei siden, de codex, útfûn waard, bestie skreaune ynformaasje-oerdracht al yn de foarm fan ynbeiteljen yn stien, boekrôlen fan papyrus of perkamint, klaaitabletten, stikken bonke, learen fellen en soksoarte guod. Koarte notysjes dy’t net bewarre hoegden te wurden, waarden meastentiids op diggels skreaun. Dat kaam sa om’t yn elts húshâlden skalen, bekers en foarriedfetten fan keramyk brûkt waarden en der geregeldwei wat briek sadat der oan diggels gjin brek wie.

Romeinen

De Romeinen skreaune harren notysjes op waakstaffeltsjes. Sa’n waakstafel bestie út in plankje mei in lyts opsteand rantsje dêr’t bijewaaks yn oanbrocht wie. Mei in stift (in stylus) skrasten se dan it boadskip yn de waaks. As it boadskip net mear nedich wie, strutsen de waaks wer glêd en koe it waakstaffeltsje fannijs brûkt wurde. Foar langere tynges brûkten se meardere waakstaffeltsjes. As dy dan mei in (learen) skernierke meiïnoar ferbûn waarden, ûntstie in soarte fan boekfoarm (codex). It boek sa’t wy dat kenne is sadwaande foar’t neist in Romeinske útfining.

Kodeks fersus boekrôle

Se seagen al gau de foardielen fan in kodeks foar de gebrûklike boekrôle oer. De kodeks is handiger by it opsykjen fan ynformaasje troch te blêdjen, wylst de boekrôle meast in hiel stik ôfrôle wurde moast. In kodeks kin folle mear ynformaasje befetsje (om’t fan de blêden beide siden brûkt wurde) en is boppedat folle robúster troch de stive boekbân as de skuorgefoelige boekrôle. Fan it begjin fan de kristlike jiertelling ôf ferkrong de kodeks de boekrôle dan ek gau.

Midsiuwen (tusken sawat 400 en 1400 nei Kristus)

Om fersliten boeken te ferfangen of mear eksimplaren te meitsjen, waarden de manuskripten mei de hân en in oanskerpe reidpinne of guozzefear oerskreaun troch saneamde kopiïsten Yn de âldheid barde dat meastentiids yn de hellenistyske bibleteken yn opdracht fan de oerheid, inkeld ek yn opdracht fan rike útjouwers dy’t meardere eksimplaren brek wiene foar de ferkeap. Yn de Midsiuwen fertrouden se dat wurk meast ta oan muontsen yn kleasters. Dêr hiene se by de kleasterbibleteek meast in spesjale skriuwromte foar, it skriptoarium. Dêr koene de muontsen der sa lang oer dwaan as nedich wie om in boek kreas oer te skriuwen; boppedat pasten se faak kalligrafy ta en allerhande fersierings en yllustraasjes. It wurd muontsewurk hat dêrom de betsjutting krigen fan langduorjend en sekuer wurk. Se brûkten dêr swarte inket by; reade inket keazen se foar de fersierings en begjinletters.
De kopiïsten skreaune mei ferdrach mar troch ûnkunde en wurgens net altyd frij fan flaters boeken oer fan de saneamde lizzer of it oarspronklik besteande boek. Troch it muoisume wurk fan it kopiearjen begûn de hiele lea linkendewei sear te dwaan. Hoewol’t mar ién hân ferweegde rekke de hiele lea stikken. Fersinnen sjogge jo nei kontrôle yn baren troch de tekst bewegen, op dy stuiten dat it omtinken fan de kopiïst nei skoften wurk minder waard. Sa makke in kopiïst fan Godfried fan Bouillon de ûnbekende figuer ‘Godefridus fan Beliren’. In oare kopiïst skreau ea oer de mem fan God Maria yn stee fan 'een rose boven alle bloemen' slim ôfwêzich 'haese boven alle bomen'.
Ien fan de bekendste hânskriften út dat tiidrek is it Brugske Gruuthuse-hânskrift fan om 1400 hinne, dat eaget as in mânsk boekwurk.

Bûdelboek

Yn de midsiuwen bestie der in bûdelboek, in gebedeboek, manuskript of printe, wêrby’t oan de ûnderkant fan de bân in bûdel of sek ferbûn wie, dy’t as it boek net brûkt waard, nei boppe lutsen waard en mei in koarde tichtreaun, sadat it tsjin skeinen beskerme wie.

Utfining boekprintkeunst

De útfining fan it printsjen mei losse letters op papier makke fan healwei de 15e iuw ôf it ûntjaan fan de meganyske boekdrukkeunst mooglik. Mooglik bestie dy keunst yn it Fiere Easten, Midden-Amearika en it Midden-Easten al earder en is dy as it ware hieltyd fannijs útfûn. Yn 1442 waard it allerearste mei losse letters printe boek útjûn. It earste boekwurk dat yn oplage printe waard wie de Gutenbergbibel. Dêrnei kaam de massaproduksje fan boeken flot op gong. Boeken dy’t set binne mei losse letters, printe fóár 1 jannewari 1501 yn Jeropa, wurde ynkunabelen neamd. It printsjen mei losse letters waard letter ferfongen troch allerhande oare en flottere printtechniken lykas de rotaasjedruk dêr’t de printplaat silinderfoarmich by is. Dy printsilinder waard om in rôle dien en yn in drukmasine set dêr’t fia ferskate oare rôlen in rôle papier troch fierd waard. Dêrtroch koe yn in kontinu proses tige flot printe wurde.
Troch de boekprintkeunst ferdwynt stadichoan it hânskrift út de literatuer as opslachfoarm. It oerlibbet noch as helpmiddel foar akteurs, kladden foar skriuwers en kopij foar printers.

Twadde helte 19e iuw en 20e iuw

Yn de 19e iuw en 20e iuw kamen hieltyd mear middels ta foldwaan foar de útjefte fan it skreaune wurd yn boekfoarm troch it útfinen fan efterinoar de typmasine, de stinselmasine, it kopiearapparaat en de persoanlike kompjûter mei printer.

Soarten boeken

Boeken kinne yndield wurde nei foarm en nei ynhâld. Fansels makket by in papieren útjefte de grutte fan de ynhâld (en mei de grutte fan de letters, de hoemannichte wyt en de tsjokte fan it papier) ek de omfang út. De omfang is lyts ferlike mei de grutte fan de ynhâld by bygelyks in lytse Bibel (troch in behindich lettertype en tin papier) en grut by boeken foar lytse bern en lju dy’t min sjen kinne (grutte letters, faak ek dikker papier).

Foarm

Papieren boek

In boek is opboud út de binnenkant, besteande út katernen, en in bûtenkant, it kaft of de boekbân:

  • Katernen besteane út ien of meardere kearen tearde fellen beprinte papier (inkeld- of dûbeldsidich) dy’t yn in beskate folchoarder yninoar skood wurde (neffens it saneamde ynslachskema of opinoar lein wurde. De wize fan tearen en it gearstallen fan de katernen meitsje beide de ta te passen nûmering fan de te ûnderskieden siden op it katern út. Nei it op maat snijen wurde de katernen gearstald ta it ‘boekblok’: bygelyks oaninoar naaid (brosjearre) en/of lime (lumbeckt) yn de boekbân, mei of sûnder skutblêden. It boekblok is it hert fan it boek.

By naaide katernen binne de skutblêden derfoar om de boekbân oan it boekblok te ferlymjen. Lime boeken (bygelyks byldferhalen) ha gjin skutblêden, om’t harren funksje net nedich is.

  • De boekbân bestiet, hielendal of foar in part, út in foarplat, in efterplat en in rêch. Om’t boekblok en boekbân separaat makke wurde, kinne by ferskillende oplages ferkearde gearbinings foarkomme: âlde boekblokken yn nije, wizige boekbannen en oarsom. Guon boeken ha in stofomslach, in manier om de oandacht te lûken.
Brosjuere

In brosjuere is in boek fan lytse omfang. In brosjuere bestiet út meardere fellen teard papier, dy’t yn de rêch byinoar holden wurde troch bygelyks kramkes. It tal siden is altyd it meartal fan fjouwer. Hjoeddedei wurde brosjueres yn in digitale printomjouwing lykwols ek wol lime en dêrby jildt it meartal fan fjouwer net wylst de fellen meast ek net teard wurde mar út A3-oversized snien.

Pocketboek

Goedkeaper, mar minder duorsum as in naaid as bûn boek is it pocketboek, koartwei de pocket. De rêch fan in pocket is lime; it kaft is in papieren omslach mei in plestyk laachje en de siden binne meast fan in wat mindere papierkwaliteit.

E-boek

In boek kin ek de foarm fan in digitale tekst hawwe, al of net mei ôfbyldngs. Jo hawwe it dan ek wol oer in e-boek, dat download wurde kin of op in gegevensdrager stiet. It is te brûken troch fan in skerm ôf te lêzen of út te printsjen. Ek binne der ûnderwilens spesjale e-boeklêzers makke, spesjale apparatuer dêr’t e-boeken mei lêzen wurde kinne, gauris mei in spesjaal soarte skerm, saneamd e-papier. E-boeken kinne ek lêzen wurde op handhelds lykas Palm, Pocket PC en smartphones.

Learboeken

In learboek of stúdzjeboek is in boek dêr’t men wat út leare kin. Learboeken wurde gauris brûkt yn lesmetoaden op in basisskoalle of yn it fuortset ûnderwiis of op de universiteit. Edukative útjouwerijen meitsje learboeken. Ek in ynformatyf boek is in soarte learboek.

Dwerslizzers

In lytser boekformaat, te ferlykjen mei de earder neamde lytse Bibel mei syn behindige letterthype en tinne papier, is de dwerslizzer.

Ynhâld

Boeken kinne globaal yndield wurde yn de folgjende kategoryen:

  • fiksje: de lêzer fermeitsje, foarmje of ferrykje troch de fantasy fan de auteur
  • non-fiksje of ynformatyf boek: it doel is om ynformaasje fan de auteur oer te dragen oan de lêzers

Der binne it literêre boek, it (âlderwetske) printeboek en it fotoboek. Elts boek wurdt yn in beskate kategory yndield, lykas sciencefiction, roman, poëzij of detektive, en foarsjoen fan in Ynternasjonaal Standert Boeknûmer (ISBN), in universeel administraasjenûmer. Ek wurde de skriuwer(s), de útjouwer, de eventuele oersetter en oarspronklike titel, de ferskate printingen en oare bysûnderheden yn it boek opnommen, meastentiids yn it kolofon, dat meast foar yn it boek en inkeld efteryn te finen is. Gauris hat in boek in prolooch (foarwurd) nedich en/of in ynlieding. Guon boeken ha in epilooch (neiwurd).

In boek hat in foarwurk, in haadpart en in neiwurk. It foarwurk hat faak in Frânske- of titelside, in copywrightside, in foarwurd en in ynhâldsopjefte. It haadpart hat de haadstikken, meastentiids in soad siden ynhâld en inkeld yllustraasjes en/of foto’s. It oansjen wurdt útmakke troch de brûkte lettertypes, de blêdspegel, de tekstyndieling, de papiersoarte, it formaat en de foarm fan it boek.

Produksje, distribúsje en ferkeap

De auteur skriuwt in boek meast mei in tekstbewurker, dêrnei wurdt in elektroanysk manuskript (hjir dus net yn de letterlike betsjutting fan in hânskreaune ferzje) nei de útjouwer stjoerd. In papieren boek wurdt printe troch in printer en bûn troch de boekbiner. In distributeur fersoarget meast de logistyk fan it fersprieden nei boekhannels en oare ferkeapplakken; dêrnjonken binne der systemen foar de distribúsje fan e-boeken. By distribúsje en ferkeap binne boekdata fan belang om it yndividuele boek fine te kinnen tusken de miljoenen leverbere titels. By it produsearjen fan boeken binne njonken auteur, útjouwer en printer ûnder oaren grafysk foarmjouwers, yllustrators, boekbânûntwerpers, fotografen, redakteuren en korrektors belutsen, wa’t mar foar in útjefte nedich binne.

In och sa bekende ‘merk’ foar boeken, dêr’t útjouwers út de hiele wrâld inoars útjeften besjen kinne en titels foar oersetten keapje kinne, is de jierlikse Frankfurter Buchmesse.

Parten fan boekoplages dy’t net of net flot genôch ferkocht binne, geane meastentiids yn de trochferkeap. Der binne boekemerken en boekhannels spesjaal foar healsliten boeken of de 'ramsjmerk’ de grutste en bekendste dêrfan wie De Slegte en hjoeddedei 2017 it Fryske Tialda B.V. fan Steven Sterk.

By literêre útjeften is benammen de earste printinge fan in boek fan belang by lettere antikwaryske ferkeap. Benammen de skriften fan bekende skriuwers kinne dan in hiel soad mear opsmite.

Nijsgjirrich

Begjin oktober 2010 presintearre in Australyske útjouwer op de Frankfurter Buchmesse it fysyk grutste oant dan ta printe boek. It gie om in atlas fan 1,8 by 2,75 meter en koste 72.000 euro. Jo hawwe beide hannen nedich om der trochhinne te blêdzjen.

Der binne yn Nederlân sûnt 1970 mear as 1 miljoen titels útjûn, en alle dagen komme dêr sawat 60 titels by. [1]

Sprekwurden en siswizen

  • Hy is in iepen boek - syn inerlik is dúdlik te lêzen
  • In boekje iepen dwaan oer wat of immen - ferburgen ynformaasje nei bûten bringe oer in persoan of situaasje

Ferskaat

  • Het Boek is de titel fan in Nederlânske en ynternasjonale (The Book) Bibeloersetting
  • Metafoar: ‘Myn oarehelte, dat is in moai boek, mar ik ha it al út' (kabaretier Wim Sonneveld)

Literatuer

  • Krimpen, Huub van, Boek, over het maken van boeken, Veenendaal, Gaade Uitgevers, 1986, 552 s., ISBN 9060175212 bûn (wersjoene, twadde printinge).
  • Lernout, Geert, Een beknopte geschiedenis van het boek, Antwerpen, Meulenhoff/Manteau, 2004, 352 s., ISBN 9789059900042.
  • Alberto Manguel Een geschiedenis van het lezen, Amsterdam, Ambo/Anthos, 1999, 416 s., ISBN 9789026319051 (oersetting fan A History of Reading, 1996).
  • Herman Pleij, Het gevleugelde woord. Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1400-1560, 2007, Bert Bakker, ISBN 9789035130906.
  • Lommen, Mathieu, Het boek van het gedrukte boek, Amsterdam, Amsterdam University Press, 2012, 480 s., ISBN 9789081489232 bûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cijfers van BoekLezers.nl, het Nederlandse sociale netwerk voor boeken BoekLezers.nl