Infrastructure tools to support an effective radiation oncology learning health system
Ynhâld
Australaazje is in regio yn it wrâlddiel Oseaanje, dy't yn elts gefal Austraalje en Nij-Seelân omfiemet, al wurdt Nij-Seelân ek ta de regio Polyneezje rekkene. Histoarysk waarden ek it eilân Nij-Guineä en oare nei-oan leine eilannen, lykas Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden en de Salomonseilannen, ta Australaazje rekkene, mar as men de term tsjintwurdich brûkt, wurde meastal allinnich Austraalje en Nij-Seelân bedoeld.
De namme "Australaazje" waard betocht troch de Frânske skriuwer Charles de Brosses, dy't him foar it earst brûkte yn syn Histoire des navigations aux terres australes, út 1756. It is in gearstalling fan austral (Latyn foar "súd") en "Aazje", en betsjut dus eins "Besuden Aazje".
Der binne yn Austraalje en Nij-Seelân ek tsjintwurdich noch tal fan organisaasjes wêrfan't de namme begjint mei Australasian Society of ("Australazysk Genoatskip fan") of Royal Australasian Society of ("Keninklik Australazysk Genoatskip fan"). Hoewol't Australaazje eins in grutter gebiet beslacht, wurdt it yn sokke gefallen inkeld foar Austraalje en Nij-Seelân brûkt, by brekme oan in better wurd foar dy geografyske subdifyzje. Yn it ferline hawwe Austraalje en Nij-Seelân ek ferskate kearen mei in mienskiplik tiim ûnder de namme Australaazje meidien oan grutte ynternasjonale sporteveneminten, lykas it Davis Cup-tennistoernoai yn 1905 en 1915, en de Olympyske Spullen fan 1908 en 1912.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |