Informatics Educational Institutions & Programs
Ynhâld
| |||||
Offisjele taal | Malteesk Ingelsk | ||||
Haadstêd | Valletta | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
316 km² 0% | ||||
Ynwenners (2003) | 399.867 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 23 juny | ||||
Lânkoade | MLT | ||||
Ynternet | .mt | ||||
Tillefoan | 356 |
Malta, sûnt 1974 offisjeel de Republyk Malta, is in lân yn de Middellânske See yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Valletta.
Geografy
Malta leit op de rich tusken Tuneezje en Sisylje, dy't de Middellânske See opdield ta in westlik bekken en in eastlik bekken.
It lân bestiet út trije bewenne eilannen: It grutste eilân is Malta, 246 km² grut, mei in 357.000 ynwenners. Noardwest fan Malta leit Gozo, 67 km² grut, hjir wenje sa'n 30.750 minsken. Tusken Malta en Gozo leit it tredde bewenne eilân Komino, mei mar 5 ynwenners. Dêrneist binne dêr noch in tal lytse ûnbewenne eilantsjes of rotsen sa as, Kominotto en Filfla.
Skiednis
Malta hat in lange skiednis. Op it eilân Malta en Gozo steane in tal tige âlde prehistoaryske bouwurken, sa as de Tempel fan Tarxien, boud tusken 3500 en 2500 f.Kr., de timpels fan Ħaġar Qim en Mnajdra en op it eilân Gozo de timpel fan Ġgantija, bouwurken dy't âlder binne as de piramiden yn Egypte en ek âlder as Stonehenge yn Ingelân.
De histoarje begûn yn Malta mei de komst fan de Foenisjers. By ien fan de Punyske Oarloggen waard Malta ferovere troch de Romeinen en it bleau Romeinsk oant de ein fan it Romeinske Ryk.
Om en de by 870 wurdt Malta in besit naam troch de islamityske Arabieren en yn 1127 troch de Wytsingen. Fan 1530 ôf oan komt it eilân yn besit fan de Johanniters, ek wol de Maltezer Oarder of Maltezer ridders neamd. Sy bouden de grutte festings yn ûnder oaren Valletta, Mdina en Rabat op Gozo. Fan 1800 ôf wurdt Malta in Britske koloanje.
Under de Twadde Wrâldkriich wurdt Malta swier bombardearre en oanfallen troch de Dútske Luftwaffe, foaral ûnder de Slach om Malta. Malta bliuwt in Britske koloanje oant de ûnôfhinklikens binnen it Britske Mienebest op 21 septimber 1964. Oant 1974 bleau de Britske keninginne ek keninginne fan Malta, mar dêrnei waard it lân in republyk.
Demografy
Der wenje likernôch 400.000 minsken op it eilân. Der binne lykwols bêden foar mear as in miljoen toeristen. De offisjele talen fan it eilân binne Malteesk en Ingelsk.
Gearwurking
Malta is sûnt 1965 lid fan de Rie fan Jeropa. It is sûnt 2004 lid fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.
Ekonomy
BYP per persoan is $23.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 22,3% yndustry en 74,9% tsjinsten.
Militêr
- Struktuer
De definsje fan Malta bestiet út ien organisaasje, dêrûnder falle lânmacht, loftmacht en marine.
- Mankrêft
Yn 2008 wienen der 96.309 Malteeske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 80.227 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 2.815.
- Budzjet
Militêr budzjet $31 miljoen (2004).
Persintaazje fan it BYP 0,7 % (2004).
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |